PREESTER.
Hjar greatens riist, ho fûlder ’t ûnk hjar slacht.
Sa hifket Odin hwa’t de ljochte kroan’,
Ut syn hân oan de folts’ne kenings jown,
Fortsjinnet troch syn trou en weardich draecht.
Great scil de dei rize oer ús tankber folk,
As hy, fen Foste sels ta wiisheit wijd,
En sterk yn ’t swaeijen fen it rjuchtsjend swird,
Weireaget hwet ús mienskip dijt ta hún,
En súvrjend dêr’t er giet, de goad’ne tsjinst
Stelt ta in deiljocht oer ús sein’ge gea!
BERNLEF.
Mar nou hat yet in oar wâld, dy’t it krús
En Walhal beide ienselde frijdom skikt,
En scil, as Radbod ienris Fryslân laet,
Al joech de Rie him nou gjin fêst ûnthjit,
It nije net biwoartle wêze yn ’t folk?
Scil net it krús sa oanwoun hawwe yn krêft,
Det swird en kenings-biedwird brekke as glês
Tsjin ’t machtich driigjen fen syn grize stien?
Hwent minsk’ne greatens dy’t de tiid bistriidt
Hat tsjin it woedzjen fen syn grym gjin stân,
En is net mear as in tobritsen dyk
Dêr’t skolperjend del stoarm’ge sé troch slacht.
PREESTER.
Kenstû dit folk en twiivlest oan syn kar?
In frjemde rite is oer de kening komd,
En fen de greaten, sêd fen striid en slij
Nei nijs, dat hjar ienkennich hert wer twingt
Ta rêdder slaen, bûgt wol in kloft foar ’t krús;
Mar ’t folk, dat sterk, ûnsteurber yn syn geast,
Syn wirk docht yn de libb’ne gloed fen ’t ljocht,
Dat, ien mei d’ ierde dy’t hjar klinten draecht
Deselde krêften libjen fielt yn ’t hert
Dy’t streamen stjûrt en wolkens yn hjar flecht,
Laket meilydsum om it skynwiis wird
Dat al hjar wirk en stribjen telt as neat.
Yn Friez’ne boarst stiet as in iiv’ge krêft
De driuw nei ’t eig’ne, en is de wjersin sterk
Yn ’t frjemde dat hjar twingt út hjar bistean.
Hjar wegen binne oan ôffaers winsken boun,
En stadich, slacht for slachte, weevje wy
Al fierder ’t webbe fen ús skiednis ôf,
En jonge hannen fetsje it moeisum wirk
Wer op, dêr’t âlder krêft forwylge en sonk,
Mar ien plicht ropt ús gear, ienselde langst
Makket ús ieuwen fen hjar ljeafde ljocht:
Dat is ús wirk, ús ropping, Fryslân sels,
Dat troch de tiid hjarsels bliuwt en gjin brek
Yn ’t greate riigjen fen syn ieuwen feelt.
De tiid mei stoarmjend oangounzje oer ús haed,
It gea kin sinke yn ’t skomjen fen de sé,
En ’t folk, yn broerrestriid en twaspjalt tiisd,
It lân bignibbljen sjen fen frjemde macht,
Mar d’ ieuwen det de siel fen Fryslân bliuwt,
Bliuwt hja hjarsels, en bûgt for frjemden net;
En ’t folk, dat djip en klear hjar biedwird heart,
Scil earder ûndergean yn d’ iiv’ge nacht
As det it brekt hwet it ta skoarkrêft wier,
En, tiisd yn flokber selsforjit, de dei
Dy’t glânz’get yn de goadne goud’ne ginst,
Bismodsket mei it skaed fen twiivlichheit.
Kenstû dit folk? Hwet seit it ljochtsjend each
Sels fen d’ ûnfrije yn syn brekfall’ge klint?
Ik bin mysels! Hwet tsjûget, djip, it boarst
Fen hwa’t syn fé driuwt en it lân bibout?
Dit Fryslân stiet! Hwet strielet út it swird,
Dat d’ eale kriichsfeint mei syn fûsten swaeit?
Ik warje it goad’ne rjucht yn ivichheit!
De siel fen ’t folk is suver as klear goud,
En tiid, ho wyld ek yn syn iizren rin,
Bûgt machtleas for hjar súv’rens yn it stof,
En wit him dêr oerwoun fen goad’ne krêft.
BERNLEF.
Dû praetst as wier de siele in kâld stik goud,
Dat net foroaret nei’t de libbne dei
Syn wearde oerskynt ef kâlde nacht ’t oerklaeit—
Gjin blom dy’t húvret yn de eastewyn
En langjend iepenbloeit yn ’t simmerljocht,
En hjar ûntjowt yn stiltme fen hjar lok
Oandet de frucht fen wierheit yn hjar set.
Net mear hjiroer. Ik hear in lûd bliid Heil!
Yn jins’ne seal dêr’t nei de Krist’ne wenst
Ydwine hjar oan Inglâns prins forbynt,
En ring scil grif de kening mei syn rie
Forskine for de hild’ging fen syn bern.
(_Bûten fjouwer stjitten op in hoarn_).
PREESTER.
By Frey! Men bliest de kenings-rop. Hwet hear
Kin ’t wêze dy’t for Fryslân’s kenings-stins,
Om yngong freegje lit as gast en frjeon?
BERNLEF.
Men bide in seinskip fen de Frank’ne foarst.
Faeks bliest hjar haed de wenstge kenings-stjit,
Ta wytging fen de wichtgens fen syn lêst—
Mar sjuch, de kening neijert nei dit seal.