2. _Thied, Radbod, Preester._

PREESTER.

God Frey, dy’t seinjend troch de loften rydt,

De goud’ne, laitsjend yn syn striele-wein,

Mei ek dizz’ dei jo bystean mei syn glâns!

THIED.

Haw tank. Ik hie in lyts forsiik oan dy.

PREESTER.

Hwet ús foarstinne nolk is...

THIED.

Siz den him

Hokfor ûnthjit dyn hear de kening bynt

By ’t boaskjen fen Ydwine.

PREESTER.

Mei ’k dat dwaen?

THIED.

Ik hjit it dy.

PREESTER.

Den foegje ik my dêrnei.

Fornim den prins, in skiednis fen dy tiid

Dostû, de earnst fen steat en striid yet fier,

Mei Bernlef boarteste yn it kenings-hôf.

’t Wier oarlochstiid. De Frank foel yn it lân,

Dryst troch Aldgillis iep’ne frede-sin.

De kening droech de kroane yet net lang,

En Fryslân wier yn twastriid tiisd, en seach

Net mear ’t mienskiplik heil. Aldgillis socht

Ienriedichheit to foarmjen—’t wier omdôch.

Do, op in simmerjoun fol mylde rêst

Det alles libbe yn stiller, heger ljocht,

Rôp er de haden yn d’ ûnsill’ge striid

Fen Fries tsjin Fries, to kommen foar syn troan’

Dy’t yn it wâld stie, ûnder d’ eale iik,

Dêr fen syn stamfaer plante, nei’t men seit,

De Middelsé deun by, hwaens rûzich lyd

Dêr minglet mei de rûzing troch it wâld.

Hja kamen, elts mei folk, en tsjierden slim—

De kening wier forslein. En mids dy striid

Kaem út it wâld in skalt fen Foste dêr

Mei harpe en sjongerskroane, en frege frij

Det hy it heil fen Fryslân dêr bisong.

Hy song, de Friezen harken. En syn lûd

Wier mear as minskne-stim, in goade-spraek.

Syn macht’ge sang wâlle oer de swijs’me rie

As ûnwearsteanbre wytging, djip en swier

As sé-gedroan, den júbljend as in geal,

In great forskaet fen wûndre himel-klank

Det alles swei, it beamte, it wyld, it folk.

Wy sieten del, ús ein bistean ûnttein,

Walhalla’ goaden lyk. Hy wekke it djipst

Unwitten fielen yn ús stridich moed,

Hy hearske ús oer mei ’t wûnder fen syn liet.

Dat wier in sang! Hy song de Friez’ne heil,

It folk, oan Odin ljeaf, oan Frigga nei,

Sterk, ivich en ienriedich yn himsels,

Fen broerre-ljeafde en frjeone-plicht en trou,

Fen hwet hjar eagen glânzgjen docht, sa stil

As jounljocht streekjend oer de freeds’me mar,

It trúnjen fen hjar hert, hjar wylde haet

Sa faek in frjemd hjar hillich lân bisprong—

En ’t folk siet stil en wier himsels net mear.

Aldgillis skriemde. En do’t de sjonger swei

Do wier de striid forslein en ’t folk wier ien;

Djip seagen hja mankoar yn ’t glânzgjend each,

Wer broerren, frjeonen, wreevlich oer hjar wrok.

En hwa’t hjar oanpoend hiene yn woede en niid,

Dy stoepen nei Aldgillis ta, en d’ ied

Fen frede en soen klonk nei de loften op...

Foarstinne Thied hat gûld, dy greate dei.

THIED.

Hwêr is it bleaun ... hwet wier dit folk do sterk!

It wâlle yn wyldens tsjin de Franken gear...

Ha, dat wier striid!... En nou... Gean fierder frjeon.

RADBOD.

(stil)

Nou sjuch ik ho’t ús folk wer stride moat.

PREESTER.

De kening hie de skalt sûnt dy dei ljeaf,

Yet mear as wiif en bern. ’t Wier Bernlef’s heit.

Hy laette mei syn wizens, dy troch sang,

En nea wiek d’ ien fen d’ oar syn side wei,

En amper wier ’t ef ’t lân twa kenings hie.

De striid kaem oan. It Frankysk heir wier sterk,

Syn útris goed, mar ’t hie de goaden tsjin

Dy’t mei Aldgillis fochten. Dagen lang

Woede yn it Súd in wylde, grous’me slach,

En twiivlich bleau de útkomst, ho’t men stried.

De saunde nacht, do kaem God Foste sels

Nei ’t bêd dêr’t Bernlef’s heit to slomjen laei

En wiisde yn dream de Frank’ne swakste sté.

Aldgillis riisde en samle in lytse kloft

Fen kriigle striders út, mei Bernlef’s heit;

Stil sloepen hja nei ’t leger fen de Frank

En stoarmen ’t yn. In koarte grous’me striid

Joech útkomst: Fryslân woun, de Frank wier slein,

Mar Bernlef’s heit forstoar, dyselde nacht.

THIED.

Hwent Odin rôp him nei syn goud’ne went,

As ’t swietste lean. Hy hat gjin delgong sjoen,

Hy stoar yn al syn greatme... Wy bin bleaun,

En seagen mear.

RADBOD.

Mar do, yet foar’t er stoar...

PREESTER.

Do stoep de kening nei syn stjerbêd ta,

Forslein, en socht om treast, en foun se net.

Hy spriek fen trou, en wersjen, ier ef let,

Yn Walhal’s nolke went, en lei syn hân

Op ’t barnend foarhaed fen syn skald en frjeon;

En hy dy’t stoar, dy hearde it glimkjend oan

En sei mear treastwird as de kening koe,

Mar einlings praette er oer syn biidzjend wiif

En oer de boi dy’t nou syn heit forlear

En droech hjar heil de kening op ta’n soarch.

Dy ûre wier ’t, det Fryslân’s hear him sei:

„Myn wiif joech my in famke, in bernke yet,

Dat simmer-bloei en skientme ûnthjit, hwaens each

As Freya’ laits oer Fryslân glânzgje scil—

It djûrste, op ierd my fen de goaden jown.

Hjar scil ik, ta in blyk fen ljeafde en trou

En det myn tankbrens dy yn iivgens bliuwt,

As dyn soan skielk ta riper âlder komt

En siket om in breid, him jaen ta wiif,

Det, hwet yn ús stoar, wer yn hjar forriist

En dyn bloed ien wirdt mei myn egen bloed.”

Do stoar de sjonger, freedsum, mei in glim.

RADBOD.

De goaden wieren wiis, mear as myn heit—

Hja ha syn trou mistroud en him forboun.

Bring hjar myn tank en ôffrje hjar hwet greats,

Ta fromme wytging fen ús ljeafde en trou.

(_preester giet_).

It giet Ydwine yn ’t hert, en ’t is my bliid:

Sa scil hja sjen by hwa’t de wierheit rêst,

Dy’t hja yn heechmoed’s waen hjar eindom tocht,

Sà det hja Walhal húnde en ús forsteat.

Earm twiivlich bern! nou wirdt dyn leed ús nocht,

En goad’ne krêft weacht deadlik op dy del,

Ring folget op dyn langst hjar strange straf—

’t Is goed! Sa sjuchst it bêste hwa’t regeart,

En wirdt dy fen it krús de ûnkrêft leard.

Kening Aldgillis · 第 31 / 60 题