RADBOD.
Stiet den in God nêst dat dwylsinnich skaei,
Dat breinleas, yet it ljocht yn streamen drinkt,
En aloan ljeafde en lok de wrâld ûntstelt
Sa’t for ús mûle allinne it bitt’re bliuwt?
Sliept Walhal den, wylst krânsen fen read fjûr,
Driuwe om de trânsen fen syn hill’ge stins
En yn in klaed fen blinkend ljocht de tsjoen
Fen geasten riist út Hel hjar djipste saed?
Sei Beppe, scoe... By Odin hwet wol dit?
Foarstinne, triennen? ’t Leedwiet yn dat each,
Dat slachten bloeijen seach en feal forgean?
Forflokt, forflokt hwa’t dêr de skild fen draecht!
THIED.
(moeisum)
’t Is my sa hird, myn bern ... myn âld drôf hert
Tobrekt fen leed ... ik tocht myn jonkheit oer...
Do bûgde men for my, ik troane great...
Nou sielesmert en iens’mens... Joech in God
Dat ring ús erflik grêf ek myn liif naem!
RADBOD.
Né né, stil, Beppe, né. Dat mei yet net.
Ik haw jo yet sa brek... To, skriem nou net—
Jou triennen skroeije my as wyld fenyn,
Der brekt hwet yn myn hert... By Thor! ’t scil oars,
Nou is ’t genôch. ’k Bin for de died nou ryp,
In died dy’t brekke scil dy waen en tsjoen
En ’t lân weromjaen oan syn godlik sels.
Kom, Beppe, nou gjin skriemen mear. De dei
Leit yn it nachtlik hoal yn kjetlings del,
Mar ’k wit it swird dat sels dy kjetlings brekt.
Ien inkeld wird, foarstinne. Hwa is ’t meast
Dy’t Friez’ne lân oan d’ ûnheils-waen forbynt?
THIED.
Wilfrid, de Kristen-preker.
RADBOD.
Him? ’t is wier.
Foarstinne gean. In great wirk hat my brek.
Ik scil it kwea reitsje yn ’e woartel sels,
Det troch ien stjit it krús yn Fryslân falt.
THIED.
By Thor, hwet wost? hwet tinkst?
RADBOD.
Dat neam ik net.
Ek myn hert hâldt syn heimnis djip en frjemd,
Mar gean, foarstinnne; ’k ha nei iens’mens langst.
THIED.
(him patsjende op ’e foarholle)
Mei Frey dy noedzje en nei wêze yn dyn striid!
RADBOD.
Dat hat nou west. Ik noedzje Frey, tonei.