Klinte fen in slachteman yn it wâld, net fier fen it Kristlik Godshûs.
Groun fen liem, mûrren fen hout. In griene seadde-bank tsjin de
eftermûrre, sljuchte houten banken by de rjuchter kant lâns, tsjin de
lofter in pear skragen mei planken for tafel. Dêrop in walmjend ljocht,
weevjend mei de wynpûsten. Joun, needwaer.