6. _Troanried, Dagobert mei seinboaden._

DAGOBERT.

Oan Fryslân’s kening frede-groete en heil!

Mei twisken him en ús de frjeonskip stean

Dy’t dijt, dêr’t folken, bûgend for Gods wil

Mankoar bigroetsje as dielend yn ien rjucht!

ALDGILLIS.

Sillich de dei, det ús jins glâns forskynt!

Wêz wolkom hear, dy’t for it machtich folk,

Hwaens foarst sa faek ús skea en delfal socht,

Nou ’t myld ûnthjit bringt fen in ginstger tiid!

Hy, dy’t de wrâld mei syn genede oerskynt

En ’t herte niigt ta syn mylddiedichheit,

Mei seine jaen oer ’t skoft, dat for it earst

Oer ús tsjinstriid’ge folken, frede riist!

As ’t gind is dat wy ’t freegje, siz ús oan,

Eft wy jo groetsje meije as hear en foarst,

Wâld fierend oer it folk yn erflik rjucht,

En ho’t de krêft fen hwa’t ús drige, briek?

DAGOBERT.

In stins allyk, groundearre yn libjend sân.

God diek him net mei rjucht. Syn tsjoed bistean

Hat sels yn ’t grêf fen earleasheit him staet.

Unminsklik hearske er, sûnt myn heit forstoar

En ik, in boi, nei Ierlân weifierd wier,

—Syn feinten struiden ’t wird út fen myn dea—

Oer ’t eangjend folk, dat him forflokte yn ’t hert,

Mar krêftleas wier, syn grime macht to stean.

Yn ’t stil biskûl fen ’t kleaster waerd ik great,

Unwittend fen myn berte en nomm’le stân,

Oant hy, hwaens libjend wird ús kristlik heil

Nou strieljen docht mank ’t siikjen fen dyn folk,

Myn berte ûntdiek en yn syn noed my naem.

Yn ’t hûs fen Inglâns kening foun ik honk,

Lyk Arthur wit, hwaens frjeonskip my de moarn

Fen iensumheit oerstriele mei syn treast;

En do’t ek Mem, nei’t bange skiedings-skoft

Det ek de Frank’ne boal hjar finzen hold,

De frije loft wer seach troch Wilfrid’s soarch

En my wer foun en mei ús libjen bleau,

Wier my de jonkheit myld en winske ik neat

As jimmer yn it frede-ljocht to gean

Fen Gods genede. Ek wier de kriich my tsjin

En hiel de steat, dy’t men by kenings fynt,

En, rêstend yn de rûzing fen it wâld

En mym’rjend oer God’s stille hearlikheit,

Winske ik de wijing fen it preesterskip

Mear as de steat, oan ierdsk biwâld forboun.

Do hearde it folk, dat ik yet libjend wier,

En, kjirmjend yn it twangjok fen hjar boal

Dy’t hjar biplondre en yn ilinden treau,

Forhopen hja hjar rêdding út myn krêft

En stjûrden boaden nei myn ienlikheit.

Lang weegre ik; wylder waerd hjar need. Yn ’t lêst

Forstie ik djip, ik moast; gjin dream noch lok

Yn wrâld-ûntstoarne skôging mocht myn hân

Wearhâlde fen to dwaen dêr’t Gods wird rôp.

De klibers fen forstaten streamden gear,

Ik naem it liederskip, stiek oer de sé,

En amper hie ik foet set op ’e groun,

Troch frjemde macht my hiel dy tiid ûntkeard,

Do, rounom, streamde it folk myn findels ta

En sûnder slach woun ik myn keningskip.

Theod’rik flechte, slein fen Goades grym,

Oant, by it farren oer in wylde stream,

Syn boat tobriek en hy yn ’t wieljen sonk.

Men kroane my. Do wytge my de ried

Fen âldsten út myn folk, in skandlik stik

Hie skraechwirk ús yn striid mei Fryslân brocht.

Ik frege mear, de ried die my biskie,

En ’k wist, in smet fen skande klibbe ús oan

Troch ’t godleas twingen fen de foarst dy’t foel.

Ik woe hjar dylgje, en rôp in seinskip gear;

Sels stelde ik my oan ’t haed—ik wist by dy

Myn ljeafste frjeonen ús myn iens’me tiid—

En, dy hjir moetsjende op in ljeafde-dei,

Bring ik dy hiel de frjeonskip fen myn hert,

De wytging fen myn winsk dy’t frede is,

En bid ik dy, it wêze as frjeon my gind

To dielen yn de blidens fen dit noft,

As ien fen jim, oan jim yn ljeafde boun.

ALDGILLIS.

Ien seine is ’t dy’t dizz’ mylde deitiid jowt.

De frjeonskip, ús hjir foarslein, nim ik oan.

Mocht dochs myn hert, lyk it jins wird forstie

En ’t lokkich wier by ’t harkjen nei jins bea,

Myn dieden stjûre nei syn frjeonskips-tank

Det neat ús folken wer fordielt ta striid,

En dêr’t lang driging wier fen kriich en need,

In broerre-boun ús libjen docht yn ljocht!

ARTHUR.

Kenings fen Fryslân en Frankryk, hear!

Sa ropt it yn myn hert dat dage fielt:

Lit ús forstean hwerta God’s macht’ge wil

Us hjir yn frjeonskip gearbrocht! Lit ús sjen

Forkleare en djip as ’t kenings foegje moat,

De greate miening fen Syn wiis bistel!

As dragers fen Syn kroanen stean wy hjir:

De dimmenheit fen Fryslân’s djip bistean,

Yn stille ynbann’gens libjend nei it ljocht,

Frankryk, it lân fen ridderskip en rom,

De wrâld oerstrieljend mei hjar kleare geast,

En ’t hege ryk, wyt rizend út ’e sé,

Inglân, myn heitelân, de frijheits-boarch!

Is ’t net ien langstme dy’t ús sielen driuwt?

Riist d’ ivichheit net yn ien great blank ljocht

Foar d’ eagen op nou’t wy yn frjeonskip gean,

Us foltsen liedend nei in fier great wyt

Dat hiel ús herte triljen docht fen tank?

Lit, djip en sterk, ús den God’s wil forstean,

Lit net it ljocht, dat nou ús each oertynt

Weihúvrje nei de blinens fen it neat,

In amerij dat yn de tiid fordrinkt,

Mar lit God’s ljeafde hearskje dêr’t Syn wil

Hjar selme laette nei in troan’ fen ljocht!

Ik swar jim, lit ús slute in boun fen trou,

Dat stiet salang’t de sinne ús stridend sjucht,

Dat fen ús trijen, nimmen swird noch hân

Tsjin d’ oaren tilt, det frede aloan bistiet,

Salang’t ús each fier oer ús foltsen giet!

Yn ’t strieljen fen ús heechtiid, lit ús plicht,

Us ropping ek forrize yn hillich ljocht,

Det wy God’s greate ginsten djip forstean,

Det keningskip ús mear is as in klaed,

Gestriel fen kroanen en de haedstêf-swaei,

Mar middlerskip bitwiske God en ierd’

En lieding nei it ljocht fen ’t himel-ryk!

God wol it! Lit ús nei syn biedwird dwaen!

DAGOBERT.

Dyn hillich wird hat wjerklank yn myn hert.

Ik, dy’t de Hear socht, hiel myn jonkheit troch,

En dêr’t it wâld rûze yn syn iiv’ge pronk,

Syn oantrún as in rop yn my forstie,

Bin ré to dwaen, lyk nou Syn kleare geast

My yn de bea fen dyn bisieling wiist.

ALDGILLIS.

Gjin Kristen neamt de wrâld my. Mar myn hert

Dat heech oer minsken, troanjen wit it Rjucht

En God’s bistean as ljeafde en wiisheit ken,

Bistiet yn ien wil mei jim hill’ge winsk,

En dêr’t it jim syn frede en trou ûnthjit,

Forstiet it wijing fen ûneinichheit.

Mei Hy dy’t ierde en loft yn wizens stjûrt

En minsk’ne hert nei him yn ljeafde twingt,

Wol noedzje it boun dat syn geneden draecht,

Dat twisken ús in heechtiidsdei ûntstie,

En dêr’t ik jim myn keningshân ta bied!

(_De kening docht twa trêdden foar syn troane út, Arthur en Dagobert

geane rjuchts en lofts fen him stean. Hy jowt hjar elts in hân. Wilfrid

komt nei foaren_).

WILFRID.

Folken fen d’ ierde, dy’t yn twastriid tiisd

Longrje nei frede, as wirgen nei hwet rêst,

Fen bloed’ge ljeagens en fen sûnde omspoun,

Forstean it heil dat oer jim slachtfjild riist!

Dêr kliuwt de dage, ien wûnder fen klear ljocht

En goud’ne strielen sige oer ierde en sé,

En dêr’t it bloed roun en de eangstgljalp klonk

Riist, troanjend oan in loft fen strieljend blau

God’s greate ljeafde en iiv’ge suverheit!

De wrâld forriist en súvret hjar yn ’t ljocht

En Minskheit, lott’re yn ’t hert mei leed en striid,

God’s ljeafdewil as d’ iene wet forsteand,

Scil as God’s strieljend wjerbyld, gean oer d’ ierd

En wytgje it wird fen breorskip en forjaen.

Elts is syn neiste in broer, elts in stjerlik hert

Yn God’s genede en hill’ge seine wijd,

Wit him oan elts mei ljeafde’s trou forboun,

Gjin haet mear hiem en twiivlichheit ûntstoarn.

Nou is it laem de grime lieu in maet,

Gjin oerginst hat mear wâld, gjin longrjen dijt,

En mylde wyn oertrillet leaf en weach,

As ’t amjen Gods, dy’t noft yn d’ ierde hat

En kuij’ret mei de minske yn súvre joun

As yn de moarntiid fen it wrâldbistean,

Yn ’t hill’ge gea, sûnt lang ús fiet ûntsein,

Mar den ús siel’ wer ta fornoeging steld,

Wylst d’ ingel oan de poarte it lôgjend swird

Wer wikslet mei it wyndrjen fen de palm,

En weitsjend oer dyn rizend keninkryk

It minster hate mei syn ljocht forslacht!

Dit, Ierde, is dy ta einichst oardiel set:

Foltsen, forstean, jim hearskers, hear it wird

Dat oer jim strûzet as in wyn fen heil!

Forslaen net yn it woedzjen fen jim need!

Riis heech yn lottre krêft! Oerwin jimsels!

Ris jim mei krêft fen greate wapens út

For d’ iiv’ge stifting fen God’s frede-ryk!

De tiid rûz’t oan en hwet nou bloeit forstjert,

Grym byt de froast it ierste blomte wei,

Mar ivich riist God’s dûrjend keninkryk

Al klearder út ús ierdske foarms en waechst

Tsjin dead en twang en haetlik driigjen yn!

De wrâlden sjonge yn syn oerdied’ge glâns

Syn hearlikheit! De sé ropt lûd syn rom!

Riis den, o siel, en priizgje God’s bistel!

Det nei de nacht fen striid, de dei fen ljocht,

Dyn dimm’ne flecht Syn sill’ge wenten fynt,

En rizend troch de rounten fen Syn glâns,

Al strieljender yn súvrens fen hjar byld,

Yn ’t lêst hjar ien wit mei Syn hill’ge wil

En yngean mei nei ’t ivich lân fen heil!

JÛLE.

Lân fen ús ljeafde, Fryslân, heitelân!

Dû dreamend yn de lústring fen dyn wâld

En mymrjend by de núndring oan dyn strân,

Dêr’t wiid de sé hjar ljochte heechtiid hâldt,

Ho driuwt Gods wyn dyn mylde romten oer,

Ho sierst dy mei de strielen fen syn ljocht,

In blom nei ’t skieden fen de nacht, dy’t njoer

In eangst en driigjen oer dyn biidzjen brocht!

Scilstû, myn lân, nou yn dyn maitiidsglâns,

En dreamend yn de skientme fen dyn lok,

Sa bloeije troch genede, d’ ieuwen lâns,

Ef slacht ek dy de tiid’ne rjuchter-flok?

Wé my! It wiet riist yn forwoed’ne grym

En brûz’t it lân oer yn syn stoarm’ge rin,

En reade skynsels húvrje oer dyn kym,

En twaspjalt riist dy’t nimmen dwêste kin?

Wé my! de nacht nimt dy yn feal biwâld?

Dyn rom wykt fen dy wei, dyn steat forsinkt,

Dû ropst en sikest, nearne fynst in hâld,

Wylst yn dyn need de glâns fen frjemden blinkt?

En d’ ieuwen gean, dyn frijdom wirdt in dream

Dy’t inkeld mear de skalt dy wytgje mei—

En dochs bistiest, dochs riizgest út de stream

Fen ûnk en striid en jowst dy nei de dei?

Hat God dyn stridend hert in wûnder dien?

Dyn siel riist yn in dream fen suver ljocht

For ivich frij, dyn langstme wirdt forstien,

Fen nijs is heil dyn bloeijend gea bitocht.

Ik sjuch dyn folk yn glâns en klearens gean,

Wijd ta de steat fen greate minsklikheit,

Fen nijs is wierheit dy ta rêdding bean,

En tilt dy oer de dea nei d’ ivichheit.

Myn folk wêz wach! jow dy de moarntiid oer!

Forbrek hwet dy yn finznis twingt en bynt!

Bûg for dyn ropping en stean sterk! Hâld djûr

Hwet ta God’s hearlikheit dyn wiidte oerskynt!

De Hear hat ek dyn siel ta iivgens wijd:

Draech hjar yn ljeafde oan Syn geneden op,

Forstean Syn wil ek dêr’t de wrâld hjar swijt,

En hear God’s wird, de greate tiid’ne rop!

(_Aldgillis, Arthur, Dagobert, jaen hjar nei hjar sit; Dagobert nimt de

troansit, rjuchts fen Jûle_).

BOADE.

It folk fen Fryslân hildget dizze dei

En freget frij det it soks tsjûgje mei.

KENING.

Wy winskje it sa. Lit it hjir foar ús stean.

Ienselde heil is hjar en ús hert bean.

Kening Aldgillis · 第 58 / 60 题