5. _Ydwine, Radbod._

RADBOD.

Safier is ’t komd? Bist stroffle op dyn paed

En falst ek dû Hel’s deadlik longrjen ta?

Trochpolsket ek dyn hert dit slim fenyn?

In keningsdochter bist. Mar minder bist

As ’t leechste famke dat yn earme went’

In earmtlike offerjefte oan Frigga wijt,

Myn sister ... dû... Hat dêrfor beppe Thied

Dy eltse joun de greate wûnders sein

Fen hjar, dy’t heech yn Walhal’s stinzen gean?

Nou twiivlest yn dyn siel. Unweard’ge, dû!

Dy’t glimkjend giest yn Fryslân’s earjend gea

Dêr’t eltse Fries dy seine en heilwinsk biedt—

De rom fen ’t Fryske hôf, dy’t troanje koest

Nêst kenings oer dizze ierd, hwaens keinens faek

Al mennich skalt yn dûrjend liet bisong:

Siik bist yn ’t hert, in readzjende apel lyk

Fen wjirmegûd trochwrotten. ’k Tocht dy great,

En ’k hie dy ljeaf nei dyn fortsjinste en rjucht,

Mar Odin! astû nou hjar siele naemst,

Det hja, in lyk, hjir delfoel oan myn fiet,

Ik priizge dy om dyn wiis foarbistel.

Hwent ’k hear de minsken laitsjen yn myn geast,

Ast’ skielk wer troch de doarpen giest ... ik hear

Hjar hún en spot: Sjuch hjir in keningsbern

Fen eltse biddleresse yn eare oergien...

En dû ... myn sister bist ... o wierstû dea!

YDWINE.

Nin wize dingen seistû, broer; mar dochs,

Ik hearde nei dyn tael lyk ’t foechsum is—

Mar nou’t ik andrje scil, hear dû nei my.

Dû seist, ik wird it lân ta hún, dû mienst

In ein fen ûnk is my biskern—’t is goed,

Ik wit it net, ’t kin wêze, mar ’k bitrou.

Mar dû, myn broer! bist fen dy sels wol wis?

Dû, dy’t sa bearst en geist oer my? In slaef

Bist, Radbod, fen dyn haet; gjin krêft fen wil

Twingt yn dyn siel dyn woedzjen del: dû bist

In stjûrleas skip, rounstoarmjend mei de boi

Dy’t it oergûlt en om de mêsten giert—

As ’k dy sa oangean sjuch as nou, den bin ’k

Wol faken bang, in swier lot bidet dy

En ienris falst as offer fen dysels—

Hwent swakheit is ’t, hwetst earest as dyn krêft!

RADBOD.

Unweardge, doarst...

YDWINE.

In inkeld wird noch broer.

Hwet jowt dy ’t rjucht ta sokke ûnskeam’le tael

Ast niis spriekst tsjin ús moeike en my? hwa joech

Dy frij hjir yn myn egen lytse seal,

De rêst to brekken fen in hill’ge stoun

Mei dom getjirch, en lege oerstjûre tael?

Bin ik misdiedich, as ’k mei langstme hear

Nei ’t hillich leauwen fen in griis âld man,

Ut hwaens goe-wird in wûndre wizens klinkt,

Lyk minsk’ne geast komselden mar oerskynt?

Mei ’k sels nei Kristlik wird nin harkjen dwaen?

Mar dochs, myn broer, ’k erken mar ien oer my:

Dat is ús heit, de kening. Witst syn winsk?

Witst det hysels de preesters harren rôp?

Witst det er dit wird spriek: „Gean soarchsum nei

Hwaens leare it swierste weacht fen trêft en piid,

En dy’t it bêst en hillichst is, kies dy?”

Dû witst it dochs. Hwet jowt dy den it rjucht

Detst ús mei rouwe tael sa lyts forhúnst?

RADBOD.

It Rjucht det Walhal hat oer ’t flokte krús.

Detst dit forgeatst, ûnweard’ge! wé dyn hert!

YDWINE.

Dit rjucht stim ik net mei. ’t Is weardeleas.

Hie ’k sjoen det Walhal woun en Kristus sonk

Yn skaed en dead om’t hy de mindre wier,

In rôver fen de hearlikheit, in tsjeaf

Fen ’t rjucht dat Odin hearde yn ivichheit:

Den joech myn hert dy rjucht. Mar nou’t sels dat

Yn kiif stiet en wy siikje moatte, in striid

Sa swier det ’k sims net wit, ho’t minsk’ne krêft

Hjar eingje scil: nou seit sa’n wird my neat

En ’k glimkje hast oer sok ienfâldich praet.

RADBOD.

Bist den sa wiis yn dyn alwittendheit

Detst Walhal’s greate goaden weage doarst?

Sjuchst net detst blyn yn grime dûnkrens giest?

YDWINE.

Ik bin net blyn en ’k wit fen dûnkrens net:

Hwent stadich riist in sêft nij ljocht omheech

Dat my de swartste nacht troch laet en myld

Myn siikjende eagen mei syn krêft oerskynt...

Ik bin net blyn. My tinkt, ik haw it west

Do’t ik it ljocht fielde op myn eagen, ’t swiet

Gerûs fen beamte hearde yn ’t skadich hôf

En harke nei it fier liet fen de sé,

En ’k wist net, àlles wier it lûd, de tael

Fen net to neamen krêft, it wytgjen fen

In hill’ge God, dy’t ik net priizgje doar

Ut eangstme for wanlûdichheit. Mar nou

Nou geane linkenoan myn eagen op,

En ’k jow my nei it ljocht, in Maitiidsblom

Stil rizende út de wynsels fen hjar sliep:

Nou wit ik wijd elts lyts liet fen de wyn,

Fen beamte en sé, ien ljeafde-stream it ljocht,

En ’k tink oan God as yn myn dreamen riist

Dat keningslân, hwaens myldens hy my sei,

En ’t greate gean fen ’t wiet myn ear trochrûz’t

En ’k fen syn hûs de blide myldens fiel—

Hwet is dat hearlik great ... ho goed en from...

RADBOD.

Earm dwyljend bern! praet út: it let my net.

Elts wjerwird is omdôch: dyn moed is sterk

Yn ’t webbe fen dy dûnkre spin bitiisd—

To fûl bist yn dyn dwyl bitsjoend. En ek,

Hwet scil in fanke as dû noch prate oer eat

Dat inkeld stiet oan mânljue? ’t Wiif dat giet

Yn elts ding mei hjar man dy ’t bêste wit,

En hat mei sa’n ûnsill’ge striid nin dwaen.

En Bernlef, dy’t dy bidet yn it hôf,

Scil nêst dyn side yn menn’ge treft’ge sang

De goaden sjonge yn Walhal, myld en kein,

Detst, harkjend as syn wiif, him leauwe _moatst:_

Hy dy’t dy ljeaf hat yn syn great ryk hert

Scil mear jaen as in deistich feint syn faem,

Net inkeld ljeafde en ’t glânzgjen fen syn each,

It sjongen fen syn lûd, syn súvre krêft,

En ’t flaeikjen fen syn min...

YDWINE.

Nea, Radbod, nea!

Hy is my frjemd en ik bin wers fen him.

BERNLEF.

(hommels op, wyld)

Ydwine ... dat ... ik bid dy: mienstû my?

RADBOD.

(kâld)

Sa is it goed. Nou kin ik gean. Haw moed.

Hwerom sa let? hie mar hwet earder komd.

Ik jow hjar oer oan dy. It walget my.

Kening Aldgillis · 第 24 / 60 题