10. _Radbod, Arthur._

ARTHUR.

Dû hast gjin wapen mear? Gjin dolk ef swird?

RADBOD.

Neat, dû bist feilich.

ARTHUR.

Nim dit swird fen my.

Dû woest myn dea en hiest my slein, as net

Gods wil it tsjinkeard hie. Mar hjir bist frij.

Yn dyn hân leit myn libben. Twiivlje net:

Ik flok dy net astû ’t dyn goaden wijst.

RADBOD.

Dyn libben winske ik nea. De preester wier ’t

Dy’t d’ oanslach jilde moast. Mar dû wierst dêr,

En naemst hwet him biskern wier, nei dysels,

En ’t wier my leed, hwent dyn dea woe ik net.

ARTHUR.

Unnoaz’le! In griis âld man hwaens holle al bûgt

Nei ’t grêf, dy’t eltse dei as taslach telt,

En mei in pear jier weiwirdt fen ús wrâld,

Him scoest in moart dwaen om’t er tsjin dy stie?

Wier hy de stêf fen ’t krús, syn hope en krêft,

Hy dy’t God ropt nei ’t noegjen fen syn hûs,

Nou’t hast syn deiwirk dien is en syn plicht

Foltôge is, deun by d’ einpeal fen syn paed?

Hwet kin syn wirk tsjin dyn oerdied’ge krêft,

Syn kâld bloed tsjin it fjûr dat dy trochstreamt?

Mar ien kin ’t krús hjir rizen dwaen yn ’t lân,

En dat bin ik. Myn krêft is jong as dû,

Myn macht is mear en rounom dêr’t ik gean,

Forklearje ik ’t each fen hwa’t yn twivel stiet,

En riist it krús yn dage’s goudglâns heech.

My scilstû tsjin dy sjen, safaek dyn dwaen

Dyn goaden weitsje wol ta nij bistean,

En alles hwetstû boust, scil myn hân skielk

Wer brekke en broazljen dwaen yn moude en túch,

En myn God riist op ’t grize pún fen nijs.

Hwet twiivlest yet? Hjir bin ik, warleas, wirch.

Ien stjit, en faeks hastú den ivich woun.

Dyn heit scil sinke yn twivel oer myn God,

Dy’t sok ding dilde, Ydwine flokt it krús

Dat twaris hjar de ljeafste it herte ûntstiel,

En ’t haetlik boadskip stjert yn ûnkrêft wei.

Hwet? nimstû net hwet sa’n goed lot dy biedt?

RADBOD.

Forlied my net. Ik doch gjin skande mear.

Hwet wier, hat west en d’ oantins pynget my

As bitend kanker-fjûr. Mar nou is ’t gien.

Ik scil myn goaden hoedzje yn ears’me striid

Ef mei hjar falle yn ’t poarper fen de joun,

En astû tinkst, neat as it krús kin ’t hert

Fen sûndgers lottrjen dwaen yn keiner ljocht,

Den scilst yn my de wytging sjen, det ek

Us greate goaden súvrens ljeavje en trêft,

En det, yn Walhal ek, de hill’gens blinkt!

ARTHUR.

Ik tankje God detstû dat ynsjoen hast.

Dû wierst sa ljocht en sterk. Ik hold fen dy,

Al wier dyn each for my fen hate wyld.

Ik wist yn dy ûnthjittings for de wrâld

Sa great en, ryk as mennich minsk net dreamt,

En ’k seach sims op dyn hier in glânzen kroan’,

Net hill’ge fen it krús, mar gouden ljocht

Lyk simmer-middei ’t wide lân oerstruit.

Yn ’t hert bin ik dyn frjeon. Dû witst, de striid

Scil skielk ús skiede, en elts scil yn syn tint’

Wach fjuchtsje for syn sill’gens en syn heil,

Dû for de foarstlike Asen, ik for ’t krús

En faeks bringt God ús nea wer nêst mankoar,

Mar jimmer bliuwt yn ’t herte it witten klear,

Det, dêr’t sels Goaden skiede, greaters yet

Gelikens winskjen brocht hat yn ús geast

En det, fen ’t krús en Walhal fijân wijd,

Us djipste hert, ús sibben skoep, en frjeon.

Tink sa om my. Ik haw yn dy bitrou.

Dû wirdst dyn goad’ne rom. Dyn hân as frjeon!

RADBOD.

Núvre! dyn goedens skroeit myn hert as fjûr.

Ik kom út hernen fen in skriklik wâld

Dêr’t nea it ljocht troch twiich en leaven foel,

En hommels stean ik mids dyn iep’ne dei,

En ’k sjuch en wird net mêd dyn glâns to sjen,

Mar hiel myn liif is yet biwoelle yn reach,

En stjurre bloed noch klibbet read myn hier—

En dû seist soks? dû kenst myn djipste striid

En leaust yn my? Dû dy’t hast foelst, troch my?

Ik bûg for dy. Dyn wird ûntstjert my nea.

Tink net oan my as oan in weard’ge frjeon,

Mar as oan ien, dy’t fier fen dy, by ’t lûd

En ’t grime bearen fen d’ ûnlij’ge sé,

In greate striid fiert yn syn brûzjend hert

En wirde wol as dû, en den dyn frjeon,

Al skaet ús sé en striid. Dû wierst my goed.

(_jowt him de hân_).

ARTHUR.

Mear as de nacht skaet, bynt de libb’ne dei,

Hwent elts dielt God fen syn genede mei.

(_klopjen op ’e doar_).

Kening Aldgillis · 第 49 / 60 题