9. _Ydwine, Ebroïm, Thied, Radbod._

THIED.

In boade fen it Frankysk hof?

YDWINE.

’t Is him.

Foarstinne Thied stiet foar jo, Hear. En hjir

Komt ek myn broer, prins Radbod.

RADBOD.

Frank, sprek op:

Hwet wier dyn boadskip oan Aldgillis’ hof?

EBROÏM.

Trochlofte prins, myn hege hear, biklaeid

Mei Goades macht en mear as minsken sterk,

Theod’rik, Goades ljeafling, Kristus frjeon,

Bringt jim de wytging fen syn frjeonskipstrou.

Hy, fierwei macht’ger as de sterkste foarst

Dy’t wâld hat yn ús tiid, bitocht, ho’t heech

Yn ’t stjalpich Noard in kening troane, ryk

Oan macht en eare, en mear as minsken wiis:

(_nigend_)

Aldgillis, Odin’s soan en Frigga’s feint.

Hjar bynt in ivich, hillich, wijd fordrach

Yn broerskip, frede en trou; en broerren lyk,

Ienriedich geand yn Himel’s seingjend ljocht,

Sa bin hja ien fen tins en ien fen wil,

En ien yn ’t glânzgjen fen hjar foarstlikheit.

Ja, glânzgjend as twa stjerren...

THIED.

Sparje ús dat.

Wy witte it al. Siz ús dyn boadskip oan.

EBROÏM.

Myn hear is ’t herte fol fen frjeonskipstrou.

Unwenn’gens wennet yn syn siel, safaek

Er iensum mymret oer syn ljeave frjeon,

Dy’t heech yn ’t wylde Noard de haedstêf swaeit.

Nea wykt de frjeonskip út syn hert; de dei

Oerwyndret hjar mei koelte, en nacht mei ljocht:

’t Is ’t wêzen fen syn hillich libben sels.

En jeften biedt er him, fol wûndre pronk,

Rjue goud en glânzge stiennen, dy’t iksels

Yn ’t moeisum swalkjen meibrocht, fol fen noed,

En skielk Aldgillis bûgend biede scil

Ta wytging fen syn swide frjeonskipstrou.

THIED.

Hwet freget er fen ús? Ik stean him net.

Wy bin gjin jeften brek. Dat flokt fordrach

Hâldt ús ta frede en net ta frjeonskip oan.

RADBOD.

En yn ús hert is for him neat as haet.

EBROÏM.

Jim dogge myn geneed’ge hear gjin rjucht.

Syn hert scoe bliede, it kwynde wei, ’t forkromp

As dit him trochdien waerd. Mar hark hwet hy

Jim seit troch my, fol greate ljeafde en noed

Det Fryslân’s piid net troch ûntkrêftging kwynt:

YDWINE.

Ik tocht, jins boadskip gou de kening ’t meast,

En minder ús. Doch tiid oant Heit hjir komt.

It jowt gjin foech det dy’t it lêste heart.

EBROÏM.

Myn boadskip hat gjin heimnis yn. ’t Is lyk

It middeiljocht, dat hiel de wrâld oerskynt,

Oer gers en mieden djoeit, oer krûd en stream,

En alles dielen ljocht yn goud’ne glâns,

Mar ’t hearlikst, ’t rykst rêst op it swier, ticht leaf

Fen steatlik beamte en dat oerglânzgje mei—

Sa is myn wird ek ’t glânzichst for de foarst,

Mar ek for oaren hat it goudgloede yn.

THIED.

(fen siden tsjin Radbod)

Hy brûkt syn tong yet glêdder as trochstrings:

Ik bin dochs wier binijd. (Lûd) Sprek op den, man,

En partsje ek ús hwet fen dat glânzgjen ta.

EBROÏM.

Myn hear wol Fryslân great en ryk en sterk,

In pronk to sjen, in lân hwaens dûrs’me krêft

De tiid trochstiet en altyd ljochter riist,

Himsels ta nocht en hiel ús wrâld ta rom.

En om’t er dit sa wol, om’t eltse dei

Hy dit oertinkt yn ’t hert en dêrfor bidt,

Sa is er drôf to sjen det Fryslân lijt,

En det syn krêft yn boaze tsjoening kwynt,

Ja, det fenyn dit soun sterk lân oerdriuwt,

Untkrêftgjend hwet syn krêft en feilgens wier,

En ’t foltsen spjaltend yn tsjinstridichheit.

RADBOD.

By Thor, hwet mienst? Sprekt sa in Kristen-foarst?

EBROÏM.

Myn hear is Goades feint en Kristus frjeon—

Dat is syn rom en krêft, in boarch dy’t al

Syn hoopjen draecht, en ’t wêzen fen syn hert.

Sa woartlet eltse steat yn eigen groun,

En leit dy wif, sa skoddet hiel de went,

En maklik falt hja del yn gruzich pún.

Net oars, det Fryslân great waerd yn de tsjinst

For Odin’s each en Frigga’s ljeavend hert,

En ûndergiet sadré’t hjar tempel sinkt.

Myn hear leaut oars as syn trochlofte frjeon,

Mar hy earbiedget dat. Yet mear: hy wit

Det dêryn rêst syn greatens en syn rom,

Dy’t ek myn hear fornoeget yn syn hert.

THIED.

’t Is bjuster moai. En nou: hwet wòl dyn hear,

Det hy fol soarch ús dit sa krekt fortelt?

EBROÏM.

Yn Fryslân hâldt in great misdied’ger ta,

Stjûrd fen de Divel sels; dy ’t Kristlik heil

Misbrûkt yn tsjinst fen syn forflokt gewrot;

In man, dy’t folk mei swiete wirdkes bynt

En ’t lân forpestet mei syn tsjoenderij;

Fen siele siik, de hel yn ’t hert; hwaens tael

Fol falsk gedweep, mar frjemd oan Kristus sels,

It folk forliedt ta grousum heechforrie

Oan ’t egen lân, ja: ’t opropt yn de tsjinst

For Inglâns foarst, dy’t longret nei dit lân!

RADBOD.

Hwet seistû dêr? Dat ’s nij!

THIED.

’t Wol my wol oan:

’t Wier gûchlerij, hiel dat oerstjûr gedweep.

’t Is goed det wy dit hearre. Gean dyn gong.

EBROÏM.

Myn hear seit jim: it is dy selde man

Dy’t my bistookle hat, nou tsjien jier lang;

Dy’t my birabbe en húnde, dy’t myn folk

Oanhise ta forset tsjin d’ egen foarst;

Myn slimste fijân, út de Hel forriisd

Ta striid tsjin dit biwâld dat God my joech—

Dyselde man giet frij yn Fryslân roun.

En om’t ik wit, ho’t frjeonskip ús forbynt

Mei mienskip fen bilang—him stjûrt de dea

Nei jim èn ús—en ho’t it wijd fordrach

Us bynt yn frede en mylde ienriedichheit,

Sa stjûr ik goud en ljocht jewiel, en ’k bid

Jim wizens, my to foegjen yn myn winsk,

Us lân ta heil, ús frjeonskip ta in boarch—

Ban dy misdied’ger fen jim oarden wei,

En leevrje my dy flokte tsjoender út.

YDWINE.

O skandlik útstel! Tinkst det Fryslân’s hear

Om leffe ginst hwa’t hy as gasten rôp

Forriede scil for blinkend goud, for jild?

THIED.

Ydwine, swij. In bernlik fanke as dû

Hat gjin bigryp oer sok in ryksbilang.

YDWINE.

Foarstinne, ik wit hwet goed en earleas is,

En hwet dy man hjir seit, is skande-tael.

RADBOD.

Hear net nei hjar—hjar stimme is sûnder krêft.

Ik rekk’nje my gjin frjeon fen hwa’t dy stjûrde,

En iepen siz ’k, ik haw in hate yn him,

Om’t hy for Kristus bûgt en Fryslân’s ryk

De dea dwaen wol—né, sprek myn wird net tsjin—

Mar ek dy preester haetsje ik in myn hert,

Syn tael is my fenyn, syn dwaen in ûnk

Fen Hela sels nei Fryslân’s oarden stjûrd,

En ljeaf is my syn fal en bliid syn dea:

En dêrom scil ’k, al ha ’k ek hate yn jim,

Dy foar de kening stypje mei myn wird.

THIED.

Sa scil ek ik; syn delfal is my nocht.

YDWINE.

Bin dit myn beppe en broer? Hat hate den

Eltse ealens út hjar siel fordreaun? O lok

Det net by jim de krêft leit ta bislút!

Det hy dy’t nou it lân bistjûrt, myn Heit,

Great is fen siel en op gemienheit spijt!

RADBOD.

Dû neamst ús dwaen gemien? Wit hwetstû seist!

YDWINE.

Wit hwetstû dochst! In griis en krêftleas man

Nei heite winsk komd yn ús lân, scistû

In flaeikjend kening yn de boalshân jaen!

Fij Radbod, fij! Ik tocht dy great en heech—

Ho falstû yn dyn domme, ûnweard’ge haet!

En beppe Thied, ek jy? Sa’n minne died

Bifoardrje jy en stean jy foar? Bin dit

Dy’t Walhal hoedzje scil tsjin fal en dead?

’t Mei sinke yn pún, as sok in godleas dwaen

It hoedzje moat en nije krêften jaen!

RADBOD.

(foar Ydwine, forwoedend, driigjend)

By Thor, swij stil ef ’t is dyn lêste moarn!

DE BOADE.

(by de yngong)

De kening kindiget syn komst jim oan.

10. _Aldgillis_, yn ornaet; _Jûle, Bernlef, Holder, Ydwine, Radbod,

Thied, Ebroïm;_ op ’e eftergroun _Wilfrid_ en _de Pylger._

EBROÏM.

(mei djippe bûgings)

Geneed’ge kening, for hwaens each nin tsjoed

Noch tsjuster mear bistiet, hwaens rjuchtlik moed

Misdiedigens kastijt, en foarstlik lean

Forseit for tsjinst, út ljeafde en earbied bean,

Hwaens ljochtsjend each dit tierich mêd oergiet

As sinnelaits oer iiz’ge Noarder-ierd’,

De Himel leanje jo nei wearde en trêft

Mei swide foarstlikheit en iivge krêft!

ALDGILLIS.

Hok swiete tael! ’t Kin mei hwet minder ta.

Niis hearde ik fen jins komst, en ’k hope sa,

Jy brochten my in frjeonlik wird, dat bliid

Fen frede en broerskip wier en sûnder niid:

Do lústre ien my ta, in griis âld man,

Him eange dêr hwet swiers en dûnkers fen.

Dos Hear, nim my dy twivel ôf, en ’k scil

Jo tsjûgnis jaen ek fen myn frjeonskipswil.

EBROÏM.

Forjow my, Hear ... jins wird forbjustret my...

Mar ’k swar ... by Odin’s greatens...

WILFRID.

(nei foaren, foars)

Skamje dy!

EBROÏM.

(sabeare yn deadskjeltme)

De tsjoender! Hill’gen, bid for ús! Jaen ljacht!

De hel brekt los! Hy bringt de dea, de nacht!

Tobek, dû hellegeast... Myn tong lûkt gear...

Forflokte tsjoenderij!... Ik kin net mear...

RADBOD.

Gjin noed, hâld út. Ik haw myn krêft, myn swird.

Dat hoedet goed, it is de hel to hird.

’t Wearstiet it better as it krús. Siz frij

Dyn boadskip út. Myn swird is boarch for dy.

Forflokt hwa’t tinkt det dat gjin feil’gens jowt!

YDWINE.

(klear en heech)

Feilich is inkeld hwa’t op God bitrout.

DE PYLGER.

(nei foaren komd)

’t Is eft in nij ljocht oer jins antlit leit...

YDWINE.

Noch skamje ik my oer egen neatichheit.

Mar moat troch skande en misdied Walhal stean,

Den scil ek ik nei Krist’ne Godshûs gean.

(_Opskoer. It doek lûkt ta_.)

Kening Aldgillis · 第 28 / 60 题