VII.

Alles wie foarby! De frjemde foetstappen ûnthilligen net mear syn

túntsje, de frjemde stimmen net mear syn keammerke. Hja hiene taksearre

en wardearre, yn ’e bynten kerfd en oer it minne kousolderke krûpt, yn

’e stoellen om môchgatsjes socht en it ienichste bistje bitûmke—nou

wierne hja foldien.—It húske fen Sjoerd Meinses wie op ’e bûrden kaem;

nimmen hie safolle minslik gefoel, om him stibelearje to wollen, selst

Aen Claeses net, ho-t Luts him ek oanpûnde en Sjoerd Meinses syn húske

gyng foart, syn bistje, syn bytsje kreas húsrie, for trije jier mei

safolle hoop by-inoar koft en hy bleau de joune allinne oer yn it lege

hûs, it hûs fen in oar....

Hy suchte net en hy snokte net, hy seach net iens yn ’e lege keamer om,

mar bleau stean, der-t er stie. Hwerom ek, hwerta?

Dizze lêste slach hie him fornietige. Mennichien fen ’e geseten ljue

krige der letter wol bikrûping oer, dat hja hjar do net hwat mear oan

him gelegen lizze litten hiene, mar it brânizer fen ’e gjirrigens

skroeide ek al ring hjar herte wer ticht. Elkmis for himsels, tochten

hja wysgearich. Hja koene it dochs net helpe, dat der wer in earme noch

ûngelokkiger waen wie, as hy al wie. Hwat kin sokken in minskelibben

skille, as de jildpong mar fol bliûwt!

Tsjin ’e joun gyng Sjoerd Meinses nei de bûrren ta om ôfrekken mei

dizze en gene to hâlden, in skimme fen alear, de klean rûm om ’e

meagere lea en skurf, nou ’t der gjin krekte frouljueshân mear wie,

dy-t byienhâldend op alles taseach.

„So?” sei dokter, do-t hy der earst hinnegyng mei in swiere mûtse op.

„So, Sjoerd Meinses, gien’ sitten. Hiene jy boadskip?” en mei ien blik

fen syn skerpe eagen seach hy de wanhoap, dy-t der skreauwn stie yn dy

eagen—de smert, hwer it herte yn dit sterke omskot fen forbûke wie.

„Ik scoe de rekken fen Doet bitelje,” sei Sjoerd Meinses mei in sucht

en helle de koperen tabaksdoaze út ’e bûs. „Wol dokter it mar ris efkes

neisjen, hofolle as ’t is?”

Wylt dokter him omkearde nei syn skriûwtafel ta, fielde Sjoerd Meinses

for ’t earst, ho warrich as hy wie. De kreft bijoech him súver

alhielendal en hy siet roungear yn ’e greate briedstoel, dy-t dokter

him taskouwd hie en seach longerjend nei it pantsjefol kofje, dat

doktersfaem op in lyts bledtsje yn ’e keamer brochte. Ungemirken wei

drukte dokter nochris op ’e skelle, do-t hy dizze warrige blik yn ’e

gaten krige en sei tsjin ’e faem, dy-t der al ringen oankaem: „Noch in

kop kofje en in stik koeke, Ant.”

„Bêstich!” andere de tsjinstige en futtele foart op everlastene

pantoffeltsjes.

„En nou.... hjir ha ’k it rekkentsje for jo,” sei hy en joech Sjoerd

Meinses in foech snipeltsje pompier oer mei in bidroefd bytsje sifers

en fiif goune en in dûbbeltsje derûnder.

Sjoerd Meinses krige it oan, biseach it ris, kearde it om en om en sei

einliks forslein: „Dat’s in forsin, dokter. It moat grif fyftich goune

en in dûbbeltsje wêze. Safolle hie ’k ek al meinaem,” en hy telde twa

goudene willemkes, in pompierke en twa ryksdaelders op ’e tafel út, syn

lêste jild—as hy mei Gjerrit winkelman en ’e kûper ôfrekkene hie.

Dan koe hy wer fen foaren oan bigjinne en syn hiele libben sparje, om

oait wer safolle by-inoar to krijen.

„Hark ris Sjoerd....” sei dokter hastich.... „tochten jy nou einliks,

dat ik jimm’ it lêste jild ôfhelje scoe? Wel man, ik scoe my for mysels

skamje, sjedêr! It is fiif goune en dermei út en doch nou dat jild mar

gau oan kant.”

Sjoerd Meinses wist net, hwat hy scoe. „Ik mien ’t,” sei dokter mei in

goelik glimke, „dat jild is mines net.... Kom, drink ris op,” fitere hy

him oan, do-t Sjoerd Meinses mei triljende hânnen it jild wer opbirgen

hie en nou nei de groun stoareage. „En scill’ jy nou nei jo âld-omke

ta, safolle as setboer?” frege hy.

Sjoerd Meinses stiek de holle op. „Der ha’k my al nei set, dokler,”

andere hy en krekt ef bisefte hy nou earst, hwat dokter, in

nij-ynkomling, dy-t noait hwat fen him hawn hie—joun for him diich—liet

hy der hastich op folgje: „Hwat hat dokter in goed dien oan my!....

Wist ik mar, ho-t ik bitankje kin! mar wy minsken ha der to min ta

leard, dokter.... om to úterjen, hwat wy fiele.... Mar as dokter ris

forlegen is om ’t ien of oar.... ik stien klear for jimm’.”

„Dat’s bêst,” sei dokter. „Fen in man as jo hie ’k sa’n tank

forwachte.” Hy wiste, dat Sjoerd Meinses nou altyd for him klear-stean

scoe—it wie in man fen syn wird. In bytsje binijd bigoan hy noch ris

oer Sjoerd Meinses syn foartgean to praten: „Der wol nei set? Is ’t dan

noch net sa fêst?.... Oars wie by in snoar fen my wol in plak as

túnman, der kinne jy ek komme op myn forspraek.

„Bêst, tige bêst,” sei Sjoerd Meinses moi rimpen en in fyn kleurke

teikene him ôf op syn meagere wangen,.... „mar dat moat mar net,

dokter.”

„En hwerom net?” Dokter bigriep der ynienen neat mear fen—hy hie ’t

ommers sa goed mei him for en hy naem him ris hwat skerper op.

Der kaem gjin andert, mar hy merkbite, ho-t in lang forkroppe trien oer

’e brúne wangen rôlle en ho-t hy mei in ûnbiskriûwberen langst yn syn

moaije eagen nei de aerdige petretsjes op ’e skriûwtafel seach, twa

lytse famkes, blond en brún, it oare ik fen heit en mem.

Dokter liet syn eagen der ek oergean en ynienen begriep hy nou, hwat

der yn it herte fen dy stille man omgyng.

Hij moast syn lyts beukerke noch ris sjen kinne! syn kraeijerich lûd

hearre—mei syn mûtele hântsjes en earmkes yn ’e loft om skermesearjen

sjen, dat wie de ûnforbrekbre bân, dy-t him noch oan it doarpke, oan ’e

krite boun, mar sa fêst, dat der gjin macht op ierde wêze scoe, dy-t

him ek noch dizze lêste treast ûntnaem.

„Né dokter....” sei hy ynienen reslút-wei,.... „ik kin net. Jy binne

heit as ik.... miskien lokkiger.... mar dan forstiene wy elkoar.... As

ik net mear tominsen it húske sjen kin, der-’t myn wiif en bern

húsmanje, der-t ik sa ynnerlike mâl mei bin.... sjêder dokter... dan

ljeaver dea!”

Dokter draeide syn holle hwat om. „Earme man,” sei hy hiel sêft en

bleau in amerijke mei de hân oan ’e holle sa sitten. Do-t hy him wer

omkearde, wie Sjoerd Meinses syn stoel leech; it sêfte jounsizzen fen

him hie hy net heard.

De joune let wie Sjoerd Meinses noch yn syn túntsje dwaende.

Ljochtmoanne-waer wie ’t, moai en stil nei in lange wiete rite. Tûzenen

drippen trillen noch oan ’t beammen, krekt as hearden hja by it earste

fine simmergrien, by de reabrún-skimerjende ikebledden, by de sulverige

blêdplûmmen fen ’e wylgenmoezen, dy-t de teare twigen hiel djip nei in

poelke tabûgden, dêr ’t de bûlders fen ’e stjelpige rein noch op

stiene.

Alles knoppe, geure en bloeide en as in simmeramme fen ’e

allerljeaflikste joun wâlle der in swietrook oer ’e fjilden.... sa

sêft.... sa myld út al dy jonge blomkes, dy-t tojoune iepengien wierne,

fen al dy lêste bledtsjes, dy-t tojoune út it húltsje krûpt wierne, fen

al dat blomt, fen al dat krûd, dat it wie, eft alles forroan yn ien

hymne fen lof, sûnder wirden, mar forsteanber for ’t herte.

Roerleas stiene de hege esken op ’e diken. Sa nou en dan waeide it as

in sucht oer ’e tichte krúnen en dan gyng der in flústring fen ’e

hearlike nije dei, dy-t komme scoe oer ’e bledden en dan stiene hja wer

sa stil, sa stil—in rige fen foarse, geve reuzen, dy-t it hoarnlegerke

ôffreden, dat ienkear Sjoerd Meinses sines wie.

Mei de lod yn ’e hân socht hy de moaijste blompoltsjes út it blomtún

foardoar, dy-t hy by de forkeap der útbitinge hie en soârgsum groef hy

se der mei de klút út en sette se op ’e platte kroade. Hja bloeiden wer

like moai—de beltsjeblommen, de fioeltsjes en it lette piperbeamke, mar

de frouljueshân, dy-t se oars oan ’e wite stokjes boun, taelde der net

mear nei, om efkes fen ’e moaijsten to rûken ef boartlik wei in

kleurich blomke twisken de reade lippen to stekken en dan gútich to

freegjen: „Smokst’ ek soks, Sjoerd?”

Alles kaem him wer yn ’t sin: der by dat rigeltsje útbloeide wite

wyfkes hie hja triedsjes stopjern spand, dan hingen hja d’ oaren net yn

’e wei—for dy stamroaskes hie hy hjar wite stokjes mei giele knopkes op

Sinterklaes foreare, der-t hy hjar tige mei yn ’e klean stutsen hie—der

om dy moanne-roaskes, noch fen syn folk, hie hja as skutte in stikkene

blompot omhinne set. En hja bloeiden sa moai en sa tankber, as rôpen se

de frou werom.

En Sjoerd Meinses, dy dolde en dolde en lei se allegear neist-inoar del

op ’e kroade, hwer as syn ienichste bisitting ek noch in doek mei klean

en it hoekspyntsje op lei. Dat moast hy wer ha en hy koft it werom,

do-t it ôfmine waerde for in drupke. Hwat maelde it him, dat syn

âld-omke al fûtere, as hy sok frouljuesgûd yn syn hûs slipte—al scoe de

ûnderste stien ek boppe, dit naem hy mei.

En nei in skoftsje wie dit lêste wirk ek dien. Noch ienkear gyng hy

stadichwei it lytse hoarnlegerke yn ’t fjouwerkant roun, by de dyk

lâns, der hy tocht hie, dat syn lyts jonkje ienkear op boartsje scoe,

by it poelke troch, hwer it gealtsje nou bigoan to slaen yn ’e elzen en

út to heljen yn sulveren toanen, sa wémoedige-moai, dat it him troch

alles hinnegyng. Wie dit sims in ôfskie fen it maitiidssjongerke, dat

nea net by him forbâlle wie en altyd alweroan syn nêstje by de daem

makke, der ’t it lytse kopke mei de skitterjende eagjes dan ta ’n út

seach, as hy de hikke iependraeide....

....Efkes letter wie alles foarby....

In earm man, dy-t frij west hie, kroade mei syn sober kroadtsje wer yn

in swiere tsjinst....

Al fierder gyng it, de strietwei lâns, do in sânwei op mei hege

toarnbeistrûken oan ’e kanten, al fierder en fierder, moedleas en

hopeleas.

By in lyts húske waerde it piipjende rad stil.... „Noch ienkear sjen!”

suchte hy, „en dan....” en hy liet de klompen by de kroade stean en

roan hoazfoetling by âlde Saepk op ’t hiem. Wie hy net in strúnder? om

efkes mei ien eachopslach it lok to sjen, dat hy net bisitte mocht en

hwer hy sims wiken, né moannen op tarre moast, om net yn syn lijen to

forslaen.

Syn sliepen dy bounzen.... sa slûpte hy foar ’t finster en seach boppe

oer ’e heallûkjes hinne! Der siet Saepk mei ’t beukerke op ’e skirte,

heal útklaeid, de earmkes en ’e lytse foetsjes bleat, tûzen blonde

kroltsjes om it blanke ingelkopke, syn bern, syn skat! En hy moast him

fêsthâldde oan ’t kesyn, sa trillen him syn foetten. En derneist, sa

tichteby en dochs sa ûnbirikber fier fen him ôf, der siet syn wiif,

meager en forfallen op ’e stoel to slûchjen, de wangen biklonken, it

halske sa fyn fen meagerens, dat min der hast trochhinne sjen koe, in

byld fen jammer en ellinde, in byld fen it stille forkwinen yn

ûnforskilligens, yn fordôving.

„Scil der dan noait in ein oan ús lijen komme?” kriet hy yn

fortwiveling. „O myn God, Jy kinne it en Jy wolle it, help ús!” bea hy

út it djipst fen syn hert en fâldde syn meagere hânnen.

—Ha ik skild?—frege hy himsels wanhopich ôf en tûzenris itselde andert

op diselde fraech:—Dû kinst dy frijpleitsje—mar it needlot woe dyn

ûnk.—

En hy gyng wer foart op ’e greate boerkerij fen syn âld-omke oan for

help en stipe, safolle as setboer, in tsjinst út tûzen, mar for in frij

man in twangjok, dat him swier op ’e skouders lei.

Mar hy bleau—hy moast nei de pipen fen ’e âld man dânsje, al syn

grisertslúmen fordrage, arbeidzje, luiterje, for baes spylje ef for

feint, al nei ’t syn omke it yn ’e holle krige—hy fordroech it allegear

sûnder wird, sûnder klacht, mar wie sa gestipt en krekt en wis yn alles

as in klok, dy t min opwynt, dat de âld man wûnder mei him op ’t snjit

wie.

„Jonge,” sei hy ris op in joun yn ’e haeijing, do-t se fen ’t swyllân

op hûs tagyngen, „dû hiest myn soan wêze moatten. Ik hie greatsk op dy

west.”

„So,” andere Sjoerd Meinses ûnforskillich wei. „Ja, dat scil ’t wol.”

„Dos ik like dy noch net sa min ta, dast wol ûnder my stean woeste,”

tante de âld man mei de sinnigens fen âlde ljue, dy-t foarteamelje

kinne as hja hjar hwat yn ’e holle set ha. „En dan hieste ek waerm yn

’e wolle sitten.... in pleats en sa,” liet hy der op folgje, krekt as

woe hy him it wetter om ’e tosken rinne litte.

„As min mar lokkich is, dan is ’t lytste klintsje ek noch in parradys,”

sei Sjoerd Meinses mei de folste oertúging.

„Dû tinkst wer om ’t wiif,” grânze omke.

„Hwer scoe ’k ek oars om tinke? Myn wiif en myn bern binne my it neiste

op ’e wrâld. Dat is sa en dat bliûwt sa,” sei Sjoerd Meinses bidaerd,

mar reslút-wei tsjin syn âld-omke, dy-t sa ’n frouljueshater wie, dat

hy gjin frouljue yn syn hûs ha woe, bihalve Foeck, in earste mansheld

en opskepper, dy-t syn kofje ré-meitsje en syn hoazzen stopje moast.

Hja waerde der dild as in needsaeklik kwea en skoudere as.... in

frouminsk!

„Scil ’k dy ris hwat fortelle?” sei omke en kaem him hwat tichter op ’e

side. „Dat wiif fen dy—dat ’s in forkearden ien. Dokter scoe hjar

helpe, dat joech neat, do ha jimm’ Ouwe, dy âlde rakkert, geweken naem

en der hat hja hjar kweade kúren net iens for farre litten en....”

„Hâld op!” rôp Sjoerd Meinses en bleau midden op ’t paed stean, sa wyt

as in doek mei triljende fûsten. Syn hege gestalte dy siddere as in

blêd. „Noch ien wird, omke, en ik gien foart. Tink sa ’s omke wol, mar

myn wiif.... ôfbliûwe hear! Hjar lek en brek hjir net oplêze,

bigrepen?”

Omke wie alhiel forslein. „Hearink jonge,” stammere hy...., „sa.... sa

ha ’k it net miend. Ik woe dy hwat opfleurje, dû moast der net sa swier

oer tille, wier net. Der kin for dy ek noch wol ris wer in sinneblinkje

komme.”

Sjoerd Meinses lake bitter. „In sinneblinkje?.... Myn sinne wol ’k wer

ha!” sei hy. Syn sinne, dat wierne de moaije blaue eagen fen Doet, dy-t

him fol ljeafde oanseagen—syn sinneskyn, dat wierne lytse

trippelfoetsjes oer ’e flier en in boike, dat op syn knibbel sitte scoe

en him oankrûp.... tige, tige tichte—hy koe der sa ’n ûnbidimberen

langst nei krije, as hy sims troch ’t haeilân by de mieren lâns gyng,

dat hy him hast gjin ried wiste. Mar wachtsje, sei hy dan tsjin

himsels, hja scil wer better wirde en ús lok komt ienkear werom!

En yn dy hoop libbe hy.

In setsje gyngen hy en syn omke sûnder in wird to sizzen neist inoar

lâns. It siet him heech, dat mirk syn omke wol en hy prakkeseare him

hast suf, om Sjoerd Meinses wer oan ’e praet to krijen. Mar dy wie by

tiiden sa stymsk as in blok—der koe min yen warrich by prate.

„Hjarren komme!” gûlde Foeck om ’e hússide.

„Ea ja, âlde tange,” sei d’âld omke, „wy rinne ommers al,” en hwat

hastiger kamen hja nou op ’e hutte ta.

„So,” sei Foeck, „dat’s hjir ek hwat moaijs yn ’t doarp for skandael,

scil’k mar sizze.”

„Meitsje ’t koart,” moanne d’âld man brimstich. Hja scil wer fen ’t

iene ef oare op ’e tekst, tocht hy en waerde al hiet fen opkommende

nidigens.

„Moai skandael, moai skandael. ’k Bin bliid, dat’k hjir net berne bin

yn sa’n moarndersdoarp. Ljochtskjindei en hja moardsje, eft ’t hounen

en katten binne.”

„Hofolle binn’ der dan dea?” frege de lytsfeint gekoanstekkerich.

„Ien en dat’s al moaijernoch en dat’s om sa to sizzen mounlers Hinke.”

„Dû liichst, dast swart wirdst, Foeck,” sei d’âld man skerp. Hy hie

hjar frouljuespraet neat yn ’e rekken en bigoan bidaerd de

sûpenmoallenbrij op to skeppen.

„’t Is wier,” lei Foeck der heftich tsjin yn en skûrde de eagen gril

op—„mounlers Hinke ha se formoarde.”

„En hwa dat?” fregen se allegear.

„Nou hwa oars as hjar eigen man,” sei Foeck.

„Dû hâldst op mei dyn mâlle praetsjes, bigrepen?” sei d’âld man. „Min

scoe sizze, datst ta de flesse west hiest, sa’n opskûrring makkest

ûnder iten.”

De oaren waerden stil, nijsgjirrigens, skrik, binijing lies min op ’e

troanjes.

„Der mankeart my neat”, sei Foeck, „mei jo smeule praetsjes. Hwat miene

jy wol! Mar de bolrinder dy wie hjir nyskes en dy wist it. It hie al

lang gien.... mounlers Hinke hâldde it mei in oaren-ien as hjar eigen

man, mar der wie net folle praet fen.... En nou jisterjoune yn ’e

harbarge socht hjar man, dy-t faek heal yn ’e sûs is, spul mei in oare

kearel en dy forwiet it him by dit en by dat. En do hie hy ’t mâl fel

oan.... nou jimm’ kenne him wol.... in earste bolderblast, en trapearde

hjar in syn eigen hûs. As in wyld dier moat hy do op hjar ynflein

wêze.... en syn trewinkel is sa oankaem, dat hja is der delsiicht....

nou om noait wer oerein to kommen. Is ’t gjin soune en skande yn in

kristenlân?” en Foeck wiske mei in tippe fen ’e skelk in trien út ’e

eagen.

„Hâld mar op mei dyn gelyp,” kibbe d’âld man noartsk. „Siz ljeaver,

der’s wer in dôgeniet minder. It doarp wirdt der better fen, as sa’n

ien de kûle yn giet.”

De iene nei d’oare waerde der stil fen by dizze hirde wirden en nimmen

frege nei Hinke hjar man, dy-t flucht wie en mounlerinne mei de beide

bern oanpiele liet.

It hiele doarpke rekke yn opskûrring. De ljue forkrongen hjar by de

finsters fen Hinke en dy’s hûs, der ’t hja Maeije yn kaem wierne, omt

mounlerinne en Hinke hjar man sa mâlle min mei-inoar koene, en hjir en

der hokken kloftsjes frouljue by-inoar, om ’t ôfgryslike nijs to

bipraten en ljeafst noch ôfgrysliker to meitsjen.

It wie krekt sa gien, as âlde Foeck it al oandroegen hie. De sterke

fûst fen hjar man hie Hinke sa tramtearre en dat kaem sa oan, dat hja

it libben der by ynskeat. De frjeon spile de wyk ta de efterdoar út,

oer it mounlehiem en do de lânnen út en do’t mounlerinne ris sjen scoe,

hwat der skeanoer hjarres úthinge by Hinke en hjar skoansoan, lei Hinke

mei de dea op it antlit oer ’e flier en it âldste bern siet der

forweesd by op ’e matte.

Gjin wytnisse koe it libben wer yn ’t omskot roppe; de mûle, dy-t

safolle tsjin in oar brouwd hie, wie stom en fjouwer dagen letter

droegen hja hjar nei ’t tsjerkhôf.

Sjoerd Meinses hearde it lieden fen ’e klok yn ’t swyllân en hy bûgde

syn holle. Hwat hie hjar straf swier west! Mei skande yn ’t grêf, mei

de greatste skande, dy-t ea in fatsoenlik frouminsk to lêst lein wirde

kin, foracht fen elk-in-ien en bitreure troch gjin inkele. In forlern

libben en in fortsjinne lean! Gjin inkele tinktme fen forjowing kaem by

him op; it lijen hie him wreed makke en dat lijen wie kaem troch hjar

hân, hjar mûle en hjar jild.

Ek wer foarby.... as in streek, dy-t útwiske wirdt, tocht hy stil for

him hinne—en as in slaef, dy-t fielt, dat ek ienkear de ûre fen syn

frijheit komme scil, stiek hy syn holle op nei de goudene sinne boppe

him, hwer de himel blauwe en Hy wennet, dy-t gjinien fen Syn bern op

ierde forjitte scil.

Ruth(#73898) · 第 48 / 53 题