3. _Bernlef, Rixt, Radbod, Thied, in Preester fen Frey._

PREESTER.

Heil hwa’t as dei de greate ljochten dwêst,

De goaden trou bliuwe yn hjar ljeavjend hert!

Hjar riist de moarn great-steatlik út de nacht,

Rjuchfeard’gjend hwa’t yn d’ iivge glâns bitrout!

THIED.

As treast yet nedich wier, seistû hjar wird.

Hwet wytging hiest? is it dyn ear al hiem

Dat Radbod’s keningsrjucht net meistimd wirdt,

Eardet de ried him súv’re tinkt fen skild?

PREESTER.

Foarstinne, minsk’ne ried dûkt machtleas del

For ’t great bistel fen d’ iivge goad’ne brein.

It preesterboun fen Frey hat my hjir stjûrd

For wytging, detstû treast’ge bist yn ’t leed,

Fordet de goaden spritsen hawwe, en him

Dy’t nêst dy is, ta Fryslân’s kening wiisd.

THIED.

Hear Radbod, hear! hwet seistû, hill’ge frjeon?

De goaden mei dy seingje! Sprieken hja?

Ho wytgen hja? Unthieten hja it klear?

Ho hat jim fromme tsjinst hjar wil forstien?

PREESTER.

Dizz’ moarntiid by de sé, dy’t rizend song

En dêr’t it wâld syn fier en djip gerûs

Mingt mei it lûd dat út dy widens riist,

Kaem ’t boun fen Frey gear by de hill’ge iik.

Wy rôpen him mei driuw en ynmoed oan,

Yn ’t herte it leed, dat Fryslân hjoed syn ljocht

Gean sjen scoe nei de grime herne yn ’t Noard,

En ’t ealgjen det de keningsried syn rjucht

Untstride scoe en him gjin hilde ûnthiet.

Do offren wy. Blank oer de hill’ge stien

Weve it ljocht fen Frey in goud’ne kroan’,

En d’ offerkou joech út hjarsels hjar del

As wier ’t hjar goed to stjerren yn syn glâns.

Wy skôgen ’t yngewant. De godheit spriek

Yn ’t winen fen de terms, sa klear en goed,

Det troch ús rige in stille lústring roun

En elts forheard de neiste yn d’ eagen seach.

’t Bloed dripte read it offerstiente del,

En streamde yn lytse wjittrings stadich wei

Nei beide kant, oan’t it yn ’t sân forsonk,

En teik’ne yn ’t reade rinnen rune-foarms,

Klear as komselden sjoen waerd yn ús tsjinst.

De jong’ren retten nei hjar heim’ge sin,

Mar d’ âldsten liezen ’t maklik, ljocht fen each,

En rôpen ’t heil de stille wâldseam troch—

Hwent oan de sékant wier der „Radbod” skreaun

En oan de wâldseam seach men „kening” stean.

THIED.

Hillich de stoun, det ús dit wytge waerd!

Lit tsjin de goad’ne ginst it stjerlik reau

Yn ’t rjucht gean, as hja doare: minsk’ne wil

Sinkt for hjar biedwird as in britsen reid!

PREESTER.

Op ’t gersfjild, fen it hillich beamt biheind,

Bigroete ús boun de wize frou, dy’t Frey

Djip yn it wâld forearet mei hjar sang,

En ’t ivich ljocht barnt yn hjar iensme went.

Stil spraetten wy it klaed. Hjar wijde hân

Smiet ien for ien de stêven oer syn fjild,

Wylst ûnder harpe-klang de hill’ge bea

Riisde oer de krunen fen it wiuwend beamt,

En wylst hja, skôgjend yn de komst’ge tiid,

Hjar runen smiet, forskynde op ’t blinkend klaed

It flokber teiken fen in dúdlik krús;

Geroft fen spyt gyng oer ús rigen roun.

Mar hjir ek waerd de God ús iepenbier,

Hwent wylst hja núndrjend fierder stêven smiet,

Waerd for ús eagen ’t krús allinken wei

En seagen wy grien tsjin it blinkend klaed

De namme „Radbod” klear yn runen stean.

THIED.

O heechtiid fen myn hert! Ik leaude yn hjar,

Ik wist hjar troanjen heech oer ûnk en dea,

En glânzgjend skynt hjar ljocht ús antlit oer,

Noudet de nacht ús hert bidriigje doarst!

Bring tank oan him, de keine god fen ’t ljocht,

Dy’t yn syn gouden klaed syn ginstling socht,

For hwa’t it beamte bûgt en ’t núndrjend wiet

Yn stille noft de klearste spegel biedt,

Him hwaens great each de wirge ierdling myld

Wer treastlik twingt nei syn forkleare byld!

Nei Fostelân! My tinkt, syn laits leit klear

De rûz’ge weagen oer, en seinet mear

As do’t yn ’t hûs, dat ús in finznis waerd

Us siele doek yn twiivlichheit en skaed!

It sé-wiet sjongt, de simmer-himel blinkt,

In strieljend byld ús nei de Noardkym winkt,

Dêr’t frijdom bloeit en einleasheit it each

Mei greater glâns en fêster skerpte oerteach!

Goaden, gean foar! Griis heitelân, farwol!

Thied skaet fen dy, it hert fen oantins fol,

Mar hwa’t bistie as hja, wit hill’ger lân

As moeisum riist oan Fryslân’s dimmen strân;

De greate stins dy’t yn de joun forriist

En poarprich flamjend lean en heil ús wiist.

Dêrhinne, dêr! Hwent Fostelân is neat

As ’t rots-perteal dat my dyn gloarje ûntsleat!

RADBOD.

(tsjin de preester)

Haw tank for hwetstû seist. Myn hert hat rêst.

Ik wit myn libbensplicht en ropping fêst.

My ropt in tiid fen ynkear en forstean,

En longrjend scil myn each oer ’t wide gean,

Mar ienris sjucht myn hearlik lân my wer,

In kening, machtich as de moarntiids-stjer;

Nei Fostelân! en hope en ljeafde yn ’t hert:

Us riist de dei dy’t nea yn nacht forstjert!

RIXT.

Nei Fostelân! By ’t sâlte wyngerûs,

Is ’t goed to gean nei goadne ljeafde-hûs,

En ’t hert slacht stil dêr’t it gjin leed mear lit

En strieljende ien lange heechtiid wit!

BERNLEF.

Farwol, farwol! En mei in God it jaen,

Dat nea jim each forbjustre wirdt fen waen,

En dreamend yn it ljocht fen iivge dei,

De heechste hope as wierheit skôgje mei!

Kening Aldgillis · 第 55 / 60 题