ALDGILLIS.
Hwet? jim hjir? elts dy’t my yn ’t bloed bistiet?
Wansill’ge joun, dy’t yn syn stoarmge grym
Us driuwt nei ’t tsjuster yn dit hûs fen ûnk,
En bliidste hope yn wé en triennen dwêst!
JÛLE.
To drôver ús de nacht yn ’t nearzge wynt,
To blider skielk it ljocht fen nij lok riist,
As ús each ealgje stil de hearlikheit
Dy’t hy nou sjucht, dy’t ús sa ier forliet!
YDWINE.
Hwet! kin in moart den wêze in wei nei ’t ljocht,
Koe for syn siel gjin hill’ger paed bistean?
JÛLE.
De kening fen it skeep’ne stoar oan ’t krús,
En syn dea wier ús wrâld genede en ljocht.
YDWINE.
Mar moat den elts dat grousum krúspaed gean,
Moast _syn_ holle ek oan dat forflokte hout
De skande-kroane tôgje... O God, myn God,
Hy dy’t myn ljocht, myn heil, myn alles wier...
ALDGILLIS.
Myn bern, wêz sterk. Stean fêst yn dyn bitrou,
Al sjucht ús each it greate doelwyt net.
YDWINE.
Myn hege heit, as ea in godleas dwaen
Jins herte yn grym brocht en jins oardiel strang
Fen boete skoep en rou, as ea forried
Jo haetlik wier en wearzich as de hel,
As ea jins hert forspijing hie for ’t dwaen
Fen glûpske skande, en ea jins wird de sot
Dy’t jo to keapjen socht for earleas wyt,
Fol grym fordreau, as ea jins gastfrjeon djûr
En nei wier oan jins hert, in griis âld man
Deun oan de dea, mar ek de maitiidsfrjeon
Dy’t kein en suver wier as knopjend blomt,
O nim den wrek, lit den jins keningsmacht
In wjerbyld wêze fen it heechst strang rjucht
Dat libben nimt for libben, bloed for bloed,
Forflok den mei jins doem en died de hân
Dy’t Goades súvre frjeon de deaslach die,
En myn each sleat yn ’t reinklaed fen de nacht.
Dyn bern skriemt oan dyn fiet; it hoopjend hert
Dat bloeije wol yn ’t laitsjen fen syn ljocht,
Skriemt nou syn wanhope út; myn lok is dea,
En laits en blidens bin dyn dochter hún,
Dy’t dy sa faek in glâns brocht oer dyn dei;
Mar ien ding is hjar bleaun, ien libbensplicht
Hjar tsjûge fen it bloed op ljeafste’s lyk:
To meitsjen det sa’n died net strafleas stiet,
En boetsje mei de swierste doem for tsjoed;
Yn namme fen de deade, út egen leed,
Ut kreft fen ’t heechste rjucht oer minske en god
Biswar ik dy by ’t bloed dat oer him is:
Slaen mei dyn flok de swarte moard’ner del
Yn Hel’s djipst ryk, forstjit him yn de nacht,
Dêr’t nea in libbens-foarm út rize mocht,
Jow him, dyn skande-bern, yn Dea syn hân!
ALDGILLIS.
Leed makket dy dyn tonge as flymjend stiel.
Ydwine, riis; jow oan dyn frjeon dyn rou,
Mar rop gjin rjucht noch boete en doem oer him
Dy’t yn syn twivel foel ta sûnde en skild.
Draech great dyn leed en lit it oardiel my.
It rjucht scil oer him komme, strang en swier,
As strykt mei dit flokt dwaen, mar ek det him
Genede bliuwt ta súvring fen syn siel.
THIED.
Dyn wird is twiivlich as dyn wêzen ’t is.
Dû witst, dû hast gjin rjucht ta doem. De skild
Fen dizze ûnsill’ge die birêst by dy.
Unnoazle! dû, dy’t wetter en wyld fjûr,
De goad’ne wierheit en de ljeagen-dream,
De dead en ’t libben, pearje woest ta ien,
En hate en grym, dy’t as de goaden sterk,
’t Hert bûkjen dwaen en útslagge as in fjûr,
Yn yeske fen dyn freeds’mens dwêste woest
En twinge yn dimm’nens hjar oerhears’me gloed!
Nou briek it út. De tsjinstriid wier to fûl,
To grym de haet, dy’t út ús hill’ge wrâld
It flokhout keilt yn ’t brûzjen fen de nacht.
Ik wytgje dy, haw noed, sjuch ta hwetst dochst!
Net hy hat skild, dy’t machtleas, riedleas, boun,
Ienris it ûnrjucht fen dyn frede briek,
Mar dû hast skild, dy’t hjar oerdied’ge krêft
Knoeist en yn kjetlings fen dyn freeds’mens twingst,
Dy’t yn ús herte ljeafde en ealens daetst,
Hwaens hân net ien moart yn syn grym bidreau,
Mar hwaens bistean ien greate ûntkrêft’ging is,
Hwaens frede ien staed’ge moart fen hill’ge trêft!
Dû dy’t dit folk slachst yn in skande-jok,
Det eltse nomm’lens stjert en ’t leechste dwaen
Hjar útkomst liket út hjar dildleas leed,
Dû dy’t dyn folk, dyn hof, dyn egen soan
Slachst oan it krús, en praetst fen rjucht en doem
As hjar hân yn hjar need de krús’ger slacht!
ALDGILLIS.
Frede is de wijing fen ús ierdsk bistean,
Mar striid ûnweardichheit, en great biwiis
Det men oer egen wierheit twiivlich bliuwt
En oarljue goede en wize kar mistrout.
Eltsien hat rjucht to libjen sa’t er is,
Dy’t soks ek oan oaren gint, en eltsien scil
Hjir yn myn ryk frij wêze yn ’t hill’ge en God,
En net oar d’ oar misdwaen. Hwaens hert to swier
Tilt ûnder ’t tôgjen fen syn hate en niid,
En nytgje moat en hjitfolgje as in oar
It hill’ge yn oarwei sjucht, dy is my fier
En net eardet syn hert de noft forstiet
Fen frede en bloei en ljeafde yn alle ding,
Ear’t net de ljochte wei út ierde’s tiis
Him linkenoan laet nei in blanker oard,
Sjucht er de frjeonskip fen myn eagen wer.
Myn leed telt hjir net mei. Hy wier my ljeaf
Yn al syn stoarm’ge grym en tsjustre wrok,
Ljeaf as syn each, oermoedich flûnkrjend, gyng
Oer ’t deistich soargjen fen myn moeisum wirk,
Ljeaf as er stune yn twiljocht fen de hal
En nei de grize wolkens seach, dêr’t bleek
In glâns fen hjerstich ljocht trochhinne foel,
Mar syn aerd flokt mei ’t stribjen fen myn hert
En twingt him mei nei misdied en gewelt,
Dêr’t ik syn langste ûntsiz. Woloan, ’t is goed.
Oandet myn each brekt yn de iiv’ge nacht
En men him ropt to hearskjen op myn troan’
Is Fryslân frjemd for him. ’t Ald Hilge-lân,
Ombrûze fen forwoedend wiet en skom,
Is oant dy dei syn wensté. Ear’t it ljocht
Syn mindring wer oernimt, leit dêr syn ryk.
THIED.
Unsill’ge! driuwst dyn soan syn heitlân út?
Jowst him it wiet, de grime stoarm ta rôf,
En ’t iensum longrjen op in keal stik stien?
De dei det hy giet, giet dyn mem him nei
En út hjar eagen, blyn fen wea en leed,
En feal as ’t ljocht fen jinsen hjerst’ge loft,
Scil ienris yet in fjûr opglânzgje en oer
Dyn holle slaen de wearljocht fen hjar flok!
RADBOD.
Stil, beppe, en wêz him tankber. Heit hie rjucht
Ta swierder doem, al weacht ek dit my swier.
Hie bloed for bloed syn doem wêst, swier fen skild
Wier ik forflokt, it paed gien nei de Hel,
En for myn siele wier nin heil wer riisd.
Dêr is it plak fen iens’mens, wraksljen, langst.
Mei ’t skomjen fen ’e sé, de sâlte wyn
My lottrje fen myn dwylsin—mei it lûd
D’ ûnweard’ge fytrje ta in greater striid,
As nou myn dream oer ús forbjustring brocht...
YDWINE.
Hy bliuwt dos en hy foel. De himel swijt.
De keningsmûle is stom. Der is gjin rjucht.
Ien is it lean for goed en flokber dwaen.
Hy dy’t de macht hat, stiet; mar dy’t bitrout
Op God en himelsk rjucht, siicht del yn dead.
O greatste, hiest it krús net nomd, en djip
Yn ’t suver hert yn minsken wantrou hawn,
Hiestû it swird fierd as dyn moard’ner ’t docht,
Dû leist nou net yn swijsumheit fen dead—
In ljeagen wier ’t, it krús foel mei my del.
JÛLE.
Ydwine, hâld oan ’t hill’ge!
YDWINE.
In dreambyld is ’t.
De krúsgod swijt en lit ús traepje yn ’t stôf.
It swird is goed for ’t rjucht. For sa’n wylde ierd’
Foegje de goaden fen ús Walhal bêst.
JÛLE.
(knibbeljend by it lyk)
Geneed’ge, hill’ge, almacht’ge Hear en God,
Dy’t by Dyn bern bist en it weitsjen docht,
Dêr’t drôf in stjerlik hert om útkomst skriemt,
Dû greate, dy’t de wrâld yn oarwei stjûrt
Mei ien stil wird, dy’t do’t Dyn tsjinner bea,
Deis strieljend ljocht weromdreau yn syn rin,
For hwa’t it beamte as deade twigen brekt,
Aliiv’ge, stean ús by yn eangstme en need!
Dû dy’t it krús brochst yn de tsjustre wrâld
Sjuch ho’t it sinkt, dêr’t earst Dyn feint it djip
En sterk plante yn it hert, Dyn ljocht ta ear,
En hear it wird, dat it syn heil ûntstriidt!
Mar hwa’t dy ken, forstiet Dyn almacht ek,
En swijt, hwent yn Dyn tinzen dijt de dei
Dy’t hún en twivel delslacht as in ljocht,
En sels ûnwittenden Dyn iivgens wiist.
Forskyn ús Hear yn ’t wûnder fen Dyn wirk,
Lyk faek Dyn hill’ge geast de deaden rôp
To libjen yn hjar ierdske foarms fennijs!
Jaen ljocht hwa’t oan Dy twiivlen, wiis de wei
Hwa’t blyn binne yn hjar gean, lit heech dyn glâns
Ljochtsje oer de dimm’nens fen dizz’ earme klint,
En stiftsje yn dit fier lân Dyn ryk, sa sterk
Det elts it hild’gje moat en Dyn macht wit
Boppe de goaden út ús tsjustre tiid!
Hear Hear, wêz ús neiby! Ik rop dy oan!
Kom del yn krêft! Slaen mei in wûnder troch!
Lit ús om Kristus wil net krêftleas stean!
De nacht komt oer ús del! Wêz Dû ús ljocht!
Forlit ús net! Dyn greate macht hat wâld,
Fier oer de bleke dea! O God, myn God
Harkje de bea fen hwa’t Dy knibb’ljend ropt!
En biidzjend leaut... Hear, Hill’ge Hear, dû scilst
Dochs net dyn bern stjitte yn de twivelnacht!
O as it stil bleau, en Dyn dwaen bleau fier...
THIED.
Dyn hill’ge hâldt fen rêst. Dû skeinst syn lins.
In greate die foeget syn fierens net,
Hy lit him ljeaver warleas stean oan ’t krús.
Sels rêdde er him net ienris; scoe syn krêft
Yn soks dy útkomst jaen? Earm breinleas bern,
In dead stik hout hastû dyn ljeafde oan jown;
Dû makkest dy ta spot. Kom, riis oerein!
Jim God doocht better for hwet feal gedream,
De libb’ne wrâld heart syn lûd net yn thús!
WILFRID.
(yn ’e doar)
Great is de Hear, dy’t joech en nei him naem,
De God, dy’t yn it Wird ta wêzen kaem,
De hill’ge dy’t syn foltsen laet nei ’t ljocht
En oer de dea syn greate wytgings brocht.