3. _Radbod, Holder, Thied._

THIED.

Radbod, bistû dêr ... siz by Thor, bistû ’t?

RADBOD.

Ik bin ’t.

THIED.

Forjow my bern... ’t Wier my sa near,

Ik miste dy. Dû wierst net yn de stins.

’t Hert bounze my en sloech ... ik wist gjin ried,

Ik fielde dy yn need, de dea ticht by.

Oan’t Bernlef sei, dû wierst it wâld yngien

Mei Holder, hy hie ’t sjoen. Dû tocht ik daelk

Det joun dy tsjoender-preester tsjûgnis joech

Hjir yn dit ûngodshûs. Ik socht dy hjir.

Hwet wolstû, hwet oertinkst? O, Radbod siz ’t!

Hwerom forswijst it my? Ik hie dochs rjucht...

RADBOD.

Foarstinne, is dit jins wei? In joun fen stoarm,

Det yn it wâld it beamte spjalt en knikt,

Gean yet jins fiet, fen leed en jeld sa wirch,

In paed dêr’t gjin jongfeint syn liif bitrout?

Is soks jo weardich en de goaden nolk?

En wytget dit bitrou? Myn stridend hert

Is jo yn leauwe en heechste langst dochs hiem?

Bin ik ien dy’t forhoalen paedtsjes giet,

Ef mei leech folk forkeart, det eltse stoun

Der tasjuch gean moat oer syn doel en dwaen?

THIED.

Mar ast yn need wierst! Ast dysels forgeatst

En yngyngst tsjin dyn heite strang bifel

En dochs de frede mei dat túch tobriekst,

Hjar tsjerke plonderst ef de preester faeks...

RADBOD.

Moat den yens wird my eangst leare en gekrûp?

As ’t hert my seit det men ús folk forstaet

Yn earleaze ûndergong, en d’ ears’me foarst

My ûnderwiist yn ’t boadskip fen it krús,

En alles sinkt yn ûnmacht, skande, fal,

Wylst men de goaden húnt as ûnwier spoek,

En janket oer de minsk’ne sûndich hert

Dat—Odin tank!—ek hate’s krêft forstiet,

En walch hat yn dy goare gûchlerij,

Moat ik den sjen en biidzje en dildzje út eangst,

Omt oars de kening mei syn wiis bistel

My mindrje kin yn macht ef boetsjen dwaen?

Né, né, jim goaden! Lit syn flok my slaen!

Al scoe ik finz’ne wêze yn ivichheit,

Al waerd de skande-dea myn einichst lean,

’k Scil ienris dwaen nei ’t biedwird fen myn hert,

’k Scil ienris laitsje as oan it krêftleas krús

De bleke God wer trien forjit nei trien,

En ’t liif him yetris bliedt fendet myn hân

De spear yet ienris delstaet yn syn fleis!

Lit den Aldgillis my yn boalshân jaen,

Ik laitsje om him en syn dwylsinnich rjucht

Dat ljeafst syn egen bern út ’t libben staet!

Bliid, bliid scil ’k falle, as ’t krús mar foar my foel!

(_Holder giet, ûnmirken_).

THIED.

It krús komt wer! Mei ien slach falt it net!

Hja scille in oar stjûre yn dit twiivlich lân

Mei kinst’ger wird en kriichsfolk mei him jaen,

Det nimmen mear syn wirk bihindrje kin!

Dyn striid scil lang wêze en as lead sa swier

En astû nou foelst, ear’t de stoarm’ge slacht

Bigjint to woedzjen yn syn wyldste krêft,

Bliuwt neat ús oer as wanhope en it ein!

Ik bid dy, hjit in oar dat wirk to dwaen!

Forlit dit plak fen ûnk! Gean nei de stins;

Dû stelst dysels oan skande en delfal bleat,

En slachst ús keinste hope yn dwylsin del!

RADBOD.

En den? dêr biidzje op better kâns en tiid

Om greater slach to slaen? En siikje yn ’t brein

Ho’t ik, yn ’t from en froed each in freedsme glâns,

’t Best gûchlje kin det, wylst gjin ien it tinkt,

Myn earms yn ien slach tommljen dogge it folk,

Det sûnder erch yet knibb’let for it krús?

En wylst hwet spinne oan ’t webbe fen forried,

En frjeonen stjûre yn earleaze ûndergong,

Det hja hjar siel en sill’gens jaen for my,

Sa’t ik hjar hiet to dwaen, wylst ik fierwei

En feilich, glimkjend tsjin ûnnoaz’len siz:

„Ho dom fen hjar! Hja witte ik ha ’t forbean

Ik ken hjar doel net en hjar wyld gedoch?”

Moat ik in gûchler wirde, in falske smjeont?

Is dat de goad’ne rom? By Walhal né!

My offrje scil ’k. En jowt sels dat to min,

Lit Thor den sels hjir stjûre in trêft’ger helt,

Dy’t striidt en wint, hwer’t ik to slomjen liz.

Lit den myn libben koart wêze as in dream

Mar suver, sterk en ljocht. Thor, Thor, hwet woe ’k!

In frjeon scoe ’k hjitte in moart to dwaen, wylst myn,

Myn herte siedt fen grym en hjitte smert!

Mysels scoe ’k sparje út leffe ûnweard’ge soarch?

Wylst my de goaden stjûre! wylst hjar wil

Net ien as my oanfytret ta sa’n die!

Mei my in god slaen for sa’n skrikb’re fal,

En martlje det ik sà mysels forgeat!

Foarstinne, ik stjûr jo nei de stins werom,

Holder giet mei. Iksels bliuw inkeld hjir.

Nou gean, gjin tsjinpraet mear... By Thor, forflokt!

Hwer is er bleaun? Jim goaden, is er gien,

Is ’t al to let? En wylst myn hert krekt nou

De folle ûnweard’gens fen myn misdie sjucht?

O Walhal, wolst myn fal en skande den?

THIED.

De himel sprekt. De goaden dildzje it net.

Gean mei my nei de stins. Hwet moat bart dochs.

De goaden ha dyn tsjinst en foarstriid brek.

Hjirwei, hjirwei! Tink om dyn keningswirk!

RADBOD.

Ik siz jo: swij. Ik wyk hjir net mear wei.

Hy komt hjir wer. Ik haw in plicht tsjin him.

Ik scil him súv’rje fen syn bloed’ge died,

Det hy syn mem syn siele suver bringt

En for de moart scil nimmen stean as ik.

THIED.

(smeekjend)

Myn soan...

RADBOD.

Foarstinne, ik swar jo, swij!

Al scoe Thor’s fûst al ’t beamte tomml’jen dwaen

Oer ’t dak fen dy brekfall’ge klint, ik bliuw;

Hels egen doem driuwt my net mear hjirwei!

THIED.

’t Is goed. Den sjucht de stins ek my net mear.

RADBOD.

Gean, gean!

THIED.

Ik wit myn plak. ’t Is njunken dy.

De goaden hawwe ús yn hjar tsjinst forboun.

Astû falst, fal ik mei. Myn tiid is komd.

Myn each hat greatens sjoen en krêft en striid,

En by it gûlen fen de stoarm is ’t goed

Yen los to skoerren fen de gammle wrâld.

De goaden tank det ik yn greatste need

Nêst dy yet biidzje mei. Hja bin my myld.

(_It byljen fen de stoarm forstjert. In sêfte wyn giet oer it leaf. Oer

de drompel fen de klinte siicht in silvrige gloede_).

RADBOD.

Forflokt! de stoarm bynt yn. De rop fen krêft

Sinkt yn in sêfter lústring stadich wei.

Hwet bounzet nou it bloed... O det de stoarm

Der dochs oerhinne gûlde yn striidgedroan!

De jounwyn rint al húvrjende oer it beamt,

En silvren drippen stouwe oer ’t slykrich paed.

It swirk skoert iepen. ’t Grille moanljocht falt

Oer bleke rânnen weevjend oer it wâld.

Dwylljochten gean mei lytse lampkes roun.

Dêr fier troch ’t hout it glânzgjen fen klear ljocht

Dat streamt troch finsters fen dy ûngodswent!

Ilindich hûs! Mei dy Thor’s wjerljocht slaen!

Heal wirk Thor, docht dyn fûst, salang ’t er net

De hammer nei dat earmt’lik bousel keilt!

Hwet nou... Kin dat... Giet den dat lûd sa fier...

KOAR FEN NONNEN.

(fierôf)

_Hear dy’t ta it hill’ge wije

Dy’t fen sûnde it hert bifrije,

Lit ús dwaen ta goedens dije.

Lear ús libjen yn dyn minne

Dy’t ek sûnd’gers, moard’ners, winne,

Mear as minsken fetsje kinne_.

(_It lûd wirdt wei yn de stoarm dy’t wer riist_).

RADBOD.

Fiks! war dy Thor! oertongrje mei dyn lûd

Dat ropt ta dûnkre striid fen loft tsjin loft,

De weake sankjes fen dat skynfrom skaei!

Forskyn hjar yn de skrikb’rens fen dyn krêft,

Boldrje hjar eangst yn ’t hert! Slaen fen hjar went

It earmtlik dak en blies it boartsjend wei,

Det hja yn ’t groljen fen d’ ûnlij’ge loft

Dyn laitsjende eagen fûnkljen sjen fen fjûr!

Ho nou? bist wirch dû Thor? swijst nou al wer?

’t Is eft dyn hammer delslacht oer myn hert...

IT KOAR.

(fen nijs)

_Hear dy’t nei dyn hill’ge troane

Ropt de fall’nen en fordoarnen,

Langje ek my dyn lijens-kroane!

Lied ús oer de goede wegen

Nei dyn libb’ne glâns omhegen,

Ljochtsje oer hwa’t dyn ljeafde fregen._

(_de stoarm riist fen nijs_).

THIED.

Hja sjonge it liet fen d’ egen ûndergong.

Hy boartet mei hjar as hwet túfkes plús,

Syn boarst swolt op fen ’t amjen dat er docht,

En hjar lûd is in wyl’ge krâns dy’t yn

De macht’ge streamen fen syn floed fordrinkt.

Meast wûndre wizens fen ús goadendom!

Warskôgjend giet hjar lûd it loftrom troch,

Dat yet it wantrou hert syn sûnd’gens sjucht

En bett’rje kin, ear’t yn it ein hjar grym

De domme dwylders yn hel’s djipten stjit.

Ljocht fregen hja? Stoarm, heilslach scil hja ha!

Hja nôt scil rotsje op ’t fjild, hjar fé scil Ran

Drinzgje yn de stream fen hjar útlitt’ne noft,

It tek stoart oer hjar holle kreakjend yn!

(_Stoarm bilunet, it koar wirdt hearber_).

RADBOD.

Hark! hark! hwet is it klear! As wier ’t deun by

IT KOAR.

(yn jubel)

_Kening God, hwaens strieljende eagen

Klinte en hoal mei ljocht oerteagen,

Sûnde en bloed en ljeagen seagen,

Skriklik riist dyn grym en woede

Tsjin hwa’t sûnd’get oan d’ algoede,

Húnders fen dyn hill’ge gloede!

Mar de dea scil machtleas sinke,

Sûnde it heil fen lottring drinke,

Dêr’t Genede en Ljeafde blinke._

THIED.

Noch bliuwt it stil. Nou rist de God him ré.

In rjuchter lyk sa riist er yn syn wein

En skôget siikjend oer it wâld-beamt del.

Syn grym riist yn him as in hjerst’ge sé,

Dy’t stiif stiet yn it biidzjen fen ’e stoarm!

Sjuchst oan ’e loft ek fjûr? Is ’t swirk yet gear?

To skrikliker scil skielk de wjerljocht slaen!

RADBOD.

(yn forheftige kjeltme efterút-skriljend)

By Odin, dêr, de loft! Hwet wol... O Thor...

THIED.

Hwet is ’t? Hwet seachst?

RADBOD.

De stoarm, de wyn is keard!

Thor sels droech niis dat krúsliet nei ús oer!

THIED.

Hwet! dwylstû, bern!

RADBOD.

As ’t mûglik wier! as ’t koe!

As twisken hjar en him de twastriid sonk!

As hja by ’t neijrjen fen syn nije trêd,

Him noegen as in frjeon yn Asgard’s stins,

As Odin riisde en him it wolkom sei,

En hy tonei nêst hjar de leegre wrâld

Bistjûrde en dielde yn hjar geneed’ge glâns!

Ek Niörd kaem sa ta hjar! Koe ’t wêze! O koe ’t!

Syn antlit is sa stil, sa bleek fen leed

As hie er sjoen yn Hel’s great ryk fen smert;

As út de grizens fen de djipste wrâld

_Hy_ werkomd wier yn ús wrâld... Baldur sels...

THIED.

Warje Odin dy for twivel! Bist bitsjoend?

Dû húnst ús goaden bern! In krús’ge slaef?

RADBOD.

Forjow! ik fiel my swak. Dy frjemde sang...

Né, né, ’t is gien. Ik slút myn hert wer ta.

Gjin soen, gjin frede, striid en dea for ’t krús.

’t Untstelt ús... Goaden hwet... it stelt ús krêft,

Us rom, ús heltesteat, ús skoander sels.

It krús moat del. Dea hwa’t syn God oanbidt!

THIED.

By Thor! der bin gûnt! op de bocht fen ’t paed!

Dwêst út dat skynfet! triuw de doar tel ta!

Faeks gean hja sa foarby... De herne yn, hjir!

(_bounzjen op de doar_).

Kening Aldgillis · 第 43 / 60 题