PREESTER.
Foarstinnen, Walhals ginste noedzje jim!
BERNLEF.
Foarstinnen, wêz dizz’ dei jim bliid en ljocht.
THIED.
Tank, bard en preester. Goed set sa’n dei yn
Hwaens dage fen jim mûle heilwinsk bringt—
Hwet wier jim boadskip yn ús iens’me hal?
PREESTER.
Prins Radbod hiet my him to biidzjen yn
Syn Beppe’ seal, mar sei syn boadskip net.
THIED.
Bard Bernlef, teachst ek dû dyn steatsklaed oan?
Ho flûnkret sa dyn earm fen goud? ho wynt
De wylde roas sa haechlik om dyn harp?
BERNLEF.
Prins Radbod woe it sa, foarstinne Thied,
En bringt dizz’ dei de wierheit fen syn winsk.
Den is it goud to feal, to drôf de roas
For sok in ljochte simmerheechtiids-dei,
En ’t djûrste liifsklaed is to dof, hwennear’t
Syn siele-langst dizz’ dei bikroane wirdt.
THIED.
Ho, Bernlef, wist hwet Radbod hjirmei mient?
Ek ik haw ’t ljeafste klaed my nomd, mar wier,
Ik wit de reden noch syn doel dêrmei.
BERNLEF.
Prins Radbod is myn sielefrjeon, frou Thied,
Syn boarst hâldt for myn each gjin heimnis yn.
THIED.
Wier ’t foechsum det syn beppe it plan fornaem?
Ek hjar is hy boppe eltsë ierdling djûr.
BERNLEF.
Foarstinne Thied, mei ljeafde sei ’k it jo,
Mar hjir is ien oer hwa’t ik twiivlich bin...
JÛLE.
(yn ’t ôfgean)
’k Jow my al ôf. ’k Wit ho’t Prins Radbod faek
Syn moeike bliken joech fen wanbitrou
Om’t hja it tsjustrë yn syn ynboarst sjucht,
Net fen syn skyn bitsjoend. Ik jow my ôf,
Siz dû syn plan en neam it hjar: mar wit,
Hwet groeit yn heimnis, stjert yn heimnis wei,
En hy docht tsjoed, dy’t sibbe en miich mistrout.
(_giet_).
THIED.
’t Is min, sok praet. Bard Bernlef, jow jo del,
En meitsje ús bliid mei jins oerljochte tael—
Hwent, tink ik, ek de preester mei it hearre.
BERNLEF.
(giet sitten)
Wis, wis—hy wol it meast: syn wird scil skielk
Ta krêft’ge wierheit wije Radbod’s winsk—
Foarstinne Thied, en dû, myn frjeon, den hear.
—’k Siet jistermiddei iensum oan it strân
Dêr’t sêft de skomweach rûz’t en rûzjend stjert;
En ’k harke nei it liet dat súntsjes út
De goud’ne weagen nei de himel sjongt—
De tinzen fen de sé, by ’t maitiid wijd
Ta rêst en frede en langst nei stoarmleasheit.
En ’k seach it ljocht, hodet it fûnkljend glied
Bitwisken tearen fen it amjend wiid,
In weldge frou, mei ’t amjen fen hwaens boarst
De flûnkerjende goud-sier riist en sinkt.
Ik wist, God Baldur spriek myn siele ta,
En ’k die myn eagen ticht, det ’k harkje koe,
Hwent Goad’ne boadskip heart men bêst, as d’ Ierd
Yen fier is mei hjar pronk en wûndre tsjoen—
En ’k laei yn dream, in swiet en sillich skoft,
Wylst sêft de strânwyn wyndrë oer myn hier
En Frey my gouden glâns oer ’t antlit lei.
Do hearde ik sêft in dimm’ne trêd oer ’t strân,
Sa scoe, tocht my, God Baldur seingjend gean,—
Hy knibble nêst my del—mar ’k doarst net sjen,
En striek myn hier sêft fen it foarhaed wei,
En sunich lústre er my: „Siz Bernlef, sliepst?”
Do doarst ik sjen en ’k seach yn Radbod’s each.
THIED.
En, sjonger, like er Baldur sels fen liif?
BERNLEF.
Syn each wier as de jounloft yn dit lân,
Sa wûnder myld, en dochs in brân dêr’t rêst
En ljeafde en myldens dwêstende yn fortart;
It wier in saed fen skrikbre djipte, dêr’t
Ien wiffe stjer hiel sêft en tear yn blinkt—
Mar ’k seach djip yn syn each en ’k hie him ljeaf.
En wylst ik laei en him yn d’ eagen seach,
Myn holle rêstende op syn frjeone-hân,
Forhelle er my, sêft lústrjend, in forhael
As âlde barden sjonge yn winterjoun,
En as de séwyn wier syn lûd, sa tear,
Sa fyn en jong, sa fol fen frjemd ûnthjit.
PREESTER.
Sa giet by ’t Maitiid sims ek Widar roun,
De god fen ’t wâld, hwaens dûnkre en súvre krêft
Fornijd wer riist mids sinne’s glinster-steat.
THIED.
Biskriuw ús hwet er sei en neam ús dat.
BERNLEF.
Dit wier syn wird: „Myn Bernlef,” sei er sêft,
„Dizz’ dei is goed for d’ Ierde, dy’t fen nijs
De fruchten groeijen fielt yn ’t slomjend liif,
En goed for dreamers, mymrjende oan it strân
En skôgjend ho’t it ljocht de sé oerweev’t—
Mar ’t bêst for him dy’t ljeafhat yn syn hert,
En yn dizz’ tiid in wûndre miening fielt.
Sa Bernlef, (sei er) giet it my; ’k ha ljeaf,
En moarn forbynt it boask myn faem mei my.”
THIED.
Ho Bernlef, ho? En wy, wy wisten neat!
Hwa naem er ta syn kar? In Fryske faem,
In faem fen stân? Ien dy’t him weardich is?
BERNLEF.
Foarstinne Thied, hy mient Rixt Martena.
THIED.
’k Bring Odin tank! de trêftichste fen ’t lân!
Dochs is der great biswier ... gean fierder, bard!
BERNLEF.
Hy den, hy sei: „Dit is my ’t swierst en ’t slimst,
Det ik yn heimnis dwaen moat hwet ik ljeafst
Fen hiel dit gea de maitiids-blidens seach,
Mar ’k wit, hjar heit jowt nea it tawird; ’k wit
Hy is in tsjinner fen dy krúsge slaef
Dy’t men de Kristus neamt—hy hatet my
Om’t ik syn ôfgods-tsjerke dylge yn fjûr,
Nêst mennich jier, in wylde winternacht.
En Heit jowt him, dit wit ik, ’t weegrjen frij,
En twingt gjin Kristen ea syn dochter ôf—
Dos moat iksels geheimge wegen gean.
Rixt mient it my, en hat my ynlik ljeaf
—Yet ljeaver as de slaef fen ’t krús!—en moarn,
By d’ iere dei, as ’t East yn lôge barnt,
Den flechtet hja út d’ âlderwente wei,
Myn breid nei ’t rjucht fen ljeafde’s egen kar.
In preester scil ús boaskje as man en wiif—
Dû, doch dyn djûrst klaed oan, en biidzje my
Yn beppe Thied hjar seal, en siz hjar oan
Hwet mylde hope ljocht bringt yn myn hert.”
En hy spriek troch, en die my ’t âld forhael
Fen blide ljeafde, in bard sa goed bikend,
En priizge Rixt, det ik hjar glimkjen seach
Mids feale drôvens fen hjar âldershûs,
En hiel de middei spriek er wûndre tael
Fen ljeafde, as ienris mar de minske sprekt—
Foarstinne Thied, dêrom trochwynt de roas
De stringen fen myn harp, dêrom is ’t each
My bliid en ljocht, en dêrom biidzje ik hjir.
THIED.
O súvre Maitiidsmoarn, hwet bist my myld,
Ho hoeden draechst my Frigga’s jeften ta!
By Odin, keninklik is Radbod’s kar
En wiis syn wird dat sa fen oerliz sprekt;
Hwent wis, myn soan, dy’t men de kening neamt—
Mar kening is er net yn died en krêft—
Hy hie oan Radbod’s langstme nea foldien.
Dêrom, ’t is goed; en ’k fiel mysels in breid
Fen blidens, det ik dit oanskôgje mei,
Myn Radbod boaske en ’t flokte krús forslein.
Myn hert rint oer fen wille en tankberheit.
PREESTER.
Great is it wirk dat my de prins bitrout,
En ’t is my bliid, det hja, syn keaz’ne faem,
For him it skaed fen ’t môgich krús forlit.
THIED.
Dos preester, hâld dy ré; wêz greatsk fen hert;
Dû, Bernlef, sjong in sang dy’t Walhal heart!
Ho is dizz’ moarn ús myld! ho hat de wyn
In tsjoenend lûd fen blide ûnthjitting yn!
Haw, Frigga, tank; bin twiivlich ek dyn bern,
Dyn ljeavjend each hat nea hjar glâns forlern!