IT TREDDE TAFRIEL

RADBOD, kening oer Fryslân.

DE KENINGSSJONGER.

DE FOLKSGEARKOMSTE.

TWA SPREKKERS.

IN ALDE FRIES.

Tsjuster. Den forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 715, yn de omkriten fen Starum, foar de

keningsstoel fen Radbod de Greate.”

Hy giet, en de foarhing lûkt iepen.

Men sjucht in griene hichte, bikroane fen in mânske iik; dêrfoar is in

hege troanstoel oprjuchte. Fen de stoel nei de ûnderste earms fen de

iik, as in efterskerm, binne twa greate kladen spand yn de kleuren fen

Fryslân. Oan de beam, boppe de troane, is in great Frysk skyld

ophongen. De rûmte is forfolle fen mânljue, fierwei de measten yn

striders útris, in inkelde yn lange preesterklean. Nêst de troane,

bikroane mei in griene krânse en in harpe yn ’e hân, stiet de

keningssjonger, in ljocht en fiks jongkeardel. Djip en bliid gegouns

fen folle stimmen.

DE SJONGER.

Eala, nommele Friezen! Nou jildt it oar wirk as djierheinen en

noatriden! Binne jim rêstings ré? Gâns scille hja hawwe to trochstean

tsjin it striidbere folk fen de Franken!

IEN FEN DE MANLJUE.

De skylden blinke, de pylken bin punte, slipe is it swird ta de striid.

Wy binne ré!

Hja kletterje mei de skylden en oar wapenreau.

DE SJONGER.

Fiks sa, frjeonen. Mar hofier yn de romte giet dy réens fen Fryslân?

Fen hofolle goaën binne de iedmannen forskynd?

IN OAR FEN DE MANLJUE.

Jister in wike waerden de seinfjûren ta de striid oanstitsen op de

hichten by de keningsstins to Starum. Ear’t de loft read wier fen de

dage, ljochten de fjûren hiel Fryslân roun. Ear’t in wike forroun wier,

wierne de mânljue feardich en de rêstings ré. Fen Sinkfal ta Eider, fen

alle goaën binne de iedmannen hjirre.

DE SJONGER.

Heil, nommele Friezen! Wodan, Thor en Tyr scille de wei for ús

sljuchtsje! Op for de groun fen ús âffaers, op for de frijdom fen

Fryslân!

ALLEGEARRE.

Op for de frijdom fen Fryslân!

Great gekletter fen skylden en wapenreau.

IN WYTGER.

Rûmte for him dy’t keazen is fen it folk fen de Friezen! Rûmte for

Radbod, kening fen Fryslân!

De gearkomste wykt fensiden, en foarôfgien fen twa sterke jongfeinten,

elts mei in swird yn de hân, en folge fen syn seis heechste riedsljue,

forskynt Radbod. Hy is âld en snie-wyt, mar rint yet steil rjuchtop. Yn

syn eachopslach, syn lûd en biweech is in heechheit, dy’t men hast

forgeastlike neame koe, en dy’t tige ôfstekt by it rouwer dwaen fen syn

lânsljue. It is it leed det him sa makke en fen hjar ûnderskaet hat.

Sims brekt it troch yn syn lûd, det trochstrings krêftich is, mar

frjemd stil wirdt as er dingen seit dy’t him neigeane. Under it jûchjen

fen ’e gearkomste giet er ta syn troane.

IT FOLK.

Heil Radbod! Heil de Friezene kening! Heil de forkeazen strider!

RADBOD.

Heil it folk fen Fryslân! It Ting, opdroegen oan de noed fen de

heechsten, plachtsjend en bislutend for Fryslân, bigjint.

Yn ienen hearsket der in greate stiltme.

RADBOD.

Eltsenien wit it doel fen dit Ting. De moarntiid ljochtet oer Fryslân,

det jierren bineare west hat fen de macht fen de Franken. Nou is hjar

macht britsen, skoerd fen de greatste fijân fen de ienhiet, de

twaspjalt. Kommen is de tiid for ús Friezen om op to stean yn greatens

en krêft, om it lêste oerbliuwsel fen Frankyske tsjinstberens to

dylgjen. Rie haw ik plachte mei âldsten en riedljue. Ienstimmich hat de

rie fen Frysân op útstel fen syn kening bisletten: for it goed fen ús

âffaers, for de frijdom fen Fryslân, striid, striid en yetteris striid

twiske Fryslân en de Franken!

DE GEARKOMSTE.

Fryslân boppe!

RADBOD.

Mannen Friezen! By it bigjin fen dizze striid, bislutend oer frijdom en

libben, haw ik ien ding to wytgjen, in oar ding to freegjen. Dit is jim

lêste striid ûnder dizze lieding en gjin greatere scil ik ea fierd

hawwe. Klear wol ik hjar yn ’e miette gean, suver en trou oan de

frjemde stim yn myn herte. Det ik tsjûgje mei hwet ik sjuch en freegje

hwet ik moat, jow my jimme oandacht, o mannen fen Fryslân!

GUNT UT ’E GEARKOMSTE.

Sprek, o kening! Wy harkje.

RADBOD.

Dit is de fjirde kear, det ik jim liede scil tsjin de Franken. Trije

kear waerd ik slein en bitwongen, net troch leffens noch oermoed, soks

kin elts hjir tsjûgje. Dizze drôve jierren haw ik socht nei klearens

oer hwet ús miskearre. Uzes wierne de moed, de offers oan bloed en

libben; hjarres wier de oerwinning. Dit haw ik leard to forstean:

twafâldich is de macht dy’t fen hjar útgiet. Eigen krêft hawwe hja, en

der is in krêft dy’t hjar laet. Dizz’ kear wol ik tsjûgje foar hiel

Fryslân: ik scil stride tsjin de krêft fen de Franken sels, net tsjin

it fierdere det hjar stipet.

IN STRIDER.

Sprek klearder, Radbod! det wy dyn miening folslein forstean!

RADBOD.

Twa machten binne steld ta in striid for Fryslân: it Krús en de

Franken. Hja hawwe hjar meiinoar forboun; wy hawwe alles dien om det

bounsnoatskip to bisterkjen. Mar it wier it ûnheil for Fryslân. Nou is

it britsen, it folk fen de Franken is spjalt, Kristens scille oan ús

kant meistride. Dêryn leit de redding for Fryslân. Goaden meije tsjin

goaden, minsken tsjin minsken stride. Ik fier dizze striid net as in

striid fen Wodan tsjin Kristus, mar fen Friezen tsjin Franken. Net wol

ik det Fryslân mei de tsjinst oan ús goaden stiet ef falt.

IN PREESTER.

Wytget de kening in wird fen twivel? Moat hy ús riede Kristens to

wirden?

RADBOD.

Swij preester. Ik die in ied fen trou, en trou scil ik bliuwe, ta de

ûre fen myn dea. Mar ik leaude, de God fen it krús wier in tsjoen, in

dreambyld. Mar gjin dreambyld kin de wrâld fen de minsken sa komme to

bihearskjen. Frjeon ef fijân, hy is in wierheit. Us is wytge det der

ien forrize scil to heech om to neamen. Ik haw gjin macht him to

dylgjen; hy is wierheit en mear as ik. Mar de Franken, minsken fen

fleis en bloed lyk as ik, hjar kin ik forslaen. Jim allegearre scille

stride elts neffens syn eigen krêft. Wit det jim kening de striid fiert

for Fryslân en Fryslân allinne.

IN STRIDER.

Sa hat Aldgillis spritsen!

RADBOD.

Priizge sij dyn lûd, detstû neamst’ hwet myn herte forfollet! Wiswier,

sa hat hy spritsen; wol my det ik syn stimme yet hear! Jow my biskie, o

Friezen; wier Aldgillis in goed kening?

IEN FEN DE STRIDERS.

Syn wize noed wier as de myldens fen maitiid.

IN OAR.

Yet priizgje him de frouljue, weevjend by de hirdsherne.

IN TREDDE.

Hy wier in goed kening.

RADBOD.

Is der ien, o Friezen, dy’t it de grize Radbod rekkenet ta skande, det

hy it folk wytget: Wiis wier it regear fen syn heit? Ien dy’t him fen

ûntrou forklaget, as hy seit: De noed fen it folk komt earst? Oangeande

ús en ús libben, nimmen fen ús scil in lange rige fen jierren bistean.

Mar it folk fen Fryslân scil bistean troch de ieuwen. Is it den klear,

mannen Friezen, det wy stride scille for dit folk en syn frijdom

allinne?

IN STRIDER.

It is klear, o kening.

IN OAR.

Wy binne foldien.

IN TREDDE.

Nije wirden hastû spritsen....

IN FJIRDE.

Mar wy bitrouwe yn dy.

RADBOD.

Mear nije wirden wird ik ferge to sizzen. Eltsenien fen jimme wit, oan

dizze striid hinget ús frijdom. Mear as ús libben is de ynset; oer it

libben fen ús folk scil er bislute. De Franken binne spjalt; mar hja

kinne hjar gauwernôch wer forienje. Geef moat wêze de ienheit fen de

Friezen. As ien macht, as ien wil moatte wy stean.

IN STRIDER.

Sa scille wy, o kening.

RADBOD.

Ta greater ienheit moat ik jim fergje as oars. Kear op kear yn myn

eardere oarloggen briek myn wil op de tobritsenheit fen ús macht. Wy

kinne net mear striid fiere lyk as foarhinne. Dit is hwet ik fen jim

freegje: it bifel oer de Fryske klibers, allegearre. Det de oanfierders

fen West- en East-Fryslân net nêst, mar ûnder my stean scille.

Opskoer. Roppen fen „Heil” en skyldgekletter; dêrfoaroer heart men

oaren roppen: „It kin net! Nea! Det scil nimmen wolle! Det is net

Frysk!”

RADBOD, dêroerhinne; syn stêf foar him út hâldend.

It ting is geande! Ik ban de ting-frede!

Stiltme falt fennijs yn.

Hwa’t sprekke wol, likefolle yn hokfor sin, hy sprekke.

IEN FEN DE STRIDERS.

Nimmen kin dy hjiryn bifolgje, o kening.

OAREN.

Wy wol! wy tige!

Radbod hâldt fennijs de tingstêf nei foaren.

DESELDE STRIDER.

Nimmen fen myn Friezen alteast. Oars binne de tastannen yn

West-Fryslân, oars yn Mid-Fryslân. Elts hat syn eigen bistjûr yn de

frede en syn eigen lieding yn de striid fenneden. De kening is de

foarste ûnder de gelikensen, de foarste fen de lieders. Mear macht

kinne wy him net jaen.

RADBOD.

Wis wit ik, de Fryske stammen ûntrinne inoar tige. Nea haw ik yn

fredestiid taeld nei hjar rjuchten op hiembistjûr. Mar yn myn tinken

libbet hwet der barde yn de lêste striid. Ik stie foar de Frank oer,

biidzjend op de klibers fen West-Fryslân; hja hiene de trochslach jaen

kinnen. Hja wisten net det ik hjar nedich hie en teagen ta in plak

dêr’t gjin fijân wier. Wy waerden slein. Hiel Fryslân fielde de

forleging.

DESELDE STRIDER.

It foeget ús oersten net ûnder in oar, hwa ek, to stean. Hja binne

great en eabel.

RADBOD.

Ik freegje net for mysels. Gjin fiif jier scil ik mear libje; frij scil

den skitterje kinne de greatens fen oaren. Ik freegje yn de namme fen

Fryslân, ik freegje for de frijdom fen Fryslân.

DE STRIDER.

It is stridich mei alle rjuchten en brûkmen. Soks hat yet nea sa west.

Wy moatte gjin nije dingen ynfiere.

IN OARE STRIDER, mei in rou en bot lûd.

En as der ien wêze moat dy’t alles to sizzen hat, hwerom den krekt dû?

Binne der gjin oare greaten yn Fryslân?

Gerop fen „Skande!” „Det foeget gjin Fries!”

Radbod stekt de tingstêf wer út.

DE SJONGER, nêst de troane forskinend.

Jim roppe fen skande. Mar it wird is spritsen, en likemin as in pylk,

foartfleanend fen de bôge, kin it wer weromnomd. It hat klonken yn de

gearsit fen de Friezen, ta in ivige skande for Fryslân. En nou scil ik

ek myn wird sizze. Net for dizze kening, hwent hy stiet boppe ús

priizgjen en lekjen. Mar for Fryslân, det it suvere wirde scil fen de

ûnweardichheit fen det wird fen niis.

Mannen fen Fryslân, moat ik jim sizze hwa’t oan jim haed stiet? Moat ik

jim bitsjutte det jim seine binne mei mear as in helt, mei in kening,

hwaens ienichst langstme jimmer west hat yn it lok en de frijdom fen

syn folk? Binne der hjir den minsken dy’t it forgetten is det dizze

iene fjirtich lang for Fryslân stien hat, as in skyld en skutte tsjin

de fijân? Great hat er west yn de striid, mar hat er minder great west

yn de forleging? Jim witte ommers allegearre: ljochten de striidfjûren,

den wier der mar ien namme, en it wier de namme fen dizze. Woeg de

tsjinstberens op ús, swijend gyngen ús eagen nei de iene dy’t trou

bleau, yn hwaens herte beide leed en oerwinning fen Fryslân libbe. Hwa

misgint him de eare de earste west to hawwen fen syn folk? Hat hy ek

net it earst de swierens en it leed tôge, mear as ien fen uzes? Tink om

Theodeswynde,

Radbod slacht de mantel foar syn eagen.

hwent ja, ik wol hjar namme hjir neame, al skrieme dêrby de eagen fen

de kening, al skriemt it yn it herte fen elts fen ús. De Frank joech to

kiezen: de forwoastging fen hiel Fryslân, ef hjar ta bút fen syn

slimmichheit, as it wiif fen in man dy’t hja hate. Hja, de dochter fen

Radbod, de frije Friezinne, bitocht hjar net: hja makke hjar op ta in

libben det in hel for hjar wirde moast en waerd. De kening bisocht hjar

to hâlden, mar hja stie rjucht oerein yn de hal en frege: Heit, hwet

learden Jy my oer it heil fen ús folk? Do kearde de kening him ôf, en

hy liet hjar gean, hjar, syn ienichste, bloeijende dochter: priizge

wêze hjar namme! Mar hwet moat ik sprekke fen de heit, wylst de helt

hjir yn ús formidden is? Draegt net syn lichem de wounen fen Fryslân?

Hwa weage safolle, hwa weage it fjirdepart fen him lyk as hy gyng ûnder

de foarsten, net in kening dy’t laet mei syn geast allinne, mar ek in

kening dy’t striidt mei syn lichem? Ho komt it det dizze harpe aloanwer

sjongt fen syn greatens, hwerom docht gjin oare namme hjar jubeljen lyk

as sines? Is it de harpe dy’t ûnwierheit wytget, hja, dêr’t de amme fen

de goaden oer giet? For my, frije Friezen, ik haw mar ien winsk: yn in

suvere striid fen Fries tsjin Frank, ús folk as in ienheit to sjen

ûnder de lieding fen Radbod! For my, ljeaver scoe ik yn sa’n striid

stjerre en ûndergean, as libje en winne yn in striid dêr’t syn greatens

net yn striele!

Forheftige biweging yn de gearkomste. Gerop fen: Heil de sjonger! Heil

Radbod! For Fryslân en de kening! Wé hjarren dy’t wegerje!

RADBOD, de tingfrede biedend.

Priizgje de minske net, hy is al to forgonklik. Priizgje it folk en syn

ienheit. Dit is myn bislút, o mannen fen Fryslân: Oan it haed fen myn

Mid-Friezen scil ik my stoarte yn de striid, en allinne scil ik ta

strider for Fryslân weardigje hwa’t de iene Fryske lieding erken! Hwa

is hjir dy’t wegeret ûnder dy lieding to stean?

De eardere sprekkers steane sûmber dêr, mar swije. De gearkomste brekt

fennijs út yn gejubel en wapenklank. Radbod biedt fennijs de tingfrede.

RADBOD, yn greate stiltme, mei syn frjemde stille stimme.

Greate, heimsinnige, wûndere machten, det wy falle ef winne meije yn

greatens!

Hy set de tingkrânse ôf, jowt him nei ûnderen en giet ôf lyk er kaem,

yn earbiedige stiltme fen de gearkomste. Daelk as er gien is, streamt

ek de gearkomste útien. Allinne de sjonger en in âlde Fries bliuwe oer.

DE ALDE FRIES, biwûnderjend.

Dû hast niis fiks spritsen, jongkeardel. Ik bin bliid det ik dizze dei

sjoen haw. Dizz’ kear scil it oerwinning wêze.

DE SJONGER, sûmber.

Dizz’ kear, ja. Mar ik woe, ik hie sprekke kinnen for alle tiden. Yn

folle Friezen komt eat det ik haetsje. It is yet machtleas, mar it

libbet fierder.

DE ALDE FRIES.

Kin in sjonger haetsje hwet der is yn syn eigen folk? En wier, hwet dy

oaren seine, den sa min? Siz my ris oprjucht, is de kening net in

bytke—earsuchtich?

DE SJONGER.

Earsuchtich? Net mear as in bern. Né âlde, syn skild is in oare.

DE ALDE FRIES.

Hokker den?

DE SJONGER.

Hy komt in holle boppe alle oaren út, dêrom sjucht er fierder as ien

fen hjar. Det kinne hja net sette: hja moatte biljeaven net minder

great wêze. As hja op hjar teannen stean geane, falle hja om; det

fortret hjar. Dêrom scoene hja him de holle ôfslaen wolle.

DE ALDE FRIES.

Fij, fij ... det is bitter.

De foarhing slút.

Fryslân · 第 7 / 13 题