IT SAUNDE TAFRIEL

PROF. EV. WASSENBERGH.

SYTSE HETTINGA.

REITSE JANS.

FJOUWER OARE STUDINTEN.

Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 1811, to Frjentsjer. Yn in keamer fen de

Akadeemje fen Fryslân”.

Hy giet, en de foarhing lûkt iepen.

Men sjucht in learkeamer yn de Akadeemje, âlderwetsk en ienfâldich.

Mids efter, hwet nei rjuchts, is in doar, dêrboppe in búste fen Pallas.

Rjuchts twa finsters, lofts ien, mei swiere gerdinen dêrfoar. Mids

efter, nei lofts, in skou mei barnend hirdfjûr; dêrboppe in greate

skilderij fen de keizer Napoaleon. Yn de keamer, lofts, de sprekstoel

for de prefester; dêrfoar yn ’e lingte in tafel mei stoellen dêromhinne

for de studinten. It is joun, en in greate kroane mei kjersen barnt

mids yn de keamer. Bûtendoar waeit it fûl, de sigen docht de gerdinen

nou en den forwegen.

Yn de keamer binne fjouwer studinten, feardige libbene feinten, klaeid

nei de dracht fen dy tiden. Ien stiet yn de prefester syn sprekstoel,

in oar sit op de leartafel, twa oaren steane ticht by him. Hja sjugge

yn spanning nei de doar; it is dúdlik det hja ien forwachtsje.

DE EARSTE STUDINT.

Ik leau der neat fen det it hwet wirdt! Hy strûpt der for om, hwet ik

jim siz!

DE TWADDE.

Den kinst Reitse Jans net, heite. Hy hat der for wedde. It is in

earesaek for him. Hy lit it nea slûpe.

DE TREDDE.

Ik mei ’t lije det er it der ôfswit. Dy âlde Mombosius mei wol ris in

ôflear hawwe. In prulfint en oars neat! Hy hat my oer ’e staech set by

myn propaedeuse, allinne om’t er it mier oan my hie!

DE FJIRDE.

Dêr komt ien, jonges! (_tsjin de earste:_) Moatst út dy stoel weikomme,

stalke, it kin Wassenbergh sels wol wêze!

DE EARSTE, ûnsteurber.

Kin net. Dy syn tiid is ’t yet net.

DE TREDDE.

Siz ris, jonges. As Reitse ynkomt, allegearre sa lûd as wy kinne: „Ave

triumphator!” As er de prûk hat, komt it him ta; hat er him net, den

stiet er biskamme!

DE OAREN.

Ja, ja! tige!

De doar giet iepen. Hja sette yn „Ave tri...” Hja komme net fierder.

Ynstapt in jongfeint yn de uniform fen Frânsk garde-soldaet, in boek

ûnder de earm. Forbjustering.

DE TWADDE, sjucht it.

Sytse Hettinga, sikersonk! Ho komstû hjir joun yette! En yn dizze

útris!

SYTSE, glimkjend, mar hwet earnstich.

It wier de lêste kear, ju. Ik woe de tael fen master Gysbert yet ienris

hearre. Hwa wit yn ho lang ik se net mear hearre scil. De keizer

sparret syn soldaten net.

Hja binne yn ienen stil wirden.

DE FOARSTE.

It bidjert de joun detstû moarn by ús wei moatst.

SYTSE.

Sa net, frjeonen. Wy scille de moed der ynhâlde oan de ein ta. Tink mar

net om dit pakje; de minske is der deselde om. Mar mei hokfor blide

gjalpen scoene jim my niis bigroetsje? Ik hâld ek yet wol fen in moaije

bak, hear!

DE TWADDE.

Reitse Jans scil âlde Mombosius in loech ôfsjen. Dû witst, dy twa hawwe

it grou op inoar. Wy ha him hwet oanfitere. Do hat er wedde. Hy scoe de

âld man syn prúk ûntfytmanje, wylst hja der beide libbenliifs by

wierne, en sûnderdet de âlde him yn de lampe hie.

DE TREDDE.

Dêr is ien, jonges! Det is er! Ave triumphator!

De doar giet iepen en Reitse Jans forskynt. Hy is in earste bysfeint,

en hat syn draei tige. De oaren roppe lûd meiinoar: Ave triumphator! Yn

ienen stiet er rjucht oerein, as in oerwinnend fjildhear, en hellet mei

in steatlik gebeart efter syn rêch de prúk fen prof. Mombosius wei dy’t

er as trofé omheechhâldt. Gejubel, de studinten dounsje om him hinne;

Sytse Hettinga hâldt him hwet efterôf.

DE STUDINTEN.

Fortelle! It relaes! ho hast it oanlein! Fortelle!

REITSE JANS.

It wier sa ienfâldich as it aei fen Columbus. Hear nei myn oerliz, en

jim scille my biwûnderje. Jim witte allegear, âlde Mombosius komt om

dizz’ tiid by syn mieltiid wei. Hy yt fiks, en drinkt better; hy is net

for neat sa roun as in tûntsje. En as er it iten bihimmele hat, giet er

to frijen.

DE STUDINTEN.

Det liigstû! Mombosius grien! Optinksels!

REITSE JANS.

Sa wier as ik dizze prúk omheech hâld. Hy hat it forsjoen op de âlde

widdou Truffelsma; dêr sit modder oan ’e kloet. Dêr kuijeret er den

hinne, it bolwirk om. Joun wier it in joun út tûzenen. Piktsjuster, en

it waeide det it rikke. Ik stelde my op efter in grouwe beam, nêst it

hoekhús. It wierre my mei en it twirre my mei, kin ’k wol sizze. Krekt

do’t âlde Mombosius om ’e hoeke komt, myn beam foarby, in pûster fen

gewelt. Ik mepte him de hoed ôf en pakte teffens syn prúkje beet; sà

hie ’k it.

IEN FEN DE STUDINTEN.

Mar hy scil dy wol mirken ha, heite! Sa hat er grif net yn ’e doljoarum

west!

REITSE JANS.

Gjin sprút dêrfen! Ik koe him krekt skarreljen sjen út myn skûlhoekje

wei. Hy tocht det it de wyn wier, seach en socht alles ôf, foun syn

hoed werom, mar fensels, it prúkje net! Do kaem it moaiste. Wylst er

dêr yet omsneupt, komt Wassenbergh der oan; hy roun him hast tsjin it

liif. Mombosius wist net ho’t er der mei oan moast. „Gij vindt mij in

eenige ongelegenheid, collega,” sei er. „De kracht des winds in dit

gure land is bevreemdend. Zoo meteen rukte hij mij mijne peruike van

het hoofd.” Wassenbergh tocht; nou hat er him hielendal om. „Ik leau

earder det jy in slach fen de moalpûde as fen de wyn beet hawwe,” sei

er. Mombosius fette dêr fensels gjin grevel fen.

IEN FEN DE STUDINTEN.

Io triumphe! for de greatste bysfeint fen Frjentsjer!

IN OAR.

Hwet moat der nou mei de prúk barre?

DE STUDINTEN TROCH INOAR.

Ophingje boppe Mombosius syn sprekstoel! Efter op syn toga bispeldzje!

Syn snúfdoaze dêryn biwoelje!

REITSE JANS.

Né, nommele frjeonen. Myn herte is nou wer stimd ta myldens, oan myn

grime is foldien. Oare moarn is ’t Mombosius syn jierdei. Wy stjûre him

in earste klas taert en litte de prúk yn in doaske dêryn bibakke. Wy

litte him bisoargje... By Jupiter, Sytse jonge, bistû hjir ek! Det ’s

al hwet kras, det ik dy net earder sjoen haw.

SYTSE.

Ik woe dyn moaije bak net bidjerre, heite. Dit is grif de bêste fen dyn

fiten.

REITSE JANS.

Moatste moarn foart?

SYTSE.

Ja. Net mear oer prate, ju. Ik bin nou yet by jim.

Stiltme. Reitse Jans hat it prúkje weimoffele, en liket forbjustere. De

doar giet iepen, en pref. Wassenbergh komt yn. Hy is in weardige en

frjeonlike forskining; syn antlit leit safolle gloede en myldens oer,

det men kin bigripe det de studinten for him troch it fjûr geane. Dizze

joun lykwols liket er oandien; de studinten merkbite it mei gauwens.

WASSENBERGH.

Joun, frjeonen. Sytse hjir ek? De reis der om makke, Sytse?

Hy fûstket mei him.

SYTSE.

Ja, professor.

WASSENBERGH, him oansjende.

De lêste joun?

SYTSE.

Ja, professor.

Wassenbergh keart him om en komt foar it byld fen de keizer lâns. Effen

liket er yn opstân to kommen, mar hy bitwingt him. Hy leit syn

pompieren, dêrby in Gysbert Japiks, foar him yn de sprekstoel.

WASSENBERGH.

Ik hie joun de Fryske Tsjerne yetteris mei jim lêze wollen, frjeonen.

Mar jim moatte my ûntskildigje. Ik bin hwet forslein. Do’t ik hjirhinne

gyng, tocht ik: ik moat de les mar jaen sûnder my hwet skine to litten.

Mar ik kin it dochs ek net for jim stil hâlde. En nou’t Sytse hjir sa

yn ienen foar my stiet, kin ik it alhiel net mear forkropje. Wy binne

hjir as goede Friezen mei-inoar.

IEN FEN DE STUDINTEN, hwet riedend.

Is der nou _wer_ hwet ... mei de Akadeemje, professor?

WASSENBERGH, nei in koarte stiltme, rêd, as kin er dêr net lang oer

prate.

Der is in streek troch de Akadeemje helle. Wy bisteane net mear.

IEN FEN DE STUDINTEN.

Det kin net....

Hy sjucht Wassenbergh oan, mar dy syn antlit wiist de wierheit

kleardernôch út. Stiltme. Net ien doar en kin hwet sizze. Bûtendoar

heart men de wyn, great en fûl. Op it lêst seit

IN OAR FEN DE STUDINTEN.

Det is net to leauwen. Men kin yen det ommers net tinke... Us Akadeemje

kin ús dochs net ûntnommen wêze... Der is grif in forsin, men hat de

keizer forkeard ynljochte....

WASSENBERGH.

De amptners fen de keizer binne krekternôch. Sadré’t it bisiik fen

Cuvier oankindige waerd, hat it my swier op ’e lea lein. By alle

freeslikens bliuwt it sa tige bigryplik; men kin yen krekt tinke ho’t

it west hat. De keizer hat jild nedich, jild—en minsken. Hy hat de list

fen de hegeskoallen foar him krige út syn nije Frânske provinsje; hy

hat sein: seis, det is to djûr. En hy hat in streek helle troch de twa

minst bisochten. Hwet kin hy witte fen hwet dit for ús bitsjut, hwet

wit de Korsikaen fen hwet der omgiet yn Friezene herten? En wist er it,

hwet koe it him skele? Hy sjucht de wrâld dy’t fol fijannen is, hy wol

se delslaen. Hy hat ús yn de macht, hy biskikt oer ús.

IEN FEN DE STUDINTEN.

Hy is in tyran. De foltsen scille de dei fen syn fal priizgje.

(_Lústerjen: Sst, sst, tink derom!_)

IN OAR FEN DE STUDINTEN.

Mar wy kinne ús Akadeemje net misse. Tink jim det yn: net mear yn

Frjentsjer leare, net mear ús thús hawwe yn it lytse stedtsje, om utens

to learen gean. Fryslân kin syn Akadeemje net kwyt. Hy kin net lang

regearje....

WER IN OAR.

As er falt... Oranje scil helpe! Dit ûnrjucht kin net bistean.

WASSENBERGH.

Wy kinne net folle forwachtsje, frjeonen. Ik hâld fen Oranje, en dizze

nacht scil foarbygean. Mar ik wit ek hwet to wachtsjen is fen regearen.

Hja binne selssuchtich, hja sjugge de djippe geastlike neden fen it

folk net, hja hearre allinne hwer’t men lûd om ropt. It kin it tinken

net fen my ôfsette, dit wier net bard as de keizer witten hie, it

Fryske folk stie as ien man efter syn Akadeemje. Do’t de departemintale

yndieling kaem, moasten alle oare lege lannen hjar nammen forlieze, mar

dy fen Fryslân liet er bistean. It wier in lyts blinkje hope. Mar dit

hat in ding fen neat for him west.

SYTSE HETTINGA.

Professor, ik woe freegje. Ho kin dit eigentlik allegearre yn Fryslân?

Wy hâlde dochs fen ús eigen folk, fen ús sprake. Hwerom stipet men ús

net? Is it net ûnbigryplik?

WASSENBERGH.

Det is it, Sytse. Bytiden tink ik, der leit in tsjoen oer hiel Fryslân

... wy libje yn it herte fen Fryslân, en it liket gjin Fryslân to

wêzen... Mar wy meije de moed net forlern jaen. De greate master fen

Boalsert stie allinne. Det is mei ús oars.

REITSE JANS.

Wy hawwe mankoar. En it scil oars wirde yn Fryslân. Wy scille ús bêst

dwaen.

SYTSE HETTINGA, klear dêroer hinne.

As it moat, lit alles falle. De greatens fen Fryslân, de Akadeemje, ús

libben, alles. As wy mar wis binne det Fryslân libjen bliuwt yn de

herten fen hwa’t hjar ljeavje. Den is de opstanning wis.

WASSENBERGH.

Lit dit den ús lêste wird wêze, frjeonen. Bitwongen, bidrige,

forlitten, wy hâlde oan Fryslân fêst. Hja kinne ús birôvje, ús krêft

brekke kinne hja net. En nou, myn frjeonen, wy scille joun de Fryske

Tsjerne net mear lêze. Mar lit ús yet ienris lêze master Gysbert syn

Jounbede, lyk as wy det wend wierne to dwaen.

Hy slacht syn Gysbert Japiks iepen, en bigjint to lêzen mei oandiene

stimme.

WASSENBERGH.

Nou is de dei forroun mei ûre en stoune,

Oermits de sinn’ doldûkt, yn wetters groune.

Meitse ús nou, Sliep, fen God om rêstjen jowne,

Dei’s lêst onboune.

IEN FEN DE STUDINTEN.

Kom swiete sliep, ús eagen firdich binne.

Det swierlik drôgjen net ontstjûrgje ús sinnen.

Det soarch en eangstme ús rêstnjue net oerrinne,

Noch fré forwinne.

IN OAR, sterker.

Kom swiete sliep. Mar wêz ús fêste boarge

Det nin nachtgrime ús fettet by de loarge,

Det wy net reitse yn fij’ne weaze en foerge;

Hâld wacht en soarge.

IN OAR, heger.

Mar Y boppe al, Tsjerk-haed, Jon weitsers seine,

Wolsillige Inglen, det s’ al onrie weine,

Det Jon skiep Jo, fen’ Hol, net wirde ontteine,

Ontskake ef skeine.

SYTSE HETTINGA, fêst en klear.

As den, troch sliep forkwikke, ljeave Heare,

Wy firdich moarn-ier t’ ús birop werkeare,

Holp det ús dwaen en litten, ta Jon eare,

Wol wirdt rejeare.

WASSENBERGH.

As den, frjeonen, ús Akadeemje, dizze fakkel fen Fryslân, dôve wêze

moat yn de stoarm fen ús tiden...

IEN FEN DE STUDINTEN.

Hjar fjûr scil foartbistean yn ús herten....

IN OAR.

En wy scille it útdrage oer hiel Fryslân....

IN OAR.

En der scil wêze in nije dei....

SYTSE HETTINGA.

En der scil wêze: ûntweitsjen.

Prof. Wassenbergh slút syn boek.

De foarhing slút.

Fryslân · 第 11 / 13 题