IT FJIRDE TAFRIEL

DE IEDMANNEN FEN UPSTALBEAM.

TWA MUNTSEN.

IN REIZGER.

DE UPSTALBEAMMER GEARKOMSTE.

Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 1327 op Pinkster-Tiisdei. Gearkomste fen it

hege rjucht fen Fryslân. De Frieske iedmannen to Upstalbeam.”

Hy giet en de foarhing lûkt iepen. Men sjucht in oprinnende greide,

bikroane fen trije mânske iken, nij yn it griene blêd. Twiske de

beammen binne, as ôfskieding fen de warstal, kleurde wollen touwen

spand. Foar de iken is in forheging oanbrocht mei dêrop de saun sitten

fen de rjuchters; hjar beklingen binne sierd mei de wapens fen de

Fryske sélannen. De middelste is heger en steatliker as de oaren, en

draegt it wapen fen Eastergoa. Twiske dizze en de twa dêrnêst, hwet nei

efteren, twa lege bankjes for de skriuwer en de hâlder fen it sigel. De

gloede fen de mylde simmerdei leit oer alles útspraet.

Fen lofts komt in jonge kleasterbroer, in fine en sêfte forskining, mei

in boekdiel yn parkemint yn de hân; fen rjuchts in reizger, oan syn

dracht in man fen oansjen, mei in swiere gongelstêf en oan de earm in

lândeikoerke for de tarkost. Under hjar petear streamt de rûmte mear en

mear fol fen Friezen yn tige útienrinnende dracht; men sjucht hege

geastlike hearen en ienfâldige doarpspastoars, ealljuwe en eigenierde

boeren, magistraten fen lytse stedtsjes, keapljuwe, ensf.

DE REIZGER.

Wytgje my, froede broer, scil hjir hjoed wêze de gearkomste fen de

iedmannen fen Upstalbeam?

DE MUNTS.

Mei de seine fen God en de ginst fen de Hillige Faem, ja wisse. Fen

hofier komstû, reizger, detstû net witst hwet yn Friezene libben it

earst is?

DE REIZGER.

Sokke lange jierren haw ik omswalke bûten Fryslân, broer. Do’t ik

foartteach gyng der in geroft ûnder it folk: de Upstalbeam scoe wer

gearkomme, sûnt in greate rek for it earst. Al dizze jierren det it

hege boun gearkaem, wier ik om utens en bireizge frjemde kontreijen.

Nou kaem ik werom ta it heitelân, en it earst joech ik my op paed

hjirhinne.

DE MUNTS.

Wiis hastû dien, reizger, hwent op dit sté is de hope fen Fryslân. Mei

de gearsit fen hjoed dy net ûnfoldien litte. Mar it is goed det ik dy

siz, du moatst dyn forwachtings net heech hawwe. Tige wirdt de

Upstalbeam bidrige fen ûnderling skeel fen de Friezen.

DE REIZGER.

Is den it âlde striidfjûr nea yette dwêst? Ek net fen ’e gearsit dy’t

for hiel Fryslân stiet?

DE MUNTS.

Sterk stiet de Upstalbeam to skoar for de ienheit fen Fryslân. Mar yn

de twaspjalt is de krêft fen de satan. En minsklike krêft is mar lyts.

DE REIZGER.

Siz my, broer, hwa fen de goaën hat hjoed de foarsit?

DE MUNTS.

Lyk astû sjuchst, de sit fen de heechste iedman is sierd mei it wapen

fen Eastergoa. Myn hege hear en heit sels, de forneamde abbet fen

Klearkamp, scil hjoed de foarsit bisette.

DE REIZGER.

Sa bistû den in mûnts fen it treftige kleaster fen Klearkamp?

DE MUNTS.

Sa bin ik, reizger. Is de oarde dy hiemer as oaren?

DE REIZGER.

Folle yndied scoe ik to freegjen hawwe oer it hillige hûs det my sa nei

is. Mar dêroer in oare kear. Ik scil trochreizgje moatte nei Ljouwert

en scil oanklopje to Klearkamp for nachtforbliuw.

DE MUNTS.

Sa moatstû dwaen, frjeon. Oer Klearkamp scilstû alteast tofreden wêze.

Yn de kleastertunen bloeit en groeit it, hast oerdiedich for minsken is

de rykdom dy’t God ús joech. De drege âlde beammen by de skiere

kleastermûrren glânzgje fen it jonge grien; as de wyn dêr trochhinne

giet mient men de sé to hearren. Us koar is machtiger en suverder as it

sûnt tiden wier, en God joech ús de lêste jierren skoandere rispingen.

It Klearkampster fé is forneamd yn de omkrite. Wis moatstû komme en det

alles sjen, frjeon reizger.

De rûmte is nou alhiel fol wirden, lûder bigjinne de stimmen to

gounzjen. In oare jonge mûnts komt nei foaren.

DE OARE MUNTS.

Komstû, Aegidius? Wy moatte ús sitten ynnimme, de iedmannen scille sa

dalik forskine.

DE EARSTE MUNTS.

Ik kom, broer. Farwol reizger, det ik dy wersjen mei!

DE REIZGER.

Fen ’t selde, broer. En tank for dyn goede wirden.

De mûntsen jowe hjar pratende wei nei efteren en jowe hjar del op ’e

lege bankjes nêst de sit fen Eastergoa; fen lofts giet in gerûs troch

de mannichte.

IN STIMME.

De iedmannen fen Fryslân binne yn oantocht!

OAREN.

Rûmte for it hege rjucht fen Fryslân, rûmte for de mannen fen de

Upstalbeam!

Fen lofts forskine de rjuchters fen de Upstalbeam. Hja binne seis yn

tal; de foarste is de abbet fen Klearkamp, in weardich en steatlik man,

yn de útris fen in prelaet; fen de fiif oaren heart ien ta de legere

geastlikheit, twa, ûnder hwa de iedman fen Westergoa is, ta de ealljue;

fen de oare twa is ien in eigenierde boer, de oar, de ôffirdige fen

Wyt-Eastergoa, in keapman. Wylst hja hjar nei hjar plakken jowe, set in

sterke kleare stimme it earste fers fen „War Dy” yn, dêr’t de

gearkomste dalik by yn falt. Nei twa fersen forriist de abbet fen

Klearkamp en stiltme falt yn.

DE ABBET, oerein.

In nomine Patris et Filii et Sancti Spiritus; sub protectione Sanctae

Virginis Mariae.

DE GEARKOMSTE, moarmeljend.

Amen.

DE ABBET.

Friezen, de gearkomste fen it hillige Boun fen de Upstalbeam stiet wer

to bigjinnen. Dingen út it jongste forline meitsje it mear as winsklik,

det ik jim op it hert byn plachtsjen en bisluten fen dit boun to

earbiedigjen, lyk as it goede Friezen foeget. Tofolle wirdt yn Fryslân

de klam lein op it bilang fen de ienling, tofolle komme doarpen en

goaën elts op for syn eigen rjucht. Yn dizze gearkomste is de ienheit

fen de Friezen, en hja moat foar alles gean. Forsloppet ús krêft,

ûntbynt dizze ienheit hjar yn dielen, den is it dien mei it forset fen

de Friezen tsjin de hearen út it frjemdlân. Bitink: troch iendracht

wirdt it lytse sterk, troch twaspjalt giet it greatste to neate. Us

allegear is it doel fen dizze gearkomste klear. Net lykwols ús tinken

allinne, mar ús hert sels moat wêze by dizze greate mienskip.

IEN UT DE GEARKOMSTE.

Det is ús al faker sein. Det witte wy allegear wol!

DE ABBET, stranger

As jim dit witte, ho is it den det jimme it sa min forstean? Moat ik

jim foarhâlde it relaes fen de skelen en kreauwerijen dêr’t jim

tsjintwirdich jim krêften oan forgrieme? Krekt dizze moarn waerd my

trochdien it nijs fen de bistoarming fen de stins to Bedum en de

brânstifting yn de bûrren Elwierde.

GUNT UT DE GEARKOMSTE.

Hja fortsjinnen it dûbeld en dwers! Hjar heechmoed wier ûndildber! Hja

joegen sels de oanlieding! Hja binne bigoun!

DE ABBET, forûntweardige.

Foeget it Kristens hjarsels sa frij to pleitsjen fen dieden dy’t in

grouwel binne for de himel en in ûnrjucht for de minsken? Hwer is it

forskeel twiske dizze plonderers en brânstifters en de wrede Noarman,

dêr’t ús kroniken fen sprekke? Wolle jim net sjen, net hearre, net

forstean? Sjuch hjir dizze sit rjuchts fen my; ienris siet dêr de

iedman fen West-Fryslân. Nou is er leech, nou hearsket dêr de greve fen

Hollân!

GUNT UT DE GEARKOMSTE.

Flok oer de greve fen Hollân en alle frjemde hearen!

OAREN.

Oer de longerjende biskoppen fen Utert en Bremen!

OAREN.

Oer de stêd Grins it meast fen allegearre!

Kabael; gerop fen „Ljeagen!” en „Grins is bitrouber!”, „Grins is wol sa

Frysk as folle parten fen Fryslân!”

DE ABBET, mei greate stimme.

Stiltme, jim bitiisden! Mocht dizze mûle sa’n wird sprekke, hja scoe it

slingerje net tsjin de frjemden, mar tsjin de Friezen sels! Hwet koe de

greve fen Hollân, hwet koe ien fen de frjemde hearen, salang as wy ien

wierne? It is wier, de sé skaette West-Fryslân fen ús: do wier it de

oaren swier to stypjen. Mar hwet de sé sparret, scil jim forblining

fordwaen! Ik wytgje jim: as jim net it wylde fjûr yn jim herten

bitwinge, as jim trou oan de ienheit fen Fryslân net yn greatens

oerwint, scil mei koarte tiid net ien fen dizze stoellen mear oerein

stean!

Der lûkt stiltme oer de gearkomste, de abbet fielt det syn wird fjild

wint.

DE ABBET.

Hwet is de krêft fen de frjemden? In bern kin it jim sizze: hja steane

ûnder ien haed, hja binne ien. Hwet is ús swakkens en skande? Dit, det

wy sûnder haed binne en fordield. Lâns dizze wei is der allinne de

ûndergong. Dêrom det ik my nou, en troch myn mûle it ienriedige rjucht

fen de Upstalbeam, rjuchtsje ta elts dy’t Fryslân ynmoedich ljeavet.

Hwa’t it libben fen Fryslân wol, lit him de macht fen de Upstalbeam

bisterkje.

IN STIMME UT DE GEARKOMSTE.

Yn hokfor wei?

DE ABBET.

Hûndert jier lyn hie de Upstalbeam de macht troch to setten, hwet hja

bisleat. Kamen de rjuchters fen Upstalbeam fenwegen, den wier der freze

yn hiel Fryslân. Ut ’e namme fen ’e Upstalbeam easkje ik dy macht

werom. Ik easkje striders fen de goaën om for ús bisluten de

earbiedenis to winnen dy’t for eltse wet heart to bistean.

IN STIMME UT DE GEARKOMSTE.

Tinkstû det wy de frjemden foartreage hawwe om nou de nekke to bûgen

for eigen? Dû scilst ús net forrifelje, heite!

Kabael en laitsjen.

DE ABBET, him meitôgje littend fen syn grime.

Dommen, forblinen, bitiisden! Kin ien folk sûnder hearskippij bistean?

Haget jim better de izeren twang fen de frjemd as de lieding fen hwa’t

keazen binne fen jimsels?

Hy hat de toan troffen for dizze minsken, dy’t net mear mei rjucht, mar

mei hirdens en driigjen oertsjûge wirde wolle. Men is stil.

IEN UT DE GEARKOMSTE.

Ik freegje frij om myn bitinken to sizzen.

DE ABBET.

Sprekstû for dysels ef for in mienskip?

DE SPREKKER.

For in great part fen de mienskip fen Westergoa.

DE ABBET.

Siz dyn bitinken.

DE SPREKKER.

Fen Westergoa wier it det de rop kaem om de Upstalbeam wer to

stiftsjen. Ek winsket Westergoa de Upstalbeam sterk en machtich to

sjen. Wy scille dêrom it forsiik fen de Upstalbeam stypje. Mar wy

forbine dêroan ien bitingst.

IN OAR.

Ja, jim wolle de baes oer hiel Fryslân spylje!

DE SPREKKER.

Mei greatskens wiis ik dy oantiging tobek. Wy steane op ús rjucht fen

frije Fryske goa; dy namme is ús genôch. Mar ien ding wolle wy net:

ûnfryskens en forrie yn ús eigen formidden, yn in boun det de greatste

namme fen Fryslân draegt. Hwa doar sizze det dit boun allinne út suvere

Friezen bistiet?

IN OAR, spottend.

Fensels net—de suvere Fryskens kin men allinne yn Westergoa siikje!

DE SPREKKER.

Sa liket it bytiden! Mar ik scil nimmen bitiigje, mei biwizen scil ik

komme. Hwent ik winskje det wy oan kinne op it Boun fen de Upstalbeam.

Ik skik yn, dêr is Westergoa alles oan fêst. Wy lizze sa to sizzen

iepen for de greve fen Hollân; oan ús doar leit de forriederlike,

ûnbitrousume stêd fen Starum!

IN STIMME.

Pas op, heite! Starum hat net forgetten syn ôffirdigen hjirhinne to

stjûren!

DE SPREKKER.

Lyk yn it antlit scil ik it jim den sizze! Jim forkwânselje de Fryske

frijheit for it smoarge goud fen de greve fen Hollân! Jim dije en wirde

grou, en it fierdere Fryslân kin forkomme!

DE ABBET.

Stiltme! Dizze wirden binne der by troch! Sa scilstû net fierder

sprekke!

DE STARUMER, forachtlik.

Lit him mar fierder raze, earwearde. Us skippen scille der net minder

fol, ús wenten der net minder ryk om wêze!

DE WESTERGOAER.

Skande oer de fette keapljue dy’t Fryslân forriede! En der binne mear

sokken yn Fryslân! Hiel Wyt-Eastergoa is der fol fen!

Great opskoer; gerop by de Wyt-Eastergoaërs: „Dy wirden scilstû wier

meitsje!”

DE WESTERGOAER.

It stiet sa fêst as in hûs! Jim hawwe brieven skreaun oan de greve fen

Hollân! Jim hawwe him de hilde bean en ús forret! Jim krûpe for de

frjemden, lytse, gemiene eigennutters dy’t jim binne!

IN WYT-EASTERGOAER.

Wy scille ús it brea net út ’e mûle stjitte litte om dyn gelikens! Wy

hiene rjucht! Sels binne jim to lef om to striden, dêrom krûpe jim de

oaren oan!

DE WESTERGOAER.

Mannen fen Westergoa, scille wy ús det sizze litte! Foart mei de

forrieders!

DY FEN WYT-EASTERGOA.

Forrieder dy’t it seit!

Der driget in greate striid, gûnt sjucht men de swirden lûken. Nei

hieltiten bisocht to hawwen de heibel to kearen, rjuchtet de abbet fen

Klearkamp, syn rie ta’n ein, him ta syn meirjuchters, forlit syn sit,

wylst de oaren allegearre rize, en stelt him twiske de stridenden,

folge fen de oare iedmannen; den ropt er mei greate stimme:

DE ABBET.

Sjuch ta hwa’t jim treffe! Wé, as jim eagen blyn binne!

It wirdt hwet stilder; hja ûntsjugge de prelaet yet.

De gearkomste fen de Upstalbeam is ûntboun! By de weardichheit fen myn

ampt hjit ik jimme, forlit dizze wijde oarde by sté en stoune, elts nei

in kant! Wé as jim earen net hearre!

Hy wachtet, rjucht oerein, en sjucht great oer de mannichte hinne;

effen wachtsjen; den forspriedt dy hjar. Men heart stimmen: „Wy

sprekken inoar wer!” „Grouwe Fetkeapers!” „Gemiene Skieringers!” It

wirdt leech ûnder de Upstalbeam; ek de rjuchters jowe hjar ôf oan

wearskanten, útsein ien, dy’t nêst de abbet stean bliuwt. Yet hieltiten

heart men de geroften fen ’e reboelje.

DE RJUCHTER.

Mei ik jo in ried jaen, earwearde?

DE ABBET.

Jy hawwe frij. Hokker?

DE RJUCHTER.

Nim kriichsfolk yn jins kleaster. Ef yet better, earwearde, lear jou

mûntsen de wapenhannel. Ik haw nuvere drigeminten heard. Klearkamp hat

fijannen.

DE ABBET.

Nimmen yn dit ûnlokkige lân is mear sûnder fijannen. Mar safier scille

hja net gean. Ik bitrou op de earbiedenis for de tsjerke.

DE RJUCHTER.

Bitrou net to sterk. Binne dit Kristenminsken, tinkt jo?

DE ABBET.

Bring my net yn forsiking. De tsjerke hoedet hjar ûnder hjar

skepersstêf. Mar hja lykje mear wolven as skiep.

De mûnts Aegidius stoarmet op yn greate oandwaning.

DE MUNTS.

Heit ... earwearde heit ... nou is it slimste bard...

DE ABBET.

Bidimje dy, myn soan. Us foeget net sa’n forbjustering. Hwet docht dy

sa oan?

DE MUNTS.

De Westergoaërs hawwe ien fen Wyt-Eastergoa daet... Frysk bloed rint

oer de woartels fen de Upstalbeam...

DE ABBET, skriljend.

Nou is de ûndergong net mear to stuitsjen. Finis patriae, finis

Frisiae. (_Tsjin de rjuchter_.) Ik tankje jo for jou ried, Hear. Ik

scil myn kleaster bisterkje.

De foarhing slút.

Fryslân · 第 8 / 13 题