10. _Radbod, Holder._

RADBOD.

(foar de keningstroane, heech)

Holder kom hjir. Niis hie ik in great leed,

Dû riedst it wol. Nou bin dy minsken foart

En spraet de stiltme oer ús hjar himel-wjuk,

En hat ús hert yn frjeonskip’s wijing rêst.

’t Is goed by dy, as ’t striidgewoel forswijt,

Sa goed en myld as do’t dy maitiids-joun

Myn Rixt my ’t rykste fen hjar ljeafde sei.

HOLDER.

Hwet makkest nou myn iensum herte ryk!

RADBOD.

Sims lykje ik rou, mar ik forstean dy wol.

’k Ha neat dat heger as dyn frjeonskip komt.

En dochs ... sims twiivlje ik sa. Ik wier faek hird—

Dat knoeit in trou as twisken ús bistiet,

En Maitiidsfroast byt ek wol frjeonskip dea...

Den tink ik sims: hy hâldt net mear fen my,

Ik haw to hird west for syn dreamend hert

En hy hat hate yn hwet him ’t ljeafste wier.

HOLDER.

Al pyngest my ta dea, ik bleau dy trou.

Myn ljocht bistiet yn dy. Dû bist myn wrâld,

Myn ljeafde en god—en scoestû my bijaen

Dyselde stoun bijoech it libben my.

RADBOD.

’k Bin ryk mei dy. Soks seit my oars net ien.

Yn ’t razen fen it needwaer bliuwst my trou.

Ik leau yn dy. De died dy’t ik net ien

Bitrouwe doarst as ’t egen siedend hert,

Ek dû hast krêft dêrta. Forstean my goed:

De preester dy’t ús folk yn ’t ûnleech stjûrt,

Scil ringen falle, yn stiltme, troch dyn hân.

HOLDER.

(opspringende)

By Walhal, Radbod! Dat seistû! In moart!

Bist razend datste soks my fergje kinst!

RADBOD.

’t Striidt heftich tsjin myn egen hert. Mar ’t moat.

Us driget ûndergong. Yn wylde feart

Tobrekt it krús hwet kamp ef tsjinwar biedt,

Troch ’t kinstryk tsjoenen fen dy preester-tong.

’t Rêst allegearre yn him. Falt hy, ’t is dien.

Salang’t hy stiet, skriemt beppe Thied hjar hert

En niigt myn rom de djipten ta fen ’t grêf.

HOLDER.

Mar driuw him it lân út! Fier hjirwei!

RADBOD.

Ik kin it net. Ik haw gjin macht dêrta.

En ek, hwet bate it yet? Sok ûnramt dijt

Salang’t it net fen d’ ierde weiskoerd is.

Inkeld forneatiging jowt feilichheit.

HOLDER.

Hwerta den ik ... as dochs dyn egen hert...

RADBOD.

Myn goede, ik tocht, dû woest it dwaen, for my.

Ik bin de goad’ne ienichst hoopjen hjir.

Bringt my sa’n died yn d’ ûndergong, den hat

It krús hjir frij en nimmen keart it mear.

Woloan, ’t is goed. Dizze egen hân scil ’t dwaen.

Gean dû hjirwei. My tocht, ik hie in frjeon...

Farwol. Ik ris my út for kening Dea.

Du, siikje in oare frjeon, en tink astû

Syn keinens sjuchst: sa hat ek Radbod west

Dy’t him de goaden wijde en stoar, forflokt...

Gean dû hjirwei. Ik haw in walch yn dy.

HOLDER.

Nea, nea wyk ik dy wei. Dû trapest my.

RADBOD.

’k Hie dy to ljeaf. Ik hie neat bûten dy.

De rykdom fen myn hert, myn kenings-bloed,

De sterke krêften fen myn striidber sels—

Net ien as dû hie oer myn dreamen wâld.

Ek dat forstjert. Nou komt de nacht. Farwol.

HOLDER.

By Odin, Radbod, mienstû hwetstû seist?

RADBOD.

Myn siel wit neat fen lyts healslachtich jaen,

Myn hert stiet for gjin grins.

HOLDER.

(tobritsen)

_Ik_ scil it dwaen.

RADBOD.

(yn oanrop)

Jim goaden, moat it krús lâns dy wei del?

Hwer troanje jim? Yn Walhal—ef yn hel?

(_It doek lûkt ta_.)

Kening Aldgillis · 第 38 / 60 题