HOLDER.
Prinsesse as ’t foechsum is ... in tynge hie ’k,
Dy’t mien ik, ek jins ear binije scil.
YDWINE.
Ho Holder, is der hwet?
HOLDER.
Fen ’t Frankysk hof
Kaem niis in seinboade oan, in âld, bûgd man,
Mei núvre eachopslach en fluensk fen wird;
Hy wachtet yn ’e hal, en pûst hwet út,
Mar frege earst de kening sels to wird.
YDWINE.
Fen ’t Frankysk hof? Hwet hat dy komst wol yn?
—Ik wist net det der skeel ef ûnried is,
En blide tynge kaem noch nea dêrwei,
For Fryslân noch for ús. Hwêr toevet Heit?
HOLDER.
De kening teach dizz’ stille middeistoun
Nei Krist’ne Godshûs ta, yn from biried.
YDWINE.
Hast Beppe Thied al tynge dien? det dy
Him hjir it wolkom biedt? ef oars myn broer?
HOLDER.
Yet net, prinsesse, ik tocht... In wûnder wier ’t
Bijeegnen hja sa’n man mei frjeonlikheit,
En grym en lilkens docht faeks Fryslân skea...
’t Wier better, sei men him in freeds’me winsk.
BERNLEF.
Ho Holder, freeds’me wirden for in Frank?
Bistû de striid al mêd? Ik ken dy net!
YDWINE.
Stil Bernlef, hy hat rjucht. In húnlik wird
Koe hiel ús folk yn lijen bringe, en need,
En prins noch kening hat it rjucht dêrta.
Ek leart men ús, de stjûrden fen in foarst
Fen útlânsk gea, stean ûnder goad’ne noed:
Hja binne ûnskeinber en Forseti wijd.
—’t Is goed, myn frjeon. Ik siz him ’t wolkom hjir.
Mar wytgje Beppe en Radbod dòchs syn komst:
Faeks klagen hja, ik die hjar rjucht tokoart
As ik ’t forhoalen hold en neat hjar sei.
HOLDER.
’t Scil barre nei jins winsk. (_giet_).
YDWINE.
(tsjin Bernlef)
Dû frjeon, oant sjens.
Dû witst it nou ... ’t is machtger as mysels...
Siz Bernlef ... scilst my grym wêze ... ef bigrypst...
BERNLEF.
Ik haw dy ljeaf, Ydwine, en ljeaver yet,
Mar ’k scil ’t bitwinge en inkeld útrje yn sang,
En nimmen scil it witte as dû en ik.
YDWINE.
Doarstû it oan, sa’n striid?
BERNLEF.
Ik doar ’t for dy.
YDWINE.
Ik leau detstû it kinst.
BERNLEF.
Bitrou op my. (_ôf_).
YDWINE.
(yn tinzen)
Ho stil is ’t nou’t er giet... Fen ’t Frankysk hof...
Der is hwet swiers, hwet eangstichs yn ’e loft...
En dochs, men seit, it is in Kristen-foarst...