THIED.
Ek him yet! Nou komt ek syn ûnkrêft út!
Better sa’n fal as yn de krêft fen ’t wird!
ALDGILLIS.
Earweardich frjeon, jy fine ús djip yn leed
En roujend oer in ûnk, sa bang en great,
Det by it bleate neamen ’t lûd ús stjert
En ’t glânsleas each gjin ljocht noch treast mear sjucht.
WILFRID.
Ik hearde it, hear. Myn âld hert is forslein.
Hy wier ús hope en wytge it ryk fen heil,
Dat Kristenkenings stiftsje scille op ierd,
Hwennear hjar hert for ’t hillich boadskip slacht.
Mar God wit mear as wy. Syn dwaen is heil
En hwer’t hy naem nei ’t strieljen fen syn ryk
Jowt minsklik hert gjin fûle leedklacht foech.
(_tsjin Ydwine_).
Myn bern, mei God dy treast jaen yn it hert,
Dat bliede moat noudet syn ljeafde wiek,
En mei ’t dy stypje det ús hill’ge Hear
Syn bern neat docht dat ta hjar bêst net dijt!
YDWINE.
God swijt yn ’t djipste fen syn sealen, Hear.
Syn ljocht is ús ûntstoarn. Syn himel swijt,
Sels as in gjalp om grous’me moart hjar ropt.
Us ljocht forsonk yn kâlde dea syn sé.
JÛLE.
By ’t hill’ge fen it krús biswar ik jo
Rop God oan om in teiken. Krêftleas sinkt
Us ljeafste hope yn ljochtleaze ieuwen del,
As nou it ljocht net mids dit tsjuster riist
En strielet hiel de wrâld oer, as eartiids
Do’t nei it krús de Hear riisde út de dea!
God is sa goed, hy weegret jo soks net—
Myn siele is syn great hert to fier en frjemd.
YDWINE.
By moart en deaslach klonk faek Odin’s flok;
Hwa’t hjir swijt kin for d’ iivgens net bistean.
ALDGILLIS.
Earweard’ge nim ús twivel wei. Ien wird
Fen jo wint mear genede as al ús bea.
In great ljocht scil ús rize as nou syn krêft
De dea binimt fen syn ûnstuitbre macht,
En ’t lân scil strielje yn ’t glânzgjen fen it krús,
As dit great ûnk troch syn geneed’ge wil
Wer hill’ge wirdt ta wytging fen syn krêft!
WILFRID.
Wanhearrich laech! is dit jim Godsbitrou?
De Hear dy’t dead en libben hearlik laet
Yn greate skeakels fen ûnbrekb’re wet,
Dy’t oan de dea de grym en eangst binaem,
Hjar hill’gjend ta de poarte nei syn ljocht,
Scil for in ienling dy’t er nei him rôp,
Syn iizren wetten brekke as weardleas reach?
De wrâld scil siddrje op hjar kristallen wei
For ien? For ien it ljocht forlitte it sté,
Mei wiis bistel him oan de himel wiisd
For ien de sé rize út hjar einleas bêd?
(_wiist nei de stjerren_).
Sjuch, twivelried’gen! Yn ûnsiz’bre preal
Wintlje de tûz’nen stjerren troch de nacht,
Greatmacht’ge stiennen yn Gods alwrâlds-kroan,
Elts oan syn sté en oan syn banen boun,
En gean hjar wei, de riigjende ieuwen troch,
Eltse oare nacht fen nijs, nea skokt noch skaet
Fen dêr’t Gods hân hjar stelde ta in ljocht!
En hiel dy iiv’ge wrâld mei al hjar greats
Fen gouden wetten, tinzen fen Gods brein,
Fen berte en dea, fen nacht en moarn en dei
En joun en nacht weroan, fen stiltme en wyn,
Fen himelwilft en swirk, fen strân en sé,
Scil út hjar wei wike om ús stjerlik leed,
Us ierde-bern, wif meinomd yn hjar flecht?
En scil wy bidde om mindring fen ús heil,
Om ierde ynpleats fen himel, skaed for ljocht,
Gods ljeafsten weitwinge út syn leedleas ryk,
Det hja nêst ús, wer diele yn ierde’s leed?
Wé, wé de preester dy’t Gods wil misken
En tsjin de hill’ge yn ’t rjucht giet! Wé it wird
Dat stúnje doar tsjin de bazúnstjit Gods!
Fornim, jim twiivlers ho’t de kristen bidt
As hy him bûgt oer ’t lyk fen sibbe en frjeon:
(_delknibbeljend_)
Geneed’ge heit, myn siele bûgt ta dy,
Myn each hat skriemd en yn myn hert is rou,
Hwent dû hiest ljeafde nei myn earmoed stjûrd,
En sinne jown det ik my waermje mocht,
Nou naemst it my en ik bin ienlik bleaun.
Mar hearlikheit is alles hwetstû dochst
Fier oer myn ierdsk forstân en stjerlik each.
Ik leau yn dy. Dû, bêdzje my ta rêst,
Det ik aloan stil for dyn wizens bûg,
En nea myn hert niig ta ûnweard’ge grym
Tsjin him dy’t stiet oer tiid en ivichheit.
Net mines, dyn wil wêz yn elts ding dien.
’t Is greate wizens dat dyn oerliz docht.
Dû joechst, dû naemst. Dyn hill’ge namme scil
Myn stimme priizgje oer de tiid’ne rin.
(_In fier wyt ljocht siicht oer de drompel de klinte yn. Arthur
forweecht sêft en bringt de holle hwet omheech_).
RADBOD.
(sjucht it)
Goaden, hy riist! De dea wykt fen him wei!
YDWINE.
Arthur! (knibbelet nêst him).
JÛLE.
(hâldt it krús omheech)
God spriek! Syn ljocht riist oer ús út!
Bûg for de hill’ge dy’t dit wûnder die!
ALDGILLIS.
Nou dûkt de twiivlichheit. It hirdste hert
Iep’net syn grounen for dit tsûgenis.
Gjin God is great as dy’t sa klear forskynt,
Der’t dimm’ne frommens delbûgt for syn wil.
ARTHUR.
(bykommend)
Hwet wol dat hjir ... hwêr haw ik west ... my tocht,
Ik foel... Ydwine dû? en triennen? Frjemd
Detstû hjir by my bist ... ik woe nei dy
Mar do... Ik seach de moanne, ik hearde in trêd
En tsjin myn sliep sloech fûl hwet tsjusters oan...
Ik leau, men woe myn dea ... mar hwa dochs? hwa?
Ik ha safolle ljeaf ... hwa hatet my?
YDWINE.
Sjuch roun oer hwa’t hjir stean. Den fynst him wol.
ARTHUR.
Ik ealge it wol... Hwent Radbod is my grym,
Mar ’t herte is him dochs heech en suver, great,
En klear syn each ... hy bûgt? it is dos wier?
Frjemd dat de striid safolle nommlens nimt
En fytrje kin ta soks.—It wier my ljeaf,
As bûten him nou elts dit sté forliet,
Det hy myn winsk fornaem. Lit feinten hjir
For lieding nei de stins, skielk as ik my
Wer jow nei jim... Mar lit my nou mei him.
YDWINE.
Dû ropst de dea ta dy. Dû hjir mei him,
Dy’t niis dyn libben naem, dy’t as de wolf
De sinne hatet, longret nei dyn dea?
Dû meist net! tink om my en ’t âldershûs!
Hwet scilst dy weagje om neat? Dû bist fen ús,
En meist om ús net gean yn ’t hoal fen ûnk!
ARTHUR.
Lit my mei him. Bitrou en haw gjin noed.
Dû sjuchst, ik haw myn swird yet. Syn hân is
Fen wapen leech en rjuchtet neat mear út.
En yet in greater soarger noedet my,
Dêr’t syn grym dochs as stouwend tsjêf tsjin is.
WILFRID.
Nou lit ús gean yn stil en great bitrou,
Hwent Hy hat noed dy’t blidens jowt fen rou.
De moanne riist, yn silver leit it paed;
Wolsillich, hwa’t it hert sa lottre waerd!
Stil giet ús trêd en folget from it krús,
As ienris op ús wei nei ’t himel-thús.
RADBOD.
Foarstinne, gean. Ik stroff’lje en fal net mear.
My wirdt myn paed allinken ljocht en klear.
THIED.
Ik gean in iens’me wei. Myn hert is swier.
De joun is oars as det de dage wier.
(_Thied, giet ôf, biselskippe fen Bernlef; men jowt earbiedich romte.
Wilfrid nimt it krús en giet foar. De kening, Jûle, Ydwine folgje_).