RADBOD.
Ydwine, siz... By Odin! Hwet wol dit?
Ho toevest by dit reau? Ho sitstû del
By hwa’t forflokt fen god en minske bin?
Taest ek dyn siel de siiktme oan? Earm bern,
Sitst trienjend del by sot en treastleas folk
Wylst bûten sinne in ljochte heechtiid fiert?
Ydwine, riis dochs yn dyn krêft! Forhún
Dit weardleas túch! Nei ’t ljocht en ’t hôf ... kom mei!
YDWINE.
It wier my ljeaf, myn broer bitocht det ik
Yn ’t egen seal myn egen master bin,
En det er syn forwûndring sêfter sei,
Syn moeike net misleedgjend, noch hwa’t hjir
Myn gasten bin, forhúnjend mei gebear.
RADBOD.
Swij siz ik dy! It leffe Kristen-reau
Fordiignestû, in Friez’ne kenings-bern!
YDWINE.
Lef neam ik hwa’t himsels gjin master is.
RADBOD.
Ydwine, ienris yet! Ik kaem yn ’t hôf
Dêr’t Bernlef op dy tide en dû bleaust wei...
Hy wier ûnrêstich, seach ’k. Ik haw him sein
Ik scoe dy helje en ’k scil it dwaen. Giest mei?
YDWINE.
Myn moeike, hill’ge preester, en ek jy
Hear pylger, hear myn andert! Hear dêryn
De wytging fen myn komstich great bislút!
Ik siz dy, Radbod: Né. Net ik dy’t kom.
Dû twingst my net. En yetris né! Hast heard?
En nou, myn frjeonen, gean. Jim selskip is
My myld en goed, mar ’k skamje my for him.
RADBOD.
Unweard’ge!
YDWINE.
Wier, dû twingst my net, myn broer!
Myn krêft tsjin dyn krêft, as ’t den wêze moat!
WILFRID.
Wy gean. Mei God syn ljocht spriede oer jins hert!
RADBOD.
Flok oer dyn siele en elts dy’t dy skewielt!
YDWINE.
Ydwine seinet jim, myn frjeonen: gean.
DE PYLGER.
Prinsesse, lit my bliuwe... It wier my bang
As ’k jo sa ticht by dy forwoedne wist...
YDWINE.
Hear pylger, tank. Jins tael hat moed my jown
En eltse skrútnens is myn herte ûntroun—
Ik fiel my sterk en ’k haw bitrou. Dos gean:
Ek ienlik scil ik dochs net helpleas stean.