5. _Troanried._

Foarop fjouwer boaden dy’t stean geane lofts fen de keninklike sitten.

Den Aldgillis, Jûle, Ydwine, Arthur, dy’t sitten geane as hjirnjunken

oanjown is, sa’t in sit leech bliuwt. Bernlef giet rjuchts fen de

kening, Wilfrid rjuchts fen Arthur stean. It midden wirdt ynnomd troch

de ried fen âldsten ûnder de Frana.

[Illustration: ]

ALDGILLIS.

In foarjiersmoarn fol rein en sinne en wyn,

Mei drift’ge wolkens oan de loft, en ljocht

De wytging fen de simmerglâns dêroer,

Sa driuwt dizze dei yn hjelle wikselsteat.

Net hjir is ’t foech det mei in egen leed,

Mar amper fen in ljochter lok oerskynd,

Ik noft en blidens fen dit feest fordriuw:

Elts hert hat wis genôch oan egen soarch.

Ik rôp jim hjir, det neffens ’t âlde rjucht

Jim weard’ge rie de breid fen ’t keningshûs,

Hjar dy’t myn leed ta treast, myn dei ta ljocht,

Myn moeisum wirk ta mylde dielster wier,

De hild’ging biedt for Fryslâns folk dat hjoed

Syn goaden oanropt for hjar dûrjend lok,

En ien is yn it winskjen fen hjar heil.

Dû frana, neam de wytging fen de ried.

FRANA.

Wiis is it hert dat net yn rou forslacht,

Mar dêr’t it ljocht swiid oer de kimen riist,

It oanbigjin wit fen in mylder dei,

En him nei ’t strieljen fen syn moarntiid jowt.

Ek ús wier ’t leed det Fryslân’s kenings-soan

For skild it heitlân en syn hûs forliet,

En fier fen ús, dy’t bûgden for syn ljocht,

Hwaens bliidste hope en noft yn him bistie,

It rêdde wiksljen fen it lot oertinkt;

Lyk ek dat hja dy’t rom wier fen ús lân

En yn hjar hert de goadne greatens droech,

Foarstinne Thied, hjar lossei fen ús laech.

Ien mei it oardiel dat de kening spriek,

En nigend for de wizens fen syn dwaen,

Bliuwt dochs ús bea de ballings by yn leed,

En hâldt ús folk op Foste-lân it each.

Dochs is dizz’ dei de drager fen great heil,

En scil ús hert, salang’t it hjir bistiet,

Oer syn bliid lok in tankber priizgjen dwaen.

Fryslân forstiet de keningsbreid hjar lok

En dielt dêryn. Ut eangst en skaed en striid

Is hjar in ljocht tynd oer hjar tankber each,

Great, swiid en kein, as foech jowt oan hjar steat,

Dy’t Fryslâns folk, ûnfrijen, ealen, elts

Dy’t went hat yn dit lân, ta blidens wier.

Us wird flaeit net, mar wiist ús tankbrens út.

As hja forkearde yn ’t folk, en klinte en stins

Hjar treast en frjeonskip mei hjar sêftens sei,

Den like it ús, de goad’ne ginst hie ’t lân

Birike mei in ljeafde as earder nea.

Hja hert keas as hjar hege geast ûnthiet.

Ien yn it wird en yn syn bloed ús nei,

Hat Inglâns prins, dy’t ús forskynde yn need

En stipe ûnthiet yn ’t driigjen fen de kriich,

Hwaens stille ljeafde oan syn forljochte tsjinst

Yet mear forbynt as ’t moanjend preesterwird,

De frjeonskip woun fen elts dy’t yn syn dwaen

De stille tsjûg’nis fen syn nomm’lens seach.

Us hert bidt lok for dit biginst’ge pear,

En Fryslân, ien yn blidens oer hjar lok,

Syn wizens seingjend dy’t hjar hert forboun,

Leit oan hjar fiet syn ljeafde en hild’ging del,

Mei dimm’ne winsk det hjar foldiedich lok

Great ljochtsje mei in lang tal simmers oer,

Yn elts ding seine en nea net mindre yn glâns,

En bidt de breid, det hja nei d’ âlde wenst

De breidwinsk docht, det Fryslân hild’gje mei

Mei hwet hjar hert it bliidst en minlikst is.

YDWINE.

Earweard’ge ried, al jowt it faeks gjin foech

Det ik, hwaens hert him earm oan wizens wit,

It wird fier yn jim rige, in greate tank

Jowt oan myn skrút’ne stimme stipe en moed.

Bliid harke ik nei de waermens fen jins winsk;

Ik haw dit lân ljeaf yn it djipst fen ’t hert,

Syn wide kym, it wiksljen fen syn loft,

Syn wâldgerûs en ’t moarmljen fen syn sé,

Mar meast it folk, dat mei syn súvrens ien

Yn ears’me wei him nei it ljocht ûntjowt,

En glâns hat yn it each en ljeafde yn ’t hert.

Jim heilwinsk wier my as it hill’ge lûd

Fen frjeonskipsljeafde yn in oerljochte joun,

As alles stiet yn wijing fen klear ljocht,

In wytging fen genede. Ik tankje jim,

En ’t witten fen jim frjeonskip jowt my krêft

Det ik jim klear myn ljeafste winskjen neam.

Myn lok is net folslein. Ik tink oan him

Dy’t nou in skip draecht nei it stoarmich Noard,

Myn greate broer, dy’t, al wier ’t hert my frjemd

Oan hwet him dreau, my ljeaf is as de moarn.

Ik haw tsjin him misdien. Bitiisd yn ’t leed,

Wei yn de smert dy’t my mei nacht oerdiek,

En blyn for hwet him foltre hie, rôp ik

Myn flok oer him en bea om bloed for bloed,

En ’k wist net det myn hert him ljeavje mòàst

Troch Gods bistel en fromme sister-plicht,

Al hie syn hân myn lok for ivich daet.

Nou is er gien... Ik wit, syn hert hat rêst,

Net sûnder ljocht is hy fen ’t heitlân skaet,

Al wirdt syn lok yn fiere stiltme fierd.

For heit syn oardiel bûgde ik my. Ik wist,

Al die ’t my sear det hy net nêst ús bleau,

It wier for syn en ús en Fryslâns bêst,

En ’k haw myn hert ta hearsme frede niigd.

Mar hege ried, ik haw de wytging heard

Det út earbiednis for ús eare en rom

Jim wird it keningsrjucht him weeg’re hat,

Salang’t syn hert net súvre wier fen skild.

Dat is my drôf. Syn misslach wier faeks great,

Mar ljeafde for it heitlân dreau syn dwaen,

En hja hwaens heil it hast forneat’ge hie,

Forjowt it him mei hiel hjar ljeavjend hert,

En wol him great sjen, as syn siele ûnthiet.

Us lân is earm as ús syn krêft ûntsinkt,

Hy is de roppen kening. Nimmens each

Sjucht net ho’t alles yn him greats ûnthjit,

En ’t hert dat nou de rêst fynt yn himsels,

Is great en nommel as de libb’ne dei.

Myn breidswinsk is det Fryslâns rie myn lok,

Dat heal is, dêr’t ik drôf bin om syn ûnk,

Ta heechtiid wijt mei myn trochlofte broer

Hjoed to bikrêft’gjen yn syn keningsrjucht.

(_stiltme, biried_).

FRANA.

Prinsesse, ús ried hat earbied for jins winsk,

Mar tinkend om it bêst for Fryslâns heil,

Dat súvrens nedich hat as ’t libben sels,

Scil it bistean tsjin ’t stoarmjen fen de tiid,

Wier yn ús boarst, dat wol prins Radbod great

En heech tocht, mar it meast oan Fryslân hâldt,

In oare winsk oer it takomst’ge riisd.

Us ried, dy’t Fryslâns kening suver wol

Nei ’t greate foarbyld fen jins trêft’ge heit,

Hie Fryslân’ troane, as dy gjin hear mear hat,

Josels bitocht, det njunken jo de glâns

Fen him dy’t oan jo boaske, ús liede scoe.

ARTHUR.

Dy dream is idel. Fryslân is my nei,

En wylst ik tahâld yn jim bloeijend gea,

Dêr’t God my sein’ge hat mei hearlik lok

Woun ik jim lân en foltsen ljeaf yn ’t hert;

Mar fier hjirwei hat my de Hear in ryk

Fen hege steat en greate dieden wiisd,

Dêr’t ik my jaen moat oan God’s hillich wirk.

Mar sels al wier ik komd as bidd’lersfeint,

Dy’t nearne in rêst hie for syn wirge lea,

En Fryslâns troane waerd my ljeavjend bean,

Ik weegre hjar. Nea scil myn hert it rjucht

Dat Radbod hat op de romrofte sit

For egen baet misdwaen. Ik wit him great,

En yn syn hert in saed fen ljeafde en krêft,

Dat seinjend streamt dêr’t men hjar heil bigeart;

Syn holle oerhúvrje wolkens fen klear ljocht,

En dêr’t hy ’t folk laet lyk syn hert him driuwt,

Scil yet syn namme, in stjer dy’t flûnkrjend riist

En hjar genede hâldt yn ivichheit,

Oer tiid en ieuwen ljochtsje en wêze in rom

For ’t lân dat him ta hear en kening woun.

Min foege it my, dy’t frjemd bin yn dit lân

Jim ried to jaen. Jim greatste kar is frij.

Mar mocht ien miene, det myn hert him grym

En haetlik wier om hwet my drige hat,

Wit den, det ik him lang dy die forjoech,

En dat de jouns, det ik dêr mei him wier

Myn herte in heil bilibbe dat my bliuwt

Om’t ik yn him in frjeon for ivich woun.

Hy is my ljeaf, ik wol syn greatens eare.

BERNLEF.

Ien swige yet, al spriek it hert him lûd.

Woloan, lit den syn sang, fen ljeafde ljocht

In tsjûgnis wêze en romje fen hwet wier:

_Hillich it gea, dat in god ta syn heil

Seine yn it libjende ljocht fen de sinne;

Sillich de weagene wyn dy’t it seil

Fiert nei de fierten fen heechtiid hinne!

Heech oan de steatlike stjûne stiet hy,

Dy’t it heitlân ta’n hope en in stipe forskynde;

Tankber fen tinzen oertinke yet wy

Ho’t syn ljeafde as in ljocht ús lannen oertynde.

De wijing fen heil oerwyndret syn hier,

En langjen nei eare is ljocht yn syn eagen;

De sé sjongt him sangen ta skientme en sier

Mar de wyn fen wémoed oerwevet de weagen.

Stil siket syn each oer it einleas sâlt,

Eft nearne de seam fen syn strânnen him noege,

Mar weagen en wyn fiere wiid biwâld,

En groetsje de foarst dy’t hjar greatens foege.

It Friezene folk scil freegje om de frjeon

Hwaens dieden hjar ljeafde as de dage oerljochten;

In god hat in dream fen greatens dreaun

Dêr’t ús sielen it lok fen syn loaitsen sochten.

De roppene kening syn rjuchten werom!

Wy bûge for ’t heil ús yn him iepenbiere;

Radbod, Radbod, riis ús ta rom,

Wêz ús in stipe, dû stridende, wiere!_

FRANA.

Sa sprekt de ried, ienriedich yn bislút:

De sister-ljeafde dy’t de prins forjoech,

En ’t wird fen him, dy’t, do’t de dea him wiek,

Dit great bitrou hie yn prins Radbod’s hert,

Det hy syn frjeonskip siikje woe as lean,

Tsjûgje sa great tor Fryslâns kenings-soan

Det tsjin soks yn, ús ried hjar rjuchtleas wit

Ta ’t oardiel oer de flok fen earleasheit.

Wy hâlde him yn hwa’t ús hoopjen wier

En dy’t ús nei wier as it heitlân sels,

Fen skild wer frij en suver as eartiids,

En stimme it godlik rjucht fen Radbod mei

Op ’t keningskip oer Fryslâns earjend folk.

De rie jowt lêst, det dizze selde stoun’

In skip de sé kiest nei syn iensum sté,

En wytging bringt fen ’t ûnformindre rjucht,

Him ynskikt neffens wettich riedsbislút,

Allyk syn sister ’t yn hjar breidswinsk bea.

YDWINE.

(tsjin Wilfrid)

Forjow, earweard’ge, as troch myn winsk it krús,

Dat Radbod tsjin is, yn syn strang biwâld

In moeis’me wei gean scil... Ik koe net oars.

WILFRID.

Dû diest lyk Kristus it dyn siele hiet.

Dû hast forjown hwa’t tsjin dy wier, en haet

Mei ljeafde oerljochte allyk syn wird it leart,

En God hat tsjûge yn d’ ealens fen dyn dwaen.

Mear as de macht fen ’t ierdske keningswird,

Bringt sok in winsk it godsryk ús deun by.

ALDGILLIS.

Myn bern, God scil dy seingje for dyn dwaen!

Ein lok forjitst for oarljuwe ûnk en leed.

Fen ’t skaed fen rou hastû ús hert bifrijd,

En ’t ljocht dat hjoed dyn ljeavjend each biskynt,

Ta glâns wijd oer it tsjuster dat ús diek.

God wit det yn myn boarst it drôve hat,

Det men myn soan syn heechste rjucht ûntstried,

Al moast ik bûge for de rie hjar wird,

Dy’t hanle hat lyk Fryslâns heil it hiet.

Dû makkest ús dyn dei in frede-ryk;

’t Folk scil dyn namme priizgje yn mylde tank,

En tûznen winsken bidde it heechste heil

For ’t boask, dat sa yn ljeafde hill’ge waerd.

YDWINE.

Dêr mocht gjin skaed wêze oer de dei fen lok.

Ik tankje jim. It wier myn hert sa leed.

Ik bin sa bliid hjirta... Untskild’gje my.

(_slacht hjar sluijer ta_.)

BOADE.

Kening haw heil! Us bliuwt de frede by!

As frjeon komt Frankryk’s kening sels ta dy!

ARTHUR.

Genedich God! ho stjûrstû nei dyn doel!

Myn heit haw lok! hwet ús bidrige, foel!

ALDGILLIS.

De Frank’ne foarst dy’t kriich brocht oer ús groun?

ARTHUR.

Him hat in oar en better foarst oerwoun.

ALDGILLIS.

En hy komt hjir? Hwet soks ús wytgje mei?

Lit yn hwa’t ús bifreget! Wûnd’re dei!

Kening Aldgillis · 第 57 / 60 题