RIXT.
Nou plachtet men oer Radbod’s keningsrjucht.
Hja sitte hifkjend del, en hy stiet heech
En sjucht hjar dimm’ne rigen swijsum oer,
En wit, det minsk’ne wird noch earm bislút
It great bistel fen hege goaden brekt.
Forbjustre wrâld, dêr’t minsken leech en lyts
As weard’leas en feal blomte yn earmtlik lân,
Bislute oer ’t rjucht fen hwa’t troch heger wil
As kening berne en wijd en hill’ge waerd,
Det minsk’ne wird bikrêftgje moat de wet
Dy’t Goad’ne hân sels wiisd en fêstlein hat!
BERNLEF.
Us folk keas jimmer sels syn haed en hear,
Nei d’ âlde wet det elts yn ’t selde rjucht
Foar Walhal siet, en nimmen hearskje scil
As troch syn krêft, syn kind’gens en syn rom.
RIXT.
Mar der is oar rjucht as fen berte en stân,
Der libje roppen kenings. Hiel de wrâld
Heart yn hjar wird de wytging fen hjar heil
En sjucht yn hjar ljochte eagen himel-ginst.
Hja hearskje oer ús, fen minsk’ne wet net kend,
To great det ien hjar hegens hild’gje mei
Troch oar wird as in God him leit yn ’t hert,
Kenings oer ’t hill’ge libben, net oer lân,
Al is ek dat sims oan hjar macht bitroud—
En fen dy kenings is myn Radbod ien.
BERNLEF.
Ik leau ’t. Mar ierdske skea noch fal noch winst
Set sokken swider ljocht en wijing by.
Hja winskje rom, mar net for wrâldske die,
En rize tsjin it ûnk en delslach yn,
Sterk yn hjar hert dat bûten minsken kin
En bûten minsk’ne flecht’ge ginst en macht.
Gjin mind’ring nimt dat keningskip syn glâns,
En ierdske kroanen wije en siere it net.
RIXT.
Dû sprekst as kening fen de harpe en ’t liet.
Mar hy is great yn oarwei; great yn ’t dwaen,
Dat minsk’ne libben foarmet as weak waeks,
De tiid brekt yn syn rin en glânzgjen docht
Hwet minsk’ne tins yn nacht forsonken tocht,
Great yn it biedwird fen syn iivge wil,
As hearsker great oer dit forearjend folk,
Lyk hy myn hert ek nei syn winskjen bûgt.
Hy hat in greater breid: ’t Is Fryslân sels.
Hwa’t him dy ljeafde ûntstelt, misdocht yet mear
As do’t men my fier weitwong fen syn ljocht
En tsjuster brocht oer syn forwoedend hert.
Hwa is hjir prins as hy? hwaens each giet sa
Fol keningsglâns oer ’t erflik lân? hwaens wird
Bringt mear de hearsker iepenbier? By him
Bin d’ oaren moas, dat bleek en lijend waekst
Under it rûzjen fen in keningsiik.
Hy mòàt de macht hawwe yn dit slomjend lân
En hwa’t tsjin him stiet, sprekt tsjin Odin sels!
BERNLEF.
Mar scil syn siel der heil by hawwe, as him
De macht jown wirdt to rjuchtsjen sa’t er wol?
RIXT.
Hwet twivelstû? Dû sjuchst him net yn ’t hert.
Syn krêft forkwynt as net in great swier wirk
Syn hân bitroud wirdt ta syn libbensplicht.
In kind’ge houwer dy’t út deadske stien
De foarmen ropt, dy’t dreamden yn syn siel,
Sa wachtet hy syn hill’ge plicht, dy’t him
It libben hill’gje scil ta helte-striid,
En strielje scil ’t yn him, as ienris ’t folk
Him út syn finz’nis op it rotslân ropt.
BERNLEF.
’t Is frjemd, dy skieding, dizze wûndre dei,
Dy’t for Ydwine in strieljend lân ûntslút
En jim driuwt nei it hill’ge lân yn ’t Noard,
Dy’t sibbe skaet fen sibbe en ’t keningshûs
Spjalt yn in brek, dy’t nea wer hielje scil.
RIXT.
Net ús de rou. Wy nimme it komst’ge mei.
Foarstinne Thied hat long’re dêr’t hjar each
Gjin krús mear sjucht, noch ’t ear it dwylwird heart,
Dêr’t hwet forstoar yn iiv’ge greatens riist—
En ús is iens’mens licht, om’t ús it ljocht
Dat oer ús hollen bidet, stypje scil,
En sé en rots en wyn ús wije yn krêft
For ’t greate wirk, dêr’t ienris ’t folk ta ropt.
BERNLEF.
Gâns eagen sjen jim trienjend nei. En ’t meast
Scil dit de kening leed dwaen yn syn hert.
RIXT.
Hy winske it sa. De kar wier inkeld him.
It krús en Radbod binne yn iiv’ge haet,
En ’t wird fen frjemden wier syn hert mear hiem
As ’t sterke moanjen fen syn egen bern.
’t Wier needsaek det dit kaem. De kening hat
De straffe steld mei wizens; fen hwa’t gean
Is der net ien dy’t dêr him grym om is;
Sa’t wy gean, bûgend for in machtich lot,
Mar wittend, det it komst’ge yn ús birêst
En mear bitrou yn ’t hert as machtleas leed,
Lit sa ek him, great as ’t him foegje moat,
Birêste yn dit en him nei wiisheit jaen.
It skip leit ré. Mien net det ik myn lân
Sa mak’lik dwyndljen sjen scil yn de kym,
Al haw ik neat mear dat my dêr yet bynt—
Mar tsjienris ljeaver dit, as dei nei dei
Wer nij leed om hwet wearzget as de nacht,
Stymsk wrokjen dêr’t krús al greater riist,
Oandet de siel driuwt oan in wyld forset
En wer in ûnk ús yn forbjustring slacht.
Radbod hat frijdom brek as sinne en loft,
En better dêr himsels, as hjir in feint
Dy’t swijsum krûpt en knibb’let yn it skaed
Fen ’t krús, neidet de wize kening ’t wol.
BERNLEF.
Dû sprekst as Radbod’s breid. Sjuch ta detst him
It hert net fytrest ta yet wylder grym,
Dy’t rom en adel driget mei de dea,
Mar jow de sêftens dy’t dyn wêzen wier
Ear’t dy it ûnk sa sloech, en wêz him ljocht,
Dat treast en myldens oer syn antlit skynt.
RIXT.
Myn herte is ien mei sines. Ljocht en striid
Oerwaeije it wikseljend en sterkje it swiid,
Mar simmer scil ik jaen safolle ik kin,
Det ik for him de goad’ne ljeafde win.