YDWINE.
Bernlef, ik bin dyn breid.
BERNLEF.
Ydwine!
YDWINE.
Byn hwet yn.
Men stjûrt my nei dy ta, men jowt my wei
En d’ egen ljeafde telt as weardleas túch.
Woloan, ’t is goed. Ik bûg my for dy twang.
Mar dû, ûnthâld dit, Bernlef: earder scil ’k
In barnend izer bûge mei myn hân
Ef as de tonger ride yn lôgjend fjûr,
Ear’t ik myn ljeafde twing de wei to gean
Dêr’t minsken my lâns fytrje nei de dea.
BERNLEF.
Dû praetst sa frjemd, Ydwine. Ho kin twang
Dy bine bûten ljeafde?
YDWINE.
Harkje frjeon.
Do’t ús bistean gjin heger heimnis hie
As hwet ús boartsjen learde en berne-nocht,
En achte det de wrâld for neat bistie
As flitsebôge en bal, do boun men ús
For hiel ús libbensdeitiid oan mankoar
As man en wiif. Godtank det minske-macht
Net fierder rikt as d’ ûre fen de dea...
In mannich jierren yet, en ’t is foarby.
BERNLEF.
Hwet dochst my sear... Hast den sa’n hate yn my?
YDWINE.
O wier ’t mar sa! Den wier ik frij, by nou.
Ik scoe dy boaskje as froast de maitiid docht,
Mei iizge loft toskromfljend al hwet bloeit,
It grien gearkrimpend yn in silvren kjeld
Dy’t priket oan it hert... En djip, hiel djip
Yn ’t egen hert, dêr hâldde ik ’t hillich fjûr
Fen d’ egen lang-forhoalen ljeafde yn flam,
Oant det de dea my frijmakke út dyn went
En ’k him yn better lân my biidzjen wist...
Dû wierst myn frjeon, dat docht my ’t measte leed.
Tink Bernlef, hwet ús skielk to wachtsjen stiet
As ’t boask my oan dyn side bynt, en ’t hert
Him great ûntjowt en langet nei in oar,
As ’k dyn bywêz’gens fiele scil as flok,
Dyn eagen fol sjuch fen in great forwyt,
As wy togearre binne, joun op joun,
Elts yn syn hert de honger fen syn langst,
Elts wittend det wy longrje moatte, oan d’ ein...
Den scilstû sjen ho’t tsjin de tsjustre joun
Ut eltse herne fen ús swijs’me seal
De haet nei ús hjar meag’re earmen stekt
En, ienris frjeonen, scil wy den mankoar
It libben swier meitsje as in dildleas leed,
En ’t hert scil stúnje yn doffe wrok en langst,
Forflokkend hwet ús bynt en krimpende yn
De kjettings dy’t ús ljeafde finzen hâldt...
BERNLEF.
Mar ast dy deljoechst en dû founst mear rêst,
En mei de tiid forroun de fûlste smert...
Ik freegje it dalik net ... ik wachtsje wol...
YDWINE.
’k Haw ljeaf, myn frjeon. Bigrypstû hwet dat seit?
Ik bin mysels net mear. Myn siele rikt
Yn triljend langst de fierste fjilden oer,
En lyk in stjer barnt s’ yn de tsjustre nacht
Fen dit earm ierdsk bistean. Myn langjend hert
Giet ien wei nei de libbens-stream fen loft
Fen ierde en sé, en wit wer hwet ik socht,
En d’ ierde is nij, neat is der fen hwet wier.
Gjin oanstriid for hwet ierdsk is, mar in langst
Nei ’t himelljocht, nei ’t rûzjen fen de sé,
Nei d’ Ivichheit hjarsels, dy hill’ge krêft,
Dy’t alles stjûrt nei ’t triljen fen hjar siel’
En dy’t my as in sinne yn him forskynt,
Sa is myn langst, myn leauwen, ’t is myn God,
Myn libben sels. Dat is it hwet my brekt.
Ik kin net bûten him. Myn earm forstân
Untdriuwt my as in stjer sinkt yn de stoarm.
O, ’k ha ’t forsmoard in lange, skrik’bre tiid,
Ik woe my twinge yn strange ynbannichheit,
Ik swei en ’k bide, en ’k ha yn iens’mens skriemd,
Mar hope bleau en patte en treast’ge my,
En nou—ik kin net mear, ik wrakslje omdôch.
’t Is wijing ta de dea dêr’t men de saed
Fen ’t libben for my slút. Woloan, ’t is goed.
Forjit hwet ik dy sei. Myn fielen scil ’k
Tonei forhoalen hâlde yn swijsumheit,
Lyk as ’t in keningsbern it foechsumst is.
’k Scil stil wêze en my deljaen yn myn leed,
En biidzje oant ik gean mei, by dy wei,
Mar God, o God, gin my dochs gau to gean,
Ik kin net libje as my myn ljocht ûntdriuwt...
BERNLEF.
Stil nou, Ydwine, stil. Bitrou dyn frjeon.
Ik scil dy helpe. Ik jow net om mysels.
To, skriem net sa. Ik wol dy net ta wiif,
As net dyn hert dy noeget njunken my.
YDWINE.
Dos dochs... Ik koe dy dochs, ik leaude yn dy.
Dû bist net ien dy’t om dyn egen langst
My stadichoan formoardzje scoest yn ’t skaed,
Wylst alles ropt en longret nei it ljocht—
Mar dû bist boun, allyk iksels. En ast
My weegre scoest, kaem oer dyn holle in flok
Detstû dyn heite wil misdiest, en ’t bern
Fen Fryslân’s heechste haed dyn ljeafde ûntseist...
BERNLEF.
’t Is dyn lok det men driget. Scoe men my
Om’t ik yn ús bistean gjin ljeagen wol
Noch leed, for dy, weibalje for myn dwaen,
Ik bin it treast. Dû scilst it heechste ha.
Tink net om my det ik in krúspaed gean:
Myn sang scil ’t fûlste leed wol widzje yn slom,
En dyn ljocht scil my wêze in lok en treast
Dy’t egen leed wol deadet yn myn hert.
Great is net ien, as hwa’t him sels forjit,
En egen ljeafde as wijd ta’n offer wit.
BOADE.
De Kristen-pylger bidet oan de doar.
YDWINE.
Bernlef, wolstû? Ik kin nou net. Gjin oar
Hat sa as dû syn frjeonskip...
BERNLEF.
Lit him yn:
Faeks det ik yn syn wytging útkomst fyn.
YDWINE.
Mar siz him net det ik ... hy wit fen neat...
BERNLEF.
For twivel is syn wittend hert to great.