TREDDE UTKOMSTE.

_1. Thied, Radbod._

THIED.

’t Ljocht sljurket as in stream de greiden oer,

En driuwt de skaden strieljend foar him út.

’t Is simmer-heechtiid dy’t de loften tsjoent

Yn glânzen fen klear blau, de wâld’ne grien

Fen stil geniet ienlûdich núndrjen docht,

En ’t húvrich gean fen mar en greater sé

Mei fûnke-rein fen strieljend goud oerstout—

Al giet de tiid, al is it hier nou griis

Dat ienris dert’ne yn jonkheitsdream en nocht,

’t Is treast, det hwet ek stoar, ús godlik lân

Sa kein en ljocht en jong-yn’t-wêzen bliuwt.

RADBOD.

Sa jong as hja hwaens berte-feest dit is,

Mar ek Ydwine yn fal en sikens lyk.

THIED.

Ydwine fallen, siik? Hast soarch oer hjar?

RADBOD.

It jowt my neat, ef ik ’t mysels ûntstriid.

Dat wird fen hjar, by Ebroïm syn komst,

Hjar swijsumheit by ús biwende bea,

Hjar oanhâld by dy preester en syn feint,

En mear, safolle mear... Ik fiel it djip,

Hiel djip en klear, as hja sims by my is,

Hja is in oar as hwa’t myn sister wier,

Mei Bernlef lake en eltse deitiid song:

De dwylsin taest hjar oan, hja giet forlern.

Sei beppe...

THIED.

Radbod?

RADBOD.

As ek dat sa kaem...

Hja wier my nei, eartiids, ik hie hjar ljeaf...

Mar as hja ’t krús nou keas, wier hja, sels hja

Yn iivgens den forlern?

THIED.

Hja wier it, soan.

RADBOD.

’t Is swier, sa swier, dy kroane fen ús striid.

Né, twiivlje net: ik joech myn great ûnthjit,

Ik bliuw yn iivgens trou. En sims ek, jouns,

As stoarmwyn geijend troch de loften strûst,

En ’t wolkenklaed yn wylde flarden skoert

En ’t West yet read is fen in streek fen bloed,

Den riist der hate yn my, in floed sa sterk,

’k Bin strider, twinger, moardner as it moast—

En oars, oars neat. Den bin ’k gjin minske mear,

Mar sels in wolken, stoarmjend mei de wyn,

Oer mieden, griis en slûch, oer rûzich wâld

En boppe ’t boldrjen fen de ûnlijige sé...

Den bin ik sterk, en ’k ha geniet, en ’k wit.

Mar nou as ’t ljocht, in strieljend wûnder lyk

Sa stil oer d’ ierde siicht, as ’k blommen sjuch

En fûgels sjongen hear, sa jong, sa nij—

Den tink ik wol: hwet wirdt prins Radbod âld,

It bloeit, oeral, mar nearne is blomt for him,

’t Is ljocht, rounom, mar yn syn eagen net.

Dat is sa swier, sa bang...

THIED.

Dat is de striid

Dy’t my myn libben weagen die as lead,

Mar dy’t ik ek for ’t ljocht net roalje woe.

RADBOD.

Ik wol it ek. Ik bring ’t ek wol sa fier.

Twa, trije jierren yet, en ’k siz ’t jo nei.

Faeks moast ik jo net pleagje mei myn leed,

It tôgje yn iensumheit. Mar ’t rommet sa

En ’k wit ho’t jy myn herte aloan forstean...

THIED.

Unthâld dat, Radbod. Siz my al dyn noed.

Hjar dy’t safolle al fytrje moast, is ’t hiem.

RADBOD.

Myn langstme barnt my sims as longrich fjûr.

It fret myn krêft en sterke striidsin wei.

Ik kin ’t gjin master wirde. ’t Gûlt yn my

As ’k gean moat as in biddler earm en kâld,

As ’k neat fyn dat my ljeaf hat, neat dat gol

My treastget mei in myld en frjeonlik wird,

As ’k hymje moat det ljeafde’s goad’ne-ginst

My nea wer nimt yn ’t noegjen fen hjar nocht—

’k Bin iensum, keal en neaken as in rots

Yn ’t wylde bearen fen de skûmm’ge sé,

Mar djip dêryn, dêr siedt in hert fen fjûr...

Dat makket det ’k mysels net stjûre kin.

Myn krêft brûz’t as in berchstream yn my op,

Hja fynt gjin wei, ik mei mysels net jaen,

En brekt it ienris los, den bringt it dea

En eangst en tsjuster dêr’t syn woede oer strûst...

THIED.

’t Is goed, as ’t mar it krús yn splinters slacht.

RADBOD.

Wé den Ydwine, as dy dêrnjunken stie!

Sims haw ik hate yn hjar. Hjar sels-bitwang

As wist hja hwet in oar yet riedling bleau,

Hjar sels-rêst is my frjemd, en driuwt my op

Yn ’t witten fen myn wiffe twivlichheit.

It siedt yn my as ik hjar kâldens fiel,

Sa’t s’ oaren, frjeonen, lijen docht as my,

En glimkjend yn hjar wûndre freedsumheit

Hjar libben leegren, biddlers, slaven wijt,

Wylst wy to klomrjen stean yn langst en leed...

THIED.

Hwet woestû sizze, Radbod?

RADBOD.

Beppe, dit:

Ydwine ljeavet ien. En Bernlef net.

THIED.

By Walhal! hwa?

RADBOD.

Wirdt net to kjel: in feint

Dy’t as in biddller doarmet troch ús lân

En kralen telt en knibblet for it krús:

De dweper dy’t dy gûchler selskip hâldt.

THIED.

Forflokt! O goaden, goaden...

RADBOD.

’k Eange it wol.

Ik seach it lang ûntstean. Hja wier as iis

As Bernlef kaem en glimke by syn gean,

Mar ljeafde ljochte yn ’t each as syn trêd klonk.

Ik haw in hate yn him. Der is hwet frjemds

Yn al syn dwaen, hwet triljends yn syn lûd,

In heimnis, frjemd as tsjoenderij, en dochs...

(_lústerjend:_)

’t Is wierheit, skrikbre wierheit, ’t is gjin waen...

Hwet keart him tsjin? Ydwine hat him ljeaf,

En heit dy’t berte en stân as weardleas telt,

Lit as Ydwine it as hjar lok biswart,

Myn sister faeks dy greatste skande frij...

THIED.

Nea! Odin’s wizens hat dy skrikbrens keart!

RADBOD.

Hwet, keard? hwertroch?

THIED.

Dyn heit is boun, dêryn.

RADBOD.

By Thor, fen hwet?

THIED.

Boun troch in great ûnthjit.

Hy mei syn dochter inkeld Bernlef jaen.

RADBOD.

Hwet! is dat wier?

THIED.

Lang lyn, yn oarlochstiid...

BOADE.

Foarstinne, as ’t jins herte haegje mei,

Frey’s preester bidet for de moarntiidsgroet.

THIED.

’t Is goed. Ik haw him nedich. Lit him yn.

Fen him scilst hearre hwet hy mei my wit:

Aldgillis syn ûnthjitting. ’t Is my bliid

Det ik dy hjiryn dochs bimoedgje kin.

Kening Aldgillis · 第 30 / 60 题