KOAREN.

Op it foartoaniel tsjin de eftergroun, amper to sjen yn hjar blinkende

wite klean, seis elfen, dy’t de koaren sjonge. By de ein fen de strofen

fordwine hja wer en komme, mear nei foaren, seis Fryske ealfamkes op,

dy’t de tsjinkoaren sjonge. Allinne yn de slútstofe rane de lûden fen

elfen en famkes gear.

KOAR.

Idoene swiete Idoene,

Hwêr is dyn keinens gien?

Tomiddei en tojoune

Ha wy to biidzjen stien;

Nou rize wite ljochten

En yette bliuwst ús fier,

Ho’t wy dyn keinens sochten,

Blomt kiezend for dyn hier.

Idoene, swiete Idoene,

Dyn wjitt’ring rûzet myld,

Fen wite glâns oerroune

Ut Himel’s freedsum byld;

Dyn wite roazen sleaten

Hja dimm’ne tsjelk al ta—

Hja dreamden en forgeaten,

O ho ûntdriuwst ús sa?

TSJINKOAR.

Yn Fryslân giet Ydwine

Hjar heite stinzen roun;

Lit ús hjar roazen wine,

Yn wite rigen boun.

’t Hôf rûzet fen hjar dreamen

As dêr de jountiid giet,

En oer de ljochte seamen

Dêr giet in wûnder liet.

En wei yn sêfte tinzen

Giet hja de paden lâns,

En wit hjar siele finzen

Fen nije, iivger glâns.

En wûndre dreamen tine

Mank d’ ûnrêst fen hjar hert,

En dreamend giet Ydwine

En ken hjarselme net.

KOAR.

Idoene, swiete Idoene,

Prins Baldur bidet dy.

Hy núndret dizze stoune

Syn lieten sêft en blij—

Gean mei him as de sinne

In goud’ne strieling spraet

Hy biedt dy swiete minne

Dy’t nimmen talein waerd.

Idoene, swiete Idoene,

Ho blau is Baldur’s each!

For him bûgt as oerwoune

Hwa’t yn hjar noeging seach.

Der is gjin dei noch dûnker,

Hwent Baldur hat dy ljeaf—

Sjuch ho’t in wyt geflûnker

Stil dounset oer it leaf.

TSJINKOAR.

Uneinichheit fen weagen

Giet griis en skomjend roun;

Lûd gûlt de wyn; foar d’ eagen

Bin kym en wiet toroun.

Dêr dûkt mei skiere strânnen

Biskomme in eilân op;

De sé ropt oer dy lânnen

Yet fier syn frjemde rop.

O wûndre greate widens!

Ydwine sjucht dy gean,

En wit, hjar jonge blidens

Moat earnst en striid forstean;

En dôch, hjar eagen blinke

As yn in great geniet,

Eft mei in godlik winken

In wûnder lok hjar liedt.

SLUTKOAR.

Yn ’t oanbigjin laei d’ ierde

Yn wylde streamen wei;

Men koe gjin geaën skiede;

Der wier gjin nacht, gjin dei;

Do briek in strieljend wûnder

De skiere oerskomme romt,

En twong de grizens ûnder:

Do wier de Ljeafde komd.

(_Ofgong. Foar it foartoaniel sakket it gerdyn_).

Kening Aldgillis · 第 29 / 60 题