VI.

De stânnen sûzelen yn ’e bolle simmerwyn; it seineharjen klonk oer ’e

stille fjilden, it wie simmer waen!

Oer ’t gea hinge de swietrook fen it earste hea, dat yn lange streken

op ’t swé lei en hjir en der al yn lytse opperkes swile waerde for in

tongerbui, dy-t opkaem yn ’t Súden, wytflokkich yn ’e neimiddeissinne,

mar dy-t tsjin ’e joun heger skouwe en lang, hiel lang de stjerrende

goudglâns fen it Westen drage scoe.

Pijjes Jans skoude de ierdkarre ta ’t lytshús út, lei it rúnedek erop

en helle do mei it hjouwerkoerke de fos út ’e finnen.

„Hwer sist nou noch hinne op ’e joun?” frege syn heit, dy-t it lân út

weikaem. Hy hie ris sjoen, ef de hantsjemieren Heinrich en Wilhelm út

Westfalen ek hast komme koene, hwent to bytiid woe hy se ek ret ha, dan

iten se him de earen fen ’e holle en to let, dan waerde it gêrs to ryp

en wie de pit derút.

„Ik moat ommers noch efkes by Aen Claeses en dy wêze,” andere Pijjes,

mar seach derby yn ’e oarre wei. Syn heit hoechde net to sjen, dat hy

hwat reader waerde en d’ âld man syn brúne eagen wierne oeribele skerp.

„Heit wit noch wol, net? om dat inter, der ’t wy lêsten fen praetten.”

„Ja jonge,” en syn heit bitocht him ris, „dat ’s ek sa. Nou

hûndertsechstich, mar ek gjin sint mear en tink om syn poaten—mar as ’t

der tsjien goune ôftingje kinste, noch better. Sa ’n tsjien goune fen

in bitûfte hânnelsman as Aen Claeses—hwent dat is er, lit him oars sa

slûch wêze as in stoppelkat.... sa ’n tsjien goune, dy-t ’k him ôfwin,

jowt my in niget fen fiifentweintich, sa ’s ’k dy siz.”

„’k Scil ’t der nei oanlizze,” miende Pijjes,—„it is ek in skoandere

priis,” en hy sloech it hynsder foar de wein en gyng mei in linige

swaei op ’e ierdkarre sitten. „De groetnis,” rôp syn heit him noch

efternei, do-t hy twisken de iken stambeammen fen ’e reed wei waerde.—

Yn ’e bûrren stie ’t jongfolk, dat hjeljoun hie, by de smitte mei-inoar

to petearjen en kreaze jongefammen op gledde toffeltsjes mei de

bûntskelk foar en ’e skjinne mûtse op, moasten der krekt foarby, om in

pear reaven jern ef in healpoun kofjebeanen to heljen. Nimmen liket

dochs op Luts,—tochte Pijjes en nimmen kin ek mar yn ’e fierste fierte

by hjar yn ’t skaed stean, en hy suchte.

It wie him noch net forgetten, ho fiis ’t Luts lêsten jouns sjoen hie,

do-t hy se ris mette by moalkersfolk en fortearst sont lange tiiden dat

aerdige mûltsje wer ris praten hearde en ho feninich hja al syn fragen

ôfsneutere mei in so? en in ja?, hwer hy sa ridderslein fen waen wie,

dat hy mar ringen de wyk spile.

Mar nou joun scoe hy it fet wol oars bikûpje, sa stiek hy himsels in

riem ûnder ’t hert; nou derhinne gean om ’t inter, krekt op

Snjeontojoune—grif de boel oan kant en Luts miskien ûnder de linebeam

oan ’t krantlêzen.... en dan.... bylizze, skild bikinne en freegje, ef

hy noch net ris werkomme mochte.

As hja dan ja sei, hwat hja sikersonk wol dwaen scoe, dan wie ’t pleit

woán, alles forgetten, dat sa ’n forkeard bloed set hie op dy

winterjoune. Mar as hja him ris wer ôfsneutere, lyk as lêsten jouns? In

bytke stymskens siet der wol yn, suchte Pijjes—de moaije blaue eagen

koene sims rare prúl sjen as hja steurd wie en dan krolde it reade

boppelipke sa spitich op en dan wie ’t ornaris lak! O hearink! as hy

syn possenaesje sa ris útspylje moast!... en dan Luts foargoed kwyt!!

En de loaits, der ’t hy mei nei de mounle op ’e Heechkamp eage, der

flamme al de nidigens yn op, dy-t hy salang bidimme moatten hie—tsjin

dat frouminsk, dy-t him mei hjar lonkjes en glimkes fen Luts Aens ôfset

hie. Nou earst seach hy ’t yn, ho-t heit gelyk hawn hie mei syn

warskôging en it joech nou ynienen ek oan alle kanten bliken, ho ’n

forkeard aerd der yn hjar siet. Der stie hja nou as troud wiif foar ’t

finster—hwent de jongeljue wierne by mounlerinne yntrouwd om de

fordéligens—en gniisde him wrachtsjes noch gekoanstekkerich hwat út.

Ynienen joech hy de fos in klap mei de úteinen fen ’e jageline, dat hy

in sydsprong makke en as de hagel foartstoude.

Krekt op ’t selde stuit draeide in jongfaem, dy-t mei Afke en Auck

stien hie to praten, hjar om en gyng it paedtsje del nei de bûrren ta.

De ierdkarre, dy-t mei fûle foarsje oer ’e wei rôlle, seach hja núvere

swart efternei.—Sa ’n bluisterige gek—like ’t wol, ef dy kleare eagen

seine en noch flugger wipten de lytse foetsjes nei de bakkerinne ta,

dy-t krekt foar de moalkerij oer hjar grouweiten bôllen, healbreaën en

swinemagen to pronk hie to lizzen.

„Folk!” rôp Luts Aens en sette it koerke op ’e toanbank del. Mei in fyn

glimke moast hja der noch ris efkes om tinke, ho bikaeid as Pijjes Jans

útkomme scoe, nou ’t hja foart wie, hwent hja bigriep it wûndere goed,

dat de reizen lang net allinne om ’t inter wierne. Mar ûngemirken wei

slûpte der ek eat as meilijen yn hjar herte; al ho-t it hjar ek stutsen

hie, dat hy dy winterjoune mei Hinke gien wie, der bleau dochs noch

altyd hwat fen sitten fen dy âlde tiiden, do’t hy, dy foarse gnappe

feint it loantsje opdraeide nei hjarres ta. Der hiene al in hopen west

nei him, inkelen like ryk en like fornaem, mar hjar hert bigoan net to

bounzjen en hjar eagen net to skitterjen, as dy der oankamen; it wie en

’t bleau koel spul.

—„Och, dat fanke hat him ek yn ’e maling naem en hy hie dy joune in mâl

sin—bigoan hja nou to forgoelikjen en rôp nochris lûder fen „folk,” omt

bakkerinne noch net it bakhúsgongkje lâns kûrreljen kaem.

„Heden Lutske! sont hwennear roppe jy fen folk? Kom mar gau yn,” sei’t

âld minske oansjitsk en kipe om ’t hoekje fen ’e doar. „Ha jy al in

skoft stien to wachtsjen?” liet hja derop folgje, do-t Luts hjar

efternei gyng yn ’t peikeamerke, dat mei fjouwer stoellen en in

klaptafel mear as fol wie.

„Wachte? Welné,” andere Luts, „ik hie efkes by moalkersfrouljue stien,

sjoch,” en foel do fen ’t iene yn ’t oare—„kinn’ jy yn nije wike ek twa

healbreaën mear for ús hâlde en for trije stûren grou-boltsjes? Wy

bigjinne mei de haeijing.”

„Dat moat ek,” nikte bakkerinne. „En hwat seine hja by

moalkersfolk—scil Hessel en Auck ek hast trouwe? Nou, ’t fanke krijt it

der as prûmmenbôle, sa’n moai spul en sa’n riken skevel! En ho is ’t

mei jo, Lutske? stekt it jo de eagen noch net út?” pleage it âld minske

goelik wei en seach ris glimkjende nei Luts.

„Ea ju, ik kin myn sile noch bêst allinne lûke,” sei Luts gútich. „En

derby.... trouwen.... birouwen kin der ek ris fen komme.”

„Krekt sa,” bifêstige bakkerinne mei in djippe tear twisken de

wynbrauwen. Hja wie al for de twadde kear widdou en hie nou alwer in

moaije potkanten langmûts ré lizzen, om der de tredde kear mei to

pronkjen, as it lok hjar tsjinne, om in woltrochfûrre rintenierke yn ’e

bisnijing to krijen. „Jy moatt’ sa mar tinke, Lutske,” sei hja en lei

de earmtakken maklik wei op ’e tafel, „der is in bulte tsjef ûnder ’t

koarn, fanke, hwent moai prate kinne hja allegear as in lapkepoep en

lige as in séman. Dan is ’t earst myn skat en myn ingel en dan letter

dû diwelse âlde tange en dan wirdt der yen noch in biezem efternei

smiten.”

„’t Scil wol sa wêze, mar dan wirdt it der sims ek nei makke,” miende

Luts.

„En dan Doet Meinses sims? Ha-t dy ’t der ek nei makke?” frege

bakkerinne skerp.

Luts skrilde in bytsje en andere dimmen: „Mar hat hy it der nei makke?

Us heit en dy ha him salang kend—it is in man der’t noch noait immen

spyn oan bifoun hat,” sei hja mei in oertúging, der-t hja eare mei

ynlei.

„Gjinien syn skild is ’t,” sa wynde bakkerinne hjar der handich út,

„mar ik siz dit mar, it is slim.—Ha jy ’t al heard, Lutske?” en hja

skikte hwat tichterby. „It liket doch wol, dat der hwat west hat

twisken Hinke en him, hwent mounlerinne hat it jild opfrege fen Sjoerd

Meinses en nou scil ’t spultsje wol forkoft wirde moatte.”

„Scoe ’t net in praetsje wêze?” frege Luts mei ’t lêste dripke hoop.

Mar ’t wie gjin praetsje: Hinke spile hjar lêste kaert út. Hja wie net

tofreden, dat hja it lok fen twa jonge minsken ûnderwrotten en

fornietige hie, allinne omt Sjoerd Meinses op syn stik stie en hjar

ôfsneutere.... né, hja sette de kroan op ’t wirk, hy scoe ek noch fen

’t steed, dat him sa djûr wie, der ’t elts herntsje, elts paedtsje en

elts blomke noch flústere fen hjar, dy-t hy sa ynnerlike ljeaf hie.

Yn dy stille keamer koe hy jouns skoften sitte en dreame, dat it noch

allegearre sa wie as alear, dat der wer sokke sêfte foetstappen troch

’t foarhús kamen en der in hântsje op syn skouder lei waerde mei de

swietlûdige fraech: „Scille wy noch efkes bûten sjen?” En dan gyngen

hja togearre, hân yn hân, hjar lyts keninkryk yn ’t roun, by de blommen

lâns, dy’t hjar aerdigheit wierne, by de snijbeane troch, der hy sa

greatsk op wie en dan kuijeren hja sims de lânnen ek noch wol ris in

eindsje út, as de kamperfoelje bloeide en it gealtsje yn ’t ûnderhout

sloech.

En as hy him dat dan allegearre sa to binnen brochte, dan útere it him

yn dat iene wird: Scoe ús lok ek to great west ha?

En nou moasten al dy ljeave plakjes oan frjemden tabiheare? Hja dolden

yn ’t blomtún om en fordústrewearen de parkjes, dy-t hy oanlei hie,

oaren scoene op it lytse stoeltsje sitte yn ’e hoek, hwer hja him altyd

sa aerdich oankommen sjen koe. Der hjar blond kopke oars sa moai boppe

de blommen yn ’t finsterbank útkaem, siet dan in oaren ien, dy-t net

iens wiste, ho-t elts herntsje, elts stientsje fen it âlde húske noch

in oare waerdij hie as dy-t hy mei jild bitelle, de waerdij for in

earme, ienlike man fen it oantinken oan lok.

O Luts koe der sa goed ynkomme. Hja wiste ek fen leed en ho-t dat

droegen wirde moast, al wie de lêst ek noch sa swier.

„En is der dan nimmen mear, dy-t him mei jild gerieve wol?” frege Luts

wer.

„Nou kin min heare, dat jildsaken gjin frouljuessaken binne,” sei

bakkerinne. „Sjoch, dat’s sa: do-t Sjoerd Meinses it spul kofte, koe hy

de kosten bitelje, miskien noch in bytsje mear, mar it oare moast hy op

skea ha. De tiiden binn’ net foarút gien en ’t lêste fearnsjier hat hy

de boel hwat útrûppelje litten—nou nimt mounlersfolk syn trekken waer.

Nimmen jowt der him nou mear jild op, moatt’ jy tinke, fiersto bang,

dat hja der in pear toppen wolle by sitte litte scille.”

„’t Is dochs treurich, dat dy earme minsken yn hânnen fen dy Hinke

forfallen binne. Hwa hie ek tinke kind, dat hja se sa neiride scoe?”

„Siz dat wol,” andere bakkerinne. „Nou yntkoart scill’ jimm’ der wol

mear fen hearre. Hinke jowt mar in hiele opskûrring yn ’t doarp....

earst dat trouwen mei de feint en nou wer sa’n spul mei Sjoerd Meinses

en dy.”

Pratende wei wierne hja oerein gien en bakkerinne brocht Luts nou oan

’t steksdoarke ta. It lêste nijs moast hjar nou noch efkes fen ’t hert.

„De frijerij mei Pijjes en moalkersútfenhûzer is ek wer út,” sei hja en

seach Luts tomûk, mar skerp oan.

Luts koe ’t net helpe, mar hja krige in kleur fen komsa en bakkerinne,

dy glimke yn hjar sels. „So, is ’t wer út?” sei hja sa ûnforskillich

mûchlik. „’t Scil Tine wol moije, ik tochte oars, hja mocht him wol

lije.”

„’t Is ek in gnap jongkearel,” prize bakkerinne. „Sa’n ien is oeral

wolkom. To, kin ’t mei jimm’ noch net ris hwat wirde? Krekt sa’n moai

spantsje, tinkt my.”

Hjar wirden dreauwen Luts it jonge bloed alwer nei de sêfte wangen en

hja makke der hjar mar hwat ôf. Bakkerinne mocht graech hwat yn in

oarremans saken omreare en alles útfiskje en freegje, der hie se sa’n

slach fen, it wie gled in wûnder, mar dat noaske Luts neat. Hja makke

mar gau in ein oan it petear en joech hjar mei in frjeonlik goe’joun ôf

nei hûs ta.

Do-t hja thús kaem, siet Pijjes Jans noch smûk by hjar heit to

kofjedrinken en Aene Wypk bleau as in sâltpilaer op ’e stoel, om op to

passen, dat Aen him net forrifelje liet.

„Hûndertsauntich,” sei Aen Claeses slûchwei en stoppe in nije piip.

Sa’s de saken nou stiene, koe ’t wol toalven en ienen wirde, eart hja

it iens waerden en dan wie de slappe pipe for it stille mântsje mei syn

grize kroltsjes in útkomst.

„Gjin sint mear as hûndert-trije-en-fyftichste-heal. Syn hier is núvere

rûpsk en dat skeane koltsje foar de kop misstiet alhielendal,” lei

Pijjes Jans der tsjin yn, mar tochte mear om Luts, dy-t stil út en yn

gyng, as om alle hynsders mei ef sûnder koltsjes.

„Ea hwat!” bigoan Aene Wypk nou to hânneljen, „Aen is fierst to goed.

Tachtich en net in sint minder, moast sizze en dan is ’t noch

goedkeap.”

„Ik sei fen hûndertsauntich,” herfette Aen Claeses syn petear en lûk

mei niget oan it pypke, „en der hâld ik my by. En jy, frou, jy moatte

nei Noarch ef sa, om ’e hynstehânnel to learen. Hjir kin ik it wol ôf.”

Aene Wypk krige in kaem as in kalkoense hoanne en makke, dat hja fen

rúten kaem. Sjedêr, hja koe hjar bidêsd, slûch mantsje net mear! Dat

spriek mar op for mastersfeint en koe opspinne as in hounegiseler en

dat, nou-t hy yn fiifentweintich jier fen al dit bûgen en deljaen al

dûknekkich waen wie.

Min bilibbet hwat op yen âlde dei, mar ’k scil him opsitten leare!

ûnthjitte hja hjarsels.

Yn it simmerkeammerke hânnelen hja al jeuzeljende fierder: Aen Claeses

woe ljeafst it measte ha en Pijjes Jans it minste jaen.

„Komoan!” sei Pijjes op ’t lêst en hâldde him de hân foar, „slach ta,

it forskil troch,.... Hûndert sechstich en ek gjin sint, gjin heale

sint mear.”

„Mar dat doch ’k net!” kriet Aen Claes binaud. „Ho ris.... hy hat de

hiele winter ek iten en ik moast in kwelderplak for him hiere en....”

„Dat wite wy wol,” miende Pijjes hwat ongeduldich, „....dwaen ef net.

Der binn’ mear goede hynsders yn ’e wrâld. Nou?” en hy hâldde him

yetteris de hân foar.

Skrúten sloech Aen Claeses ta en kroaske do nei de skûrre ta om in

helter, der ’t hy it inter mei ophelje koe.

Luts wist sa gau fen gjin ûntkommen mear; op ’e rin gean, dat woe hja

net, hwat mocht hy dan wol tinke en derom bleau hja stean, der-t hja

stie en line fen greatskens en stymskens yn ’e rêch, wylt hja ta ’t

finster útseach, de lânnen oer.

„Lutske,” sei Pijjes súntsjes. Gjin andert.

„Lutske,” sei hy noch ris en hja hearde, ho treurich as syn lûd klonk.

„Ik ha gjin hynsders yn ’e hânnel,” biit hja him ta en seach stiif foar

hjar út.

„Gien dochs efkes sitten—ik woe sa graech ris efkes mei jo prate,”

bigoan hy wer.

„Gien derfor mar nei oaren ta, hear!” andere Luts feninich. „Mei praten

is ’t net to dwaen.”

„Hear nei my,” sei hy nou mei oandrang. „Woll’ jy wol leauwe, dat ik

der op roan ha, om mei jo to praten, dagen né wiken lang? En nou scil

’k my dizze inkele kâns wer ûntgean litte? Né wrachtsjis net!”

„Jy ha wol gedild,” miende Luts kâldgnyskjend, mar seach him nou dochs

efkes oan, hiel tomûk. „Nou, dat ’s ek mar goed. Mei forkeard folk is

’t ek min ploeijen, tominsen, as hja yen stean doarre, o’ net?” Dat o’

net kaem der sa húnjend út, dat it bloed Pijjes Jans bigoan to

koaitsen. Hy wie ek net fen stien en dan mei sa ’n moai fanke foar him,

dy-t hy eltse minuet noch ljeaver lije mochte en dy-t hy gjin tûmbré

groun ôfwinne koe, dan spande it erom, om dimmen en bidaerd al dy

faksearjende wirden by de rêch delglide to litten.

„Hwa doar my stean?” frege hy brûkel en kaem in pear stappen tichterby.

„Ik!” rôp Luts en gyng lyk foar him stean. „Hwat miene jy wol? Ha jy

jild, ik ha ’t ek en ik lit my net negerje, dat kin ’k jo wol

fortelle!”

Hja stie alhiel op iene ein, dat koe min hjar oansjen en Pijjes Jans

rekke nou gled mei ’t spul oanklauwd.

„As jy dan perfoarst net wer wolle, Lutske,” sei hy mei in sucht, „dan

sit der neat oars op as my der by del to lizzen.... Ik wol ’t earlikwei

bikinne, ik ha skild.... ik ha jo net sa aerdich bihânnele, mar ha ’k

net genôch boete nou?... Kinne jy net hwat forjaen en forjitte?... Scoe

’t twisken ús nou noait wer sa wirde kinne as alear?” en hy joech him

nei de doar. Pijjes Jans bigoan net to smeken, der koe Luts him wol

for, der wie hy fierst to greatsk ta. Dos dit wie syn lêste wird? Nou

kaem ’t der op oan: hwat scoe hjar lêste wêze?

Kaem ’t troch it glinsterjende Westerljocht, dat ta de glêzen ynkipe?

Luts dy seach, dat der triennen yn syn eagen stiene.

„Jy komme yen ek sa forkeard oan,” sei hja en gyng foar ’t finster wei

in pear stappen efterût.

„En jy wite net, hwat jy wolle, Lutske,” andere hy bidrukt mei de knop

fen ’e doar yn ’e hân. Jierren letter wist Luts it noch, ho-t hy dy

giele knop hast stikken knypt hie yn syn stevige hân, krekt as woe hy

net oer dy drompel gean, om ’e doar for altyd efter him tichtfalle to

litten.

Rimpen draeide hy him yetteris om en gyng nou lyk foar hjar stean „’k

Wol skild bikinne, alles wol ’k wol dwaen, mar jy gnyskje derom! Hie ’k

net in bytsje better fortsjinne?” frege hy hjar. „To Luts, wêz net sa

stymsk,” paeide hy. „Ik mien it sa goed, sa tige goed mei jo.”

„Jy komme yen ek sa forkeard oan,” sei Luts wer en glimke hiel efkes en

dat forheldere hjar antlit as in sinnestrieltsje. Och hy wie oars net

sa min, dy Pijjes, mar troch forkeard selskip komme sa ’n hopen yn ’e

toarnen tolânne, tocht hja.

„As ’k mar wiste, ho ’k it oanlizze moat,” sei Pijjes mei hwat mear

moed.

„Ja, ik wit it ek net,” suchte Luts en tipele forlegen mei de

skelksbânnen om, it lipke noch in bytke prúl, de wangkjes yette hwat

reader, mar de nidige bui al yn ’t oerdriûwen.

Tomûk seach hja him ris gútich oan. Pijjes Jans krige dy loaits yn ’e

gaten en sei yetteris for de twadde kear: „Ho moat ik it dan oanlizze,

ju?” en hy sloech hjar d’ earm om ’e kante lea en tútte op it ljeave

mûltsje om, op de wangkjes, de sêftreade earkes en ’e blonde hierkes,

krekt as koe hy der noait genôch fen krije.... „Sa dû?” frege hy dûzich

fen lok, „sa dû? myn faem, myn skat?”

Mar it aerdige mûltsje bleau stom en op de wangen gloeide in

forskriklik kleurke.

Aene Wypk stie yn ’e doar, mei de hânnen yn ’e siden en ’e mûts op

trije hierren.

„Myn goede frede noch ta,” rôp hja gysten, „binn, jimm’ nou alhielendal

net wiis? En dat op Snjeontojoun mei in berch hoazstopjen op ’e stoel!”

en hja saeide Luts in pear sokken foar de foetten mei gatten as

bâlstiennen. „Dû derút,” en hja wiisde op Luts, dy-t biteutere yn in

hoekje stean gyng, om hjar hwat to skamjen,.... „en jy?” frege hja

Pijjes, dy-t der glimkjende by stie.

„Ik wie fen plan, om myn koft inter mei to nimmen,” sei hy bidaerd. Hy

hie ’t wol faker by Aen Claeses tongerjen heard en liet nou alles mar

by de rêch delglide yn syn blidens oer it weromfoune lok.

„Jowes?” frege hja skerp.

„Nou!” sei Pijjes Jans, „koft en bitelle mei hûndert sechstich bêste

gounen.”

„Nou hâldt it dan doch yn ’e goedigheit op!” rôp Aene Wypk breinroer.

„Dat frijt me earst mei myn dochter op ljocht-skjin dei en set dan dy

slûche Aen noch for in tweintich goune ôf. Aen! Aen!” galme hja mei

hjar swier manljueslûd troch de bûthúsdoar, mar Aen Claeses mei syn

lytse kroltsjes en syn nau buiske hie al lang bidaerder contrein

opsocht en harke net nei Wypk hjar gerop, likemin as in âld hynsder nei

de swipe.

Do smiet hja de toffels út en fleach hoazfoetling yn ’e skûrre.

Pijjes Jans naem syn trekken waer en socht syn forlegen famke yn hjar

hoekje wer op. Hwat der bipraet waerde, is sa âld as ’t minskdom sels,

mar it scil altyd nij bliûwe, salang der noch jonge geslachten

opstiene, dy-t yn ’e bloeitiid fen hjar libben ljeaf-ha.

Beide ha hja dizze joun noait wer forgetten, ek net, do-t hja al lang

trouwd wierne en Pijjes Jans it altyd alweroan biwiisde, ho goed hy-t

mei syn wyfke foarhie.

En Luts? Hja forgeat, sa’s hja ûnthjitten hie; nea pinfiske hja nei ’t

ien ef ’t oare, mar hy soarge ek, dat der neat to freegjen wie. Hja

bitrouwde him yn al syn dwaen en litten en is noait bikaeid útkaem.

Hja wierne alles for en troch inoar troch de ljeafde, it ienichste

ideaelgefoel, dat it minskdom bybleauwn is yn al syn leed en smerte—de

ienichste blom, dy-t der noch for him bloeit en tept wirde kin.

Ruth(#73898) · 第 47 / 53 题