6. _Ydwine, Bernlef._

YDWINE.

O hill’ge God dy’t ik net neame doar,

Jaen krêft, forlit my net. It is sa swier,

It snijt my troch it hert ... en ’k wit, it moat,

It kin net oars ... myn God, myn God, jaen krêft...

(_Bernlef oansjende_)

Bernlef, hwet makkest my myn striid sa great?

Dû witst it dochs, ’t is myn skild net det ik

Dy net mear ljeaf ha kin, as ’t eartiids wier...

BERNLEF.

Sjuch my net oan, Ydwine. It brekt myn hert,

Meilijich sjuchst, as laei ik dea foar dy,

Dyn eagen bin sa great fen leed, en koel,

Sa kâld as Maitiidsfoarst...

YDWINE.

Ik mei net oars.

BERNLEF.

Ydwine, alles draech ik. Weegrest my

Hwet ik de goaden bea mei eltse joun,

Myn siele’ winsk, en dêr’t ik rjucht op haw—

Ydwine, ik haw dy ljeaf, forstean dat dochs—

’k Scil dy net flokke, Ydwine, al sinkt de dei

Dy’t ik yn dreamen seach, for ivich del,—

Mar dû, forstjit my net. Myn hert forkwynt

As ’k dy net nêst my wit, myn krêft forgiet...

Ik bin in beam dy’t yn dyn strielen tynt,

En as dyn ljocht syn leaf ûntdriuwt, is ’t dien,

Den bûgt er del nei ’t skaedzjen fen it grêf...

O dû forstiest it net... dû kinst it net...

Mar tink dy ’t ljeafste dastû hast, hwet dy

’t Each glânzgjen docht fen greatskens en geniet:

Tink dy it djûrst fen minsk’ne ierd, hwerfor

De tûznen lije en bodzje dei oan dei:

Hwet sinne is for it lân en rein for ’t nôt

En stjerren myld for iens’me swalkersbern—

Den kinst forstean, hostû for my bistiest.

Oertink, ik song doch mennich blide sang

Dy’t dy de eagen tsjoende yn blinkend noft,

’k Sei dy dochs faek hodet de bloeijende ierd’

In heim’ge langst fielt yn hjar jeuchlik hert,

Hodet frou Freya ljeafde jowt en nocht

En laket yn hjar lokk’ge, blanke stins—

Dû witst it dochs, ik bin gjin skoaijer dy’t

De joun trochstrofflet mei in near gekjirm,

De lânsljue biddeljend om rêst en brea...

Ydwine, ik bin in prins yn ’t hert, ik sjong

Det hiel de dei yn ljochte júbling riist...

YDWINE.

’k Untstriid it net. ’k Wit dyn fortsjinsten wol.

’t Is gjin heechhert’gens as ik dit net kin.

BERNLEF.

Fortsjinste ... och dû forstiest my net. Ik wol

My sels net priizgje ... ik mien mar inkeld dit,

En ’k bid dy d’ earme ginste knibbljend ôf:

Mei ’k den net nêst dy gean, mei den myn sang

Nea romje yn dy as yn myn ljeavjend wiif,

Lit my dyn feint den wêze, Ydwine: ei lit

My dy den tsjinje as leegre fen dyn folk—

Stjûr my net foart, wêz my in bytsje myld.

’k Scil for dy soargje as oars gjin minske it kin,

’t Unk kearend fen dyn foet, ’k scil tsjinje as nea

In stjerlik feint yet die yn ljeafde en trou,

As ’k mar hwet by dy bliuwe mei, as net

Dyn frjemde wil my nacht en dead yn stjûrt...

YDWINE.

Dû tsjinje as feint? O skamje dy! in foarst

Bist yn dyn hert, en heech hearst as in prins...

Koe ’k dy mar ljeafde jaen! Ik kin it net.

BERNLEF.

Ydwine, Ydwine, ik haw in goed âld rjucht

Fen goaden my bitroud ... hwent Bragi joech

My harpe en sang en skoep my ta syn soan,

En yn dyn namme sjongt it hill’ge lûd

Fen mylde Idoena nei, de Maitiidsbreid.

O dûk dy net yn sa’n mistreast’ge dream:

Waerd Bragi den Idoena net biskern?

YDWINE.

’k Bin gjin goadinne, yn kâlde stinzen geand.

’k Bin mar in dimmen bern fen d’ ierde, ien, lyts

Yn trêft en moais ... in famke mar, mar dat

Yn ’t soargjen fen d’ ûnneambre God bitrout.

BERNLEF.

As ’t dat den is, Ydwine, as ’t dat den is—

O ’t is sa swier for Bragi’s greatske soan

For hwa’t men ljeafling fen de goaden neamt;

Mar ast, Ydwine, m’ oars net ljeavje kinst

Ef ’k moat mei dy my deljaen yn de tsjinst

Fen ’t deadlik krús, o lear my den dy tsjinst—

Bring my dy wûndre lear den by, nim my

Den my derhinne ... ik bûg mei dy for ’t krús...

As ’t moat, Ydwine, as ’t moat ... ’k ûnthjit it dy...

YDWINE.

Sels dèn net, sels net al wierstû hwet ik

Noch om myn neatichheit net wêze doar,

Sels den koe ’t sa net wêze ... der is mear.

BERNLEF.

By Thor, ljeavest in oar? Ydwine, swijst?

YDWINE.

Ik ljeavje in oar.

BERNLEF.

Ik wit hwa ’t is!

YDWINE.

Witstû...

BERNLEF.

Der is mar ien dy’t ’t wêze kin. Hark, hark,

Ydwine, ef ’k my forsin: „Mar ’t wûnder fen

Myn hillich lân, dat is de sé dy’t giet

Mei amjen sêft as fen in Maitiidsbreid,

Ef rou ropt tsjin de groll’ge loft, de sé

Mei tûzenderlei sang, God’s tsjûgenis

Yn ivichheit...”

YDWINE.

Swij stil, myn hert lûkt gear

Noustû myn heimnis seist ... ho kinst ... ho wist...

BERNLEF.

Hy wier my ljeaf, Ydwine, it krús ta spyt.

Langlêsten do’t er ienlik siet en seach

Ho ’t jountiidsljocht allinken swoun ... hy wier

Unwennich fen syn lân ... do sei er ’t my...

En om’t ik sjong, ha ’k al hwet moai is ljeaf...

Wé my, wé my, ik haw myn lok forlern,

Myn deitiid giet ... hwent hy is mear as ik...

Kening Aldgillis · 第 25 / 60 题