8. _Ydwine, Ebroïm._

EBROÏM.

(mei great forskaat fen bûgemint)

Trochlofte faem út skier en foarstlik laech,

Ei gin my det ik hilde bied. Hwent faek

Bireizge ik oarden, wider as it each

Fen minsken wol bifiemt en tins bitinkt:

Foarstinnen seach ik, strieljend as it ljocht

Dat middeis lôgjend stiet oan ’t himel-wilft,

En flûnkrjend lyk de moanne yn silvren skyn

Fol steatlikheit oer wrâld en streamen driuwt—

En fen hjar allegear biwarre it hert

Yn mymring hwet it steatlikst wier, lang nei:

Mar foegje ik ’t gear, en bou ’k fen al dy pronk,

Fen al dat moais en steatliks, ien kein byld,

—O as jins each mar effen glânzgje mei,

Genedich as Godsels, den siicht it del

For sok in trêft fen libb’ne foarstlikheit.

Jins antlit is it ljocht, jins each de dei:

O heil, det ik soks minliks hildgje mei.

YDWINE.

Ljeaf hie my, Hear, hwet dimm’ner eare west:

It Frysk hof hâldt syn ienfâld heech. Mar dochs,

Ik tankje jo en rop jo ’t wolkom ta.

Grif wier de reis jo swier en bin jy wirch?

Dêrom, sit del: bliuw net sa bûgend stean.

EBROÏM.

Ei ho’t jins mûle mylde wizens seit!

Is d’ ienfâld net in súvre winter-stjer,

Bliid glânzgjend mids it swirk fen ûnwier dwaen,

Gjin blom, by ’t Maitiid rizend nei de dei

Ut goare poellen fen it winter-slyk,

Gjin Godsjewiel, gjin ivichheit, gjin skat?

—Wol ha jy tige rjucht, prinsesse. In reis,

Fen near geswalk en moeisum doarmjen swier,

Troch bosken fol fen spoek en deijend djier,

Oer streamen dêr’t in wif en wankel boat

Om liifsbihâld my bidden die ... fij, fij!

In reis, sa swier as ik noch nea bistie,

Ho faek myn machtich hear—hwaens namme ik nea

As mei in niging fen earbied’nis neam:

(_djip bûgend_)

Theod’rik, Goades ljeafling, Kristus’ frjeon—

My yn geneed’ge ginst ek boadskip joech

Nei frjemde, ûnhiemske hôven—wis, in reis,

Sa swier en wyld, as prûs de Maitiid is

Dy’t glânzget yn jins each en gouden hier,

Tobriek myn krêft, twong my ta wirgens del,

Det ik nou spraekleas stean en sûnder tael

Dy’t kleardernôch myn greate tankbrens seit.

Prinsesse, ik tankje jo; ik bin ’t net wirch—

(_slacht in krús_)

In sûnder bin ’k, mar frij troch Kristus’ bloed—

Det my jins swiete ginst sa’n frjeonskip biedt;

Nea dreamde ik noch det sok in ljeaflikheit

My biidzje mocht oan ’t skûmjend Noarderhêf,

Nea ealge, ef hope, ef tocht...

YDWINE.

Al goed, myn Hear;

Myn ear is mêd fen jins wiidweidichheit—

’k Hear wirden wol, mar wiere miening net.

Gjin reden, lûd fen toan en bûnt fen wird,

Gjin faei geglâns fen uterlik gepronk,

Bifreedgje Fryslân dat de wierheit wol.

En mei ’k jo riede yn goedens, sprek den skielk

Foar ’t Fryske hof hwet klearder ljochter tael:

Foarstinne Thied en Radbod hawwe in haet

Yn eltse Frank...

EBROÏM.

Jim Hill’gen, stean my by!

Prinsesse, ik bid jo, scoe men my ... in âld

En griis en warleas man... O Himel, sjuch

Myn eangst en need: ik foel yn fijan’s hân!

...Prinsesse, wit, ik haw in machtich hear,

Hwaens grym forneatget hwa’t oan my misdocht:

Lit men my sparje yn froed ûntsjen, hwent oars...

YDWINE.

Gjin driigjen, Hoar! Fryslân forstiet soks net.

Jins eangstme is sûnder groun en jowt gjin foech.

Jy binne in keningsgast, en stean for ús

As frjemdling ûnder Goad’ne skutte en soarch,

En binne ûnskeinber troch Forseti’s skyld.

EBROÏM.

O nocht, o lok! Ik bin sa âld en swak,

Ik kin my net fordiignje tsjin hjar krêft...

Prinsesse tank. ’t Is balsem for myn eangst.

Meije de Hill’gen seinjend nêst jo gean!

Unskeinber, seine jy? In trêftich wird!

Ik scil myn boadskip dwaen yn great bitrou,

Op jins trochlofte ginst, frijmoedich, dryst,

Noudet ik wit det ik ûnskeinber bin.

YDWINE.

Is dat jins krêft? en oars gjin taflecht mear?

Sterk wêze yn egen hert is greater, Hear!

Kening Aldgillis · 第 27 / 60 题