2. _Ydwine, de fammen, de Pylger._

DE PYLGER.

Prinsesse, is ’t foechsum det ik fierder kom?

YDWINE.

Jy binne wolkom, Hear. Wol wis, kom yn.

In boadskip faeks oan my, fen moeike ef heit?

DE PYLGER.

Foarstinne Jûle hat my stjûrd. It wier

For jo allinne ornearre, waerd my sein.

YDWINE.

Jim fammen, gean. Jow jim al wis nei ’t hôf,

En pleagje ús dryste sjonger hwet: det ik

Jim nei him stjûrde, omdet iksels net kom,

En ’t my slim moeide, as hy dêr ienlik bleau.

(_de fammen gean_).

En nou, jins boadskip, Hear? ei siz ’t my gau,

’k Bin slim binijd, nei frouljue’s aerd.

DE PYLGER.

’t Is grif

Jo wol bikend, det nei ús stoarm’ge komst

Foarstinne Jûle ús Krist’ne leare, lyk

Myn master dy forkindget, oernomd hat

En iepentlik nei Krist’ne Godshûs giet.

YDWINE.

(earnstich)

Ik wit it Hear. Hja sei ’t mysels it earst.

DE PYLGER.

Hja winske tige, ús leauwen scoe ek jo

Forkindge en útlein wirde, det jins hert

Frij kieze mocht, yn djip en suver sjen.

YDWINE.

Hja wit det ik myn hert net slút for gûnt

Dy’t ljeafde en frede preekje yn trêftich wird,

Al is jim wûndre tael yet faek my frjemd.

DE PYLGER.

Dos liet hja freegje, ef ’t foechsum wier, det hja

Mei preester Wilfrid jo bisiikje mocht,

En hjoed mei jo de Krist’ne lear bispriek.

YDWINE.

Hear pylger, ’k wyt hjar frjeonlik útstel tank,

Mar bûten sjongt de wyn en rûz’t de sé,

En jerne woe ’k my hwet fornoegje, yn ’t hôf...

DE PYLGER.

Prinsesse, kies gerêst. Nin ien dy’t twingt.

YDWINE.

Mar jim den, Hear? Is jim de goud’ne dei

Net ljeaver as binypte keamer-romt,

Hat simmer’s middeiwyn gjin wytgjend liet

For jim sterk hert? My tinkt, elts stjerlik each

Moat glânzgje as himelsk ljocht syn rounte oergiet,

Elts moed sjongt bliid by ’t núndrjen fen de wyn.

Ef hat jim hert nea simmer’s tsjoen forstien?

DE PYLGER.

Prinsesse, sei, haw jy my âld ef jong?

YDWINE.

Hiel jong yet, Hear. Jins lûd is rou noch swier,

’t Hat yet de jonkheit yn. Grif bin jy jong,

Mar sims ha ’k tocht, as ik jins oandacht seach

By earnstich wird, en jins ynbannich dwaen

As Fryske jonkheit djoeide yn dert’ne nocht,

Jy wierne jong fen tiid, mar âld fen hert.

DE PYLGER.

Haw jy den om my tocht, prinsesse?

YDWINE.

Faek!

Der wier hwet yn jins dwaen, dat loek myn each,

Hwet sêfts en mylds—ús feinten bin sims rou,

Jy bleauwen froed ek by hjar wyldste nocht.

En dochs bin jy net stiif ... ’k wier faek binijd,

Sa’n weardichheit der klonk yn al jins tael,

By sa’n ynbann’gens yet sa’n hoflikheit...

DE PYLGER.

Ek ik waerd great brocht oan in kenings-hof.

(_Effen stiltme. Den:_)

YDWINE.

Hear pylger, siz ... ik woe sa jern ... mar faeks...

DE PYLGER.

Hwet wier jins winsk? ’k Foldoch deroan, as ’t kin.

YDWINE.

Ei neat ... mar sjuch, ik wit hast neat fen jo;

Yn heimnis leit for my jins hiel bistean.

Hwet oarde is jins heitlân? hwêr jins went?

Ik wist sa jern hwet fen jins libjen ôf...

Nijsgjirrichheit is ’t net, mar dochs, as jy

Eat oer josels my seine, ’t wier my ljeaf...

DE PYLGER.

Prinsesse Ydwine, ik hearde nea in winsk,

Myn hert sa myld, sa wolkom oan myn moed,

En jerne sei ’k jo alles fen mysels,

Mar leau my, better is ’t, ik stel ’t yet út:

It driuwt yet net en keart myn doel faeks tsjin...

Mar inkle dingen siz ’k jo nou al graech,

Det jy yn my gjin tsjinstfeint sjugge, ef ien

Dy’t altyd as in mûnts oer d’ ierde gyng,

En ’t bliuwe scil oan d’ ûre fen syn dea.

YDWINE.

’k Bin mei in bytsje bliid. Mar Hear, sit del;

Ik harkje graech ... faeks freegje ik sims ek hwet...

DE PYLGER.

Myn heitlân leit dêr ’t jounich deiljocht dûkt.

’t Wirdt fen de sé omspield: de weagen gean

Sêft-rûzjende de skiere strannen roun,

En slaen yn ’t Súd tsjin wite rotsen dea.

Rjue streamen weagje it glinstrjend séwiet ta,

Sêft sljurkjende mids steatlik wâld, hwaens groun

Komselden mar fen sinljocht oerskynd wirdt.

Ek rize klingen dêr, mei moas bigroeid,

De skeanten bûnt fen blomte, en klear fen ’t wiet

Dat út rjue saden nei de flakten wynt.

’t Lân is as hjir sa fruchtber, ryk oan nôt

En feardich fé giet oer de greiden roun,

Mar ’t liket my dochs greater, iiv’ger ta—

’k Mis hjir de berchtmen sims en ’t rinnend wiet,

Al bin jim marren wûnder myld en ljocht,

As mearkes, tear yn simmerjountiid sein—

Mar ’t wûnder fen myn lân, dat is de sé,

Mei tûzenderlei sang, mei skomjend gean,

Dy’t eltse kant myn steatlik lân omjowt,

Sims streakjend as in maitiidsbreid, sims woast

It riljend lân fêst klampjend yn hjar earms,

Sims glimkjend, den lûd roppend tsjin de loft...

YDWINE.

De minsken?

DE PYLGER.

Broerren fen it Friez’ne folk,

Allyk fen tael, yn tins en aerd allyk—

Mar hja bin mear de hege sé biwend,

Hjar each is skerp fen ’t dykrjen oer syn wiet,

Hjar siel yet sterker fen syn wyld gedroan—

’k Foun by de Friezen ienfâld; by myn folk

Is grif mear heechheit en mear stâns-forskeel;

By tiden leau ’k, hjar herte en siele swier

Fen great takomstich wirk, hja fiele mear

Det for hjar laech in swiid lot weilein is...

Mar oars, myn folk is meast de Friezen lyk.

YDWINE.

Jins âldershûs?

DE PYLGER.

It leit yn sintsjend hôf

Om fierren rûz’t de iiv’ge sé, lyk hjir—

In stream wynt dêr foarby en njuentet swiet,

En wylde roazen speeglje in súvre foarm

Yn ’t effen, ynblau wiet. In heech-geand wâld

Leit efter ’t hûs en núndret as de joun

For ’t lêste d’ ierde oergiet, in wûndre sang,

Dy’t hoopjen docht op ljeafde en sillichheit...

En yn it wâld, dêr bloeit fioele en roas...

Myn âldershûs ... o ’t is in hearlik hûs,

Dêr giet myn heit, wiis soargjend for it folk,

En Mem bistjûrt it hûs yn ljeafde en trêft...

Myn sisters wirde al great, en laitsje bliid

Hjar jonkheit troch ef hawwe in mymrjend each,

Elts nei hjar aerd; myn broerren bin yet jong,

Ien sei, do’t ik om utens gyng, en him

For ’t lêst patte, for it earst fen „broer”,

En stamm’re my de namme, laitsjend, bliid—

’k Ha lokkich west, prinsesse, yn ’t âldershûs...

YDWINE.

Ien ding is my fen wûndrens frjemd. Hwet dreau

Jo dochs fen miich en âlden wei? Dreau faeks

In ûnoertochte die jins lân jo út?

Ef ... faeks in ljeafde, net forstien?... Hwent ek

Dizz’ dingen bin it stjerlik each biskern...

DE PYLGER.

Soks net, prinsesse. Ik haw wol dagen hawn

Det ’k tide op ien dy’t my alhiel forstie,

Dy’t nêst my gean scoe troch de bann’ge tiid,

Yn súvre ljeafde oan myn siel’ forboun—

Mar nea noch hat sa’n each yn mines sjoen,

Noch scil dat wêze, ear’t ik dit forstean

Det dy’t ik ljeafhaw yn myn hert, for my

Biskern is fen myn Himel-heit Himsels.

YDWINE.

Mar den, hwet dreau jo, Hear ... myn frage is dryst...

DE PYLGER.

(oereinrizend)

Langstme nei God en nei syn hill’ge soan.

Hwent moai is ’t glânzgjen fen de fiere sé,

Moai ’t laitsjen fen de sinne, in maitiids-mar,

Moai is de sêfte tsjoen fen ’t âldershûs,

En moai de glâns, yn ljeavjende eagen sjoen;

Mar ken ’k ’t wêzen, is alles skyn

En neat as skyn, den wier ’k in boartsjend bern,

Mei hwet getwinkel bliid, in dom, ryk man

Dy’t yn hwet bûnt geblink it kostlikst sjucht—

Den is myn ljeafde omdôch, myn siele dea.

Him wol ik kenne yn ’t freegjend hert, dy’t my

De glâns fen d’ ierde jowt, de sé syn sang,

Det ik syn wet aloan bifolgje mei,

Neat dwaende hwet him walch en evelsk is—

En ’k fyn him net, sêft yn in keamer sjend

Nei ’t greate gean fen wolkens, ’k fyn him net

Yn ien, ien inkeld hûs: de wrâld is wiid,

De wrâld de skoalle om him en hiel syn dwaen

Yn ’t herte to forstean! Gods wente stiet

Net yn in fiere en kâlde Walhal-stins,

Mar stridend giet er yn de minsk’ne wrâld

Lyk ek syn soan de minsk’ne sûnden droech...

Prinsesse Ydwine, ei nim myn tael net kwea,

Ik spriek to hird, ’k boun net genôch my yn,

Mar dêrom is ’t det ik de wrâld ynteach,

En skaette fen myn freedsum âldershûs.

YDWINE.

(for hjarsels)

Hwet wûndre tael! is ’t wierheit, is ’t in waen?

O mei in God my sjen en klearens jaen!

Is ’t waen, den moeit it my ... dit wier sa great...

As dit ek falt, sinkt alles del yn ’t neat...

As ’t wierheit is ... in nije dei ... in ljocht

Sa great, sa sterk, as ’k nea to skôgjen tocht...

Kening Aldgillis · 第 21 / 60 题