GERMANICUS, fjildhear fen Rome.
VITELLIUS, in stêf-ofsier.
CETHEGUS, in kriichsfeint.
SIGURD, in jonge Fries.
Tsjuster; den in plak ljocht foar de foarhing. Op det sté forskynt in
herold, útrist yn de kleuren fen Fryslân en in trompet hâldend yn de
hân. Hy bliest ienris en kindiget oan:
„Yn it jier fen ús Hear 15, oan it Boarndjip yn Fryslân. Yn de tinte
fen Germanicus, oanfierder fen de legioenen fen Rome.”
De herold giet en de foarhing giet iepen. Men sjucht de tinte fen
Germanicus, wyt en skjin, mar mei de greatste ienfâld ynrjuchte.
Rjuchts in rêstbêd mei tek, bihearske fen in byld fen Mars. Tsjin de
efterkant stiet in great blinkend skyld. Lofts in lytse fjouwerkante
tafel fen in poarperen klaed ditsen; dêrefter twa ienfâldige houten
sitten; op ien dêrfen de legaet Vitellius, digerjend oer in greate
útrôlle kaert, dy’t er foar him oer de tafel útspraet hâldt. By de
yngong stiet, yn hâlding fen rêst, de tribún Cethegus.
Vitellius, de ûnderoanfierder, is in bihindige militaire figuer, twiske
de fjirtich en de fyftich. Syn praet is saeklik en droech; it is mar
inkeld det der yn syn wirden neat mear fen de bifeltoan trochklinkt; it
kommandearjen is him in twadde natûr wirden. Lykwols is er mear as in
rouwe izerfretter: in man dy’t syn hiele libben ynset hat for de
greatens fen Rome en for hjar it swiere tsjinstwirk nei syn bêste
witten neikomt. Krekt nou is er in bytsje koartkearich; op dizze tocht
troch Fryslân hat er in forkâldenens skipe. Hy ûnderfynt it lêst
dêrfen, mar achtet it net fiks det skine to litten. Yet in hoart
digeret op ’e kaert om; den, hommels, rjuchtet er him ta de tribún.
VITELLIUS.
Tribún Cethegus!
CETHEGUS, yn de hâlding.
Ré, hear.
VITELLIUS.
Bring de skipsofsieren it folgjende oer. Ik bifelje hjarren de greatste
foarsichtigens. Us kaerten lykje my tige ûnfolslein. Wy binne hjir yn
in noedlike kontrei....
Hy prúst in pear kear forheftich; de tribún skrillet derfen.
CETHEGUS.
By de greate Juno! hwet skeelt de legaet?
VITELLIUS, stûf.
Freegje nei de bifellen, net nei de persoanlike omstannichheden fen dyn
oersten. Lyk as ik sei, wy binne yn in noedlik lân. De sé stean ik yet
minder. Ta gjin priis moat it forbân twiske leger en float forlern
gean. De wyn is ginstich; de skippen moatte dêrfen profitearje en
útsile; it leger scil folgje. Byn de skipsofsieren op it hert det hja
sa ticht mûglik by de igge bliuwe.
CETHEGUS.
Jy winskje hjar dos yn it sicht to hâlden.
VITELLIUS.
Ta eltse priis. Inoar hjir kwyt to reitsjen bitsjut beide nei Pluto to
gean. Bring myn lêst oer yn krekt deselde wirden, tribún. Jy kinne
gean.
CETHEGUS.
Ta jins tsjinst, hear.
Hy giet ôf troch it seil mids efter, en forsommet it alhiel wer to
sluten; sadré’t Vitellius dit sjucht, ropt er de tribún lûd efternei:
VITELLIUS.
Tribún Cethegus!
CETHEGUS, wer forskinend
Hear?
VITELLIUS.
Slút de yngong. Alhielendal.
CETHEGUS.
Forjow, hear. Ik tocht, om’t it Maitiid wier.
VITELLIUS.
Ik haw myn bikomst fen dizze Fryske maitiidswyn.
Hy prúst, de tribún sjucht him binijd oan, en giet, it seil alhiel
ticht dwaend. Vitellius bûgt him wer oer de kaerten, dy’t him slim
lykje to ergerjen. Yn ienen slacht er mei de fûst op ’e tafel en ropt
út:
By Jupiter en de goezzen fen it Kapitoal! Hja moasten dy
kaert-fantasten giselje!
IN STIMME FEN LOFTS.
Wy scille libbene kaerten fenneden hawwe, myn goede Vitellius.
Vitellius riist hastich oerein, nimt de hâlding oan en stekt de earm út
by wize fen groetenis. Troch in oars net brûkte iepening, rjuchts yn it
seil foar it rêstbêd, forskynt Germanicus.
VITELLIUS, krêftich en lûd.
Wêz groete, Germanicus!
GERMANICUS, minder krêftich, mar frjeonlik.
Wêz groete, Vitellius!
Germanicus Caesar, dy’t nou forskynd is, is tritich jier âld en de
wûnderlikste minske dy’t men yen oan it haed fen in great Romeinsk
leger tinke kin. Hy is in stik greater as Vitellius, dêrby ljochter, en
alles oan him teikenet de frissens fen de jonkheit. Oars as Vitellius,
dy’t jimmer fier bleaun is fen it libben fen de Stêd, is hy troch alle
forfining en geniet fen Rome hinnegien, mar syn ynderlike suverens hat
him for ûndergong biwarre. Syn mûle, dy’t faek in bytsje glimket, is
net sûnder sinlikens, mar syn eagen ljochtsje klear en syn foarholle is
heech en suver. Ek yn syn praet klinkt sims de fjildhearstoan troch,
mar it is by him net mear as in oanwenst wirden; oare tiden is syn lûd
mimerjend en stil, as fen in dichter, dêr’t er folle fen yn him hat.
Vitellius forearet him tige, sûnder him alhiel to bigripen, mar sims
komme Germanicus syn uterings him op it sear; hy is der greatsk op, det
Germanicus oan it haed fen dit leger stiet, mar scoe wolle, det dy mear
foar alles Romein wier.
GERMANICUS, ek op ’e tafel tageand en him oer de kaert bûgend.
Alsa, Vitellius, dû leaust net mear yn it treflike wirk fen ús
filosofen?
VITELLIUS.
Der doogt gjin stûr fen dit forwinske gekwattel.
GERMANICUS.
It is de earste kear net, Vitellius, det de wrâld in bytke oars is as
ús froede filosofen hjar hawwe wolle. Wy scille dy kaerten opbergje
moatte yn ús archiven, as in aerdichheit for de neiteam: den kinne hja
ris sjen hofier de minsklike fantazije gean koe yn âlde tiden. De
ûndersiker, dy’t him teikene, is grif forbjustere rekke fen binaudens
for de minsken hjirre.
VITELLIUS.
In Romein heart net binaud to wêzen. Wy moatte de ljue, dy’t ús dy
kaerten oansmarden, forkleije (_hy prúst_). Hja binne op gjin stikken
nei yn oarder.
GERMANICUS, glimkjend.
Bistû sels wol alhiel yn oarder, Vitellius?
VITELLIUS.
Ik tige, mar dit forwinske klimaet doogt net. Ik haw it der fen wei.
GERMANICUS.
Dû moatst dy oanpasse, myn bêste. Yen oanpasse, det is it greate geheim
fen alle kriichskinst. Mei kaerten scille wy der hjir net komme, mei
pylken en swirden like min. De ljue hjirre lykje my in eigenaerdige
krusing ta fen lân- en wetterdieren. Sa moatte wy ek bisiikje to
wirden.
VITELLIUS.
It haget Germanicus mei de weardichheit fen it Romein-wêzen to tûlkjen.
GERMANICUS.
Net yn it minst, nommele frjeon. Ik sprek yn greate earnst, en ik bin
sels drok dwaende my to oefenjen. Ik haw krekt in aerdich skoftke yn de
Boarnsé swommen. It is wier, men leart it wetter sa fen in oare kant
kennen as yn ús moarmeren badkeamers mei hjar waerm streamend wetter,
hjar kostbere salfkes en ôfwriuwende slaven. Mar dit foldocht my ryklik
sa goed. Jister haw ik in oerokse lytsman makke; det wier ek net sa’n
min stikje for in bigjinner. It is gâns in toer om yen ta dit libben to
biwennen, mar ik leau, it scil wol lokke. En faeks bliuwt men sa for
forkâldenens biwarre.
VITELLIUS.
Hwet mienden jy mei de libbene kaerten, dy’t jy niis neamden?
GERMANICUS.
Det scil jo fen ’e moarn dúdlik wirde, hoopje ik. Mar hwet moat det
signael? Is der hwet bysûnders geande? Hawwe jy bifel jown?
VITELLIUS.
Ik haw de skippen lêst jown ôf to stekken, mar neat det dit signael
nedich makket. Greate goadenl Hy bliest yetteris!
Yndied heart men de hoarnbliezer yetteris, nou twaris efter inoar,
frjemde koarte stjitten, dy’t min for in gewoan signael trochgean
kinne.
GERMANICUS.
De fint is dronken, ef hy is syn forstân kwyt. Hwet is dit?
It seil wirdt iepenslein en mei aerdich hwet rimpenens komt der in
jongkeardel ynstrûzen, dêr’t mei in eachopslach fen to sjen is, det er
net ta de hege Romeinske mienskip biheart. Hy draegt in moaije, mar
koarte dierehûd, in blinkende girdle, in dolk en in hoarn; oan de
foetten in soarte middending fen sandael en skoech. Ien en oar bitsjut
det er yn ’e pronk is; mar syn hier is net kjimd, en as er ynkomt moat
er it him út ’e eagen feije. De natûr lykwols makket goed hwet de
kultuer tokoart komt; hy liket in jonge atleet, linich, klear en sterk.
SIGURD.
Moarn. Hwer húsmannet Germanicus, de Romeinske fjildhear?
GERMANICUS, forheard, mar net ûnfrjeonlik.
Hy stiet foar jo, wêz wolkom. Hwa binne jy?
SIGURD.
Sigurd, de soan fen it stamhaed fen de Friezen.
GERMANICUS, Vitellius in wink jaende mei de eagen; yet frjeonliker.
Wêz dûbeld wolkom, Sigurd. De soan fen Rome bigroetet mei blidens de
soan fen Fryslân.
SIGURD.
Fen ’t selde. Hawwe jy jou hoarnbliezer gjin les jown my to groetsjen?
GERMANICUS,—der giet him in ljocht op, mar hy bihearsket himsels.
Ik winskje, det jy as myn gast en gelikens yn neat minder eare hawwe
scille as iksels, Sigurd. Forjow myn feint syn sleauwens. Gean,
Vitellius, en siz de hoarnbliezer det hy, by it foartgean fen Sigurd,
him groetsje scil mei it signael fen de fjildhear.
SIGURD.
Hoegt net, hearskip. Det ha ik him al oan it forstân brocht.
Vitellius kin syn great argewaesje amper mear de baes bliuwe.
GERMANICUS, hwet stranger.
Myn feinten kinne fen nimmen oars bifellen oannimme as fen hjar eigen
fjildhear. Jy scille det grif forstean. Likemin as de Romein oer de
Friezen hearskje scil, scil de Fries det dwaen oer de Romeinen. Gean,
Vitellius, en nei dyn lêst folbrocht to hawwen, kom dalik werom.
(_Vitellius ôf_.)
SIGURD.
Jy hiene in forsiik rjuchte ta myn Heit, om bitroude paedwizers. Lyk as
er ûnthiet, hat er my stjûrd. Ik bin hjir fensels better thús as jimme.
GERMANICUS.
Sûnder mis, eale Fries. Ik twivelje net eft wy scoene byneed ek sels
skoan yn steat wêze ús wei to finen. Mar der is my folle oan fêst om
mei de ealsten fen jim folk yn ’e kinde to kommen. Dit is in bysûnder
lân, nommele Sigurd, en ik leau, det hjir in fiks en sterk folk wennet.
SIGURD.
Fikser en sterker as by jimmes to Rome?
GERMANICUS.
Jy kinne min forwachtsje det ik eat priizgje scoe boppe myn eigen
heitelân. Mar ik achtsje it lân en it folk fen de Friezen heech. Yn
hjar kleare wetters fiel ik my hast sa goed thús as yn de streamen fen
it Romeinske lân. Fen ’e moarn swom ik in healûre yn de Boarnsé. It die
my selsum goed.
SIGURD, forheard.
Jy, swommen yn de Boarnsé! En hja seine, de Romeinen wierne in weak
skaei det ta neat mear doogde!
GERMANICUS.
Leau it net, nommele Sigurd; it is kwealaster, fen lytse biniders
úttocht. Wy wirdearje mannemoed en feintekrêft heech. Lit my jo in
fijân sjen litte meije, dy’t ik hjir jister forsloech. Dêr leit er.
Hy iepenet it seil rjuchts en wiist Sigurd eat oan.
SIGURD.
In oerokse! Ha jy dysels lytsman makke?
GERMANICUS.
Sa die ik, Sigurd. My tinkt, sa’n die hie in Fries net ûnweardich west.
Sigurd knikt en sjucht yetteris; den komt der ynienen hwet yn him op en
hy rjuchtet him glimkjend ta Germanicus.
SIGURD.
Wy scoene inoar doukje kinne.
GERMANICUS, wier bliid.
Fen herten jerne, frjeon.
Vitellius komt wer yn.
VITELLIUS.
De hoarnbliezer biklaget him tige...
GERMANICUS, hastich.
Hy hat syn fortsjinne lean krige. Sigurd, dû scoest my tige helpe
kinne. Wolst?
SIGURD.
Yn alles hwet ik kin. Hwet is ’t?
Vitellius is troch it forhearde hinne.
GERMANICUS.
Ik haw hjir in ilindigen lêst mei myn float. It is nou ienris sa steld,
wy scoene Dútsklân yn mei in float en leger beide; dêr witst alles al
fen. Mar ik sit der suver mei oan. Der binne gjin wegen for myn swiere
weinen en de sé liket my rare ûndjip.
SIGURD.
Dû moatst it leger súdlik oer de sângrounen stjûre en de float in
aerdich ein de Noardsé yn, sa fier det se de dunen yet krekt sjen
kinne.
GERMANICUS.
Det like mysels ek it bêste, mar Vitellius hjir wier fen in oar
bitinken en ik ha my dêrby dellein, hwent hy hat gâns ûnderfining. Hy
tocht, leger en float moasten inoar net bjuster wirde. Hy hat de
skippen dêrom bifel jown sa tichte mûglik by de igge lâns to silen en
it leger...
SIGURD, forheftich en kjel.
Sûch!
VITELLIUS, ek op ien ein.
By Jupiter en de goezzen fen it Kapitoal!
GERMANICUS, wer hastich.
Swij, Vitellius. En dû moatst him net misledigje, Sigurd. Hy tsjinnet
my trou.
SIGURD.
Sa slim miende ik it net. Ik woe sizze, it is in grouwélige, ilindige,
troch alles hinne stomme streek. Lâns dy wei scil dyn legers forsûpe en
dyn skippen brekke. Rop dalik det bifel werom.
GERMANICUS, hwet oars as oars.
Driget der wier—sa’n gefaer?
SIGURD.
Dû kenst dit lân net! Hjir is gjin skieding twiske lân en sé. As men yn
dy hoeke is en de floed komt op, den skolperet alles ûnder; falt it
wetter, den leit alles droech. En de wyn rint hjoed om nei it Noard,
dêr bin ’k wis fen; it kin wol stoarm wirde!
GERMANICUS.
De skippen binne al ûnderweis!
SIGURD.
Myn hynder kin hirdernôch. Mar ik moat in teiken fen dy hawwe, oars
leauwe se my net. Jow my dy ring, det scil wol helpe.
VITELLIUS, dy’t him net mear ynhâlde kin.
Hwet waerboarch hawwe wy det jy ús allegear net bidrage en yn ’t leech
fiere? Jim haetsje...
Sigurd grypt nei syn dolk.
GERMANICUS, springt twiske hjar yn; mei greate stimme.
Swij, Vitellius!
Vitellius wirdt lyts en skrillet tobek.
Dû hast dy wirden net heard, Sigurd; ik nim se werom, se binne net
spritsen. Dû hast mei my to dwaen, net mei him. Hjir hast myn ring. En
ien forsiik yette.
SIGURD.
Det is?
GERMANICUS.
Biselskipje my nei Dútsklân en werom.
SIGURD.
As heit my frij jowt, ja (_stekt syn hân út_). Dyn hân, Germanicus.
GERMANICUS.
Myn hân ... hwerfor?
SIGURD, laitsjend.
Witte jim net hwet fûskjen is? Det is in biwiis fen frjeonskip.
GERMANICUS.
O, op dy manear. Ja, den is ’t bêst. Dei Sigurd.
SIGURD.
Dei, Germanicus. Dyn float bliuwt bihâlden. (ôf).
GERMANICUS, nei effen wachte to hawwen.
Wel, Vitellius. Ik ha dy sapas hwet lûd hjitten to swijen. Dû scilst
wol gâns to sizzen hawwe. Praet nou mar wer.
Men heart it fjildhearssignael.
VITELLIUS, slim forûntweardige.
Ik hoeg net to praten, hwent ik ha neat to sizzen. De eare fen Rome is
troch it slyk helle. In opslûpen Friezejonge, in ûnwittende útlanner,
in barbaer, de gelikense fen de greatste Romein!
GERMANICUS.
Sa is it fêststeld by fordrach, Vitellius. Rome en Fryslân scoene
bounsnoaten wêze. For de wet hawwe wy neat oer inoar to sizzen.
VITELLIUS.
De wet, it fordrach! Jy witte skoan, det binne oars net as deade
letters! Hwet kin dizze barbare-naesje tsjin it machtige keizerryk det
de wrâld regearret?
GERMANICUS, earnstich.
Ik tink net det de hoarnbliezer mei syn signael in ûnrjuchtlike eare
die, Vitellius. Hy groete ien fen de oerwinners fen Rome.
VITELLIUS.
In oerwinner ... fen Rome! Hwet miene jy?
GERMANICUS, yet earnstiger.
Wy scille it net bilibje, myn frjeon. Mar tink om Rome, lyk as it is.
Tink om ús paleizen, ús wielde, ús slaven, ús forfining. Jy witte hwet
der is yn al det moarmer en goud: oan de woartels fen ús folkslibben
knaget de wjirm fen it bidjer. Tink om de jongfeinten dy’t ik deis om
my hinne haw—en him. As hy en syn folk ús seagen yn de ivige stêd, hja
scoene ús ljeavje noch eangje, allinne mar forachtsje, by al ús rykdom
en forfining. En der is mear, Vitellius. Dizze minsken binne rou en
ûnwittend, mar hja lykje earlik. Ho frjemd it ús ek taklinke mei, in
wird liket for hjar in wird; for ús is it in list. De goaden meije Rome
genedich wêze, de dei det krêft en trou foar forweakliking en forried
oer komme to stean. Ik bin bliid det it minskelibben koart is,
Vitellius.
VITELLIUS.
Ik ... ik wit net. Miskien is der in needlot. Ik doch myn plicht, en
freegje net nei mear. Mar ik wit ien ding, Germanicus. As Rome
ûndergean scil, as it greate ryk fen Tiberius falle scil, dizze
barbaren allyksa. Hja alteast, hja drage tige dúdlik hjar ûndergong yn
hjar.
GERMANICUS.
Ik bin der dalik sa wis net fen, Vitellius.
VITELLIUS.
Witte jy, det der yn Fryslân nimmen regearret? Witte jy det hja allinne
libje ûnder in mannich haden, det der gjin keizer is, gjin kening, gjin
regear, om’t hja nimmen boppe hjar ha wolle? Hwer moat det op útrinne?
Kin sa in folk bistean? Hja binne heechmoedich tsjin ús; hja scille it
net minder wêze tsjin inoar. It _divide et impera!_ fen ús great ryk
scoe ek hjir maklik spil hawwe. Jy wytgje de ûndergong fen Rome, mar ik
wytgje jo dy fen dizze barbaren, dy’t nimmen boppe hjar wolle en gjin
macht ha hjarsels to bistjûren!
GERMANICUS.
Miskien, myn frjeon; wy scill’ der net oer tsiere. To’n earsten scil ik
it mysels net ûnweardich achtsje de gelikense fen Sigurd to hjitten.
Vitellius prúst wer.
En ien Frysk forskynsel is der alteast, det scil libje oer de aventûren
fen ús beider folken hinne.
VITELLIUS.
Jy miene?
GERMANICUS.
De Fryske forkâldenheit.
De foarhing slút.