5. _Ydwine, Bernlef, de Pylger._

PYLGER.

Haw heil en frede.—In tsjinstfeint wytge my,

Men bide hjir de kening en syn rie,

For amptlik andert op de winsk fen hwa’t

Him hear en master fen de Franken neamt.

YDWINE.

Sa is it Hear. De kening komt hjir tel.

Myn plicht ropt my nei him, det fen ús hûs

Net ien by ’t wolkomst fen de rie ûntbrekt.

PYLGER.

Untkeare jy jins selskip ús sa ring?

De dei is earm det ús jins ljocht net skynt.

YDWINE.

In foarstlik hert, hear, hat net jimmer rjucht

To toevjen dêr’t it winske. Frjeonen heil.

(_giet_.)

PYLGER.

Sei skalt, ho is hjar wird fen ljocht sa earm?

Myn hert hie langst hjar bliid to sjen, dizz’ dei,

Dy’t sa’t foarstinne Jûle sei, hjar ’t feest

Fen d’ oantins fen hjar berte bringt.

BERNLEF.

En mear:

In greater lok waerd hjar krekt hjoed biskern,

As ’t minsklik hert mar ienris libjend met.

PYLGER.

De himel tank for eltse ginst, dy’t hy

Hjar dimmenheit biwiist! Hja is sa kein,

Sa myld as ’t silvren ljocht, in simmernacht

Dat oer de streamen fen myn heitlân leit,

Wylst wâld en mar yn stille rûzing dreamt...

De Himel hat hjar ljeaf. Hjar each scil sjen,

Hjar hert de greate wûnders klear forstean;

Ik sjuch in kroane op hjar oerglânz’ge hier

Fen lottre goud, dy’t ljochtet dêr’t hja giet,

Genede’s glâns dy’t strielje scil út hjar,

In kleare wytging fen Gods ljeafde en soarch,

Dy’t minskebern, oars machtleas as in djier

Dat blyn yn ’t yngewant fen d’ ierde krûpt

Heech hill’get yn in steat fen godlikheit—

Ik hear ho’t elts, hjar sjende, lústrje scil:

„Men sei, Gods ingels noedzje ús wei net mear,

Mar dit lân is sels nou de Hear wol ljeaf,

Det Hy sa’n hill’ge gean docht nei ús hert”.

Miskien detstû dit alles haetsje moatst...

BERNLEF.

Ik haetsje neat dat hillich is en goed,

Al is hja my Idoena’s skyntme lyk

Dystû nei tsjuster fen de hel forstjitst.

PYLGER.

Dat miende ik net. Mar dy is bleat in dream,

In ljocht, sêft widzjend oer de moarntiidsloft,

Dat ring yn ’t skaed fen greater deitiid raent—

Mar siz, as ’t gind is det in frjemde it wit,

Hok great lok waerd hjar den dizz’ dei biskern,

Dat, by myn komst, hjar dochs sa ljochtleas liet?

BERNLEF.

Prinsesse Ydwine wier yn twivel tiisd

Oer hwet hja yet dizz’ moarn net ealgje koe:

De kening hie hjar hân as breid forsein.

PYLGER.

Unsill’ge! Hjar forsein? By God, oan hwa?

BERNLEF.

Oan him dy’t foar dy stiet.

PYLGER.

God, stean my by...

BERNLEF.

Hwet nou? dû dielst net yn myn lok? dû dy’t

Myn frjeonskip fregeste en hjar bliid sjen woest?

Ho neamstû by sa’n tynge sa’n tsjoed wird?

Lit dizze ljochte dei ús laitsjen sjen

Fen ynlik nocht oer simmer’s godlikst lok,

Dû bliid mei ús, en spylfeint op ús feest!

PYLGER.

Wantrouwich slacht myn hert dyn wirden tsjin,

Dû hâldst my hwet biskûl. Miskien is ’t dy,

Howol’t dyn wird my skamper klinkt, in feest,

Mar hjar grif net. Ik seach hjar antlit bleek,

Hjar eagen blinkend as fen pearels leed,

Ik wist hjar hert yn dea syn skaed biskûl.

Wé, wé jim dwaen, as rouwe macht hjar twingt

To libjen dêr’t hja nea nei langje scil!

Ik swar dy, twingt men hjar? hjar hege geast

Dy’t walch hat yn hwet leech is en ûnwier?

Scil men hjar slaen yn ’t jok dat haetlik is

En twingt en pynget dêr’t men giet ef stiet,

Om’t it de siel, God sels yn klústers bynt?

BERNLEF.

En as ’t sa wier, hwet gyng it dy yet oan?

PYLGER.

Ik scil ’t dy sizze. Ik haw in rjucht dêrta.

Ik haw hjar ljeaf. Hwet, wirdt dyn each nou ljocht,

Dyn útsjuch bliid, nou’t ik myn heimnis neam?

O ik forstean ... du hast de spot mei my!

Mar wit, myn frjeon, ik bin net hwetstû mienst!

Al is myn leauwe it hillichst hwet ik haw,

Al rêst myn greatens yn myn hert it meast,

Ek ierdske greatens joech de Hear my rynsk,

Mear as yet ien yn Fryslân noutiids dreamt.

Ring scilst my sjen, heech op in steatlik hoars,

Goud blinkend oer myn swird en pantser-klaed,

’t Hier waeijend mei de wyn, it each fol ljocht

En op myn skouders ’t flûnkrjen fen it krús!

En ’k haw hjar ljeaf. Myn hert slacht lûd for hjar,

Myn bloed streamt rêdder dêr’t hjar laitsjen klinkt

Ien ryk en myld muzyk, dat as it lûd

Fen heger sfearen weidriuwt nei ús ear.

Myn breid is hja, my heart hja inkeld ta.

En moast ik hjar—hwet God forhoedzje mei—

My winne mei de krêft fen myn goed swird,

Waerd hja my weegre tsjin hjar egen wil,

Hwent ’k wit, hja hat my ljeaf, waerd dat myn wei,

Hel’s swird wier my in driging sûnder krêft,

En mids it woedzjen fen de wyldste striid,

Al stie de loft yn fjûr, al spjalte d’ ierd,

Droech ik hjar winnend oan myn oerjown hert,

Woun ik hjar for Gods ryk, yn ivichheit,

Myn dimmene, myn stille treast, myn breid;

God stiet nêst ús, ek tsjin de minsk’ne wil,

En ’t herte is wis, det Hy ús warje scil!

BERNLEF.

Ik koe dy haetsje detst myn ljeafde naemst,

Mar hjar lok leit yn dy, en jowt dy rjucht.

Ik wol jim skieding net; ik wit to klear

Det heger krêft jim goed is mei syn ginst,

En sûnde wier ’t, sette ik myn langend sels

Twisken jim ljeafde en hjar forhopings yn.

Mar hja is boun. Hjar heit ûnthiet hjar my

Do’t mines stoar, oan ’t stjerbêd fen syn frjeon,

En leit hjar lok syn ljeavjend herte ek heech,

Radbod stiet wis op neikomst fen ’t ûnthjit,

Det net Ydwine delbûgt for dyn lear’

En ’t krús yet krêft’ger mank syn sibben riist.

Forlies gjin tiid. Hjoed is ’t hjar berte-dei

En faeks ropt Radbod hjoed de rie yet yn,

Det hja oer ús nei ’t keningswird bislút.

PYLGER.

’t Is goed, haw tank. Hear, bliuw ús ljeafde by,

Lied ús de ljochte wei; wêz sels yn my!

Myld bistû hwa’t Dyn greate wegen gean,

En hill’gje mei Dyn trêft hjar lyts bistean.

Dyn ljeafde trillet yn myn jong bliid boarst,

Dat gloeit fen hope as ik nea dreame doarst—

Ik wit myn wei. Myn goede frjeon, ik gean;

God jaen dyn ljeavjend herte lok ta’n lean.

De troanried neijert. As ik skielk wer kom

Den ha myn skouders oare liifdracht om.

(_giet_).

BOADE.

(yn oanrop)

Jim goaden, det dit dwaen jim seine wint!

De kening komt. De greate rie bigjint.

Kening Aldgillis · 第 34 / 60 题