RADBOD.
Slachte, bist Odin trou?
SLACHTEMAN.
Mei hiel myn hert.
RADBOD.
Ik moat dy fergje op tsjinst. De goad’ne striid
Ropt ta de die. Siz goed, dat ik dyn went
Diz nacht as mines brûk. Jow dy nou daelk
Mei ’t wiif hjirwei, en siikje yn ’t doarp biskûl
Oant moarn it ljocht wer riist. Haw goed bitrou.
SLACHTEMAN.
Hwa is ’t dy soks yn d’ egen went my seit?
RADBOD.
Sjuch hjir dizz’ ring. Dy runen kenstû wol.
SLACHTEMAN.
(forheard)
By Odin! dat...
RADBOD.
Gjin nammen hjir. Unthjit
My by dyn siel detst swije scilst hjiroer.
SLACHTEMAN.
Skoer my de tonge út as ik dêrfen praet.
Wiif mei my mei. Flok hwa’t it krús oanbidt.
(_Slachteman en wiif ôf_).
RADBOD.
(ûntmommet him)
Seachstû dy glâns opljochtsjen yn syn each?
Ik siz dy, ’t folk is soun. Syn hert slacht sterk,
’t Bloed jaget fûl syn bounzjende ieren troch.
Fen sok skaei dije helten. ’t Heger folk
Forweaklike yn syn neatdwaen en gedream
Is krêftleas by sa’n iizren libbensmoed.
Hy fette it wol, der drige in ûnk for ’t krús;
Hja haetsje d’ ûngod en syn siik gedweep,
Hjar libben ropt om rouwe krêft en rom
Lyk ús tsjinst inkeld hjar forkind’gje kin.
Al scil it hof spjalte yn in grousme eangst,
Al sjongt gjin skalt de die dy’t stiest to dwaen,
’t Folk júb’let yn syn doarpen, as it heart,
Det d’ ûngodspreester for syn goaden foel.
(_Holder swijt_).
By Widar, Holder, siz hwet! ’t Wearzget my
Dat skriklik deadlik swijen! Kinst den neat,
Neat litte fen myn moeisum woune rêst?
Moat ik wer húvrje as in eang lyts bern
For hwet ik doch, wylst ik dochs wit, it moat?
Dû witst det nou de stiltme as stjurre bloed
My hearzget yn myn kiel, dat minsklik lûd
My wytgje moat, det ik by libb’nen bin?
Bist for dyn died den bang? Dû dy’t men nea
Yn jacht noch bloedd’ger striid net riljen seach?
Wylst ik dy sein haw, sward haw by myn siel,
Det astû diest hwet ik gjin oar bitrou,
Gjin oar for my mear wearde woun as frjeon?
HOLDER.
Ik bid dy, neam dat net. Dat mei net mear.
RADBOD.
Dû seist, it wier it hillichst datstû hiest!
HOLDER.
Ik haw myn siel stjûrd út myn weardleas liif,
Ik bin bleat wirktúch mear. Ik kin net oars.
Scoe ’k sjen nei hwet ik dwaen moat, mei forstân
My jaen yn hwetstû wolst, ik doarst it net,
Ik wist myn siel forflokt by minske en God—
En delstaet yn de hel. Ik wol net sjen
Net fiele en tinke mear. Ik wol bleat dwaen
Hwetstû my hjitst, gjin egen wil mear ha.
Gjin praet fen frjeonskip mear ef oar bliid ljocht—
It wier de bloei fen myn forstoarne siel,
En ’k wol net det hja ea wer libjend riist.
Frjemd dat ik joun ien byld net weidwaen kin...
RADBOD.
Siz my alteast den dat.
HOLDER.
Ik tink om Mem.
Hja glimke troch hjar triennen do’t ik gyng
En oant de stins-greft bleau hja nêst myn hoars,
En sei: „Al is ’t my leed, dyn gean is goed.
Dû scilst dyn tsjinst dwaen oan in trêftich hôf
Dêr’t wierheit dijt en trou en súv’re rom,
En oan dyn siel scilstû gjin skea der ha...”
Joun sit hja yn de halseal, foar de heard,
En sjucht ho’t stoarm de fûnken stouwen docht,
Ef stiet foar ’t rút en sjucht de jountiid yn,
En mymret oer lang lyn, do’t hja for my
Yn winterjoun hjar moaiste sankjes song.
Frjemd det ik joun dat byld net weidwaen kin,
Wylst dochs myn siel net sels mear libje mei...
RADBOD.
Jow my dyn bôge en gean. Den scil ik sels...
HOLDER.
Gean dû hjirwei. Dyn selskip martlet my,
Ik wol net detstû ’t dochst. Do’t ik for ’t earst
Dyn antlit seach en knibble for dyn troan,
Dreamde ik dyn holle omgoude fen klear ljocht,
En yn dyn eagen mymring fen it heil
Dat dy oan al it hege en hill’ge boun.
Do tocht ik: „Spitich det de striid him ropt,
Det skielk dy blankens readzje scil fen bloed,
En d’ eagen sjugge yn ’t woedzjen fen ’e hel—
Hy wier for neat as ljeafde berne en liet”.
En dû scoest falle? Dû in moart bigean?
Ik swar dy, gean werom. Forjit hwet wier.
Moarn scil men dy wytgje Wilfrid’s dea
En my sjuchst nea werom. Ja dochs, _ik_ scil
De skild nimme op myn siel, de goad’ne grym
Scil gean oer my, ik wol ’t ... myn egen wil.
Gean dû nou foart. Dû kearst my dochs net mear.
’k Bisleat it yn myn hert mei klear forstân
En egen doel. Gean nei de stins werom.
Dû witst fen neat. Dû hast gjin skild oan dit.
Bistribje fierder sels de goad’ne heil
Lyk ’t foech jowt for dyn súvre foarstlikheit
En flok den my, det ik dy súvrens briek.
Ik swar dy, gean. Dû hjir! It is in dream.
RADBOD.
Den kenst my net. Ik wol myn diel hjiroan.
Ik wol togearre diele yn died en flok.
Wy hawwe ús Odin wijd. De goaden sels
Stean for de skild, as ’t skild is en gjin trêft
Hjar ryk to warjen mei dizze iene died.
By Odin, stil! Ik hear hwa... Hwet is dat?