1. _Ydwine en seis fen hjar fammen (oan ’e wiele)._

SANG.

Frou Frigga spint hjar triedden

Yn himel’s heechste toer;

Dêr heart hja minsken bidden

Oan Odin’s wiis bistjûr.

Rôlje, rôlje, wiele,

Fen hjar seine oerstriele.

Ho rize lûd de klachten

Tsjin Walhal’s stinzen op!

Hja harket al hjar nachten

Nei minsk’ne bang gerop.

Rôlje, rôlje wiele,

Gloede- en trien-oerstriele.

Hja mei net elts bifrije,

Hwaens each hja smeekjen sjucht—

Odin dy _moat_ kastije

Hwa tsjin syn wil misdocht.

Rôlje, rôlje, wiele,

Fen hjar seine oerstriele.

Sa binne yn ’t leed bifieme

Mem Ierde’ bline bern,

Det Frigga sels moat skrieme

En kin net blier mear sjen.

Rôlje, rôlje, wiele,

Gloede- en trien-oerstriele.

Hjar triennen drippe allinken

Op ’t fine spinsel del:

Nou sjuch dy triedden blinken

En glânzgjen, sêft en hjel.

Rôlje, rôlje, wiele,

Fen hjar seine oerstriele.

It spinsel fen hjar hannen

Wevet de loften oer,

Taspriedend oer ús strannen

Ut himels heechste toer.

Rôlje, rôlje, wiele,

Gloede- en trien-oerstriele.

En d’ ierde dy’t omhegen

Dy wolkens driuwen sjucht,

Wit det oer al hjar wegen

Frou Frigga ’t weitsjen docht.

Rôlje, rôlje, wiele,

Fen hjar seine oerstriele.

YDWINE.

Genôch for hjoed, myn, fammen, ’t wirk is dien.

By ’t winter do’t de wyn sa boldre en die

Waerd hiel de dei sims mei ús spinwirk wei

—’t Is den it smoutst yn hûs, by smûk petear

En nochlik liet, dat hiel de stins troch klinkt—

Mar nou is ’t hôf sa grien en sêft, de wyn

Sjongt yn it rûzich beamte in simmer-liet,

En ’t rûzjen fen de sé klinkt noegjend-fier.

Nou is ’t my hjir binypt en ing, al sjongt

Jim lûd, yn boun mei mines, bliid in liet—

Ik moat de kimen sjen, de sé en ’t ljocht,

Wiid doarmjend yn de miede en ’t steatlik wâld,

Goud oer myn hier, en sinne sels yn ’t each:

Den, fammen, is de dei geniet en feest.

Liz del jim wirk, lit ús it hôf yn tsjen.

IN FAEM.

Prinsesse Ydwine hat it sinljocht ljeaf—

Mar ’k tink, hja siket mear yn ’t sjongsum hôf...

YDWINE.

Yet mear? hwet mienstû, Hil?

DE FAEM.

Fen middei, do’t

Ik fen ús hûs it paed yn ’t hôf lâns roun,

Laei Bernlef, dreamend yn it soeijend gers.

’k Sei him goendei—do rôp er tsjin my: „Siz

Prinsesse Ydwine, ik teach it hôf wer yn—

Den hâldt it wirk hjar grif net lang yn hûs!”

(_de fammen laitsje_).

YDWINE.

Dû doochst as ljeafde’s mylde boade net:

Hwet heimnis wêze moast, dû ropst it út

En jeist it bloed my nei it wang.

DE FAEM.

Mar dochs

’k Wier wol in ljeafde-boade?

YDWINE.

’k Wit it net—

Bard Bernlef joech dy ’t boadskip, freegje it him;

’t Kin wêze det er ’t mient. Mar ik sei neat.

DE FAEM.

Simstiden lústret ljeafde in swijs’me tael,

En ’k leau, Ydwine each forstiet dy goed!

YDWINE.

Hwet bistû dryst! Stiek Bernlef sims dy oan?

Sok pleagjen, ’t jowt gjin foech. As beppe Thied

Us sa ris hearde, it wier hjar min nei ’t sin!

Ik krige in leksum oer myn weardichheit,

En dû hiest grif hjar ginst forgoed forlern.

Woloan den, lit ús gean. Ho rûz’t de wyn!

Kening Aldgillis · 第 20 / 60 题