3. _Ydwine, de Pylger, Jûle, Wilfrid._

JÛLE.

Ydwine, as dy ús kommen noflik is...

YDWINE.

Myn moeike, ek jy, hear Preester, wolkom hjir!

Haw heil! ik ken de Krist’ne heilwinsk net,

Mar leau, myn hert bidt jim it bêste ta.

JÛLE.

En brocht de fromme pylger ’t útstel oer?

YDWINE.

Hy die ’t. En jerne wier ’k it hôf yntein

Dêr’t simmersk ljocht oer blomte en leaven djoeit,

Mar noegjender wier my jim mylde komst:

Hja bringt hwet greats, faekwol hwet ivichs oan...

WILFRID.

Fielt de prinsesse in frjeonskip for ús lear,

Ef bliuwt hjar hert by Krist’ne boadskip kâld?

Allinne langst nei heil forljochtet ús.

Ef is ús wird hjar herte tsjin, sa ’s ’t ek

Prins Radbod is?

YDWINE.

Myn hert niigt nei jim lear.

Ik ken se net folslein: sa nou en den,

Yn jim petear mei moeike en heit, forstie

Ik sims in inkelde útring, dy’t ik lang

Oertocht yn ’t siikjend hert—mar ha ’k it goed,

Den wytgje jim ’t biwâld fen ljeafde en fré

En geane striid en tsjoed mei sterk hert tsjin—

En soks is great. Us goaden ljeaven bloed,

By eltse striid rôp men hjar oan—as den

It striidfolk siichde as ’t nôtfjild for de sicht’,

As ’t bloed streamde oer it platroun fjild, de bern

Yn ’t ienlik hûs bang krieten om hjar heit

En ’t wiif forkwânsle waerd fen him dy’t woun,

Den wiern’ de goaden bliid... My wearzge dat.

WILFRID.

Do’t ús God berne waerd, dreau ingle-sang

Fen „Frede op ierde” it hillich heitlân roun,

En yn ús wijde skriften stiet it skreaun:

„Dû scilst gjin ien de dea dwaen.”

YDWINE.

Preester, siz,

Wier ’t foechsum, as ik jo hwet freegje doarst?

WILFRID.

Prinsesse, it andrjen is my eare en plicht:

’k Bin túnker yn de hôven fen myn Hear.

YDWINE.

Foarst dit: hwet is de minsk’ne greatste plicht

Salang’t hjar fiet op ierde’ wegen stean?

WILFRID.

De Hear to siikjen en syn hill’ge wet.

Hwent sjuch, prinsesse, op hiel d’ ûnfiembrë ierd’,

Yn hiel it wrâldrom, wiid as minsklik each

Net dreame kin, op berchtme en yn de sé,

Yn blauwe loft, op minsk’ne groun om ’t lyk

Ef iiv’ge snie syn rike glinstring spraet

Ef sinne’s gouden ljocht it rynsk oerstreamt—

Nearne is in inkeld ding, ’t sij great en heech

Ef ûnoansjenlik lyts, ef ’t hat syn doel

Dêr’t it nei stribje moat mei bêste krêft.

Us minsklik each is ing; op ierde is gâns

Dat fen it stjerlik folk net ien forstiet—

Mar elts ding krige in godlik boadskip mei,

In skeakeltsje is ’t yn ’t einleas kjet, in lûd

Yn d’ iivge skeppings-sang—it is himsels

En ’t hat syn egen doel, fen d’ oaren frjemd.

’t Moat libje nei syn aerd, allyk de Hear

It brûke wol yn ’t foarmjen fen syn ryk—

En dêrta moat it earst Himsels forstean.

Hwent libje wy, bliid laitsjend d’ iene stoun

En skriemend d’ oar, nei ’t falt, ef, flinters lyk,

De dei trochdounsjend yn in ljocht geniet,

Den bin wy túfkes foar de wyn, hwet plús

Dat stoarm’ge hjerst de grime dead yn bliest;

Mar ha wy God forstien en Syn bistel

En wier ’t ús striid to libjen nei Syn wil,

To dwaen, dêr’t Syn heech hjitten ús ta rôp,

Den tynt ús út it sie fen tins en died

Yn himel’s mieden risping, ljocht en ryk,

En himel’s boargerskip is Krist’ne doel.

Dit dos, prinsesse, is minsk’ne foarste plicht:

Forstean de Hear, erken Syn hill’ge wet,

En doch dêr’t Hy dy ta op ierde rôp.

YDWINE.

Sels ik haw dos myn egen doel—sels my

Waerd it bitroud to libjen for in ryk

Dêr’t elts ierdsk ding ta nije preal yn riist—

Dat makket sterk en great. Mar preester, siz,

Ho kenne wy Syn wêzen en Syn wet?

WILFRID.

Hy is yn ’t boldrjen fen de stoarm; Hy is

Yn ’t gean fen greate wolkens oan de loft,

Yn ’t rimpljen fen in rêst’ge sé, yn ’t liet

Dat sill’ge geal yn simmerjountiid sjongt:

Syn macht en greatens prealet dêr’t Natûr

Syn tsjûgnis jowt. Mar hwet Syn wêzen is

Gjin stoarm noch sé noch jountiid seit it ús:

Dit fine wy yn hill’ge skriften skreaun,

Us jown ta lieders yn de tsjustre nacht,

Fen himel-wiisheit fol en wûndre treast—

Mar klearder seagen wy de Hear yn ho’t

Syn Soan forriisde yn minsk’ne sûnde-wrâld

En ús bifrijde út finznis fen it tsjoed:

Hy iepenbiere ús, lijende as nin ien,

Yn wûndre tael it wêzen fen de Heit

En naem de sûnde ús ôf; mei Syn djûr bloed

Koft Hy ús siel fen swiere skilden frij,

Hy for ús sill’gens fêstspykre oan it krús.

YDWINE.

Preester, ei siz, ho is God den? Ho hat

De hill’ge skrift Syn hege krêft biskreaun?

Ho iepenbiere er him oan minsklik each

Yn him, dy’t neamd wirdt as Syn hill’ge Soan?

In strange God? ien dy’t de wrâld kastijt?

WILFRID.

Wol is ús God Rjuchtfeardichheit—eltsien

Krijt lean nei wirk, elts rispet nei syn sie;

Swier weacht Syn hân op hwa’t Syn hill’ge wil

Forspijt ef dy misleedget yn syn dwaen,

Lyk hy Syn tsjinners great-genedich is:

Mar Ljeafde en Frede is ’t meast Syn wet—Hy wol

In wrâld, from libjend yn Syn seingjend ljocht;

Elts scil de neiste ljeavje allyk himsels,

En weidwaen út syn hert de hate: ’t is

In minster fen de foarst fen nacht en hel.

God’s wil is Ljeafde en Frede, en hy, dy’t nei

Dy wet oertinkt en docht, dy is Syn frjeon—

Mar hwa dêrtsjin misdocht, dy is him frjemd

En fen Syn seingjend each yn nacht forstaet.

YDWINE.

Ien ding is my in riedling. God is Ljeafd’,

Sa sizze jy—’t is my in hearlik wird,

Mar as syn hert ien iiv’ge ljeafde is,

Ho koe Syn Soan, sa einleas goed, de frjeon

Fen bernkes, lyts en tear, fen earme en wees,

Ho koe Syn Soan sa frij fen sûnde as nea

In stjerlik minske wier noch wêze scil,

Den lije yn wrede hún en stjerre oan ’t krús?

Dit, preester is my frjemd: ’k forstean it net.

WILFRID.

Oanskôgje hjir fen Ljeafde it hillichst blyk.

De wrâld laei tiisd yn sûnde en waen, de dei

Forkearde yn nacht, elts minsklik haed droech ’t mark

Fen straffe en doem—ja, d’ierd’ forkaem yn smert

Om egen sûnde en waerd de Dea ta bút:

In hjitte koarts trochhúvre hjar, hjar each

Biroun yn bloed—hja easke in offer, great

As hjar ûnskeam’lens, strieljend as hjar nacht.

Hie do Gods Soan in krêftich kening west,

Dy’t nei in lang ryk libben freedsum stoar,

De sûnd’ge wrâld wier bleaun op d’ egen wei,

En wier, him priizgjend, bleaun by ’t egen kwea.

Mar nou’t gjin hún him sparre waerd, nou’t Hy

De kroan fen toarnen droech yn ’t bloedd’rich hier

En stoar de wreedste dea oan ’t foltrjend krús,

Nou bliuwt dit skrikbre byld fen sûnde en ljeafd’

Us ivich by, nea sinkt it wer yn nacht,

’t Scil stean sels as de wrâld forgiet, aloan

De wrâld warskôgjend tsjin it kwea, det hja

Dit skrikbre byld oansjend, net sûndgje _kin:_

Gods’ iivge ljeafde offre sels Syn Soan

Det d’ Ierde skrilje scoe for ’t egen kwea,

Bang rizende út it tsjoed, en neitiids nea

Sa djip wer sinke scoe yn sûnde en dwyl—

Gods’ iivge ljeafde joech Syn Soan oan d’ Ierd,

God joech himsels, det wy net sûndgje scil.

YDWINE.

It wint, it ljocht ... it weaget machtich oan...

It streamt yen oer ... nou riist in iiv’ge troan

Wyt-strieljend mank it goud ... de nachttiid stjert,

Ik sjuch ’t ... en doar noch net ... lyts twiivlich hert!...

Kening Aldgillis · 第 22 / 60 题