RIXT.
Radbod! de riedslach oer dyn rjucht?
RADBOD.
Forlern.
De rie tocht my yn eare en súv’rens skeind,
En weeg’re it útsjuch op de kenings-stoel,
Oan’t hjar bitrou yn my werom komd wier.
THIED.
Flok mei dat folk en syn forlieders slaen!
Hjar skande skreaut de fierste loften yn,
En riist foar Odin’s troane, in goare walm
As krûpt de hel troch d’ ierde-spjalt omheech!
Unweard’ge skierkerts mei hjar útdwêst hert,
Wrâld’s libben lang ûntstoarn, en riljend dêr’t
In jong sterk lûd hjar leffe dreamen brekt,
En yn hjar sêdde sliep de moarntiid ropt!
Sels wier hjar jonkheit stoarmich, skomjend, wyld,
Hja swaeiden bilen, fochten, namen wrek,
En daetten det it gea fen rouleed kromp,
Mar griis en troanjend op hjar rjuchter-stoel,
Untskild’gje hja hjar grym om ’t egen tsjoed
Oan oaren, hwaens oerdied’ge glâns hjar trúnt!
Wansill’ge flaeikerts, krûpend for it wird
Dêr’t hjarren kening ’t krêftleas hert mei bynt,
Forrieders fen hjar folk! Ik wit hjar winsk,
Stil gloerkjend yn hjar dizich each, al neamt
Hjar mûle út machtleaze eangst it net planút!
Hja winskje in frjemd op Fryslân’s keningstroan’,
Dy’t hjoed him oan ús hûs by boask forbynt,
Hwaens eagen sêft binne as in simmernacht
En hjar net steure yn hjar ûnweard’ge slom!
Lit Odin’s flok dy gamm’le hofklyk slaen,
Lit hjar forkomme yn ’t woedzjen fen it folk,
Dat brûz’je scil as in útlitt’ne stream,
As it dit godleas flokber oardiel heart!
RADBOD.
De riedslach nimt myn djip bitrou net wei.
It wit my wis fen hwet my stjûrt en ropt,
En hûndert weeg’rings tsjin myn rjucht en rang,
Bin for myn libbensplicht as stouwend tsjêf.
Ik gean gerêst. De tiid rjuchtfeard’get my.
It krús, fen ien wil yn ús heitlân set,
Hâldt tsjin de wierheit fen myn folk gjin stân,
En Heit forfrjemdet troch syn twiivlich dwaen
De trouste skoarren fen syn macht, it folk.
THIED.
Birop dy dêr den op! Jow gjin bilies!
Dy ha de Friezen ljeaf, de kening net,
Hwaens hiel biwâld hjar nea net greatens brocht,
En dy’t hjar hert yn bân fen frede twingt!
Forskyn foar ’t folk en rop dyn frjeonen gear,
It hof kin neat, is machtleas tsjin hjar wil!
Ast giest dêr’t dy de kening wiist, scil elts
Dyn bangens lekje en twivel slacht oer ’t folk,
As it syn helt, syn hope flechtsjen sjucht
Nei ’t grime Noard for ’t rizen fen it krús!
RADBOD.
Foarstinne Thied ret my de striid dos oan,
Mids Fryslân’s folk, as ’t moat, tsjin egen heit?
THIED.
Ik doch ’t. Dyn kâns hat nea sa ginstich stien.
Nou’t men dyn rjucht as idel lûd forhúnt
Hastû in groun ta striid, sa great en sterk
Det elts hjar rjuchtlikheit wol hild’gje moat,
En ’t hiele folk dat yn dy priizgje scil.
RADBOD.
(tsjin Rixt)
Mar dû, hwet riedstû my?
RIXT.
Sjuch ta, det net
In iid’le driuw dy trúnt in die to dwaen,
Dy’t djip yn dy, dyn hert dat suver is,
Wer ûnrjucht docht en mei dyn nommlens striidt.
Bliuw stean yn dyn bitrou. Dyn tiid komt dochs.
As Fryslân’s troane leech fen kening is,
Scil wis it folk gjin ien dêr biede as dy,
En nou is nêst dy net in skyn fen rjucht
Det tsjin dyn heit dyn stribjen stypje kin.
RADBOD.
Dû retst my goed. De keningskar is frij.
Mei twang nim ik myn rjuchtlik hearskip net.
Ik bin net ré for kenings-wâld. Myn hert
Jeit hamm’rjend nei’t de dei syn wytging bringt,
En twingt myn dieden ta tsjinstridichheit.
As hwet nou skommet, komt ta fêster rêst
As ien great wollen al myn stounen stjûrt,
En riget ta in ienheit fen sterk dwaen,
Den bin ik ryp for ’t keningskip. Myn striid
Scil nea bikroane wirde yn sege’s ljocht,
As net myn selsstriid yn it stjûrleas hert
In stille oerwinning brocht dy’t dûrjend stiet.
Wy gean nei Foste-lân. Ik winskje rêst,
Rêst om to mymrjen oer dit frjemd bistean,
De grize fûgels yn de kym to sjen,
Dy’t goad’ne wytging útroppe oer myn haed,
En ’t ljocht to finen dat myn twiivlich each
Sims weevjen sjucht yn weagen fen klear goud,
Det hiel myn siele yn dûrjend witten wint,
En skielk, as ienris ’t folk my hjir wer ropt,
Ik kom as ien dy’t fen gjin twiivlichheit
Mear steurd wirdt, noch út eangst syn dwaen forbrekt,
Mar wit hwet foar him leit en hwet him rôp,
En, as in kening heechsteand yn syn krêft,
As kening ek de minsk’ne sielen laet.
BERNLEF.
Hwa’t sa sprekt is de roppen kening wis.
Gean en wird great. In ûnwearsteanber aen
Fen greate dieden, sterk en wiis biwâld
Fen swiere striid mar ljochter útkomst ek,
Riist yn myn siel as ik dy tsjûgjen hear,
En ’k leau det ienris yet myn sibbe sang
De hege skiednis fen dyn lieding sjongt.
RADBOD.
Ik wachtsje en ha bitrou. Mar ljeafsten, jim
Dy’t mei my swalkje wolle oer weach en wiid
En nêst my bliuwe yn d’ ûre fen myn fal,
Jim trouwe ljeafde is my as lead sa swier.
Beppe, bitink, jy binne yn hege jeld,
En slacht jins herte ek foars yet as de weach
Dy’t tilt en deldûkt nei de wyn syn wil,
Faeks wirde in pear jier mar jo hjir mear gind
En sjucht jins each, de steat fen ’t heitlân wend,
De dei net mear det Fryslân’s folk myn went
Wer fêst’get yn it hert fen ’t erflik gea.
Scil den jins moed net drôf wirde en forslein,
By ’t ienlik tinken oan it lân, dat fier
Oer sé yn ’t súd him yn syn stiltme ûntjowt,
De hill’ge wâlden, fol fen djip gerûs,
De hichten dêr’t ús diger folk forkeart,
En ’t hege hûs fen troane en foarstlikheit
Dêr’t ienris ek jins mûle it biedwird spriek?
Is ’t net jins hert dat by de skieding skriemt
Al hâldt bitwang jins eagen koel en droech?
THIED.
Hwet fregest my? Hwet is my lân en loft
Dêr’t oan it folk de goad’ne seine ûntstoar,
Dat sinkt yn selsforjit en eare en rom
Oerwoek’rje lit troch ’t ûnramt fen it krús?
Hwet is my ’t folk dat yn forbjustring tiisd
Him húvrjend keart fen Walhals’ goud’ne wei,
En delrint nei de grize ûnlij’ge hel?
Hwet is my ’t wâld dat ienris weage yn ’t grien
En hill’ge sangen song fen sinne en god,
Mar dêr’t fen skurve syktmen deadsk oerroun,
Nou beam for beam falt yn de iivge nacht,
Ien sinken, ien gekreak en nearne bloei?
Forflokt it hûs, dat eren foarstlik blonk
En dijde yn ’t hoedzjen fen de goad’ne ginst,
En nou fortard fen tiid en sêd fen ’t stean,
Lef rillet for de glûpske macht, dy’t neat
As delfal bringt for hwet in pronkbou wier!
Myn hert is kâld for ’t bern dat sêft fen wird
Syn âlden húnt mei ûntrou fen syn dwaen,
Kâld for de breid, dy’t yn hjar hill’ge tiid
Bûgt for de tsjoen fen ’t goare skande-hout,
En ’t húvret oer de sûnd’gens fen dit laech.
Noch fiel ik yn my krêft! Jow my de sé
Dy’t boldret yn útlitt’ne nocht fen striid,
De hill’ge wyn, út Odins noasters waeid,
Jow my de iens’mens, dêr’t dit âld wirch hert
De goad’ne iivge almacht skôgje mei,
Dêr’t Foste heart nei d’ oanrop fen ús bea
En preesters, strang fen mûle, it wijde djier
From offrje for syn ljeafde en hearlikheit!
En Fryslân folget my. Hwet efterbliuwt
Is mar in deade foarm, in machtleas lyk
Dat net de siel mear yn syn omskot bynt,
Dy’t, Radbod, bidet yn dyn keningsboarst,
In fjûr dat slommet yn in moarm’ren stelt
Oan’t skielk syn lôge oer loft en lânnen riist!
Hwet seistû bern, in leed? By Thor, de wei
Nei Walhal liket earm by dit ljocht paed,
Dat ús bistean deun oan de goaden bringt!
RADBOD.
Foarstinne Thied wier twivel jimmer frjemd.
En dû, myn bern? Moat den de sâlte wyn
Syn iiz’ge print lûke yn dy mût’le wang,
En ’t goud’ne hier forwyldrje yn syn jacht,
Dû dimm’ne blom dy’t for gjin rotsgroun doocht?
RIXT.
Dû witst, myn himel is dyn hearskjend each,
Myn heitelân de djipten fen dyn hert,
Myn god de geast dy’t tsjûget yn dyn krêft.
Myn ropping is yn dy. Hwet fregest my?
Ik bloei net oars as yn dyn strieljend ljocht.
RADBOD.
De goaden bin my goed. Ik wier ’t net wirch.
To greater oantrún det ik my hjar ginst
Fortsjinje scil yn great en weardich dwaen.
Mei jim is nacht my ljocht en iens’mens noft
En wit ik det, al foel myn namme en rjucht,
Wrâld’s oerginst machtleas wier tsjin ’t greatste lok.
BERNLEF.
Tink myld oer my det ik net meigean scil.
Dû witst hwet my hjir hâldt. It ljocht dat dy
Dêr jinsen strielet, skynt hjir great for my,
Al mei ’k net mear as sjonge fen syn glâns.
RADBOD.
Wêz dêr’t it hert dy ropt. Ik freegje neat,
As det dyn dream sims nei myn fierens keart.