VIII.

Alles gyng wer yn ’e âlde basúnje foart; de sjidder gyng oer it lân en

d’ieren sûzen, de hokken stiene yn lange rigen op ’e bou en de lêste

siedwein ried daverjend de efterhússtriette op. Yn sokke stille kriten

wikselt it ôf, mar it foroaret net. Hja binne der net hastiger as hjar

foarâlden en net wizer as hjar ginaemten en hjar libben forrint der as

in ûrwirk, dat jimmeroan opwoun wirdt en einliks fen âlderdom stûket.

Dan kliûwt der ien fen ’e jongerein op it foarhek en nimt de jageline

yn ’e hân en rydt in pake ef heit fen ’e bûrljue nei syn rêstplakje by

’t skylpaed ta. En dan rinne der jonger en flugger foeten oer ’e

mielling en draeije jonger hânnen de wine by ’t winter en rôllet der

ris in laeits troch de greate skûrre—de jongerein, dy-t alles moai en

nij fynt, krekt sa lang, dat it ek wer stil wirdt op ’e hirde teskflier

en in âld man al wer warrich en slûch syn folk neigiet, dat âld mei him

waen is.

En sa giet it der jierren, né ieuwen yn sokke iensume doarpkes. Der

meij ris in nije master komme ef in hûs bouwd wirde ef in oaren ien

ôfbrutsen—der komt ris in spultsje op ’e bûrden, omt immen de toffels

foar ’t bêd set hat, mar oars is it libben der as in stille mar,

hweroer mar inkeld ris in fâldsje glydt.

Sjoerd Meinses ried mei de haeiwein en ’e wytfoetsjes derfoar, moi

rimpen de bulterige reden lâns nei ’t swyllân ta, om ’e lêste weide hea

to heljen.

It wie soel, motsk waer, krekt as forline jier, do’t se mounlers Hinke

bilet hiene. Swiere tongerloften dreauwen stadich de bârnende sinne

foarby, dy-t skûl gyng yn in damp fen mistige waermte en bywilen foelen

der inkele geile drippen en rommele it yn ’e fierte as in warskôging.

De hynsders snúfden en switten foar de lege wein en sloegen mei de

lange stirten de feninige brimsen fen it appelige hier.

Gjin raeike trille, de wyn wie lizzen gien, de bisten âllen yn ’e

fierte en stiene yn tropkes, de poaten hast ûnder wetter, fier yn ’e

mar út ef fleagen as wylden troch de finne. It wie krekt, eft de natúer

smûgde fen ’e waermte, eft der in flústerjen fen eangstme oer ’e

fjilden gyng for ’t swier-waer en dochs ek wer in winsk om frissens nei

sa’n lange rite fen droechte, fen Junihiettens.

„Dat moat oanmeitsjen wirde,” sei Sjoerd Meinses heallûd en seach ris

nei de loft. Do joech hy de hynsders in lyts tikje mei de jageline en

hja fleagen troch de dammen hinne en oer ’e barten, dat de moude der

nei stoude.

De sinne krûp nou alhielendal wei; de loft wie ûnderset en it waerde sa

neare stil, dat min koe it roppen fen ’e minsken yn ’t bûtlân oan ’e

oare kant fen ’e mar skoan hearre. Hearke, d’âld gediende, stie al

klear om mei Sjoerd Meinses it hea op to stekken. De oaren hiene hjar

ôfjown nei in oar stik lân ta en skripten nou mei mannemacht, mânljue

en frouljue, selst âlde Foeck hantearre de riûwe, om it wyndroege hea

noch gau yn opperkes to bringen.

„Der komt reinwetter,” sei Hearke en sette him to skrip, do t hy earst

de loft ris skouwe hie.

„De loft wirdt danige min,” andere Sjoerd Meinses en skodholle. De

wolkens hingen nou as in swiere, skiere massa boppe hjar, mar it

tongere net mear en it reinen hâldde ek op. Oeral gyngen tropkes

minsken mei de riûwe oer ’t skouder en ’t kofjetsjetteltsje yn ’e hân

mei in haest, dy-t in bulte fen fluchten hie, nei hûs. Allinne ien

minske kaem noch fen ’e oare kant en gyng yn ’e bui op. Sjoerd Meinses

seach ’t, ho-t de oaren stean bleauwen en nei de loft wiisden en it

hjar ôfretten, mar hja gyng troch en do laken hja allegearre heech en

gnyskjend. Sjoerd Meinses waerde der nitelich om.

„Hwat ek dom, yn sok waer yen noch ôf to jaen,” tocht hy en sei do lûd

tsjin Hearke: „Ho scille wy? De hynsders moatte der mar net iens foar

wei, wol? Dan binn’ wy safolle to gauwer thús,” en hy makke de jageline

mei in pear slaggen om ’e wriûwpeal fêst.

„Dat ’s sa goed, sa kwea,” lei Hearke der tsjin yn ûnder ’t opstekken.

„Tochten jy, dat wy ré kamen for de bui? Dat liket der net nei. Sjoch

mar ris, de hiele loft is al slúten en derjinsen oer Fônegea reint it

al, dat it spielt.”

Sjoerd Meinses seach dy kant ek út. Mei grize streken sûze der de rein

al by de loft del en dof en swier rôlle tongerslach op tongerslach nou

wer troch de stive loft.

„Ik scil se dan mar útslaen,” sei hy mei omtinken. Hja kinne hjar wol

redde sûnder sylbeage oan en wy binn’ dochs to fier fen hûs, om noch

droech thús to kommen. Mar hwer scille wy keare?” frege hy, do-t it al

tsjusterder en tsjusterder waerde en hja it sûzjen hearre koene fen ’e

rein, dy-t neijer kaem. De wyn stiek op en wie nou ûnder de bui.

Twisken de tongerloften skimere gjin plakje blau mear—leadgriis kruiden

hja tsjin-inoar yn, forienigen hjar en skûrden wer út inoar troch in

wynpûst, der ’t de beide wylgen by de daem fen krêken. It lân wie der

keal nei de mar út, de lêste útloapers fen ’e elzewallen hâldden in

lyts eindsje fen ’e bûrren ôf al op en dan wie in inkele wylgenbeam it

ienichste, der ’t yen each oan hingjen bleau.

„Witt’ jy hwat, wy rinne gau nei ’t hok derjinsen ta,” sei Sjoerd

Meinses en hy wiisde nei in soarte fen forskûl for ’t fé, dat syn

âld-omke der makke hie for de kâlde hjerstnachten, as it sa ûnwarich en

kâld oer ’e mar rûzje koe. „Dan bliûwe wy tominsen droech. Der skûlet

dat minske fen nyskes ek al.”

Hearke gyng fen ’e wyn ôf efter in hege opper sitten en sei, wylt hy

skrilde fen in omrake tongerslach: „Ik bliûw hjir. Yn sa ’n hok, jonge,

jonge, it is to gefaerlik.”

Mar Sjoerd Meinses hearde it net mear. Mei in oanrintsje sprong hy oer

’e sleat en roan skean oer it lân op it hok oan. Noch ien sleat....,

dan wie hy birgen.

It brûze en sûze om him hinne; de rein streamde mei geweld út de

wetterswiere wolkens en ’e wearljocht wie net fen ’e loft. Giele

flammen skeaten troch it skiere swirk en dan krêke de tongerslach, eft

hy alles forpletterje scoe.

Hast sûnder der bilul fen to hawnen, kaem hy oer de twadde sleat, nou

allinne mar in pear ikkers mear....

Ynienen bleau hy stokstiif stean.... Alles om him hinne stie yn ’t fjûr

en hy knypte syn eagen ticht for it sterke ljocht.... In swevelrook

binaem him hast de azem.... op itselde stuit knettere de tongerslach en

sloech de lôge út it hok.

....Dat wiif!.... hja skûlet der.... fleach him troch de holle; hy

fielde de rein net mear en ho ’t syn jas al trochplakte op ’e rêch....

hy fleach erop yn. It gefaer telde hy net, hwat tocht hy om in twadde

slach, dy-t him treffe koe! Der siet ommers in minsk yn need!

Tûzenen lytse flamkes krûpen al fierder en fierder oer it wiete tek en

sochten nei in droech plakje, om ’e lôge noch mear foedsel to jaen,

dy-t him sims smeuljende bijoech en dan ynienen knapte it wer lûd en

gyng de flamme omhegens en foelen de droeche plankjes forkoale del. In

forskrikkelike reek binaem yen hast de azem. Sjoerd Meinses digere der

troch hinne.... hy stroffele oer âlde planken en skobben strie yn syn

hastigens.... einliks.... der yn ’t healtsjuster lei it minske mei de

riûwe noch yn ’e hân langút yn hwat rûchte, bidwelme ef dea, dat wist

hy net.

Foarheftich tilde hy se oerein en sûnder ien amerij to forliezen,

droech hy se bûtendoar ûnder de krêkjende styltsjes troch, dy-t hjar

efkes letter bijoegen. Noch ienkear sloech de lôge derút; do bleau der

net oars fen oer as hwat rikjende peallen.

....Dat hie ek net letter kind, tocht Sjoerd Meinses en hy lei it

minske sêft op it wiete gêrs del, dat noch trille fen it sûgjen nei de

frisse drippen. Yn it Súden waerde it ljochter; der kleare de loft op

mei ’n sêftgiele skimer en yn dat ljocht draeide hy de holle fen it

frouminsk om, dy’t troch de reek hast net to kennen wie.

En do joech Sjoerd Meinses in gelúd.... in skreau, dat min it

wech-en-der-wear heare koe en Harke riboskjende oerein fleach.

....It wie Doet....

De sterke man foel neist hjar del op ’e knibbels en tútte ûnder snokken

en tankjen de slútene eagen, it stille antlit fen it wiif, dat hy sa

ljeaf hie.... En do sêft.... sa’s in mem docht, naem hy dat meagere

hântsje yn sines en fielde yn tûzen soargen nei de pols. Dy gyng noch,

mar o sa súntsjes, as in streamke, dat hast útdroege is.

Ynienen fielde hy ’t, dat hy noch jong wie en sterk en soun! Mei nije

moed fleach ’t bloed him troch de ieren en hy krige hjar wer yn syn

earmen as foar trije jier en droech hjar yn ’e smoute fen in

polderdykje.

Der makke hy syn bûsdoek wiet en wiske de reek fen ’e bleke wangen en

it moaije foarholtsje, fen de hânnen, dy-t in stik fen ’e riûwe noch

stiif beethâlden.

....Lit mar los, dû hast nou wer ien, dy t for dy skrippe en wrotte

scil.... sei hy heallûd en as in sucht ûntkaem it him, fol pynlike

onwissens.... ast him tominsen noch wer in bytsje ljeaf ha kinste....

Hwent ho scoe dat nou wêze? De stomme lippen en ’e slútene eagen

anderen net op dy fraech. Foarsichtich bigoan hy de kroltsjes hwat út

de eagen wei to striken, dy lytse kroltsjes, dy-t nou sa wiet en sa

rûpsk ûnder ’e wite mûtse weihingen en dy-t hy yn ’t foarige op in

winterjoun sa faek twisken syn fingers hâlden hie.

„Doet, Doet,” kriet hy, „hwerom kinst my nou net sjen? Slach dyn eagen

op.... ik bin ommers by dy,” en hy wreau hjar hântsjes, dat se mar

waerm wirde scoene en hy lei de wiete bûsdoek op ’e foarholle, om hjar

mar wer by to krijen.

....As de skrik hjar mar net forlamme hat.... fleach him troch de

holle.... O dat net! dat net! rôp hy yn fortwiveling,.... ik ha se

ommers krekt en moat ’k se dan sa wer misse?

Hy loek syn jas út en rôlle der in holkjessen fen for it fine kopke,

dat hast noch to swier wie for ’t meagere halske. Hwat koe ’t him

skille, dat hy kjeld skipe en de rein him mei kâlde strielen by de rêch

ynroan.... hy hie Doet ommers werom!

Einliks sloech hja de eagen op en nei him ta en nou wie ’t krekt, eft

hja him einliks werkoe. „O Sjoerd,” flústere hja, „bist dochs noch

kaem, om dyn lytse Doet to heljen?”

It gyng him troch alles hinne. Wist hja dan net, ho jamk hy by Saepk

oankloppe hie en ôfsneutere wie? Wist hja dat net mear ef wie dit it

stadige ûntweitsjen út in fordôving, dy-t mei in skrik kaem wie en nou

troch in noch greatere schrik fordreauwn?

„Ho bin ’k hjir dochs kaem?” frege hja en seach binijd om hjar hinne.

„Hwerom lietst’ my yn sok waer ek rinne, Sjoerd, dû wiest oars altyd sa

mâl mei my,” liet hja der in bytsje forwitend op folgje.

„Dû wennest nou ommers al sa lang by Saepk en nou scoest tink ’k hwat

to swyljen nei hjar twa mêd ta, net?” andere hy en fielde for ’t earst

mei njue, ho ticht dat kopke wer tsjin syn skouder oankrûp.

„Al sa lang by Saepk? It wie krekt as wie ’t in binaude dream,” sei hja

en striek hjar oer ’e foarholle as woe hja dy neare gedachten forjeije.

„En ik leau ek, dat ik weitsjende dreamde,” liet hja der op folgje.

„Jimm’ kamen en gyngen, ik hearde it petear en dochs gyng alles bûten

my om. O Sjoerd, it wie sa freeslik, dat sliepen mei de eagen op!” en

’e freez derfor lei hjar noch yn ’e blaue eagen.

Hy helle hjar nei him ta. „Bin ik net by dy, om op to passen, dat soks

noait weromkomt,” sei hy mei bitrouen, „en ha wy ús lytse Meinse net? O

Doet dû wiste net, hwat ik lit ha, dost’ sa siik wiest!”

„Nou bin ’k wer better en giene wy gau wer nei ús húske ta, nou?” frege

hja mei de blidens fen in bern.

„Wis Doet, mar wy moatte noch in skoftsje wachtsje, der wenje

tsjinwirdich oare minsken yn,” sa helle hy der om hinne. De wierheit

wie to hird, to wreed; hja moast ris wite, ho-t de saken stiene!

„Kom nou mei,” sei hy en holp hjar om oerein to kommen. „Kinst gean,

oars moat it famke mar wer droegen wirde,” liet hy der mei it skaed fen

in glimke op folgje.

Togearre, hja mei syn foarse earm ta steun, sa roanen hja nou by de

dammen om op Hearke ta. It reinen hâlde nou alhiel op; in frisse koelte

skodde de lêste drippen fen ’e beammen en troch in wolkengloppe skimere

it heldere himelblau twisken de sulveromrânning fen skieppewolkjes,

dy-t al fierder en fierder ôfdreauwen nei it Easten ta.

Hearke helle it wietste hea wer fen ’e wein en swile it wer út inoar

oer ’t lân. „Wy moatte mar mei in healfoerke nei hûs ta ride,” rôp hy

al fen fjirrens, „it oare is sa wiet as hwat,” mar ynienen bistoaren

him de wirden yn ’e mûle.

Hie Sjoerd Meinses der net in wiif by him? En syn eigen ek noch wol? En

hja kamen inoar yn trije jier net byneist? En der kuijeren hja lyk op

him ta, woltomoet en tige ienriedich?

„Hearke, ik doar wol sizze.... hjir is in wûnder bard,” bigoan Sjoerd

Meinses earnstich. „Jy wite like goed as ik, ho-t it mei myn wiif

gesteld wie en nou is hja my soun en fris weromjoun, ja.... weromjoun

meij ’k wol sizze,” en do mei in snok, „ik tocht, dat se for altyd for

my forlern wie, myn Doet.”

En hy fortelde, sa goed as hy-t koe, ho-t hy Doet foun hie en d’âld man

roanen de triennen ek al oer ’e wangen as in bern. „Jonge, jonge,” sei

hy, „hwat in dei, dizze lêste fen Juny!

En hy gyng it lân út en helle de hynsders op, dy-t by de sleatswâllen

de earste nije sprútsjes ôfweiden. „Nou beide der mar boppe op,” rette

hy, „wy moatte nei hûs, hwent ha gjin droege tried mear oan jimm’,” en

hja kladden op it healfoerke hea mei in droech rúnetek oer ’e foetten.

„Hearink, hearink,” sei âlde Foeck, dy-t der troch d’ âld boer op

útstjûrd wie, om ris to sjen, hwer Sjoerd Meinses mei de hynsders

bleau, „der komme hja oan en jeije as ljue fen ’e hynstemarke!” Mei-ien

snjitte hja nei de skûrredoarren ta en staette se iepen. Do gyng hja

mei de hânnen yn ’e siden en bare nijsgjirrich op ’e efterhûsstriette

stean.

„Ho,” sei Hearke. „Jow dy ôf, Foeck,” rôp hy brûkel. „Hwat dochst der

to stean as in tsjamme! Dy bisten binne al spûksjoggerich genôch mei

dit tongerige waer.”

Foeck spile de wyk, de hynsders setten wer oan en ’e wein stoude yn ’e

skûrrereed op.—

In ûre letter hie Sjoerd Meinses for ’t earst syn lyts jonkje op ’e

knibbel.

Gjin pinne kin it lok biskriûwe, dat do dy herten trochstreame. It wie

oerweldigjend; it naem alles mei, al it oare forsonk derby yn ’t neat,

de soargen for de takomst, for it deiske brea, for de tsjinwirdige ef

kommende dagen, for ien amerij bistie dat allegearre net mear. Sa ’n

lok ken gjin tiid ef miette!

Alle leed forfleach for ’e glâns yn dy eagen, for de wirden fen

forjowing, dy-t der flústere waerden, der ’t wol neat to forjaen, mar o

sa’n bulte út to lizzen wie.

En de dei, dy-t folge, wie in Snein, de Snein fen ’e earste July 190...

en it wie in simmermoarn, sa’s der mar inkelen komme yn in jier, sa

moai, sa stil en sa ljeaflik. En nei tsjerkstiid waerden hja útforsocht

by d’âld omke to kofjedrinken mei de jonge, waerde der by sei. Nou

Saepk stie al mei him ré op ’e wei en Sjoerd Meinses naem him op ’e

earm en kuiere sa for ’t earst mei ’t wiif de strietwei lâns nei de

boerkerij ta. Hwat der yn him omgyng, derfor sjitte wirden to koart;

dat binn’ fen dy amerijen yn ’t libben, sa seldsum en sa hearlik, dat

it minskehert se ek sûnder wirden nea, nea wer forjitte kin. Hja bringe

him tichter by syn God.

It wie noch stil op ’e paden; yn ’e bireinde moude stie noch gjin

minskeprint. De lêste kantsjeroaskes geuren op ’e diken, de lêste

brimmerheideblossoms skitteren goudkleurich twisken it grien.

En der bigoan it gealtsje to sjongen. Hy sloech net troch, mar it

wierne inkele noaten fen syn hearlike jounsang, dy-t hy nou noch oan ’e

moarn wijde.

„Hark!” sei Doet en bleau stean, „wist it noch fen ús húske en ho-t hy

der ek sa sjonge koe? Wy hearre him der nou noait wer, Sjoerd,” en hja

krige de triennen yn ’e eagen. Sjoerd Meinses wiste it nou, ho-t dat

âlde húske yn ’e diken ek for hjar it parradyske fen hjar libben west

hie.

„Dat moasten wy jaen, mar wy ha inoar weromkrige, Doet,” sei hy sa

folkomen lokkich, dat der for him neat mear to winskjen oerbleau. Ho

fier lei nou dy joun al efter him, dy joun yn ljochtmoanne, do t it

gealtsje sa moai trochsloech en yn syn toanen al syn leed bisong.

d’Ald-omke stie al ré by ’t steksdoarke, om nei syn kofjedrinkers út to

sjen.

„Nou moat de flach ek op ’e skûrre, net?” pleage hy goelikwei, in

bytsje lûder as hy ’t wend wie. Deksel, dy Sjoerd Meinses, sa’n wiif en

sa’n jonge, sa’n boike om tige ljeaf to hawnen, for to skrippen en to

gearjen en for ’e earste kear yn syn libben kaem de gedachte by him op

ef hy miskien net it bêste fen ’t libben forsitten hie.—Bin ’k net

lokkich? frege hy himsels.—Op in bytsje nei—wie ’t andert en nou hjoed

bigriep hy it, dat dit bytsje just it aldermoaijste útmakke.

„En nou moatst ek wer in hûs ha, tink ik,” sei omke, do-t se sahwat oer

’t waer en ’e wyn útpraet rekken, „en dan kinst deis noch wol ris in

skoftsje by my komme, net?”

Sjoerd Meinses sloech daedlik ta. „Wis en siker, omke kin op my

rekkenje,” sei hy reslút wei mei d’âlde moed en mei eagen, dy t

skitteren fen lok.

„En dû op my!” liet d’âld man der rimpen op folgje. „Ik ha in steedsje

yn ’e bûrren en der moatt jimm’wenje. Jild is jild.... jimm’ hoeche ’t

measte net to jaen. En dy jonge moat hjir nou en dan ris komme to

boartsjen, dat bitingje ik der by.”—

En sa kaem it. Do-t lytse Meinse allinne bitroud wie, futtele hy deis

mei syn heit nei omke ta, om d’ âld man mei syn bernepraet en

berneboarterijen hwat op to kwikken. Hja rekken sa oan-inoar forkleefd

as in pake oan syn bernsbern en ginaemd en do-t d’âld man syn holle

dellei, waerde in lyts jongkje mei blonde kroltsjes en blaue eagen

skepper en skriûwer op ’e pleats.

En alle jierren alweroan waerden de bjirken grien en foelen de blêdden

ôf. Hja kamen en gyngen, dy jierren, ek for dy stille krite, dy-t earne

yn ús Fryslân leit, mar nei de twirre, dy-t ek oer it bistean fen

inkele minsken dêrre reage, waerde hjar libben wer as in stille mar,

hweroer mar komselden in fâldsje glydt....

Der scil in tiid komme, dat it sulver fen ’e âlderdom hjar hollen

biflokket en hjar nei in lang libben de warrige foetten dellei wirde

nei ’t Easten ta en dan scil fen hjar sei wirde kinne as it bêste, dat

ea fen in minske sei wirde kin: hy wie in Fries, in man út ien stik—in

hert fen goud.

1901 en 1902.

Ruth(#73898) · 第 49 / 53 题