6. _Troanried._

Foarop fiif boaden, dy’t elts stean gean oan ’e lofter side fen ien fen

de résteande troansitten. Dêrnei Aldgillis, Thied, Radbod, Jûle,

Ydwine, dy’t hjar sitten ynnimme lyk as hjirnjunken oanjown is. Bernlef

stelt him rjuchts nêst de kening, Holder rjuchts nêst Radbod. Lofts op

’e foargroun Ebroïm, foar him oer, rjuchts Wilfrid. De middenromte

wirdt ynnomd troch de ried út âldsten en preesters bisteand.

[Illustration: ]

ALDGILLIS.

Myn sibben, riedsljue, wolkom hjir, haw heil!

Ik rôp jim for in weard’ge steatssaek hjir,

Dêr’t my fen foechsum tocht det elts, hwaens stim

Yn Fryslân heard wirdt, hjar op ’t klearst forstie.

Preester, doch dû nei alderwenst dyn bea.

(_de kening bliuwt stean. Thied, Radbod en Ydwine geane oerein, Jûle

net. Fen de ried nige de measten_.)

PREESTER.

(krêftich)

Greatmacht’ge Hear fen loft en ierde en sé,

Alfadur Odin, dy’t de wiisheit kocht

Yn Mimir’s saed en dêr dyn each for joechst,

It glânzge dêr’t nou sé en mar fen blinkt,

Dû keine Foste, Asgard’s ljeafdebern,

Hwaens tsjinste it Aemlân fiert mei blomte en sang

En hill’ge sprieding fen ’t read offerbloed,

Seingje ús riedslach mei jim wiisheit sels,

Forljochtsje ús moed, fordjipje en klearje ús tins,

Det ús bislút mei jim wiis winskjen strykt,

Slaen mei jim goadne flok ús fijnen del,

Det út hjar bloed jim krêft yet klearder riist,

En gin ús geast de nocht fen Walhal’s stins

Mei jim forboun yn berte, yn striid, yn dead!

ALDGILLIS.

Dû Kristen-preester, rop ek dyn God oan,

For hwa’t him hjir as heechste Hear oanbidt.

THIED.

Myn soan, soks striidt tsjin ’t hillich rjuchtbod yn!

ALDGILLIS.

Ik spriek as kening, Mem. Ik winskje it sa.

(_De kening en Ydwine bliuwe stean, Thied en Radbod geane sitten, Jûle

riist oerein. In inkelde yn ’e rie slacht in krús_).

WILFRID.

(ienfâldich)

Us Heit hwaens ljeafde meast de lytsen jildt,

Geneed’ge Soan dy’t for ús sûnden stoar,

Dû hill’ge geast dy’t sielen tsjûgjen dochst

Fen greater ding as leit yn minsklik wit,

Ei hill’gje ús tinzen ta in klearder steat,

Dat neat as dyn great dwaen ús hannen stjûrt;

Lied ús al stypjend út ús sljucht bistean,

Forjow ús fijnen om de Soan syn wil,

En niig ús hert ta ljeafde yn al dyn wirk

Yn al ús neisten, skepsels fen dyn hân,

Om Kristus wil, dy’t for ús stoar oan ’t krús.

ALDGILLIS.

Dû Frana, siz de ried de steatssaek oan.

FRANA.

Theodrik, kening fen it Frank’ne folk,

Hat skeel en hate, út redens hjir net neamd

Tsjin Wilfrid, dy’t it krús de wrâld yn draecht.

Us kening rôp him harren, det syn wird

Ek ús de nije lear forklearje mocht,

En by syn komst ûntflechte er út de stoarm

Mar amper ’t boldrjen fen d’ oerstjûre Hel.

De Frank’ne foarst, dy’t dit fornaem, stjûrt ús

In seinskip, biddend det men Wilfrid him

Tsjin rom swiid lean en goud as finzne stjûrt,

Ef oars hjir wei forballet, det ersels

It preesterskip op sé oermastrje kin.

Hy docht birop op ’t bounskip dat ús bynt,

Hwa’t tsjin syn ryk in steatsmisdied bigyng,

To doemen, eft it wier ús egen fijn,

En seit ús skoander lean yn ’t komstge foar.

ALDGILLIS.

Seinboade fen de Frank’ne foarst, bigearst

Hwet hjir ús Frana sei, yet klearder ljocht,

Mei d’ útliz fen dyn egen wird to jaen?

Mar koart, en sûnder lûd gebear fen skyn.

EBROÏM.

Trochlofte hear, de diig’re feint spriek krekt.

Ien inkeld wird, dat mien ik, wearde hat

For elts dy’t noedzje wol for Fryslân’s bêst.

Men scil dy saek net mei binypt forstân

Noch ûnkleare eagen sjen, mar skôgje yn ’t great,

En hifkje it lok en heil fen ’t steats-bistean.

Myn hear scoe jern, mei al syn ljeafde en krêft,

Warskôgje tsjin it eilânsryk, dat fier

Yn ’t West forriist mei rânnen fen wyt brûs,

Hwaens eagen loerkje oer bûrfolks lân en groun,

Dat neat as longrjen ken nei ivich mear,

Wylst wy, trochlofte hear, dizz’ wize ljue,

En ús folk ek, neat winskje as frede en rêst

En stille bloei op ’t egen fruchtber hiem,

God priizgjend en de hill’gen, ef nei ’t fâlt

De goaden út ’e hill’ge Ase-stins.

Sa nou, det net ús rêst en from froed dwaen

Net steurd wirdt fen dat rôversnêst aloan,

Bigeart myn hear, mits Kristus him soks gint

Mei ljeafde en minsklikheit, mar ek forgoed

Dat reau to skieden fen syn wrâldske macht,

It lotterjend ta weardiger bistean,

Mei ’t soargjen fen syn golle heite-noed

En Jowes, Hear. Sa’n died joech ús wer rêst,

En makke ús oangenaem by minske en God,

En ’t himelsk Walhal winske ús seine en heil.

Oertink ho tige soks for Fryslân wier!

As hja, it diger fiedster-bern fen ’t wiet,

Dat soks it wiet wer yn syn wâld bitwingt,

Mei wier en terp, mar mear yet mei it skip,

Hjar machtsfjild útlei oer dat weardich lân,

En hiel de sé sloech yn hjar hearskippij;

Ho ljocht riisde oer jim lân de takomst den!

Myn hear hat Fryslân ljeaf. Hy set it heech

As ienichst ryk dat hearsket oer it wiid.

Hy seit, lit ús ús ta sok skoan wirk bijaen,

Us hert ta rom, ús steaten ta in heil,

De woltier fen ús gea ta’n trêft’ge krâns;

’t Yn Godsfrucht wijend ta in goed bigjin,

Troch neikomste oan ús freedsum frjeonskipsboun,

Troch ’t oerjaen fen de flokbre preester-smjeont.

ALDGILLIS.

Myn sibben, hege riedsljue út myn ryk,

Iep’nje jim ear for ’t harkjen nei myn wird.

Dû, boade fen de Frank’ne foarst, bring dit

Ta’n andert oan hwa’t dy hjir stjûrd hat, oer:

Us folk giet net op striid en legers great,

Noch sjucht it rom yn ’t plondrjen fen frjemd lân,

Yn ’t moardzjen fen syn bûrljue, noch yn ’t fjûr

Dat stêd en stins yn yeske sinke docht.

Yn freeds’mens oerjown oan syn earber wirk,

En nigend for de ried fen ’t Albistjûr,

Wol it syn stille deist’ge wegen gean,

En him ûntjaen ta klear en ljocht bistean,

Sa’t lyk it lân bloeit en it weagjend nôt

Dat yn de simmer-glâns sêft riist en niigt,

Ek ’t herte prealet yn in kein ryk ljocht

En d’ eagen ljocht bin fen in weardich nocht.

Net noeget ús de dead op ’t bloeddrich fjild,

Mank stjurre streamen read en wyld gekjirm,

Mar tankbre skieding út dizze einichheit,

Yn ’t witten det Gods wirk ús ropping wier.

Siz tsjin dyn hear, det Fryslân, dat de striid

Net ljeaf hat, noch it bloed, noch gleije brân,

Ljeaver forkomt yn kwinende ûndergong,

As det it kriich seit tsjin det stealik lân

Fen wittenskip en kinde en skoand’re trêft,

Dat efter kalken rotsen riist,

Allyk Gods boarch mank ’t rûzjen fen it wiet,

’t Lân fen ús sibskip, Albion, dêr’t ús folk

Syn tûznen frjeonen hat en sibskip wit

Yn bloed en yn bistean, yn sede en spraek,

As ’t lân dat ús it neist op ierde stiet.

Siz tsjin dyn hear, de sé rint earder droech,

It deiljocht dûkt him earder ivich del,

De wrâld sinkt earder yn in stream fen fjûr,

As det dit folk syn trou en frjeonskip brekt!

EBROÏM.

Oertink, trochlofte...

ALDGILLIS.

Swij! de kening sprekt!

Dû fregest my yet mear. Hwa stjûrde dy

Dy’t soks my foarslaen doarst? In dom lyts bern

Dat twisken goed en tsjoed gjin skied yet wit?

Mar sels it lytste bern forstiet yn ’t hert

De flok fen elts forried. In griis âld man

Dy’t machtleas, misdied gaedlik hâldt for ’t doel?

Mar sels d’ ûnmachtichste hat walch en griis

Yn ’t skeinen fen it hill’ge. Frjeon wol hy

Dy’t my soks foarsloech, my wêze en myn folk?

Gjin mienskip twisken ús en hwa’t syn siel

Bisûnd’gje doar mei sa’n dwylsinnich langst!

Hie ik in fijân dy’t it wide oerteach,

En stoarmwyn griep him oan mei earms fen krêft

En smiet him for de drompel fen myn hûs,

Ynein en mêd en séfochte yn syn klean,

Myn waermste heard wier my to kâld in skûl,

Myn bêste spiis to earm geriif for him,

En wist ik ek, det ûntank letteroan

My dijde as lean, ik joech myn soarch sa gol

As oan hjar tearste bern in ljeavjend mem,

Hwent God hie my oer him to soargjen steld.

En dû, hwet fregest my? Myn egen gast

Dy’t mei my iet en dronk en oan myn heard

Him waerme, do’t de stoarm him harren sloech,

Him scil ik jaen as finzne? Weibalje út

It erflik gea dêr’t earst myn wil him rôp?

Ik, dy’t by God stean for syn libben sels,

Scil ik him de dea forkeapje tsjin hwet jild,

Hwet blinkend goud, hwet weardeleas ierdsk túch?

Unweard’ge Frank! Hat dy in kening stjûrd?

Mar hwa kin kening wêze en soks bistean?

Him scil de godheit sling’rje fen syn troan’

Yn djipten fen de swarste nacht, det dêr

Syn sûmbre doem him hill’ger libjen leart,

De stoarmwyn scil syn ryk yn woede oergean,

Syn pylders knikke en keile yn stof syn stins,

En ’t folk scil him forwinskje, dy’t hjar skaei

For egen leffe sûnd’gens lijen docht!

Jaen hjir syn brief en mei Gods hân oer elts

Dy’t soks bistiet, gean mei ienselde straf

As Fryslân’s kening nou dit skandstik docht,

Dyn godleas kwânsljen ta in klear biskie!

Forstien, dû Frank? Gean—bring dyn master dit!

(_forskoert it brief, smyt Ebroïm de stikken foar de foetten_).

FRANA.

Heil, heil, dû kening! Wiis spriek Fryslân’s foarst!

De wet fen ’t gastrjucht scil yn iivgens stean!

DE RIED.

Yn dyn wird tsjûget Fryslân sels. Haw heil!

JÛLE.

(forlit hjar sit en niigt foar de kening syn troan)

Myn broer, haw tank. ’k Haw yn dyn adel leaud,

It rout my net. It fierste skaei scil yet

Fen dyn heech keningswird it praten dwaen.

God leanje it dy! Wy minsken kinne it net.

(_riist, giet wer nei hjar sit_).

YDWINE.

(docht deselde hilde)

Myn hege heit, det God jo hoedzje mei!

Nea scil ús each wer sok in kening sjen.

(_riist, giet wer nei hjar sit_).

THIED.

Unnoazlen! sjucht net ien hwet hjir út riist?

Fen frede geije jim en rêst en trou,

Wylst d’ egen hân it frede-reach toskoert

Yn flarden, flechtsjend for de wyn syn grym!

Kriichs sinne lôget oer it warleas gea,

Troch jimme breinleas dwaen! Rop hjir gjin heil,

Mar stek it seinfjûr oan oer ’t hiele lân

En rop de helten op ta iiz’ren kriich

Eardet dit lân yn Frank’ne macht forsinkt!

RADBOD.

Wy scille ús warre neffens striders-plicht

En ’t swird scil read troch klibers fijnen gean,

Mar ’t folk dat folgje moat, is kriich ûntwend

En d’ oersten jong, net yn de slach bidreaun.

For d’ útkomst stiet gjin ien. Allinne hy

Dy’t soks bisleat stiet for dit weagjen boarch!

Wy kinne bleat ús bloed en libben jaen.

ALDGILLIS.

Hwet wol dat? Kriich? Hwa hat hjir praet fen kriich?

Hwa doar hjir driigje mei gewelt en macht?

EBROÏM.

Trochlofte hear, oprjuchtens leit my heech,

En fier forkies ik iep’ne striid en skeel

Foar lef geflaeik en falske gûchelsin.

Wis, wis, it moeit ús tige. Mar myn hear,

Dy’t wol det elts oan godlik rjucht him hâldt,

Is twongen, elts dy’t him sa tsjinwar biedt

By d’ útfier fen ’t forheven keningswirk,

To mindrjen yn syn macht, det nimmen him

Stelt twisken ’t hillich einwyt en myn hear.

En dos, ho’t ek dit hert dêrûnder skriemt,

’k Bin twongen hjir to wytgjen, det sûnt hjoed

Bitwisken Frank en Fries wer kriich bistiet.

ALDGILLIS.

(tsjin syn ried)

Jim bin myn tsjûgen det ik frede woe,

En dêrfor skrept haw, tweintich jierren lang,

Mar boppe skande kies ik dochs de striid.

Ik nim se oan. It slachtfjild scil ús sjen,

Dyn hear en my, faeks my mei minder macht,

Faeks om him hinne in ûnoerwinb’re kloft

Mei goud’ne rêstings, wûnder wapentúch

En kening Dea heech strûzend oer it fjild—

Hwa’t falt, hwa’t wint, de Godheit neamt it net—

Mar syn haed barnt fen ’t flokber skande-mark,

En syn hert is de tsjustre hel ta troan’,

En njunken my, yn tocht, yn striid, yn dea

Giet mânsk en machtich as in lôgjend fjûr

De greate godheit fen Rjuchtfeardichheit.

Myn folk, wach, wach! ik wij dy ta de striid,

Net for in slompe jild, in fet stik lân,

Net for de grym fen dit, myn egen hert,

Mar for de skutte fen Gods ivich rjucht.

Rin gear! ris út jim hoars! haw goed bitrou!

By God! de wrâld scil sjen mei fûnkljend each

Det Fryslân’s folk rjucht boppe skande keas!

THIED.

Wy bin net ré. Sok fjuchtsjen foeget net.

Wé as ús krêft yn sok wyld dwaen forblet!

JÛLE.

It rjucht giet foar. Hwa scil syn krêft wearstean!

Hwa tsjin God sels yn ’t dryste striidpark gean!

RADBOD.

Us folk is fier. Gjin kliber stiet yet klear.

YDWINE.

Hwa tinkt, as God ropt, oan syn krêften mear!

ALDGILLIS.

Earweard’ge rie, ’k ûntslaen jim fen jim trou,

Hwa’t wol, kin gean. Ik haw yn ’t rjucht bitrou.

DE FRANA.

Wy jowe goed en bloed. Wêz oerste oer ús!

IN STIMME.

Kening waechs heil! Hwent nêst dy striidt it krús!

Kening Aldgillis · 第 35 / 60 题