SANG.

Fier de wide doarren iepen,

Meitsje rûm en klear de wei;

Hinnegien de tiid fen sliepen,

Rizend, great en eal, de Dei—

Gean, o foltsen, gean, o swide,

Foar dy leit de wûndre wrâld—

Gean, yet yn dyn dream forblide

Dy’t dyn dei bisletten hâldt!

Under it twadde fers giet Fryslân, stil en steatlik, folge fen hjar

Dreamen en Dieden, dêr’t de Stof him by oanslút, oer de greide lofts.

De Tiid en de Geast eagje hjar nei, steande oan wearskanten foar de

wâldseam. Den tilt de Tiid syn stêf omhegen en kindiget mei greate

stimme:

DE TIID.

Nou bigjint de skiednis fen Fryslân.

De foarhing slút.

Fryslân · 第 5 / 13 题