RADBOD.
Hwa kloppet dêr for yn?
WACHTFEINT.
In krúsfaem, hear,
Dy’t oan prins Radbod boadskip bringt.
RADBOD.
Oan my?
(_docht iepen. Rixt komt yn, formomme ûnder de nonne-kape_).
My brochten jo in tynge? Ik ken jo net.
RIXT.
(hjar lûd tobrekkend)
Gjin frjemd fornimt myn namme en heimnis, hear;
Jo inkeld wirdt myn wytging iepenbier.
ARTHUR.
Wachtfeinten, lied in hynsder foar. Ik gean.
Twa jaen hjar mei my nei de kenings-stins,
En d’ oaren biidzje Fryslân’s keningssoan.
Radbod haw heil. Myn herte bidt for dy.
RADBOD.
Myn dwaen scil tsjûgje det ik net forjit.
Haw heil.
(tsjin Rixt)
Nou heart gjin frjemd jins wytging mear...
RIXT.
Allinne Radbod wier myn heimnis hiem,
Him song myn lûd ús swietste dreamen ta.
(_slacht de nonne-mantel ôf. Radbod sjucht Rixt foar him stean yn de
dracht fen in ealfaem, it losse hier oer de skouders_).
RADBOD.
Rixt! Dû! Ho komst... Hwet wolst? Hwet sikest hjir?
RIXT.
Dyn hert. Ik bin fen dy. It kleasterklaed
Omjowt myn jonkheit mei syn rou net wer.
RADBOD.
Bist flechte? Ik swar dy, hast oertocht, hwetst diest?
RIXT.
Ik hie in wearze yn ’t krús syn tsjustre tsjinst,
En ’t hert wier fol fen oantins oan ús lok.
Ik ha ’t hjar sein, myn langjen dat de wrâld
Noch jonkheit weegre hie, wier hún for ’t krús
En ’k hie in hate yn hwet my finzen hold.
Hja twongen my. Oandet in hill’ge man,
Dy’t gast is fen dyn heit, yn ’t kleaster kaem
En ik him myn wjersin en myn ôfgriis sei.
Hy sei my: Gean dêr’t dyn langjen ropt
En joech myn frij my wer. Do socht ik dy,
Myn herte júbljend fen myn bliid great lok,
Mar Radbod, du seist neat ... dû bliuwst sa stil...
RADBOD.
Dû hast ús doel forret, dy maitiidsmoarn.
Hwet twong dy do ús heimnis priis to jaen?
RIXT.
Myn heit hie aen. Do spriek er goed fen dy,
En moed’ge my ta myld bitrouwen oan,
As wier’t him goed detstû my boaskje woest.
Ik wier sa bliid en op forrie net ré,
En ’k tocht yn ’t hert: Us ljeafde is him nolk,
En ’k sei tofolle, oantdet er wist en hy,
D’ ûnsill’ge, my yn ûnk en finznis twong...
RADBOD.
Mar as er nou dy easket by myn heit?
RIXT.
De hill’ge man is nei him gien, for my,
En spriek for my en det God’s hert gjin nocht
Yn twang hie oer it hert dat oarwei woe.
Do slingre er my syn flok. Ik bin forstaet.
Myn âldershûs is for my ivich ta,
En oars ha’k neat mear as ús ljeafde en ljocht.
RADBOD.
Myn bern, en dat for my... O joech in God
Nea hie myn paed dyn blanke wegen krúst,
En hiestû fier fen my dyn blidens foun
Yn oar great lok, fen smerte minder swier!
Myn ljeafste, ik mei net nêst dy gean. Ik foel.
Myn siel hat sûndge as ik net neame doar.
Myn ljocht dat dy oerskynde is dwêst yn nacht
En amper wraksle ik fen de hel my frij.
Ik bin net dystû tochtst. Dyn ljeafde-prins
Giet as in skoaijer troch de grize joun
En tinkt syn skande oer, djip yn ’t hert de striid
Eft nea syn siel net rize kin nei ’t ljocht...
Myn rjucht op dy is wei. Ik swar dy, gean.
Dû hast ien ljeaf dy’t thús heart by it folk
Dat glûpske moart bidriuwt en swalkers daet.
RIXT.
Nea gean ik wer nou’t ik dyn hert wer foun.
Ik ken dy as de simmerwyn de mar,
Dy’t brûzje en skomje kin, biroun fen grym,
Mar yn syn djipten suver bliuwt en ljocht...
Al stoarste fen den tsjoeds de skande-dea,
Al flokte it folk dyn namme, al spei it swirk
Thor’s lôge woedzjend oer dyn misdwaen út,
Ik leaude yn dy, ik wist yn dy, hiel djip,
In great sterk ljocht, ryk as de dei syn glâns,
Dy’t aloan rize en winne en strielje moat,
Al stoarmen ek tsjien winters wyld dêroer...
Ik leau yn dy as yn de jountiidsloft
Fol greate stjerren, glânzgjend fen klear goud,
Dêr’t sims in wyld swart skaed yn woede oer strûst,
Mar dy’t bistean en strielje yn ivichheit;
As yn in wâld, fol spoekrichheit en skyn
En driigjend swart dat nimmen yngean doar,
En holle suchten út it kroanjend beamt,
Mar djip dêryn in hege berch fen ljocht,
Dy’t nei de iivgens sjucht en út hwaens hert
De libbne streamen gean fen ljeafde en krêft,
Sa leau ik yn dyn siel, sa riist se my
Yn iens’me nachten yn myn dreamen foar
Det ik de hannen optil nei dyn ljocht,
Dat djip swart hert dat strielt fen goud ... for my...
RADBOD.
Dû slachst my blyn fen lok... Myn Maitiidsblom.
Dy’t my sa ljeaf is ... en ik mei dochs net...
Myn bern, ús lân is hjoed myn fiet ûntsein,
Ik mei net by dy bliuwe. Ik moat hjirwei.
RIXT.
Hwet oarde leit sa fier det ljeafde’s fiet
It net bireizgje yn ’t lieden fen hjar langst?
RADBOD.
In iens’me rots is my ta wensté wiisd,
Fen ’t wide oerstreamd en dêr’t de sâlte wyn
De reade kliffen sels ta stiengrús byt;
In keale stins mei neat as sé syn sang,
Neat as de wyn syn dream en bleek stil ljocht
Dat pearlet oan de loft as ienlik leed,
It grym gewelt fen ’t âlde Fostelân.
RIXT.
As Baldur stoar, de goadne ljeafste en treast,
En drôf syn trêd de grize paden gean
Nei dêr’t de siele yn stille wémoed skriemt,
De diizge kriten fen de dea, de Hel,
As hy dêr siet, fen tûznen skimen ien
En wirch it leed út rust’ge romers dronk,
Rûze ien sucht ljeavjend troch syn gouden hier,
En patte in mûle myld syn wyt drôf wang,
En streake in hân yn dimm’ne noed syn hân,
Nanna, de blossomknop, dy’t mei him bloeide,
En mei him wylge en mei him doek yn hel.
Lyk hjar boat dreau oer stille Dea syn stream,
Draecht ús it boat nei ’t hillich Foste-lân,
En astû den fier fen dyn heitlân wei,
Sjuchst nei de dreamen yn de blanke kym,
En yn dyn hert, it greate, in leed dy riist,
Den scilst in trêd hearre oer it grize strân
En nêst dy scil hja stean, yn striid en langst,
Dystû ta ljocht en glâns en godheit bist,
Dy’t longre hat nei dy, dy’t dy bistiet
En bûten dy gjin heit noch himel wit.
RADBOD.
Dyn ljeafde wynt my wei yn dreame-ljocht.
Ik doar der net nei sjen. Myn hert slacht swier,
As briek it ûnder d’ oanstream fen it lok.
Dû ... mei my dêr ... o Rixt ... ik ha sa lit,
Ik wier sa bang, det ik gjin ljocht mear seach
En stjerre moast yn ’t skaed... Siz ’t ienris yet,
Bliuwstû my trou, bistû myn egen breid?
RIXT.
Myn libjen is fen dy, yn ivichheit.
RADBOD.
De goaden tank! Myn greate dei bigjint!
Hja libje, libje yn iivgens! Walhal wint!
(_It doek lûkt ta_).