V.

De wylde kêrs yn Sjoerd Meinses tún wie mei tûzenen snikwite blomkes

bisjidde en yn it blomtún foardoar skitteren as goudene stjerren de

titelroazen twisken it grien. Om alle parkjes hinne stiene krûze

palmbeamkes, dy kreas biknipt wierne troch Sjoerd Meinses en der

foarlâns roan in smel rântsje fen pôltsjes sipelgêrs. In greate

roazeklimmerbeam stie twisken de finsters, de nije loaten mei eindsjes

boarlint oanboun en ’e earste biwyskes fen blêdsjes fortoanen hjar oan

’e úteinen.

Sjoerd Meinses fage it foar hûs hwat oan en struide wyt sân yn ’e

paedtsjes. Hy wie sa fleurich net mear as foar oareljier, do-t de

jongefammen der wêst hiene to praten; djippe fâlden leine nou twisken

syn wynbrauwen en de eagen wierne hjar lokkige útkyk kwyt. Hja seagen

droef foar hjar út en selst, as hy him nei it sydfinster tajoech en nei

syn slomjende jonge seach yn ’e widze, in roaske allyk yn ’e wite

kjessentsjes, koe der amperoan in glimke ôf.

Alles waerde him langer to hiet en to swier; hy suchte for de dei fen

moarn en wie dochs bliid, as hy syn warrige eagen mar wer slúte koe en

dat it hjoed in ein naem. Skoften koe hy yn ’e hirdsherne sitte to

stoarjen—altyd—altyd mei dy pynigjende eangstme yn ’t hert, hwennear

Doet ris nei de bûrren ta wie, dat hja ek dy rabberspraetsjes heare en

syn lok as in dream forstouwe scoe, om nea, nea werom to kommen.

Lok! lok! de man, dy-t der stie to mimerjen, lake bitter. Syn lok, dat

wie ommers al lang foart en hwer hy him nou noch mei syn hiele hert oan

fêstklammere, wie neat oars mear as in neiskimer, as it poarper fen in

blom, dy-t forwilet en hy húvere by it bitinken fen dizze hirde

wierheit.

En hy hie dochs altyd sa it bêste wold! Ho wist hy it noch, dat Doet

him súver twinge moatten hie, om it jild by Pijjes Jans syn heit op to

bringen en fen Hinke mem to lienen en dy joune, do-t hy en Doet der mei

hjar beiden hinne stapten en hja-t sûnder dat hja ’t wisten, hjar eigen

ûnk biskripten! Hiene se do hast net de heale nacht opsitten en

allerlei moaije plannen for de takomst makke? Do wie ús lok yn top,

sûnder dat wy ’t mirken, suchte hy.

Mar Hinke bigoan al faker it paedsje lâns to kuierjen op hjarres ta en

einliks roan it op spul út. Doet, dy-t oars Hinke hjar wâl sa ophâldde,

foel nou ynienen fen ’t iene úterste yn ’t oare en forbear hjar ’t

hûs—Sjoerd hie dochs wol gelyk hawn mei syn warskôging, tocht hja nou.

Hy as gnap man sette by mounlerinne net wer in foet binnedoar. Dit

brocht him om Krysttiid hinne in lawibes oan fen Hinke hjar meirinder,

de harbargefeint, dy t troch hjar opstôkelje wie, mar dat hie noch net

it slimste west. Sont dy tiid waerden der praetsjes útstruid, hweryn hy

mei de finger neiwezen waerde as in man, dy-t in minske as Doet net

wirdich wie en folle en net genôch.

Hy wiste, hwa ’t sa hjar fenyn op him koelle en hy swijde.... al waerde

him it mes ek op ’e kiel set. Hja hie syn lot yn hânnen; hja koe it

jild wer opfreegje—nimmen scoe him miskien wer gerieve wolle, nou-t him

sa’n klodze yn ’e hakken jown wie—syn húske scoe forkoft wirde, syn

aerdige meubeltsjes op ’e boelgoedstafel komme.... O suchte hy, is er

dan alhielendal gjin útkomst mear?”

Der rissele hwat by de hússide lâns; Doet kaem om de hoeke mei hwat

boadskippen yn ’e tippe fen ’e skelk. „Bist hjir, Sjoerd?” rôp hja.

„Ja,” andere hy en gyng nei hjar ta, mar krige in skrik, do hy hjar

oanseach. Hwat wie der bard? Krekt ef wie de lêste bloeddrip út ’e

moaije wangen weifage en d’eagen, dy reine kleare stjerren, der ’t hy

sa faek syn lok yn wjerspegeljen sjoen hie, stiene hja net stiif fen

skrik? Hja wankele mei de hân oan ’t glêskosyn nei de doar.

„Doet, Doet! rôp hy forslein, „hwat is der oan?” en hy woe de earm om

hjar hinne slaen, om se sa sêft nei in stoel ta to dragen, sa’s hy o so

faek dy swiete lêst al droegen hie. Miskien noch hwat to swak, tocht

hy.... ik moast ek efkes hinnegien wêze.

„Bliûw fen my ôf,” sei hja stoef en gyng roungear yn ’e keamer op in

stoel sitten. Hy skoude hjar in kjessen efter de rêch en in waerm stôve

ûnder de foetten en gyng do bidrukt foar de kachel stean. In near

forgefoel krige der yn dy nochlike keamer fat op him, der ’t it

Maertesintsje sa hearlik ta’n yn skynde en syn lytse jonge, nou goed

trije wike âld, fredich lei to slomjen.

Hy merkbite, ho’t hja nou mei greate, frjemde eagen nei him seach. „Ik

haet dy,” sei hja sêft.

„Hwat seistû, Doet? Hwerom, hwerom dan dochs?” Hy brochte de wirden der

mei moite út en syn lûd, dat trille fen ynhâldene eangstme. „Ik ha dy

dochs sá.... sá ljeaf! dû bist myn alles!” en hy fleach nei hjar ta en

hy treau se oan syn herte, dat hja it hammerjen en bounzjen fielde. Mar

hja lûk hjar holle tobek en draeijde hjar stil ôf, safier, dat hy neat

mear sjen koe as it ljochteblonde golvjende hier, dat mei fine

goudtriedsjes oer ’e lytse earkes lei. Dit die him sear.

„Ha ’k dit oan dy fortsjinne?” sei hy mei in djippe sucht. „Bin ’k sa

min, dat dyn eagen my net mear oansjen wolle?”

„Dû bist sa min,” andere hja reslút wei en ynienen flamme oer it

deadlike wyt fen ’e troanje it rea fen lilkens, de lytse hânnen

bigoanen to triljen en fen ynhâldene snokken skokte in hiele teare

lichemke. Hja kriet it út: „Bistû in man, dast my nou skraelwirk twa

jier bidroegen hast? Ik wit alles: de bern by de skoalle skreauwden my

efternei en ik ha myn holle bûgd fen skamte for dy!”

Hy, dy-t der nou foar hjar stie en hjar beide hânnen yn sines naem en

hjar safier omdraeide, dat hjar eagen him wol oansjen moasten, dát wie

net in man, dy-t de holle ek fol skamte bûge scoe, as him hwette

neiroppen waerde. Hy koe himsels frijpleitsje mei it bêste, hwat der

is: in frij gewisse. Ien amerij wie ’t wer d’alde Sjoerd Meinses en syn

lûd klonk fol en fêst, do-t hy bigoan: „Ik hoopje, dat ’k noch

forstânnich mei dy prate kin, Doet. Wistû net like goed as ik, hwat

Hinke mei ús yn d’akte hie? Ha’k dy alles, alles net forteld, en hast

dû der do net om glimke?”

Hja skûrde hjar hânnen út sines wei en noch folle heftiger as nyskes

kriet se it út: „Moast mar op Hinke ôfjaen, nou? En hja binne sa bêst!

Strakjes noch en do seine hja....”

Sjoerd Meinses syn antlit foroare ynienen, mar Doet seach it net.

„....en do seine hja.... ik moast oppasse.... dû joechst neat mear om

my.... e Hinke hie al genôch lijen mei dy hawn. Fensels, it bigrutte

hjar om my.... oars hiene hja my al lang earder warskôge for....

myn.... eigen man,” en it lytse kopke dûkte djip, hiel djip wei twisken

’e teare skouderkes.

Nou waerde de lilkens him dochs oermâns by al syn meilijen. „Hast der

west? by mounlersfolk! Wist dan net mear, dat ’t ús greatste fijannen

binne?” sei hy strang.

Hja bigoan to gûlen. „Hja jowe noch hwat om my, mar myn man....? O

Sjoerd, Sjoerd, ho koeste.... Doet forjitte? Ienkear hast my dochs sa

ljeaf hawn.”

Der gyng him in skok troch ’e lidden, sa trof dat syn hert. It wie it

oantinken oan hjar hearlike jonge ljeafde, dat nou om dy beide minsken

hinneware, en se noch bihâlde woe for inoar.

„Ik swar it dy,” sei hy mei in triljend lûd, „dat ik nea net hwat mei

hjar út to stean hawn ha. Leau my dan—by alles, dat my djûr is, dit’s

wier, lit de minsken sizze, hwat se wolle!”

„Ik.... dy leauwe?” rôp hja bitter. „Dyn hiele libben wie ien leugen!

Foart, foart!” en hja wiisde nei de doar.

Sjoerd Meinses sei neat mear; mei in lange blik op syn lytse ljeafling

yn ’e widze, draeide hy him om en waerde yn bûthúske wei. Hiette

triennen rôllen him oer ’e wangen. Ho scoe dit komme? Doet noch sa swak

en nou dizze opwining, dy-t as in stoarm oer hjar hinnegyng. As hja mar

net siik waerde?... Hwat scoe hy dan op hjar passe en hjar kûsterje! as

hy hjar ljeafde mar bihâlde mochte! hwent der sûnder.... né sá ’n

libben koe hy him net foarstelle.—

In skoftsje letter hearde hy de doar tichtslaen en do waerde alles sa

stil, deastil, dat it him der kâld fen oer ’e lea gyng. Hoazfoetling

roan hy it miellingsgongkje lâns en kipe troch ’e skreef fen ’e doar yn

’e keamer.

De stoel yn ’e hirdsherne wie leech.

„Sikersonk nei de bûrljue ta,” suchte hy. „Miskien saksearet it dan

hwat, dat ik hjar alles noch ris mei forstân útlizze kin.”

En hy joech him nei syn wirk.

It waerde middei—it waerde joun en noch hearde hy de bikinde lichte

stap net om ’e doar. Troch in núvere onrêst dreauwn—gyng hy nochris nei

de keamer ta, teantsjende wei lichtte hy it widzekleed hwat op, om by

syn earsteling noch hwat treast to siikjen....

Hy joech in gelúd.... it widzke wie leech. En hy foel op in stoel del

en skriemde, sa ’s hy ’t sont syn memme dea net wer dien hie....

It wie al skimerjoun, do-t hy wer hwat ta him sels kaem en mei de

bleate holle de wei útroan, om Doet mei ’t bern op to strewearjen.

Mar hwer-t hy frege en sochte, nimmen hie se sjoen en einliks roan, né

fleach hy it loantsje út nei de poel ta, hwer hja oars altyd hinnegyng

om wetter to heljen.

„Heare, help my,” kriet hy, do ’t hy it stille wetter yn ’e âlde

beammen foar him seach. De kâlde jounwyn rûsde wémoedich oer ’e

flotgearzen oan ’e igge, der ’t hy bylâns roan, mar lokkich, gjin

minskeprint gyng troch it bidauwe gêrs nei ’t wetter ta.

En stadich as immen, dy-t nou mei syn ried to ’n ein is, gyng hy werom,

datselde loantsje lâns, hwer hy sa faek in gong wetter for hjar droegen

hie en hja dan as in derten famke foar him útroan en in pear bloeijende

brimmerheidetokjes ôftepte for ’e steltsjes op ’e skoarstienmantel.

En nou alles miskien foarby! Hjar ljeave laits, hjar fleurich sin, hjar

handich bistjûr, hiel de sinneskyn fen hjar libben! Moast it sá komme,

sa eindsje as fen in dei, dy-t to moai bigoan wie?

Op diselde tiid rinkele de klink fen âlde Saepk-moi hjar doar. Hja

wenne fier de lânnen út op in aerdich boerespultsje, dat se fen hjar

lang tsjinjen by de greateljue oergearre hie.

„Ynkomme!” rôp hja, hwent hja wie swier to rissen mei hjar krebintiche

skonk en siet der altomets mei yn ’t kjessen.

„Hearink fanke!” sei se forheard, do-t se Doet ynkommen seach, mei in

bindelke stiif tsjin hjar oan en alhiel yn in tekkentsje biwûlle.

„Bistû net wiis ef is Sjoerd it net mear? Dat scil ’t bern de dea

dwaen.”

„En my ek,” sei Doet birêstend en foel op in stoel by de kachel del. „O

moike,” sei se en hja krige de hânnen fen ’t âld minske stiif beet en

do bigoan se to fortellen, net op ’t stik ôf, mar sa núver troch-inoar,

dat it Saepk oan bigoan to gean en hja reslút wei biöardere: „Dû giest

op bêd en dyn jonkje yn ’e wrine, forstien?”

En hja sear sealjemôlke en makke hjitte kântsjes, mar it joech nin byt

en eart it tsjien ûre wie, ried de arbeider al op ’t hynsder nei dokter

ta.

Doet waerd’ dwilich fen ’e swiere koartsen, dy-t it teare omskot

teisteren en it dûrre wiken, eart se wer op ’t forhael kaem. Sjoerd

Meinses hie bidden en smeke, om hjar en it bern mar ris ienkear to

sjen, mar Saepk smiet him de doar foar ’e noas ticht.

Mar jouns let, as dokter nochris efkes oanrinnen kaem, dan strúnde

Sjoerd Meinses der altyd om ’e doar, sims trochwiet fen it lange

wachtsjen yn ’e kâlde maitiidsbuien en wachte op him en frege triljend

aloan itselde: „Ho stiet it, dokter?”

„So binn’ jy it, Sjoerd? It giet foarút, o sa stadich, mar ef se de

âlde wer wirde scil.... dat wite wy net,” wie dan ’t andert, wol in

swakke treast, mar dochs treastlik. It bigrutte him, lyk as de measten

yn ’t doarp om dizze beide minsken, dy-t troch in freeslik misforstân,

hwent dat kaem nou mear en mear út, for altyd fen inoar forfrjemde

wierne.

En sa kaem it ek. Doet rekke oan ’t gewin en bigoan wer om to wemeljen,

mar it wie de âlde net mear. It wezen wie der út as ’t ljocht út in

hûs—en praet siet der net mear by. It wie in skynsel by de moaije,

plezierige Doet yn ’e fleur.

Selst hjar bern kûstere hja net mear mei de ljeafde fen in mem: hja

holp him en forsoarge him, sûnder der bilul fen to hawnen, allinne út

âlde gewoante. As hja Saepk-moi ris hwat hânlange scoe, glied hja sa

stil ta de doar yn en út en birette it sa koart-om, dat Saepk-moi hjar

mûle der njonkenlytsen ek swijgsumer op waerde en hja jouns ek skoften

yn ’e lôge sitte koe to stoareagjen, dat hjar oars nea oerkaem. Dan hie

se lytse Meinse kûsterjend yn ’e waerme selstoanretten skelk en dan wie

’t krekt, eft der yn it herte fen ’e âldfaem hwette wekker waerde....

eft hiele lytse hântsjes en brúne eagjes djip, djip deryn de skat fen

memmeljeafde founen, dy-t yn dit ienlike frijplak fen elts frouminsk

slommet.

Doet dy praette fen gjin foartgean en sa hooiden dy twa minsken der mar

hwat mei-inoar foart. Saepk bliid, dat hja selskip en in help hie, al

wie dy ek hwat stil en Doet by al hjar moedeleazens en ûnforskilligens

innige tankber, dat hja en hjar jonkje hjir in ûnderdak foun hiene.

Fen Sjoerd Meinses hearden hja neat mear, sont Saepk him by de doar sa

ôfsneutere hie. Syn namme waerde noait neamd en ’e wearaks fen Doet

bôze sa oan, dat se hjar noait mear allinne op in paed joech, sa bang

wie se om him to metten ef syn lûd wer to hearren.

As der ea de greatste ljeafde yn ’e freeslikste haet foroarje kin, dan

joech dat hjir bliken; alles, hwer dit frouljueshert ienkear yn ljeafde

for kloppe hie, wie forklomme en forstive—neat bleau derfen oer as de

haet—de wrede, ûnstilbere, dy-t net allinne de geest yn in ivige nacht

forsinke lit, mar ek einliks nei lang wrakseljen it omskot yn ’e stille

kûle bringt.

Sa gyng it hjir ek. Doet waerde stadichoan noch stiller en siet einliks

forweesd yn ’e hirdsherne. Dokter skodholle en loek de skouders op. „Dy

greate ûnforskilligens scil hjar de dea dwaen,” sei hy bidrukt. „Is der

dan neat mear, om hjar ris hwat op to moedigen? To Saepk, jow hjar it

jonkje nochris.”

„’t Is om ’e nocht, dokter,” suchte it âld sloof mismoedich. „’t Hat

ommers syn eagen.... en dat allinne is for hjar al in argewaesje.”

„Dan moatt’ wy noch mar ris ôfwachtsje,” sei hy. Hwerom stûke al syn

wytnisse hjir ek en moast dit jonge, skoane frouminsk ûnder syn eagen

forkwine? Alle dagen alweroan seach hy de greate stryd twisken wêzen en

dea en as learde waerde hy der ûnforskillich ûnder, mar by Sjoerd

Meinses en Doet fielde hy as minske, dy-t mei de minske, syn neiste

lit. Allebeide hiene hja syn frjeonskip woán.

„Ofwachtsje, seit dokter?” flapte Saepk derút. „Hja is bitsjoend, seit

nijboers Tryn, en ik gien joun noch nei master Ouwe. Dat ’s in wiis

man.”

Dit kaem dokter yn syn eare tonei.

„Dan ha ik myn wirk hjir dien,” miende hy, naem syn hoed en joech him

steurd ôf.

Op ’e paden mette hy Sjoerd Meinses wer. Diselde fraech folge, mar do-t

Sjoerd Meinses wys waerde út syn andert, dat se nou hjar heul by de

dúvelbânner siikje scoene, bâlle hy de fûsten mei in: „Dit kin noait,

dokter. Al moast ik myn lêste sint ek formasterje—der by dei en by

nacht for wrotte op it lân, ik die ’t noch mei wille for hjar.... Mar

hjar yn hânnen fen dy Ouwe forfalle litte....! Dokter, witt’ jy net ien

útwei? Hwat scil ’k, hwat moat ’k?” frege hy mei oandrang.

„Riede dat’s in min ding yn sokke saken,” andere hy. „It leit der nou

sa ta, âlde Saepk wol der optslút hinne, jy scille der net folle oan

dwaen kinne, Sjoerd, likemin as ik. ’k Scoe sizze, gien nou oars sels

optslach nei Ouwe ta en hifkje him ris, hwat ried hy dy frouljue jaen

scil. Licht wirde jy ’t wol gewaer.”

„Grif wol,” andere de oare wis „Ouwe hat wol faek ris hwat gerief fen

my hawn yn ’t ierdappeldollen ef sa, dat komt my nou yn ’t sin.”

„Dan ’s dat ommers alhielendal klear,” moedige dokter him hwat oan....

„Sa lang as hy net mei drankjes en puijerkes bigjint to pielen, lit him

dan gewirde. Syn bisprekken kin gjin kwea.... En nou.... moed hâlde,

Sjoerd. Ik scil Doet net oan ’t lot oerlitte.... it bigruttet my om

jimm’.... oeremoarn moat ik der noch mar ris efkes hinne.... dat se net

alhielendal forkomt yn hjar lijen,” en hy joech Sjoerd Meinses mei in

hertlik goejoun de hân.

Dy waerde hast wei yn ’e reuzehân fen de oare. „Joun dokter,” andere hy

en hy joech him op, krekt ef fielde hy yn dy frjeonehân noch de achting

fen in eal man for him yn al syn ellinde. „Ik scil jo ried bifolgje en

scoene wy inoar yn bettere tiiden nochris wer mette meije?” Ynienen wie

hy wer sa mismoedich, dat it lûd him hast yn ’e mûle bistoar.

„Der is gjin mis op,” andere dokter fol bitrouen, wylt hy in

sydpaedtsje ynsloech, dat nei de bûrren tagyng en Sjoerd Meinses him

ôfjoech nei it hûs ta, der ’t nimmen mear op him wachte.

It wie al let yn ’e joun en min seach neat mear fen ’e grienjende

maitiid om yen hinne, mar min roek him, min roek him! De geur kaem mei

de jounwyn fen ’e biblomme finnen en de beamtokjes flústeren derfen, de

loft waerde soel en swier fen dy hearlike jeugd fen natuer, dy’t elts

blomke, elts blêdsje de njue-om-to-libjen learde,—hjar opfearre ta in

goudene midsimmerbloei yn in gloeijende sinne.

Der wie gjin gêrske sûnder hoop ûnder al dy tûzenen en gjin blomke

bloeide der om ’e nocht yn ’e tún fen natuer, mar de minske, de earste

fen allegearre, dy allinne fielde net mear it bisieljende fen sa’n

maitiid yn syn hert.

Syn hope wie stoarn.... de tiid fen syn maitiidsljeafde foarby....

Ruth(#73898) · 第 46 / 53 题