By de hússide fen Aen Claeses hûs, der bloeiden de lêste peaskeblommen
en de weiten hinnen kuieren permantich nei d’âld flearebeam ta yn ’e
krimpe, om der yn ’t sân en núndergûd to moudsjen. Oer ’e elzenmantel,
dy-t it hoarnleger biskutte for de al to kâlde wyn fen ’e mar, lei in
sêfte skimer fen knopjend grien, hast noch to tear for de heldere
nachten, as it min ef mear rypte en yn it weinspoar fen ’e smelle reden
de brosse iisblommen fen ien neinacht glinsteren. Mar dochs—de dagen
bigoanen to lingen; der lei al wer erf op ’t finlân, hwer de earste
ljipkes tûmmelen en op in sompich pôltsje in kûltsje for ’t nêst
makken. Op ’e bloeijende wylgenkatsjes trille it goudstof en derûnder
dy bûgjende twigen glinstere it wetter sa klear, dat min de lytse
griene bledsjes op ’e boam hinne-en-wer soeijen seach, as de wyn oer ’t
wetter twirre ef in healpouns snoekje forskeat.
Luts Aens stie op ’e efterhússtriette en seach ris nei de
sweltsjenêsten, der de jonges plankjes ûnder spikere hiene, om hjar
hwat steviger hâld to jaen. Der kipen noch gjin lytse giele bekjes ta
’n út, sa ’s tosimmer; de raeikes hingen der by del—de winter hie it
aerdige húske alhiel fordústrewearre.
It hie al wer winter west sont dy treurige joun yn ’e harbarge, dat nou
al langer as in jier forlyn wie en der siet Sneintejouns nou in oare
jounprater by Aen Claeses hird, dy-t heit en mem like goed hage as
Pijjes Jans en efter Aen Claeses oantrape to ôffjûrjen en hwer Aene
Wypk hjar mûle by gyng as in lazarusklap, mar Luts skikte him net in
plak ta yn hjar hert. Hy mocht wol komme, dat wie hjar goed, mar as hy
weibleau, hja scoe der net oars fen wirde!
Al ho raer ’t Pijjes Jans hjar ek to fiter hawn hie, hja koe him noch
mar net forjitte en dan seach se him altyd wer mei dy frjeonlike eagen,
dy-t sa ’n bliere útkyk hiene, altyd wer as Pijjes Jans, dy-t hja
ienkear kend hie en noait net as de frjemdling, der dy joune yn ’e
harbarge.
As hja Hinke byneist kaem, droech hja de holle heech en seach stiif
foar hjar út en ho fluensker as Hinke om hjar hinne aeide, ho steger en
stymsker Luts hjar warde tsjin elts frjeoneblyk fen ’t fanke, dat hjar
fen ’e feint ôfset hie. It gyng sa fier, dat Luts, oars sa sêft en sa
goed, it hjar mem yndroege om ’t gemael by in oaren ien to dwaen en do
spuide mounlerinne fjûr en flam en seach min yn twa Sneinen hjar
bienbitich antlit net yn tsjerke fen klearebare nidigens. De tredde
Sneine seile hja mei noch greater skoat oan ’t jak en noch swierder
thibé wer hinne, neiteante fen Hinke, ek alhiel út ’e leage wosken, in
nije hoed mei floddrige linten op, der ’t de greatske troanje hast
alhiel ûnder wei waerde.
Hja hie Pijjes Jans nou foargoed yn ’e skjirre. Earst hie ’t noch al
ris út en oan west, krekt as wie hy net sa habbich, mar nou hapte hy ta
as de snoek oan ’e setangel. Hy roan hjar súver efternei as in hountsje
en grif om ’e fjirtsjin dagen wachtte syn stoel al by de hird, de
segaren derby en Hinke derneist. Ek yn ’e wike by in stik koeke ef in
pantsjefol kofje wie ’t der de swiete falyn for him; om allerlei
wissewasjes gyng hy it paed op nei de mounle ta en nimmen wie dan mear
op ’t snjit as de leidige dochter fen mounlerinne. Mei in fyn glimke
oer in oar syn lijen waerde dat Luts Aens allegearre wer oandroegen fen
a oan z ta, mar hja liet de holle der net by hingje en hja lake en
prate sa, dat nimmen hjar noch sa fleurich sjoen hie. Mar Aene Wypk
liet hjar net in red foar eagen draeije.
„Fanke,” sei se koartwei, „dyn grapkes forbjusterje my net, moast mar
tinke. Hat dat smoarch fanke dy net de bûter fen ’t brea iten? En sistû
der nou om kwine? Né, wrachtsjes net! Forgrime koe ’k se!” en hja
sloech sa foarheftich op ’e tafel, dat Aen Claeses de holle opstiek út
syn âld buffeltsje wei.
Memmeljeafde wie ’t nou just allinne net, dy-t hjar dizze wirden yn ’e
mûle joech; yn hjar greatskens hie se in tobekset hawn, dy-t omraek
oankaem. Yn hjar jonkheit tige yn tel, hie se hjar lang net ôfjaen wold
mei sok slach as mounlersfolk. Letter waerde dat noch folle minder,
do-t Aen Claeses in wyt foetsje by hjar krige, omt hy him sa dimmen
ûnder hjar regear deljoech en hja yn ’t earst fen hjar trouwen dy bêste
jierren hienen nei 1870. Do fordûbbele hjar kaptael en hjar greatskens
allebeide en Aene Wypk seach fier oer mounlerinne hinne en derom stiek
it hjar nou namstomear, dat Hinke Luts sa to fiter hawn hie.
By nacht en by dei sinde hja derop, om mounlerinne mei hjar dochter in
loer to draeijen en nou hjoed toffele hja al wer nei de bûrren ta, om
ris to fornimmen, ef Pijjes syn komst der noch hie en sadwaende gyng
Luts allinne mei de tobbe nei de blikke, om it gûd derôf to heljen.
„Joun Lutske, ho is ’t noch mei jo?” rôp der ien oer ’e hage hinne,
dy-t it hiem skaette fen ’e Skeanpaden, dy-t dwars troch de lânnen
hinne op it doarpke W. oanroanen.
„Hearink Ant! binn, jy der en dat sa let op ’e joun?” rôp Luts werom,
do’t se in âld wyfke oer ’e hage kypjen seach, it swart-siden mûtske
oer ’e tipmûts hinne en in knopdoekje om ’e lege hâls fen it
âldmoadrige jak. „’k Bin yn in omsjoch klear en kom dan efkes yn, net?
’k Scil gau hwat kofje meitsje.”
’t Ald minske kaem op hjar ta. „Hwat bin ’k bliid, dat ’k dy ris wer
sjoch,” sei se en stiek de beide hânnen út. „Fanke, fanke en hwat biste
great waen! ik bisou der fen. En ik ha dy noch kind as sa’n
hummelinkje,” en hja wiisde in hânbré fen ’e groun ôf.
Luts glimke efkes. „Ja Ant, der ’s gau in jier om, nou?” sei hja
frjeonlik. „Woll’ jy efkes de tobbe mei my yn ’e hûs drage?” En
togearre droegen se him nei de skammel yn ’t foarhús.
„En hwer komme jy noch sa let wei?” frege Luts binijd en seach nei de
kreaze klean en ’e greate bûntskelk.
„Ja, hwer scoe’k oars weikomme as fen myn wirk?” andere d’oare
glimkjend en nussele hjar yn ’e briedstoel mei in gleone Jannewaris
ûnder.
„Hwa binn’ der dan hjoed bliid-makke mei in lytsen ien?” frege Luts,
wylt se in reauwke mei in oeribel great klontsje en in stik koeke út ’e
boddelerij helle.
„Wistû dat noch net?” mei in bisondere neidruk op it wirdke dat, krekt
eft Luts de boargelike stân fen in healhûndert grietenijen yn ’e holle
ha moast. „Sjoerd Meinses en Doet ha in jonge soan! In jonge, eft hy út
’e dyk dold is en mei sa’n moai prûkje hier, ’t is súver in
aerdigheit.”
Ynienen kaem ’t Luts wer yn ’t sin, ho nochlik ’t hja der ienkear
mei-inoar sitten hiene yn dat lytse húske efter de hege hage to
jounpraten en ho-t der do sa’n ôfspegeling fen innich lok oer alles yn
dy keamer lei en noch folle mear yn ’e eagen fen dy twa jonge minsken,
dat hja der oars fen waerde. O hja wiste it wol, sá scoe it lok
komselden foun wirde, dit wie wol it heechste, it allerheechste, dat de
minsk barre mochte. Mar hja wiste it nou ek: it hoechde net in dream
fen ’e jonkheit te bliûwen, it wie bisteanber op ierde en mei hjar
gedachten mocht se jerne noch ris efkes yn dy keamer toevje, der-t twa
lokkige minsken fen in takomst dreamen mei de hânnen yn-inoar en ’e
herten ien.
„Nou bliûwt der ek neat mear to winskjen oer, scoe ’t wol?” sa pinfiske
Luts der ris nei. Hja hie ek al gignút fen frjemde dingen heard en woe
Ant, de kreamheinster, nou ris hifkje oer hjar bifining.
„Fanke, dat moaste net sizze,” andere Ant en skodholle efkes. „As alles
yn ’e es is, dan is der noch in bytsje tomin, seit it folk, wiste, en
der is gjin lân sûnder túch. Mar ik draech dy neat oan,” kaem der nou
ynienen moi gysten út, krekt ef joech it gjin pas om by de eptigens fen
in breed bûnt skelk en in greinen skoart noch mei rabberspraetsjes op
’e lappen to kommen.
Ant hie al yn sa’n bulte hûshâldings forkeard, en wie al sa faek by
hjar spinwiele en skiûwdefjûr weihelle, as de nane hjir ef der wer fen
’e solder moast en wist der sadwaende alles fen, ho-t it by in hiele
patty lang altyd gjin frede en ienriedigheit wie. Der waerde sims hwat
ôffûtere en kettereminte—nou ja, yn alle húshâldings hearde dat der ek
sa by, mar s’as by Sjoerd Meinses hie hja ’t noch noait bilibbe. Der
siet súver gjin wezen mear yn dy man en do-t him syn jonge op ’e earms
lein waerde, koe der net iens in glimke ôf, mar der rôlle him in trien
oer ’e brúne wangen.
Mar dat, Willem Meinses folk hie allegear sokke frjemde kúren, sei Ant
en hja lei de hânnen yn ’e skoat en alles—alles waerde Luts oan ’e noas
hinge mei de nedige praetsjes derby, dy-t de bûrfrouljue by-t bjinstap
ef de potkarre heard hiene. Hja hie in swiere mûtse op yn dit stik fen
saken.
„Jonge, jonge, as ’t wiif gewaer wirdt, ho faek hy dy Hinke nei hûs ta
brocht hat en Willem Jans jonges ha ’t goedernôch sjoen.... en dat hy
al wer om datselde fanke in pûdde oan ’e holle oproan hat.... dan is de
kaert der ek foargoed forjoen. Hwat tinkstû derfen, Luts?”
„Dat der neat bistindigs op ierde is en dat it my omraek.... hear’ jy
omraek moit om Sjoerd Meinses en Doet. Mar ik leau ’t net, Ant.... it
kin sa net wêze!” sei Luts treurich wei. Hwat wie hjar eigen leed nou
noch by dit! by dizze ellinde!
„Dû hoechst net to tinken, dat ik dy hwat forliich,” andere Ant brodsk
en knypte de eagen sa feninich ticht, dat der neat mear fen oerbleau as
twa hiele lytse skreefkes ûnder ’e grize wynbrauen.
„Ho komm’ jy derby?” lei Luts der hastich tsjin yn en hja skikte hjar
stoel hwat tichterby. „Wy moatte der foaral en bilieven net fen
foartprate.... oars sjogge se se jo einliks for ’e lilke man oan en jo
fortsjinst is wei.”
Luts wist mar al to goed, hwat fleis as se yn ’e kûp hie en hofolle ûnk
sokke âlde rattelskûtels sjidsje kinne mei hjar skerpe blik en hjar
linige tonge, mar hja wist ek, dat Ant allinne dan spûksjoggerich wie,
as hja miende, for in âlde teute útmakke wirde to kinnen. Dan waerde
Ant sa dimmen en ketoen as in laem en sa stil as in blok en do-t Luts
hjar ek noch in poun spek tatreau, forsegele hja Ant hjar mûle mei in
dûbbeld slot.
Do-t hja Aene Wypk yn ’e fierte oankommen seach mei ’t koerke yn ’e hân
en it read-skienmakke earizer gloeijend yn ’e ûndergeande sinne, makke
Ant, dat se fen rúten kaem en kûrrele sa hird as hja koe, de paden del
op hûs ta.
„So,” sei Aene Wypk, „strúnde dy âlde teapert wer om ’e doar? Dû
hellest ek allerlei kornúten by dy, as ik de stap der ris ûnder set,
scoe ’k sizze.”
Luts seach bidêsd foardel. „It kaem sa út, mem en ’t sloof hat my noch
nea omkrûmte bylein.”
„Mar hja is sa skerp as in heaplôke....” andere Aene Wypk gysten en
foel yn ’e hirdsherne del op in wankele knopkestoel, der ’t âlde boarre
in neimiddeislomke hâldde. „Derôf dû,” sei hja en krige him by ’t
nekfel en saeijde him oer ’e keamer.
„Sjoerd Meinses en dy ha in bern,” sei hja.
„Dat wist ik,” andere Luts moi koart en gyng oerein, om ’e boel oan
kant to meitsjen.
„Mar dit wiste net,” sei Aene Wypk foarheftich wei. „Mounlers Hinke
scil trouwe en ek ringen,” en hja glimke fol niget.
„Trouwe?” stammere Luts en waerde sa wyt as in doek en hja liet it
koerke mei thégoed falle, dat der fen it saksis neat as hwat diggels
oerbleauwen.
„Brek my myn goed net!” rôp Wypk breinroer. Hja hie ’t mâl fel wer oan.
„As hja trouwt, hwat kin dy dat skille?”
„Hwa is ’t.... mem?” It kaem Luts mei moite oer ’e bleke lippen, mar
syn namme koe hja net útbringe.
„Ried ris!” sei Aene Wypk.... „mar dat kinste doch net.... ’k scil ’t
mar sizze. Mei de feint, fanke, mei hjar eigen tsjinstfeint en ’t is
moatten, ha, ha!” en Aene Wypk dy lake—skerp en hird. „Takommende
Tongersdei breugeman en breid! Pijjes dy hat it spark grif dwalen
sjoen—’t is al in hiel skoft út, sei bakkerinne.”
Al it bloed fleach Luts nou wer nei ’t moaije antlit en hjar eagen
bigoanen wûnderlik to skitterjen. Aene Wypk merkbite dy foroaring.
„Min hoecht dy net to freegjen, ast’ ek bliid biste, dat dy Hinke oan
kant rekket, dat pyst, dat snjit mei hjar sljuchtens,” sei hja.
„Ik bin bliid, mem,” andere Luts sêft, mar it „hwerom,” dat forswijde
hja.
Hja bigoan nou mar gau drok to skrippen, hinge de ierdappels oer for it
jounmiel en sette de sûpengroattenbrij op ’t twadde gat en ’e koekpanne
mei stikjes oerjierrich spek yn ’e oun. Do joech hja hjar ringen ôf nei
de skûrre ta, om yn in foech bakje hwat brjitten en talhoutsjes for ’t
fjûr to heljen.
Hinke trouwd en Pijjes wer frij man! O hja hie it der yn dy stille
skûrre útgeije kind fen wille; hwat fielde hja it nou wer, dat dy
ljeafde for him noch noait stoarn wie, mar alline hiel, hiel djip
slomme yn hjar hert. Hja bleau in amerijke stean for ’t skûrrefinster
en seach de finnen út. Hwat like alles nou folle moaijer as nyskes,
do-t se sa bidrukt de ûndergeande sinne weisinken seach efter in ticht
wolkenflues, goudbirânne en poarper-troch-gloeid, mar dochs as in byld
fen ’e tsjusterens, dy-t ek oer al yen wille loek.
It wie noch datselde fjild mei syn sinne yn ’t ûndergean, mar hja seach
’t nou mei oare eagen. Hwat blonk de wjerskyn fen dy inkele lêste
sinnestriel oer it hiele stille gea en yn in lyts húske, fier, hiel
fier it lân yn, hwat gloeiden der de finsters fen ’e foargevel, sa gril
en sa ljocht, krekt ef woene se yn flammen forgean!
En dan dy wijde stiltme oeral! Luts seach nin libben wezen de reden
delkommen; de greate wettermounle wie útslein en yn ’e fierte teikenen
hjar, skerpbiline tsjin ’e kleare maitiidsloft, de roeden ôf, slomjend
yn ’e stiltme. Oer de rûge poellen, der-t de reiden al wer út bigoanen
to rinnen yn ’e lange húllen, oer de gielige mieden en ’e finnen krûp
it skaed fen ’e joun en d’ierde joech hjar sefkes del ûnder ’t biwâld
fen ’e jimmertroue, dy-t mei tûzenen stjerren nachtwekke hâldde by
hjar.
Hwat wie ’t dochs hearlik, to libjen en yen formeitsje to kinnen mei
alles, hwat der moai is yn Gods wiide wrâld!
Fol moed en fluch as in swel skoude hja nou de wattel fen ’e
dwarsbalke, der ’t de skûrredoarren mei fêstsieten en staette d’iene
doar iepen.
It hjouwerkoerke yn ’e hân en ’e skelk om ’e holle for ’e koele
jounwyn, rôp se nou nei de dobbe ta: Hisp, hisp! Der kamen se al
oansetten, dy lytse skooiers—in âlde earke mei ’n plûmke op syn
grienskitterjend kopke hie de foarstap en efter him oan kuieren as
pronkske jifferkes de lytse rôpeintsjes, dy-t Luts ûnder in hin
útbriede litten hie en allerlêst kûrrelen de moddereinen oer ’e
efterhûsstriette, dy-t yn ’e rûge wâllen fen ’e hoarnlegersgreften
weileinen.
Do-t hja hjar bikomst fen ’e hjouwer en ’e lytse beane hiene, joegen se
hjar kwêkjende en bûgjende op in pear skobben strie del en ’e aerdige
ljeaflingen fen ’e boskboersdochter wierne for ’e mudde- en
kattefangers biwarre.
—Hearink, nou ha ’k ek wol in healûre omdideldomdeine, tocht Luts en
mei in flecht roan se de tellegong troch nei ’t bûthús ta. Der wierne
se oan ’t fjûrjen, mar ynpleats, dat de feinten beusich omskripten,
stiene se op dit stuit mei-inoar to mûskopjen by de pomp, de faem en ’e
lytsfeint yn ’t formidden.
„En ik siz jimm’, sa wier as ’k hjir sit....” bigoan de faem wer.
„Dû sitst net, wol?” glimke de greatfeint.
„Sa wier as ’k hjir stien dan,” forfette hja onforfeard, „ik ha hjar
fakernôch sjoen, as hja mei de mounlersfeint op ’e paden omstrúnde.
„Ea kom,” sei de greatfeint mei in fyn glimke, „dû wolst nou ek op
Hinke del, omdatst sels de breid noch net biste.”
Nou rekke de faem alhiel op iene ein. „Sa’n ien! nou wrachtsjes, dû
hoechst hjar wâl net op to hâlden, hear jonkje!” sei hja feninich. „Is
me dat net in minnen ien? Earst lokke hja it út, dat Sjoerd Meinses
jild fen hjar liende en do-t se him yn ’e skjirre hie, do....”
„Nou, hawar.... fitere de greatfeint hjar oan. „Do die hja krekt mei
him, as in fûgelflapper, hja lûk him de wjukpinnen út en sei: flean
nou!—hja hie him nou yn ’e macht mei hjar jild, dat flarde.... Mar
Sjoerd Meinses is in gnap man—hy liet him net fen Doet ôfsette. Hja hie
gjin fat op him, dy falske njirre en nou scilst’ sjen, yntkoart freget
hja ’t jild op. Dat scil dan syn deastek wirde.”
Luts bleau deastil stean; der hearde hja dingen, hwer ’t se fen
bisouwde.
„Ho wistû dat allegearre?” fregen se de faem. „Myn sister dy tsjinnet
der ommers,” andere hja, „en for goed oardel jier ha ús Luts en dy der
hinne west to jounpraten en in wike ef hwat letter kamen Sjoerd en Doet
op in joun ek ris by mounlerinne en myn sister dy sei, do krigen hja
jild en ek in bulte. En do kamen ek al gaueftich dy rare praetsjes op
’e lappen, mar ús Jel dy seit, der is gjin koarel fen oan. Sjoerd
Meinses komt der noait binnedoar, as hy boadskip hat, dan giet Doet for
him nei de mounle.
„Hy hat gelyk,” nikte de greatfeint. „De skyn tsjin yen to hawnen—dan
is ’t al mis.—Mar dy Hinke trouwt nou ommers?”
„Ja, hwa hie dat tinke kind! Pijjes Jans wirdt me der noch ris yn ’e
pet lutsen, tocht ik altyd en dû?”
„Nou!” andere de greatfeint, „—mar wy moatte wer oan ’t wirk en dyn
mûle scil wol warrich waen wêze, net?” en hy kitele hjar mei in fyn
raeike de moaije reade wangen.
„Warrich?” sei hja noch yn ’t foartgean, „né hear, der hat ús mem wol
op past.”
„Hosa?” en hja laken allegearre.
„Hja joech ús praetsmoar,” wie ’t snedige andert, wylt hja bigoan to
melken.
„Hwat ’s dat for goed?” frege de lytsfeint binijd.
„Gien nei Ouwe dúvelbander, dy scil ’t dy wol wysmeitsje,” lake de
faem.
Alhiel biteutere seach de lytsfeint hjar oan.
„Jow dy ôf, Knilles,” moanne de greatfeint, „hja is oan ’t
potsjemeitsjen, jonge.”
En Knilles trêdde nei syn wirk ta.
Nou kaem Luts foar ’t ljocht en roan op in drafke nei de keamer ta,
hwent hja hearde hjar mem alwer fûterjen, nou omt de turf salang
weibleau.
„Moast se noch út it fean helle wirde?” frege hja nidich.
Luts bearde mar, dat hja ’t net forstie en fortelde, hwer se yn ’t
bûthús fen op ’e tekst west hiene.
„In seine, dat dy Hinke oan kant rekket,” sei Aene Wypk en wie
ynnerlike bliid, dat de jurken mei stroken en ’e kipen mei kantene
beagen, dy-t se al sa faek fol nidigens flodderjen sjoen hie, nou ek en
noch folle wisser oan kant rekken. „En dû giest yn nije wike ris nei
Arjen en der keapest in kreas jurkje for Doete bern en wy moatte de
faem der joun mar efkes hinne ha mei in flau byt, hwat aeijen en in
stikje ljirre, tocht ik sa.”
„Ja mem,” sei Luts. „Ik bin bang, dat dit gjin bêste dagen for Doet
binne, as hja fen dy rare praetsjes wit, wol mem wol leauwe?”
Op itselde stuit, dat Aene Wypk en Luts yn skimerjoun dit petear hiene,
sieten Pijjes Jans en syn heit en mem nei boargermoade yn ’e keamer to
kofjedrinken en hiene der in stik iten by.
De eptige húzing lei alhiel al yn ’t skaed, mar it driûwerke yn ’e
oalje fen ’t stoofke joech noch krekt genôch ljocht, om ’e âlde
forfallene troanje fen syn heit en syn glinsterjende brúne eagen sjen
to kinnen. Oan ’e oare ein fen ’e tafel, der siet syn mem en dy glimde
as in ekkel oer it hiele fette geisige antlit, hwer it reade tipke fen
’e noas wûndere grappich by ôfstiek. Hja hie in âldmoadrige mûts mei
plooikes op en ’e stisele bânnen wierne sa stiif ûnder ’e hâls
oanhelle, dat hja hjar holle hast net forwege koe.
„So Pijjes en dû wieste nou wer op skien pompier,” bigoan syn heit
bidachtsum en oerlangsum wei. „It paste dy net, jonge,” en noch
bidachtsumer naem hy in snúfke twisken tûmme en finger en biseach it
earst ris goed, eart it de wei fen alle snúfkes gyng.
„En it wie dochs sa ’n aerdich fanke, dy Hinke,” lei Pijjes der spitich
tsjin yn.
„Sjoch,” sei syn heit, „dû moaste net tinke, dat wy dy forliede, mar wy
wolle dy riede, sa ’s Eabele fen ’t tolhús seit en dan moaste net wer
om guont frije, dy-t safolle wyn yn ’e swipe en safolle sinten yn ’e
pong ha, astû der gounen yn haste. Dat wol ik net lije by myn rjucht as
heit en dyn mem ek net.”
„Ik wol der gjin gedoente mei ha,” en syn wiif seach núvere swart.
„Dû wynst dy derút en dat dochstû,” sei de boer noartsk. „Mar Pijjes is
ús jonge, ús Jozef en ús Benjamin fen beiden, scil ’k mar sizze en as
heit bring ’k him soks ûnder ’t each. Scil ús bern mei de finger
neiwezen wirde om sa ’n mounlersding!” en dan ynienen mei d’ eagen
stiif op Pijjes: „Ho koestû der ek om fjuchtsje, siz?”
Pijjes siet oars mei de eagen foardel en ’e hân yn ’e bûs, mar nou
stiek hy de holle op. „Hwa hat heit dat nou wer oandroegen?” frege hy
rimpen.
„Ik jow gjin rekkenskip oan myn onmounige soan,” sei d’ âld man noch
like bidaerd, mar syn hânnen bigoanen to triljen en op syn waeksgiel
antlit gloeiden twa fjûrreade plakjes. „Ik wol net lije, dastû dy sels
weismytst en derom moast takommende Sneintojoun in oare faem ha en
derom giestû nei de útfenhûzer fen moalkersfrouljue. Dan scil ’t gauste
forgetten wirde, dast sa berneftige sljucht, hearstû berneftige sljucht
nei dat fanke fen mounlerinne wieste. Bigrepen?” en hy seach Pijjes
nochris lyk oan, krekt as woe hy de gedachten efter dy jonge foarholle
riede.
„Bigrepen,” andere Pijjes lûd, sette syn stoel tsjin ’t bedsket oan,
krige syn pet en gyng derút. Dat fanke hie sa ’n macht oer him hawn en
it spande tige, do-t hy it wol útmeitsje moast om ’e rare praetsjes,
dy-t der fen Hinke en ’e mounlersfeint op ’e lappen kamen. Hy koe der
hast net ta komme.
Earst woe hy ’t perfoarst net leauwe en abbeleare der mei alle kreft
tsjin, as de âldeljue tige op Hinke ôfjoegen en do-t de kûgel ienkear
troch de tsjerke en ’e brief, hweryn hy hjar ôfsei, skreauwn wie, do
forgoelike hy hjar noch safolle, as hy koe. Hy forwinske allinne hjar
luftich sin, dat him nou foar altyd fen hjar selskip biroave en yn al
de oermoed fen syn jonkheit tochte hy der net om, dat syn hiele libben
mei sa ’n ien bidoarn wêze kind hie.
En der yn ’t bûthús kaem him nou syn heite sizzen wer yn ’t sin, koart
en foars, hwent d’ âld man wie dan oer gjin strie to lûken en hy
birette him wol earst op syn alderdeabidaerdst, mar dan sloech hy ek
spikers mei koppen, der ’t gjin forwrikjen oan wie.
En nou smookte Pijjes der op dat bûthúsbankje it iene pypfol nei ’t
oare, mar op ’t lêst kroaske hy dochs as eindsjebislút nei de bûrren
ta, mei in briefke yn ’e bûs, dat hy mei in forachtlik: kom, nou bin ’k
der ôf, yn ’e bos smiet. En like bidaerd kuiere hy wer op hûs ta, mar
mei de ûnderfining fen in earste tsjinstuit yn syn jong libben.