KOAREN.

Op it foartoaniel, fen wearskanten, seis riedsljue, âldsten fen

Fryslân, elts seistal oanfierd fen in koarlieder, dêr’t hja hjar om

hinne riigje nei de wize fen de foarste útkomste.

SANG I.

God Foste dy’t oer ’t wiid driuwt yn in silvren boat,

Nei ’t amjen fen de wyn

Dy’t sjongend oer dy giet en út it himeloard

Driuwt yn in goud’ne skyn,

Dû, prins fen ljeafde en dream, hwaens mûle wizens seit

En ’t strânfolk tsjoent yn ’t liet fen dyn genedichheit,

Hwaens each de tsjustre nacht

Set yn in silvren ljacht,

En minsklik hert ûntkeart de sûnde fen bigearte,

O súvrje herte en moed

Fen oanstriid ta it tsjoed

En doch út siele en tins de sûnd’ge wil to neate;

Det ljocht fen wiisheit laet

Oer ’t dizich ierde-paed,

En d’ ierde dreamt yn glâns fen dyn fornoege dreamen,

Hwaens siele yn noft bistiet,

Om’t ivich bliuwt hjar ’t swiet

Fen d’ oantins oan hjar berte yn Asgard’s silvren streamen;

Forklearje, o God, ús each,

Det it yn heger wit dyn hill’gens ljochtsjen seach,

Tomear nei’t minskne smert’

Yn streamen fen de rou forstaet it stribjend hert.

TSJINSANG I.

My tinkt in âld forhael ho’t Loki skamteleas

Yn goadne rige en ried,

Foar hill’ging fen it hert de kiem fen ’t kweade keas,

En plante yn sûndge died;

Sûnt mind’re it alwrâlds-each yn macht en ljeafdeglâns,

En húvre in spoekrich skaed de moarmren mûrren lâns,

En siet Idoena del

Fen d’ egen tinzen kjel,

As d’ apels skromflen yn de heimnis fen hjar doaze;

Wylst yn hjar hill’ge stins

Frou Frigga trien en tins

Weve yn it hill’ge reach dat pearle lyk in roaze;

Oant yn in freedsme joun

Meidet de dei fordwoun,

Us blom, ús Baldur foel, fen ’t flokber ûnkrûd rekke,

En ljeafde en swietste dream

Forsonken yn de stream

Fen krêftleaze einichheit dêr’t hjar gjin God mear wekke.

Noch pynget my ’t ûnthâld

By d’ oantins oan ús nocht, ús keine ljeafde, ús hâld,

Fen Loki’s skande staet

Yn ’t ryk fen dize en skym dêr’t ús gjin ljocht mear laet.

SANG II.

Oer weag’ne skomjend ryk rint nou in lead’ge gloed,

De gleije loft set gear.

In wilft fen goar tsjok swirk fol geijend stoarme-broed

Driuwt oan en driget near.

Ut djippe weag’ne skûl forriist it donker slyk

En driuwt mank kronkels wier yn ’t glânsleas wetterryk;

Tel skoert en spjalt syn foarm

By ’t bold’rjen fen de stoarm

Dy’t slacht en ploft en ropt mei gjalp en geijend bearen,

En driuwt de wolkens great

Foaroer yn woaste feart,

En gûlt de stjerren bleat dy’t stil hjar elfen earen;

Oant moanne’s eangjend each

Bleek mids it driftich reach,

De weagen krôljen sjucht en long’rjen stiigrjen sinken,

En ’t skip dat stjûrleas driuwt

Oer skomm’ge weagen kliuwt,

Forwoune oer hiel syn flank de grime dea sjucht drinken;

Ien lange gjalp skoert wyld

De stoarmge romten troch, den sinkt it britsen byld—

Forstive en bleek fen need

Oersjucht de silvren breid de weag’ne deadlik leed.

TSJINSANG II.

Great tinkt my wol de striid for Gods genede en wet,

Wijd fen it alwrâlds-rjucht,

Mar flokt de sûnd’ge toarst fen ’t ûnforwrigber hert

Dat fynt yn bloed syn nocht.

Wiis ’t herte dat syn lok yn gods wirk inkeld wit

En júb’ljend fen syn heil yet for syn lottring bidt,

Dat djip en klear en ljocht

Ein langjend ûndersocht

En yn syn djipste saed forstien Gods greate sprake;

Hwerta de hill’ge siel

Riisd yn in great gestriel,

Hjar silv’ren wjukken spraet nei dêr’t Gods ljeafde lake.

Hwaens ynboarst sa bistiet

Riist frij fen moude en ierd’,

Fen sfear ta heger sfear yn God’s oerstriele wrâlden;

Syn eagen drinke it ljocht

Him fen de Hear bitocht,

Syn amme is as de rook fen griene maitiids-wâlden.

Syn blanke minsklikheit

Wint him it lok ta frjeon, Gods hill’ge ljeafde as breid,

En draecht as simmerwyn

In myld en great ûnthjit de minskne herten yn.

SLUTSANG.

Hwent kening is hy hwaens siele forstiet

De heimnis fen hillige fierten;

Him rommet de skalt, him libbet it liet,

Machtigen winskje syn witten.

Lit ús seinje syn stim, lit ús earje syn each,

Nigend for ’t wûnder ús twiivligen dien—

Libjende greatens ús herten oerteach,

Kening en Minske bin ien.

(_Ofgong. Foar it foartoaniel sakket it gerdyn_).

Kening Aldgillis · 第 39 / 60 题