3. _Radbod, Thied, Ydwine._

YDWINE.

Heil for ús beppe en Radbod!

THIED.

Dochter heil!

De goaden bin dy ginstich: wol lit Frey

Dyn berte-dei hjar sinne en ljeafde sjen,

Sa’t nou de loft fen djippe myldens striel’t.

Ydwine, wêz dat weardich: Walhal hat

Foldied’ge ginst for hwa’t syn wil folbringt,

En gyslet swier hwa’t yn syn trêft mistrout.

Haw sa’n bistean det, glimkjend fen syn sit

De heechste God dyn dimm’ne wegen sjucht,

En dy syn seine, in kroane fen klear ljocht,

Oer ’t glânzgjen strielet fen dyn gouden hier!

YDWINE.

Ik tankje Beppe. Al is myn krêft mar lyts,

’k Scil siikje sa to libjen, det it lok

Fen heger lieding jown, my tankber fynt

En stribjend nei ’t folfieren fen myn plicht.

THIED.

Allyk de goaden ’t freegje.

YDWINE.

Allyk myn hert

My sels de wei seit troch dit ierdsk bistean.

THIED.

Haw gjin bitrou dêryn. Us minsklik hert

Is swak en lyts en wit syn plichten net

As ’t net fen Odin’s ginst forljochte wirdt.

YDWINE.

As net it heechst biwâld dat laet en stjûrt.

Wier, ik forstean ’t, dat wird mishaget jo,

Mar beppe, tink det ik, hwaens jonkheit mids

It fûle toarkjen fen ús tiden riist,

En siikje moat nei wierheit, scil ’k bistean,

Oars tinke moat en mei yn mennich ding

As eartiids d’ âffaers diene; dat ek ik

In rjucht op egen leauwe en miening haw,

Sa goed as elts, hwaens siele hjir bistiet.

THIED.

Ien wierheit ljochtet mar oer loft en ierd,

En ’t oare is dead en ljeagen. Wé dat each

Dat twiljocht sjucht, for goud’ne deiglâns blyn,

Fen sikens dof! Wé ’t moed dat twivel mient

Dêr’t treast fen witnis is en wierheits-piid

En dat yn ûnkrêft stjert! En wé dat hert

Dat d’ iene wierheit ljeafde en tsjinst ûntkeart,

En dat de hel ta nocht en bút forfalt!

YDWINE.

Sa tinke jy. Myn leauwen leart my oars;

Ik sjuch de minske yn striid en twivel gean

Syn moeisum wrâldpaed lâns nei d’ ivichheit.

Nea wint er wierheit, ljeafde, treast noch ljocht

Dêr’t er net earst for striidt. Mar jimmer bliuwt

Him hope strieljen as in blanke stjer,

Geneed’ge kâns op ivich-dûrjend heil,

Oant op in dei de siel hjar bynsels brekt;

Forheard stiet yn hjar egen glâns, en wit,

En wjukken spriedend, blinkend wyt as snie

Al heger riizget nei Gods ivichheit.

RADBOD.

It sankje fen dy swiete dwepers-tong,

Dy’t jouns yn iensum hôf ef smûke lean

Prinsesse Ydwine it Kristlik heil fortelt!

YDWINE.

Hwet mienst dêr mei?

RADBOD.

Hâld dy hwet minder dom.

Dat stiet dy min. Tochst det dyn broer neat seach?

Ha! readestû? Krijst fen dyn skande in aen?

In keningsbern, dat mei in skoaijer rint

En âldereare en stân en plicht forjit

For ’t wiffe trúnjen fen hjar sûndich hert?

Kom ta dysels! Bûg skamjend ta dyn dwaen

Detst skielk net readzje moast for ’t hiele folk,

Ast nou yn d’ egen stins for sibben moast!

YDWINE.

Gâns mear jowstû fen krêft en adel blyk

Dy’t wirden seist, sa sljucht en lef en min,

Det elts yn ’t folk him skamje scoe for soks!

THIED.

Kom bern, gjin wird noch skeel, dizz’ ljochte moarn.

Kom ris by my, Ydwine. Sjuch dû witst,

Dû hast ús ljeaf west fen dyn earste tiid

En wy bin great op dy. Dû bringst it ljocht

En mylde glâns oer ús tsjinstridich hof

Dat Earnst wol teikne hat mei dúdlik mark.

Dû wierst ús frede en brochst ús neimankoar

As sims in skeel ús skaette en wjersin brocht

Yn hwet ús ’t neiste wier—dû bist yet jong,

En moai en kein, in faem fen Frigga lyk.

Sims as yn skimerjoun, by moanneljocht,

In sjonger ús fen himelske elfen song,

Ef swannefamkes, en dyn mymrjend each

Seach yn in glâns fen ljocht de jountiid yn,

Den wisten wy, ús wier hwet kostbers jown

Ta wytging fen in swider, ljochter oard,

Dêr’t hate yn wykt for ljeafde, en striid for rêst,—

En dêrom bist ús nei en leist ús heech.

Dêr leit dyn plicht, Ydwine: lit de striid

Dy ’t herte sear docht en de siele slacht,

Oan oaren oer, dy’t yn syn hearskip stean,

Mar sels, bliuw dû dêr bûten; wêz in byld

Fen hwet mids ’t wiksljen fen de tiden bliuwt,

En kies gjin kant yn dy ûnsill’ge striid,

Det, hwa’t it herte mêd is, d’ eagen dof,

Wer treast fynt yn dyn mylde freedsumheit,

Detst oaren bist ta treast, ta nocht en lok.

YDWINE.

Mocht ik dat wêze, beppe!

THIED.

’t Is dy jown.

In ljocht giet oer dyn iere moarntiid op,

As inkeld goad’ne ljeaflings talein wirdt.

Dy biedt in skalt hwaens hert de heimnis wit

Fen hill’ger oarde en dy’t yn ’t each de glâns

Fen witnis hat dy’t ús forhoalen bleau,

Syn ljeafde en rom detst njunken him dyn plicht

Folfiere scilst yn stille steatlikheit

En njunken him giest mei it godlikst lok.

Dêr leit dyn doel, Ydwine, dêr dyn heil;

Nim dat, en meitsje ús oaren ryk dêrmei.

YDWINE.

Ik kin net, Beppe. It herte wol him net.

THIED.

It moat, Ydwine.

YDWINE.

Twinge kin my neat

As ’t egen hert mysels dy wei net troait.

THIED.

Woestû dyn heit; de kening, earleas sjen?

YDWINE.

Myn lok is heit syn hillichste eare en rom.

THIED.

Der is hwet oars, myn bern. Dyn heit is boun.

Do’t Bernlef’s heit, syn frjeon, op ’t stjerbêd laei

Unthiet er him mei hill’ge frjeone-trou,

Hy scoe syn famke, as dat folwoechsen wier,

As breid jaen oan syn eale frjeon syn soan,

Det d’ ieuwen troch hjar hill’ge byntnis bleau.

YDWINE.

By God, foarstinne, is ’t wier?...

THIED.

By Walhal wier.

YDWINE.

O God, myn Hear...

RADBOD.

Rop dochs de goaden oan!

Dû sjuchst ho krêfteleas it krús dy lit

En Walhal dy mei kleare wizens stjûrt!

YDWINE.

Mei wizens? mei de flok fen dom gewelt!

Haw ik gjin hert? gjin rjucht op ’t iene lok

Dat alle minsken heart? Moat ik mysels,

Myn liif en siel jaen for forâldre twang,

Forkoft as in stik fé, dat sels gjin wil

Noch ljeafde hat, en giet fen hear ta hear?

Jim haetsje it krús, hwent it bifrijt. Mar wy,

Mei goad’ne ljocht yn ús fortsjustre siel’,

Wy priizgje it as it wiif forkwânsle wirdt.

Heit hat gjin skild, ’k scil dwaen nei syn ûnthjit.

Syn eare scil fen my gjin ôfbrek ha,—

Myn libben jow ’k dêrfor. Mar skande oer ’t rjucht

Dat sa it tsjuster oan syn tsjinst forbynt,

En ’t libben kniest yn ’t tearste dat it hat,

Det ljeafde as ierdske jeften nimt en jowt

En mear op egen as op God’s wil bout!

BERNLEF.

(op)

Ydwine, is ’t gind...

YDWINE.

Gean, lit my hjir mei him.

RADBOD.

Hwet? scoest ús stjûre? hjit oer ús dyn stim?

YDWINE.

Ik freegje it as in rjucht, lyk as men hjar

Dy’t stjerre jowt. Ik moat, ik ha gjin kar.

(_Thied en Radbod gean_).

Kening Aldgillis · 第 32 / 60 题