IT ACHTSTE TAFRIEL

DE JONGEREIN FEN FRYSLAN.

DE TWIVEL.

DE STOF.

DE GEAST.

DE IDELHEIT.

DE SKIENTME.

DE DOMMENS.

DE KLEARENS.

DE MISMOED.

IT BITROUWEN.

DE LEFFENS.

DE MOED.

DE TWANG.

DE FRIJHEIT.

DE HATE.

DE LJEAFDE.

Tsjuster. Ringen komt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Op de grinzen fen it forline en hjoed. Untweitsjen fen de Jongerein

fen Fryslân.”

Hy giet en de foarhing lûkt iepen. Yn de romte hinget in frjemd

healtsjuster, ûndúdlik sjucht men de seame fen in wâld. Rjuchts en

efter mânske beammen, lofts strewellen. Rjuchts foar, foar de stammen

in frjemde griene opheging, det in âld alter fen seadden wêze koe; oan

wearskanten dêrfen twiske de beammen stean twa greate lyljes, sletten.

In skelle wearljochtflits, foartendalik folge fen in lang oanhâldend

tongergerommel. It wirdt ljochter. Lofts, op ’e groun ûnderskaet men

saun foarmen; seis dêrfen lykje to lizzen, ien, de jongerein fen

Fryslân, sit as wekkerskrille rjucht-op. Rjuchts op de forheging stiet

in tsjustere forskining, bleek en meager, roppend mei in ûnwis en

binearjend lûd:

DE FORSKINING.

Wêz wach en folgje my, o Jongerein fen Fryslân!

DE JONGEREIN.

Hwa bistû dy’t my ropt to folgjen? hwet docht my sa kjel út myn dreamen

ûntweitsjen?

DE FORSKINING.

Om dy hinne stiet de himel yn fjûr en de groun dinder’t fen de

fordylging. Pas ier bistû ûntwekke, o Jongerein fen Fryslân. De folken

geane ûnder yn de greatste striid dy’t de wrâld oanskôge. Hoedzje dy,

hoedzje dy, slút dy oan by myn feilige lieding. Ik scil dy bringe dêr’t

de geroften fen de striid net mear klinke, dêr’t de ivige stiltme is en

de rêst.

DE JONGEREIN.

Eang en near wiswier makket my de droaning fen de striid, o forskining.

Mar ik kin net gean ear’t ik net wit det der feiligens is for myn skat.

Ik noedzje eat, my djûrder as de rêst, djûrder as hokfor stiltme.

DE FORSKINING.

Sjuch ta, o Jongerein, en lit gjin waen dy rjuchtsje togroune. To wyld

is de tiid, det eat dyn gong biswierje mei. Hwet hoedest dû dos mei sa

greate soarge?

DE JONGEREIN, in glânzgjende skeal fen kristal optillend.

Ik noedzje de tsjelk dêr’t de treast fen Fryslân yn is. Sûnt hja gyng,

dronken dêrút al ús lieders en striders, en it wier hjarren it libben.

Unthjit my by it hillige det hja feilich wêze scil, en ik folgje dy.

DE FORSKINING, skriljend.

Yn frjemde dreambylden bistû bitiisd, o Jongerein fen Fryslân! Ik siz

dy, neat kinstû meifiere op dyn gong troch de barnende wrâld. Lit falle

dit boartersgûd op sterke stien en dû scilst frij wêze for jimmer!

DE JONGEREIN, wizend nei de forskining.

Nea, nea scil ik dy folgje, o byld fen domme forlieding! Nou wit ik dyn

wêzen, nou scil ik dyn namme neame! Hwent dyn namme is Twivel, en dyn

wêzen is it Neat!

Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. It wirdt ljochter; op it plak

fen de Twivel sjucht men in oare forskining, klaeid yn poarper en

alhiel mei glinsterjende stiennen bihongen, op de holle in gouden

kroane mei in greate bloedreade stien; hjar lûd klinkt kreakjend en

droech.

DE FORSKINING.

Folgje my, o Jongerein fen Fryslân! Los binne britsen de krêften fen de

wrâld, yn de wieling fen de striid rize macht en eare omhegen! Ken de

krêft fen dyn jonkheit en folgje my en de skatten fen de ierde bin

dines!

DE JONGEREIN.

Wis langje ik nei de striid, wis is it herte my ré ta died, o

Forskining. Folle ûnthjitstû my, en nei folle bin ik bigearich. Mar

fjuchtsje scil ik net for idele winst fen de wrâld. Skat haw ik genôch;

biwarje my dy en ik bin ré dy to folgjen.

DE FORSKINING.

Frjemd liket it detstû in skat hawwe scoest yn sa greate forlittenheit,

o Jongerein fen Fryslân. Macht en rykdom dije yn iensumheit net. Siz my

dyn skat en ik scil dy bettere wize.

DE JONGEREIN.

Myn skat is de tsjelke dêr’t de treast for Fryslân yn is. Sûnt hja

gyng, dronken dêrút al ús lieders en striders, en it wier hjarren it

libben. Unthjit my by it hillige de feiligens fen dit bisit en ik scil

gean dêrstû wiist.

DE FORSKINING.

Riker bistû as ik ealge, o Jongerein fen Fryslân. Mar nêst myn jeften

is bleek en earm dyn skat. Lit der in boun wêze twiske ús en lit ús

roalje fen jeften en de minsken scille knibbelje for dyn rykdom.

DE JONGEREIN, wizend nei de forskining.

Mei dyn wirden forriedstû dy, o machtich byld fen forlieding! Bilêz

oaren, astû kinst, mar my scilstû earder wêze ta feint as ta hear! Ik

ken dy, o forgonklike: Stof is dyn namme, en dyn wêzen is Skyn!

Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. De forskining fen de Stof is

gien, op hjar sté stiet in forskining, klaeid yn blinkend wyt, mei gjin

oare rissing as in ljochtsjend swird oan hjar side. De lyljes oan

wearskanten geane iepen en bloeije mei in heimsinnige gloede.

DE FORSKINING.

Bistû wekker en ré, o Jongerein fen Fryslân?

DE JONGEREIN.

Untwekke bin ik fen it bêd fen myn dreamen, o goede forskining. Ré ta

hwet moat ik wêze?

DE FORSKINING.

Ta moanning en wytging bin ik dy stjûrd, o Jongerein út in âlde stamme.

De tiid fen dyn dreamen is gien, meitsje dy op ta de striid. Eat

kostbers is dy bitroud, to kostber det it oantaest wirde mei fen de

wazem fen it forgean. Draeg it út yn de wrâld, o Jongerein, til it mank

dyn folk omhegen.

DE JONGEREIN.

Lyts is myn moed en myn krêft sa earm, o goede Forskining. Oan sokke

teare hannen is dit greate bitroud. Dû hast it ljocht en it witten; nim

dû it en ik wol dy folgje.

DE FORSKINING.

Neam my myn namme en wytgje my myn wêzen, o dû bitrouwende.

DE JONGEREIN, lústerjend.

Geast is dyn namme en Wierheit dyn wêzen, o dû benedijde.

DE FORSKINING.

Dit is den myn wytging oan dy, o Jongerein fen Fryslân. Hwetstû

warrest, is skat fen de minsken; minsken moatte it hoedzje en noedzje.

Nea kin ik nimme hwet dyn hannen bitroud is. Mar krêft scil dy jown

wirde út genede, astû ynmoedich fregest.

DE JONGEREIN.

Goede geast, gean my foar en ik wol dy folgje, myn skat warjend yn

eigen hannen.

DE FORSKINING.

Neat kin ik dy biede, o jongerein, as in lange reize fen striid en

wirgens. Wachtsje net fen my hwet ik gjin macht haw to jaen; wachtsje

net it goed fen de ierde.

DE JONGEREIN.

Mar myn skat scil feilich wêze?

DE FORSKINING.

Feilich scil wêze dyn skat for aloan, o jonkheit.

DE JONGEREIN.

Ik wol komme, ik wol komme, o geast (_hy forriist alhiel_). Wé my,

swier is de tsjelke en de wei fol neden.

DE FORSKINING.

Gean en gean aloan, o Jongerein fen Fryslân.

Fen rjuchts komt, klaeid yn in dracht dy’t hjar foeget, mei in lange

rûzjende sleep, in nije forskining, dy’t hjar stelt yn de wei fen de

jongerein en him tsjinkeart.

DE IDELHEIT, laitsjend.

Ha, ha, ha! Yn in moaije útris forskynstû yn de wrâld, myn frjeon. Dit

is dochs in bytke âlderwetsk net, dit erfstik fen ieuwen? Wolstû bilake

wirde by útman en eigen? Sa scille de minsken oars net nei dy sjen as

mei meilijen en argewaesje!

Ien fen de Dreamen, dy’t yet leine, forriist, en giet stean neist de

jongerein.

DE SKIENTME.

Dyn spot scil him net reitsje, o Idelheit, al to iepenbier is dyn

earmoed. Forlit dizze wei dy’t dy ta fordylging wirdt. Hy giet net

allinne, de Skientme scil nêst him wêze.

DE IDELHEIT.

Ah!....

Hja slacht de hannen foar de earen, en wykt út de romte. De jongerein

docht in stap foarút. Fen rjuchts forskynt in grouwe en sleauwe foarm

yn kostbere útris mei greate wêzenleaze eagen.

DE DOMMENS.

Dit is in frjemde manear om dyn wei troch de wrâld to siikjen, heite!

Hjir scilstû fier mei komme! Det in minske him sa oan syn

ljeafhabberijen forgrieme kin! Den moat men ek al fier hinne kommen

wêze, net?

Ien fen de Dieden forriist en giet stean nêst de Jongerein.

DE KLEARENS.

Jow dy ôf, wêzenleaze Dommens. Mei al dyn ûnbidige swierens scilstû

gauwernôch yn it neat forgean! Hjir is gjin heil fen dy to hoopjen,

siikje dyn oefte yn oarwei! Feilich scil er wêze for dyn wanforstean,

hwent de Klearens is nêst him!

DE DOMMENS.

Soa, soa, soa.

Hy wykt fen it paed ôf en forlit de romte. De jongerein docht in trêd

foarút. Fen rjuchts forskynt in lange meagere frouljues-figuer mei

bûgde holle, pratend mei kriterich lûd.

DE MISMOED.

Der is neat mear to hoopjen, jongkeardel. Dû hiest earder wêze moatten.

Alles is forlern, ik skriem as ik derom tink. It is dien, en dû moatst

mar nei hûs ta gean. Och, och hwet is it libben den al in binaude

stoarje.

Ien fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet nêst de Jongerein stean.

IT BITROUWEN.

Der is mar ien mislearring, nommele frjeondinne, en det bistû sels. Wy

hawwe inoar al ris earder moete, wier? It stiet my net foar detste der

better fen wirden bist. Wy woene wol hwet oanmeitsje; it Bitrouwen

stiet foar dy. Wolst ús hwet rûmte jaen?

DE MISMOED.

Och, och, och...

Hja bigjint to kriten en forlit de rûmte. De Jongerein docht in stap

foarút. Fen rjuchts forskynt, yn earmtlike klean en riljend oer al syn

lea, in nije foarm.

DE LEFFENS.

Ho doarstû, ho doarstû! Dû witst net hwetstû bigjinst! Ik wik dy, dû

hast it slimste to wachtsjen! Sokke spoeken ha ’k sjoen, it hert slacht

my der yet fen yn ’e kiel! Ik ryboskje de hiele wei lâns!

Ien fen de Dieden jowt him oerein en giet nêst de Jongerein stean.

DE MOED.

Wy binne net allegearre bang for ús eigen skaed, ilindige leffens.

Wiswier, by in skôging as dines koe men der oars fen wirde. Mar

somliken geane ta gelok rjuchtop en eangje neat. Dû forfeelst my,

meager spoek. Wolstû mei de Moed dy mjitte? Ut ’e wei, ef dû bist

forlern!

DE LEFFENS.

Oeoeoeh!

Hy filet út, sûnder weardichheit. De Jongerein docht in stap foarút.

Fen rjuchts komt in rouwe wrede figuer yn in gâns forsliten rêsting,

pratend mei in kâld en hird lûd.

DE TWANG.

Ik warskôgje dy. Gjin stap scilstû fierder gean. Ik ha dy nou

langernôch bigean litten. Ik tocht, dû scoest wizer wirde, mar it wirdt

earder minder. Nou scil it út wêze. Dû giest tobek, ef oars....

De Jongerein tilt de skeal heger. Ien fen de Dieden jowt him oerein en

giet nêst de Jongerein stean.

DE FRIJDOM.

Scilstû it drôfste fen dyn folle drôve forsinnen bilibje, o Twang. Dû

witst dochs dyn earmtlike machtleazens oer de geast fen de minsken.

Njuggen tsjiende fen dyn wapens hastû forspile yn de striid om dy to

bihearskjen. Wolstû op dizze wei de Frijdom fennijs bistride? Wy binne

ré.

De twang skoddet syn fûst, mar swijt en wykt út de romte. De Jongerein

docht in stap foarút. Fen rjuchts komt in stille, loerende figuer,

slûpenderwize, klaeid yn in barnend giel, pratend mei in heaske,

lústerjende stimme.

DE HATE.

Al de oaren hawwe dy sparre. Ik scil dy net sparje. Ik bistriid rounom

tagelyk, ik krûp yn dyn fleis en bloed, warleas biste tsjin my. Jow dy

oer yn myn tsjinst, ef dû scilst forstean hwa’t ik bin.

De lêste fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet nêst de Jongerein

stean.

DE LJEAFDE.

Sa lang kenne wy dy al, o Hate. Mar ik woe detstû my oansjen woest. Den

scoestû de Ljeafde forstean. En der foroare eat yn dyn wêzen.

De hate sjucht hjar oan, mar foartendalik slacht er de mantel foar syn

eagen.

DE HATE, snokkerjend.

O....

Hy wykt út de romte. De Jongerein is kommen ta de forskining fen de

Geast, dêr’t er him op de knibbel foar deljowt; de Dreamen en Dieden

nige de holle.

DE JONGEREIN.

Goede geast, hjir bin ik. De wei wier net sa swier as ik tocht. Ik haw

myn skat biwarre. Kinstû my wije ta strider?

DE FORSKINING.

Yn de stoarm fen ús tiden, yn de bitizing fen de folken, mar yn de

klearens fen de geast, draeg fierder en fierder dyn skat, o Jongerein

fen Fryslân.

Hja rekket mei de punt fen hjar swird de krune fen de tsjelkdrager.

De foarhing slút.

„Ienkear scil de moarn forrize

Dy’t it nachtlik kwea bitwingt...”

Sang fen de Upstalbeam.

Fryslân · 第 12 / 13 题