10. _Troanried, Arthur fen Ingelân._

De prins komt yn sierlik útris, oer de blinkende rêsting in

wytstrieljende mantel mei gouden rânnen slein, it swarte hier los

hingjend oer de skouders.

RIEDSLJUE EN PREESTERS.

By Thor! Dat wird! Hwêr komt er wei? Hwa is ’t?

Hwa ken him hjir...Sjuch ho’t er blinkt!... In God?

It ljocht skynt fen him út... Is ’t Foste sels?

THIED.

Friezen! stean sterk yn ’t hert tsjin tsjoenderij!

JÛLE.

Wé hwa’t ljocht as dat forriist, forhúnt!

YDWINE.

By God, ’t is him—o, hert, wyld hert, wêz stil!

RADBOD.

Mei gâns in sier draechstû dyn blinkend klaed.

Hwet tinkt dy fen dyn swird? Ef scoe de rust

Dat finzen hâlde en oan de skie forboun?

Faeks dekt in goud’ne glâns forrotting ta!

ALDGILLIS.

Unsill’ge, swij! skerp is dyn tong’ aloan!

Yet hune scoest, al stiest foar Odin sels!

—Jonge ealfeint, hwastû bist, wêz wolkom hjir!

Dû sjuchst myn ried en sibben gâns binijd,

It glânzgjen fen sa’n hege pronk net wend,

Astû spraetst oer ús dimm’ne ienfâldichheit.

Mar wolkom is hwa’t my de godheit stjûrt

En oer de drompel fen myn hofstins giet,

’t Sij frjeon ef fijne, in prins ef biddlersman.

Siz my hwet brocht dy hjir? Hwet mient dyn wird

Dat my as hillichst heil yn d’ earen klonk?

ARTHUR.

Kening, sûnt lang forkearde ik oan dyn hof

En hiestû noed for my. In mûntse-kaep’

Diek do myn holle, in grize pij myn lea,

En ’k wier yn ’t selskip fen dizz’ hill’ge man

Dystû for learing nei dyn heitlân rôpst.

Sûnt jierren swalke ik mei him troch de frjemdt,

En seach forskaet fen lân en wente en folk,

En ho’t elts minske, fêsttiisd yn de tsjoen

Fen moeisum wirk en leed en lyts geriif,

Syn antlit langjend nei Gods hill’gens hâldt.

Ik woe de wrâld kenne yn syn djipst bistean,

Det letter, as greatweardich wirk myn diel

Yn ’t bûnte libben waerd myn hert forstie

Hwet elts it meast bigeart, hwet minsklik moed

It meast miskearret op de reis nei it grêf,

En mear as dit, it aldergreatste en ’t heechst:

Ho’t God yn wrâld en minske ús each forskynt,

En linkenoan ús wrâld bûgt nei syn doel.

Arthur en prins fen Inglân neamt men my.

Ik bin in bern fen ’t lân dat machtich riist

Twisken de tijen fen d’ ûnlij’ge sé,

Omslantre fen wyt brûs en flokkrich skom.

Mei ’t sjongen fen de séwyn waerd ik great,

Yn ’t wraksljen mei de stoarmwyn woechs myn krêft,

En ’k haw myn lân ljeaf as myn egen siel,

Dy’t ien mei hjar, hjar swietste wêzen draecht.

—Kening ik bring in boadskip for myn folk.

Ik hearde ho’t de Frank dyn delgong wol

En godleasheit as reden brûkt ta kriich.

Wy stean dy by. As twigen fen ien stam

Heart goed en tsjoed fen d’ ien ek d’ oaren ta.

Us mânljue scille fjuchtsje mank dyn folk,

Us oersten plachtsje en stride nei dyn winsk,

En ien doel scil ús stjûre yn frede en striid.

(_tsjin Ebroïm_)

Dû jow dy ôf, wanskeep’ne! Siz dyn hear,

Hy hat de kar fen frede en dûble kriich,

Hwent Inglân seit him hjoed mei Fryslân ien,

En longret nei de striid tsjin ’t earleas skaei.

En ’k ried, gean rêd! Oars fynst gjin kening mear!

Prins Dagobert, de rjuchtlike op jim troan,

Stiek mei syn float it skiedend séwiet oer,

En foel mei tûz’nen feinten yn syn lân,

Dat rounom him bijúblet as syn hear!

EBROÏM.

Forflokt! Prins Dagobert! O, skrikbre slach!

Jim hill’gen stean ús by! Forflokt, forflokt...

De prins werom! O skoander ryk, myn jild,

De steatsskat dy’t ik liet... O hel, forflokt...

(_ôf_).

ALDGILLIS.

Wy tankje dy for hwetst ús folk ûnthjitst.

Lit my nei hill’ge wenst dy ’t gastbod jaen

En dy as bounmaet hildgje for it folk.

ARTHUR.

Hear kening, gin my yet in great forsiik.

Myn each hat oan dyn hof de frommens sjoen,

Net dy’t yn wird, mar dy’t yn dieden blinkt,

De wiere trou en ienfâlds dimm’ne sier.

Mar moast ik gean, mear naem ik mei yn ’t hert,

In glâns dy’t eltse stoune oertrilje scil,

In machtich langst dat oer myn dream en died

In gloede tsjoent as fen in oar bistean,

Sa great, sa sterk, dat ik mysels ûntsink,

En libjend yn de rounten fen Gods ljocht,

Neat tinke kin yn ’t herte as inkeld dit,

Det Gods meast hillich wûnder ljeafde hjit

En ’k hjir, by dy, dat greatste wûnder foun.

Yn grize pij woun ik myn libbensljocht.

Myn namme wier my frjemd, hja koe my net.

Dochs is, de jounen dat God’s ingels sêft

De fjûr’ge poarten sleaten for de nacht,

En alles amme yn silv’ren dreamichheit,

It teare wûnder opljochte yn ús hert,

En ’t brocht ús eltse dei wer sillichheit,

En eltse nacht in mylde dream fen nijs.

Kening, ik bin hjar weardich, jong en sterk,

Myn earm wol for hjar soargje. ’t Bûkjend hert

Wol libje for hjar lok, hjar nocht en rom.

Ik wit, ik freegje gâns. Myn fielen jowt

My rjucht ta soks, ’t wier lyts en earleas scoe ’k

Myn wirden mear twinge as myn hert my seit.

Forweard’gje dy en nim my oan as soan,

Gin my dyn dochter as myn libbens-breid.

(_Stiltme. Allegeare hawwe de eagen op de kening_).

ALDGILLIS.

Hwet seit Ydwine sels ta dit forsiik?

YDWINE.

Yn syn wird song myn herte mei, myn heit.

ALDGILLIS.

Prins, iepen andert freget iepen fraech.

Myn hert hat hjir gjin winsk. Myn hân is boun.

’k Unthiet mei hill’ge ied yn hill’ge stoun’

Ydwine in oar ta breid. Ik mei net oars.

BERNLEF.

Holder, myn harp, de goud’ne dystû hast!

Sjong goed, myn frjeon, dyn ljeaver hat dy brek.

Kening, in sang dy’t ik fennacht bitocht:

_Hwa giet oer de goudene geaën fen ’t ljocht,

Hwa sjongt yn de sealen fen simmer hjar sang?

Laitsjende blidens is ljeafde bitocht,

Gjin doem is hjar boas en gjin dea hjar bang.

Freya de noegjende frijt hjar fen need,

Baldur de blinkende hill’get hjar blidens;

Scoe de smert fen de langjende sjonger syn leed

Skaedzje de ljochtens fen ljeafde hjar swidens?

Hwent ljeafde is de sjonger in ljocht en in liet,

Syn harpe is de hillichste heechtiid in frjeon;

Swevet syn siele oer wâlden en wiet,

Neat as hjar noegjende nocht is him bleaun.

Beammen, bûg del for de blinkende dei,

Slurkje nou sjongend de sé ta, jim streamen;

Heech yn de himel giet Ljeafde hjar wei,

Goudzjend ús dagen mei glâns fen hjar dreamen.

Mei in kening de ljeafde ûntkeare hjar kroan’?

Mei in skalt twisken ljeafde en hjar langjen stean?

Machtiger pronket de poapren moarn,

Woe de minske yn syn dwyl ek hjar daegjen ûntgean.

Hark hwet de sjonger den seit ta syn hear,

Warje syn wird as in heimnis yn ’t herte:

Lit de kening de kroane dochs ljochtsjend en klear

Hillich fen seine op ’e holle hjar sette!_

ALDGILLIS.

’t Is eft dyn heit syn sang ús hert bitsjoent!

Ho sêft dyn lûd de djûre bân ûntbynt

Dêr’t ik dyn heil mei oan myn bern forboun,

Lang lyn do’t hy dy’t dy dyn sjongkrêft joech,

Yn myn earm mids de grime striid forstoar!

Hwet scil ik nou myn sjonger jaen ta lean?

THIED.

Myn soan, dû hâldst yn Fryslân weardich hof!

Moarn ropt ús faeks de striid, moarn stiet de Frank

Faeks mei syn iizren folk yn ’t hert fen ’t gea,

En dû tinkst mymrjend âlde sankjes oer,

Forliest dy sels yn tinken oan hwet stoar,

Wylst dy de died ropt yn it twiivlich hjoed

En fierst it wird oer ljeafde en sang en boask,

Wylst hate en dea geije en de striidrop klinkt!

Ik foardrje det men daelk de goaden heart,

Hjar ginst bifreget mei de preesterbea

En rynske sprieding fen ’t read offerbloed,

En earst as net hjar dûnk’re grym ús blykt

Dy’t wy fortsjinje mei ús bernlik dwaen,

Det den, lyk foech jowt oer dizz’ weard’ge saek

Dêr’t fen de hiele steat it heil yn rêst,

De rie fen âldsten ús hjar miening neamt,

En oer prinsesse Ydwine as breid bislút.

FRANA.

Dit kin net wêze. It lok fen ’t minsklik hert

Hat Fryslân’s heechste ried gjin rjuchtskrêft oer.

Prinsesse Ydwine is frij yn ljeafde en kar

Oan neat forboun as ’t tawird fen hjar heit,

Dy’t lykwols sels nei keningsrjucht hjar hert

Net oarwei twinge mei as Freya ’t stjûrt.

Wol freegje ek wy det men de goaden heart,

Ta heechste en trêft’ge wytging det ek hja

De kening fen syn great ûnthjit ûntslaen,

Allyk ús skalt ek yn syn sang soks die.

ALDGILLIS.

Soks hâld ik rjucht. Woloan den, riedsljue, gean;

Gâns weardichs skikte ús hjoed de himel ta,

In krêftich bounsnoat, faeks in sibbe en soan,

En delfal him, dy’t hjir ús driigje doarst.

Yn great bitrou sjuch ik de tiid dy’t riist.

Gean nei jim wenten, bring de goaden tank

Elts nei’t de oantrún fen syn herte it hjit;

Wy rekknje op jim wizens, ried en died,

Rounom dêr’t Fryslâns heil yn twivel stiet.

Prins, folgje ús gean, det ik it gastbod jow

Lyk foechsum is by boun en frjeonskipstrou;

Earweard’ge preester, bliuw ús selskip by,

Hwent al hwet great is dijt en tynt by dy.—

THIED.

De prins en ik, wy toevje yet in toarn;

To swiere rook fen hill’gens waeit ús oan.

(_De kening giet ôf mei Arthur en Wilfrid, folge fen Jûle en Ydwine,

Bernlef, de Frana en de ried_).

Kening Aldgillis · 第 36 / 60 题