Klip—klap, gyngen de flaljekloppen op ’e hirde telle fen Aen Claeses
syn skûrre en klip-klap kroaske Aen Claeses op ’e âlde klompen efter
Benjamintsje oan, dy-t mei earms en skonken op it iis fen ’e greft oan
’t skermesearjen wie, om ’e geheimen fen ’e skoandere reedriderskinst
to learen. Dan klûmmere Benjamintsje ris wer yn ’e wâl om en telde
dûbbeltsjes yn it swarte iis ef iit hwat snie út ’e folle fûst—dan
swaeide hy wer as in skipke sûnder roer foar Aen Claeses út en twisken
de bidriûwen wierne heit en soan aerdigjes oan ’t tiid formalen.
Aen Claeses seach ris nei de loft; it wie moai waer, fris en kâld mei
sinneskyn. Krysttiidwaer, seine de âlde wyfkes en hja tochten om Sint
Steffen, do-t hja for lange, lange jierren dounsen op Birgumerdaem! Do
hie de snie ek krekt sa wyt en sa rein oer ’t fjild lei as nou en sa
stouden do ek de lêste flokjes fen ’e beammen yn ’t oanheljen fen ’e
eastewyn. Hja riden yn gedachten noch ris wer it âlde paedtsje lâns, by
’t poelke der op bine, dan ’e tochtsleat lâns, oer it mounlehiemke, de
feart del nei de mar. De glinsterjende, njuebringende yn syn
bifrissling fen toarre reitplûmmen lokke hjar sa mei syn krinkeljende
banen, dy-t op fiere toerkes fen ’t gea oanroánen en dochs loerde de
dea derûnder, de kiste, dy-t as in tsjustere spjalt fen wetter it
skitterjende kristal fen ’e iisflier mids twa skaette.
En nou ’t hy de fjilden oerseach, tocht Aen Claeses der ek om, ho faek
as hy mei syn jonge foetten en syn herte fol moed der ek oer dy mar
flein wie. Nou loek hy nei de sechstich—it gyng nei de bidelte ta mei
him en syn bern fornûgen hjar nou, der ’t hy ek jong en fleurich west
hie.
Klip-klap, gyng it yn ’e skûrre en ’e wine bigoan to sûzjen, dat de
piken derfen foartstouden en âlde Karo by de greft kaem, om syn need to
kleijen. Mar Aen Claeses fornaem it net.
Hy eage yn ’e fierte.
Der droech it lân njonkelytsen del nei de mar; hege elzewâllen biskaden
de kampen; poelkes dreamen hjir en der as forgettene rêstplakjes fen ’t
wetter en fjûrreade kantsjes scoene der noch sa oerhinne hingje as do-t
hy in jonge wie en se as syn likeblommen op it petsje stiek.
En dan al fierder.... al fierder weage in reidbosk, foars en ticht mei
tûzenen wetterpaedsjes dertroch—krinkeljende grillige berntsjes fen
lange reinnachten, sa ’s de hjerst se jowt. En stil as in ienlike
wachter riisde de greate mounle óp ûnder ’e djippe sniekape, yn
slom—eft hy nea it sûzjen fen ’e wyn tsjin syn roeden kend hie en nea
de triljende amme fielde fen in stoarm, dy-t slûpend neijer rint út it
Westen.
„To heit, helpe,” eamele Benjamintsje.
„Ei ja jonge,” sei Aen Claeses. „Kinst my nou net efkes bitien litte?
Sjoch, Luts en dy scill’ ek to riden.”
„Luts,” rôp ’e lytse twinger—„Luts! Nimst my hwat koekjes mei?”
„In lange lape, om der lytse jonges in wan mei to jaen,” pleage Luts
mei in goed sin. Afke en hja wierne togearre, beide alhiel út ’e leage
wosken, de sneinse kyps op en de redens yn ’e hân. Hja scoene hjoed nei
B. ta to riden en Pijjes Jans en Haeije wachtten al op hjar by d’
opfeart, om for hjar op to lizzen.
Pijjes en Luts, dy riden in eindtsje foarút; mei in linige swaei gliden
hja oer ’t iis, beide krekt op ’e streek. It wie in skilderijke fol
libben, fol gloed, de fynste nuddel fen Rembrand wirdich, mocht hy oars
ek for ’t ljeafste ronflige, âlde troanjes forivigje. Mar hwat is
moaijer as de jonkheit yn ’e folle fleur, as in pear soune, gnappe
minsken, dy-t op smelle izerkes in gledde baen folgje—dy-t de eagen
skitterje en ’e wangen gloeije! Fen ’e wyn, mient in klûmsk âldfeint by
de hird; ei jonge né, der binn’ tûzen oare dingen, dy-t it foarholtsje
blanker en ’e wangkjes reader meitsje! Altomets in triûwke yn ’t
hantsje, dat de foarrider sa waerm yn sines fielt—in ljeaf wirdke, dat
mei de wyn forwaeit en dochs o! safolle bitsjut en as it jounet oer ’e
fjilden, hiel tomûk in patsje, hwennear de reed losrekket en in aerdich
kopke him foardel bûgt.
Ja âldfeint, dat binne tûzen dingen, dy-t jy forgetten en dy-t hjar fen
jo forjitte litten ha, do-t se jo bienbitige troanje en jo mitrige
skouwing seagen. Hja binne om jo hinnegien, man, as boartlike
berntsjes, dy-t in âld jeuzeler skouderje.
„Sjoch,” sei Pijjes Jans, „hwa binn’ dat? Lutske?” en hy wiisde op in
stippe foar hjar út. Der wierne twa en hja lieten hjar foar ’e wyn
ôfdriûwe nei de mar ta. „Scill’ wy ris?”
„Nou!” sei Luts en hja sette hjar to skrip. De kriich kaem deryn.
Hwerom scoene se do oaren foar litte? Koene se net like hird? En se
woánen groun, in tûmbré, in reed, al mear en mear, mar o sa stadichoan,
hwent de oaren spilen ek net min by. It fromminsk skoude de feint op,
dat hy derfen skokte, mar einliks lieten hja it sitte en bleauwen by in
diske mei sealjemolke en knapkoekjes stean.
Pijjes en Luts draeiden der ek hinne. „Hearink, binn’ jimm’ it? Hwer
komm’ jimm’ wei?” ûntfoel Luts, do-t se seach, dat Hessel en Auck foar
hjar stiene. „Nou, as jimm’ wachtsje wolle, Haeije en Afke binn’ ek yn
omwandling. Hwerom binn’ jimm’ ek net daedlik mei ús gien?”
„Sjoch,” sei Hessel, „Auck hie ôfpraet mei Hinke en ’e feint, dy scoene
ek mei. Mar Hinke bleau wei en do tochten wy, kom, wy gien der efkes
oan. En nou witt’ jimm’ noait, hwa’t der wierne to thédrinken? Lêsten
sa’n reboelje en nou ynienen wer sa iens as hwat.”
„Sjoerd Meinses dochs net?” frege Luts.
„Sjoerd en Doet allebeide, hear en mounlerinne en Hinke wisten net,
ho-t se hjar wol lette en sette scoene. Hinke foaral wie sa ljeaf as
poeske,—to diwel, as de klauwen noch mar net ris foar ’t ljocht komme!”
„Fij, Hessel, sok sizzen”, abbeleare Auck der tsjin. Pijjes en Haeije
joegen der hjar nou ek by en harken, hwat der forkrante waerde en
Haeije dy sei: „Der wirdt gnúte, Sjoerd moat mounlerinne nei de eagen
sjen en Hinke sjocht him tofolle yn ’e eagen, bigrepen? Dy earme Doet!”
„Mar der leau ’k nou neat fen”, sei Luts foarheftich wei, „en jy ek
net, wol Haeije?”
„Ja, ik ha ’t net sjoen”, sa makke Haeije him der ôf.
Pijjes, dy hâldde in spûlkûmke mei sealjemôlke yn ’e knoffelige hânnen
en blies deryn, om it ôfkûlje to litten. Luts loek him oan ’e mouwe.
„To siz ek ris hwat”, fitere se him bare nijsgjirrich oan.
„Hwat scil ’k sizze?” miende hy. „Dat frjemdlânske folk is sá hiet, sá
kâld. Hjoed rinne se for immen troch wetter en fjûr en dy is hjar moarn
gjin oansjen mear wirdich. En saken hat Sjoerd Meinses mei mounlerinne,
dat’s wier,” sei hy hiel súnich.
„Dat’s dan yn ’t koart sa kaem, net? Ik ha ’t tominsen noait fornaem,”
sei Hessel.
Pijjes seach ris nei de loft, krekt ef moast hy him ris bitinke en do
flapte hy der moi hastich út: „Hja hiene jild fen ús en heit had se
altyd bêst bihânnele en der komt me op in joun Sjoerd Meinses
skytskoárjend oansetten om it jild op to bringen. Hy wie oars redt nei
syn sizzen. Hwa ’t dy oare wie, mounlerinne fensels, dat waerde ús
letter wol oandroegen en ek, dat Doet him der tige op oanstien hie. It
skilde gâns yn ’e rinte en hja is moi deun, sa’s jimm’ wite. Sjoerd
Meinses hie der earst oars gjin iens praet fen heare wold, hy meij
mounlersfolk net rjucht lije.
„Hinke scil wol wite, hwerom hja ’t docht. As Doet hjar eigen lijen mar
net biskript,” tocht Haeije en hy moast it letter mei oansjen, ho-t dy
treurige foarsizzing wierheit waerde.
„Kom, kom, der wolle wy hjoed ús skoane moaije dei net mei bidjerre,”
sei Pijjes. „Elkmis syn eigen soargen, dat ’s krekt genôch—en wy hwat
wille, n’t Lutske?” en hy lei wer for hjar op.
Haeije en Afke, Hessel en Auck hekken der ek efteroan en ho-t Sjut de
foetten ek priken efter hjar lyts diske, hja moast oerein, om it
jongfolk ris efternei to sjen, dat as in lange rige mei linige
krinkelbôgen oer ’t iis swaeide, dat de balken derûnder skeaten en it
skrapsel der nei stoude.
Hja fleagen se allegearre foarby: earst in kloftsje bûrsterfammen, dy-t
ien inkele feint ta hjâr offer útsocht hiene en hjar nou mei dizze
goede lûker foar ’e wyn ôfwaeije lieten. Do in stik-mennich
preamkeskouwende jonge bizen, de redens heal ûnder, de buiskes heal
oan, dy-t mei fûle foarsje jonge fammen efterop riden, dy-t se net
koene, mar dochs wol guont út de kinde wêze scoene, tochten se en
einliks hjar eigen sisters op ’e side kamen. Dan by tiiden sa’n inkele
deabidaerde skipper, mei de hânnen op ’e rêch en ’e pet yn d’eagen,
hwaens gedachten twisken de wisse streken yn eltse kear by priiswinnen
stûken.
Hja fleagen se allegearre foarby en earst, do-t se by it brêgje foar ’e
greate iisharbarge, der ’t de sulveren Swân úthinget, opkladden, kamen
se wer hwat op azem.
Der wie it great feest, foarst om it priisforrieden en oard’, omt it
nou foartearst sont fjouwer jier ris om Krysttiid hinne wer sa
oanknypte, dat de mar sterk wie. De redens waerden slipe, de pongen
wierne fol en it jongfolk kaem by kloften del, sa langhalzen se nei in
settefortútsje. Der waerden grúden strie forstruid op it stiennen
paedtsje nei de harbarge ta en op ’e boppeseal, der dounsen se, dat de
steunders der fen trillen en ’e glêzen dinderen en ’e kaslein noch ris
in tear mear yn syn foarholle loek.
Der siet Claes Bluffer by de gleone kachel to swetsen en sloech mei de
hierrige hânnen op ’e tafel, dat de romers bigoanen to dânsjen en hinge
mei in bulte pehui syn reed oan ’e dwarsbalke. „Kom op, as jimm’
doarre, jimm’ leechlânsters, jimm’ dykdolders en jimm’ turfstûkkers!”
skreauwde hy yn ’t folle gelach wei en seach sa gleon om him hinne as
in lieû ûnder ’e hazzen.
De leechlânsters, de dykdolders en ’e turfstûkkers namen it wol yn hjar
acht—hjar fûsten jokken hjar om him ris in wântsje op syn permantige
rêch to jaen—hja stiene yn bistân, om him ôf to soaljen, mar as der dan
ris in jongkearel oerein gyng, dy-t dat húnjen en narjen wars wie, dan
meat Claes Bluffer him efkes fen ’e holle oan ’e foetten ta mei in:
„Hearink, maet, hwat soest dû mei dyn poddehier?” Dat kaem der dan sa
stadige—forachtlik út, dat de dryste stil weiwaerde út it omsittend
laech. En noch altyd bingele dy reed der oan dy balke.
Luts en dy kamen yn en gyngen mei in bramboaske en hwat bier by in
taffeltsje yn ’e hoeke sitten. It wie sa soele stil yn ’e tapkeamer,
lyk as min ’t foar in stoarm ha kin. It jongfolk út ’e fearnhoeke hokke
nidich by-inoar gear, omt der net genôch kriich yn ’e leechlânsters
siet, om sa ’n pogger stil to krijen, en dochs scoene se it sa ’n ien
ek al forgund ha, as him de eare derfen takaem. De oaren stúmen hwat by
de kachel en ’e tapkast om en ho wylder as Claes Bluffer bearde en
swetste, ho stiller as hja waerden. En ’e baes der by de kachel helle
op fen de prizen, dy-t hy woán hie en dat nimmen him ea noch oermâns
west hie en mei reade hollen en triljende hânnen harken hja nei syn
geswets.
„To, is der nou gjin-ien fen jimm’, fjurre moalkers Auck de manljue
oan. „Moat ús doarp it sa sitte litte?”
„Ik bitank derfor,” miende Hessel op ’e tean trape. „Earst heal dearide
en dan útlake to wirden, dat ’s gjin trewis for my.”
„Min koe ’t ris bisiikje,” tochte Pijjes en seach ris nei de reed yn ’e
loft, de argewaesje fen in hopen. Mar do-t hy wys waerde, dat elkmis it
stees tsjin Claes Bluffer ôflizze moatten hie en Claes Bluffer op neat
as bonken en sinen takseare en merkbite, ho ’n ûnfoegen sterken kearel
it wie, dy-t fen gjin ûre yn ’e wyn efter de pûst kaem, do forklomme
syn moed ek al for syn bangens.
„Kom op nou ris! siz ik for de twadde kear!” sa dage Claes Bluffer it
omsittend laech wer út.
„Ik bin dyn man,” andere immen en sleauwe Tsjalling smiet syn jas út,
fleach op in stoel en helle de reed fen ’e spiker.
Stil wie ’t in amerij—binaude stil en do briek de stoarm los. De iene
skreauwde, d’ oare lake, der waerde mei de fûsten op ’e tafel slein en
yn in omsjoch wie de hiele keamer leech. Selst de kaslein bleau net by
syn flesse.
„Dû, dû!” sei Claes en gniisde Tsjalling út.
„Prate is neat, mar dwaen, dat ’s in ding!” skreauwden se allegearre,
alhiel op iene ein, mar Tsjalling dy sei neat, boun der him bidaerd op,
swaeide hwat hinn’ en wer en wachtte do op syn partij.
„Los!”—rôp Jan Roels, de tromslagger en opropper mei syn heech lûd en
der fleagen se hinne—Tsjalling bidaerd, hjir in streek, der in streek,
as gyng ’t him net oan, Claes hird—hird! Hy hearde it krassen efter
him, tichterby, neist him—hy skripte, hy klauwde, mar de streken fen
Tsjalling waerden al langer, de foarsje al fûlder—der ynienen stoude
Tsjalling foar him út, eft it net mear in minske wie op in pear
izerkes—mar in breedbiwjukke fûgel yn ’e loft.
„Ik liz it ôf, man!” rôp Claes en hime as in ôfjage wynhoun.
„Hoera for Tsjalling Jehannes!” skreauwde it folk, dat as in bijeswarm
hjar efterop ried.
Tsjalling wiske him bidaerd ris mei de bûsdoek om ’e holle en sei:
„Noch ris, jonkje—dû hast nou foar de wyn. Goed winne ef goed
forlieze.”
„Dû forrifelst my,” kriet Claes Bluffer heas fen spyt. „Ik ha ’t noch
noait forlern en nou tsjin dy....?”
„Bisiikje,” sei Tsjalling.
„Slûchert, dyst’ biste,” bigoan Claes nou to narjen.
„Strakjes moatt’ wy mar ris efkes ôfrekkenje”, miende Tsjalling
nitelich.
„Los!”—rôp Jan Roels wer en as in pyl út ’e bôge naem Tsjalling
Jehannes nou de guit en eart Claes Bluffer wiste, hwat der úthinge, wie
Tsjalling al op ’e oare ein fen ’e baen en stiene in stikmennich
stevige jonge bazen klear, om him ta ’t doarp út to kneppeljen.
Hy krige syn needlot yn ’e gaten en makke, dat hy fen rúten kaem.
Nimmen hat him ea wer hirdriden sjoen.—
De kaslein trakteare Tsjalling en syn kornúten op in fles pons en it
dûrre net sa bare lang, do waerde Tsjalling yn it rountsje fen Hessel
en dy helle. Hy wie fierôf bisibbe oan moalkersbern en do-t hy ek noch
in kreas famke op ’e side krige, dy-t hy mei al syn slûchens skoan oan
’e praet hâlde koe, wie ’t spul alhiel yn ’e es.—
„Sjoch,” sei Luts Aens binijd en seach ris nei de doar, der ’t in
kloftsje jongfolk mei in bult bombaerje ta ’n ynkaem. „Ha’ wy Hinke der
net?”
Der kamen se al oansetten. Moi al to rimpen, om frjeonskappelik to
hietten, gyng Luts oan kant—mar der waerde al in stoel twisken de rige
ynskouwd en mounlers Hinke mei fûl glinsterjende eagen en gloeijende
wangen joech hjar neist Pijjes Jans, Luts hjar feint del en bigoan mei
him to praten as in alk. Hjar eigen feint, in lyts, opljeppen baeske,
siet der by, eft hy ’t net helpe koe—Luts hie de pikbol yn en
moalkersfrouljue wie de kaert ek forjown. Hja bigriepen it allegearre
wol—der scoe Luts joun ris in rare loer draeid wirde, dy wize Luts mei
hjar ynfierenheit! sa ’s Hinke altyd húne. Dat fanke hie me ommers sa
’n ien oan ’t hântsje as Pijjes Jans! en hwa taelde der tsjinwirdich
nei hjar, mounlers Hinke? Neat oars as in hierd boeresoántsje!
As hja tomûk sims ris efkes de oare kant útseach, dan bigoan hjar bloed
te koaitsjen. Hwat siet dat moalkersfanke nou smûk neist hjar âldfeint,
Haeije Hindriks! Hja scoe hjar de eagen wol ta de holle úthelje kinne,
dy-t him nou sa loddrichjes syn loaits weromjoegen! Hjar hânnen
bigoanen to triljen fen ynhâldene nidigens en hja sette de romer sa
fûleindich del, dat hy yn grúzelementen tofoel.
„Fij, sa ’n bluisterigens!” miende moalkers Afke.
„Der wûrdt dy neat frege, wol?” gnauwde Hinke hjar ôf en draeide hjar
do om nei hjar feint ta, dy-t slûch neist hjar siet to stoareagjen mei
d’ eagen fol reek.
„To Ynse, sjoch ris efkes for my om in swolgjefol wetter,” hiette hja
him. „De gong troch—rin mar efkes nei de koken!” Ynse, dat lytse
keareltsje, dribbele foart op syn fiterskoen.
„Hwerom stjûr jy him derút?” Dat woe Pijjes Jans wol wite. He, hwat wie
dy Hinke flot! hy libbe der alhielendal fen op! sjedêr, hy krige nou
earst ris hwat plesier, fielde, dat hy jong wie. Och Luts, dy bleau
altyd like bidaerd en stimmich, min waerde hiet noch kâld—mar Hinke,
allegear libben en biweging en koartswyl! En dan dy eagen! Pijjes Jans
seach hjar mar net mear oan—Luts mocht it ris mirke, fiis sjen ef prot
wirde—mar tomûk joech hy Hinke in lyts triûwke yn ’e hân.
Hinke lake blier. „En hy siet der oars sa goed by hjar, tinke jo
sikersonk,” grapjage se. „Sjoch derom.... en kwaenskwiis boartte se mei
de franje fen hjar jurk en sloech de eagen foardel, dat de lange
eachshierren oer de bleke wangen foelen.... jy moatt’ wite, it gyng my
tige nei, dat hy him hjir sa forfeelde—en do seach ik der yn ’e gong
ien fen syn maten, der ’t hy wol smucht op hat, om dy ris ôf to
tiggeljen en do tocht ik: elkmis plesier for in bytsje jild. Hy scil
him nou wol yn ’e hierren flein wêze,” en hja lake skerp en hird.
„Dat stiet jo net sa moai,” sei Haeije Hindriks forachtlik en gyng
oerein. „Ik lit sa ’n hummelinkje net allinne wrakselje tsjin sa ’n
sterke Jodsert.
„Och hearink, bliûw hjir dochs,” smeke Afke mei hjar lyts hantsje op
syn jasmouwe.
„Hwat scill’ jy dochs?” rop Hinke en seach him mei hjar gleone eagen
lyk oan. Mar dy hiene gjin fat mear op Haeije Hindriks.
„Derhinne gean,” andere hy koart, mar eart hy him nei de doar ta joech,
hearden se in gelúd, der ’t hjar hert hast stil fen stie.
Hinke dy fleach oerein en trille as in blêd.
„Der hast dyn lean, sljucht fanke!” skreauwde Haeije Hindriks en joech
hjar in trewinkel, dat se wer op ’e stoel deltrûzele.
„Ho, ho, ôfbliûwe,” sei Pijjes Jans en gyng foar Hinke stean.
„Is ’t dyn faem altomets?” narre Haeije mei in fyn gnyske.
It moaije, jonge antlit fen Pijjes biloek fen lilkens. „Dines, Haeije,
siz?” raesde hy ynienen breinroer en hearde neat mear fen it bisusjen
fen ’e frouljue, dy-t alhiel forslein wierne, bihalve Hinke fensels.
„Sa ’n allemansfrjeon? der moat ’k neat mear fen ha, noait wer, nou
wist it,” sei Haeije koele feninich wei.
„Dát scil ’k dy leare!” skreauwde Pijjes heas en fleach Haeije oan. De
oare frouljue stouden hjir en der, mar Hinke bleau mei de hânnen yn ’e
side en it ljeafste glimke yn ’t formidden stean.
Haeije wachtte d’ earste slach ôf, mei kreft genôch yn d’ izeren fûsten
om ’e sterkste syn bikomst to jaen, en hy forwarde him net, do t it
fûle nidige klappen op him bigoan to hageljen.
„Tochst, dat ik om sa ’n faem fjuchtsje scoe?” húne hy en hy wiisde nei
Hinke, dy-t de eagen net ienris foardel sloech. „Skamje dy for eltse
slach, Pijjes, hwent it is dyn skande,” en hy kearde Pijjes Jans de
rêch ta.
Dy bleau ien amerijke biteutere stean mei syn hânnen stiif om ’t
bekling fen ’e stoel hinne—do skoude hy mei in foarheftige swaei de
stoel twisken d’ oaren troch en gyng sûnder nei Luts om to sjen, neist
Hinke sitten.
„Ik moat mar nei hûs,” sei Luts mei triennen yn d’ eagen hiel súnich
tsjin moalkersfrouljue. „To Auck en Afke, gien mei. Ik kin hjir net
mear wêze,” lústere se hjarren yn ’t ear. Alles draeide hjar foar
eagen; de walmige tapkeamer mei syn kwinende lampen, der ’t it jongfolk
foar ’e fidel dânse en sa fleurich song, de pearkes, dy-t hjir en der
hwat yn in smûk herntsje elkoarren ljeave wirdkes seine—mar dat seach
hja allinne dúdlik, hjar feint neist in oare faem....! Hwat siet hy
tichte by hjar! Syn brede skouders roerden súver hjar mouwe en Hinke
wist kast net mear, ho-t se hjar wol posture scoe fen útlittenheit!
Dat wie dy Pijjes Jans net mear, dy-t hja kend hie mei syn frjeonlike
blauwe eagen en syn aerdich wezen—dy-t der nou siet mei flammende eagen
en sa ’n frjemde útdrukking yn ’t antlit, hwertroch al it moaije en
jonge der út weifage waerde, dy wie op dit stuit in frjemling waen yn
hjar reine wrâld.
En dochs.... o hjar herte hinge noch sa oan him, sa tige..., tige! Hja
koe him hast net ôfstean.... net gean litte for jimmer....
Hja wiste fen ljeafde’s wille, nou joun learde hja ljeafde’s smerte,
dy-t der like wis mei giet as it skaed mei in lange sinnedei.
Oer it earste bloisel fen hjar jonge hearlike ljeafde lei ien inkele
nachtfroast syn rym—licht kamen der nije blommen en moaijere miskien,
mar hwat scoe ’t oait wer helje by dat earste, dat wûnderhearlike, dat
noait weromkomt, as ’t ienkear foartgien is!
Luts woe ’t noch bihâlde.... en dochs.... it ûntslûpte hjar, eart hja
der om tochte en it wie slim, mar nou earst fielde hja, ho ljeaf-t hja
him hawn hie. „En dû moast him misse!” kriet it yn hjar.
Hja waerde ynienen sa wyt as in doek en Auck, dy-t tige om hjar
bigrutte, sei moi lûd: „Kom, scill’ wy Luts efkes thúsbringe? Hja moat
bêdtiid thúswêze. Hessel en Haeije, to gien efkes mei, nou?”
De manljue gyngen daedlik oerein.
„En wy dan?” frege Pijjes binijd.
„Jimm’ ha niget genôch oan elkoarme!” biit Haeije him ta.
„Hea Luts, moatt’ jy altyd sa betiid thús wêze?” narre Hinke yetteris,
mar Luts hearde dizze lêste stikel net mear. Hja skouwden nei de doar
ta, mar moasten it trochkringen al ring sitte litte, sa hokken de
minsken der by inoar om in kloftsje mânljue hinne en Hinke hjar feint
mei forwyldere eagen, de troanje fen smerte bistoarn, dy stie yn’t
formidden. Op ’e flier yn ’t sydkeamerke lei syn slachtoffer mei de
holle op in kjessen.
Afke en Auck stiene moi foaroan en koene nou krekt yn ’t keammerke
opsjen. „O hearink,” lústere Afke, „it is Sjoerd Meinses, Luts.” Ja,
der lei de lange, sterke reus as in machteleas bern mei de eagen ticht
en de hânnen slap en kâld. In fûstslach tsjin ’e sliepen oan hie him yn
’e sûs brocht.
„Scoe hy-t libben hâlde?” hifke d’iene d’oare. Hja wierne der allegear
oars fen. Hwa-t dan syn wiif sa’n tynge ris bringe moast? Syn dea scoe
ek hjarres wêze, dat wist min wol foarút.
„Ho koene jy ek sa, man?” ûnderstiene se him.
„Hja hat my oanfjurre, leau it! Dan húne se op my, dan prize se myn
kreft.... en hja sei.... dat se dan.... my earst lije mochte.... En ik
leauwde it, minsken! Ik bin net in.... moardner,” kriet hy lûd as in
bern. „Sjoch myn hânnen, mar hja is it? Hja hat it dien!.... en de
triennen roannen him oer it jonge, roune antlit, nou ynienen âldsk waen
yn dy freeslike amerij, dat haet, ljeafde en opljeppenheit him yn ’e
macht hiene.
„Dû bliûwst hjir, jonkje,” sei de feldwachter koartoan boun. „As Sjoerd
Meinses syn eagen net wer opslacht—it moit my om dy—mar dan stiet ’t er
net sa bêst for. Dan moaste mei, is ’t ek hûndert kear om in sy ef en
hy kaem. Dat maelt my net.”
Mar nei in setsje, do sloech Sjoerd Meinses syn eagen wer op en sa’s ’t
like, wer klear, mar mei in barnende pine yn ’e holle, joech hy him mei
in goefrjeon ôf nei hûs ta, der ’t Doet, syn lytse Doet, siet to
wachtsjen. Daedlik fortelle, tocht hy yn syn oprjuchtens. Hwat hja wol
sizze scoe? En ho moast hy it wol oanlizze, dat hja mar neat fen dy
Hinke hjar sljuchtens mirk.
It wie him noch net forgetten, ho raer ’t hja earst opharke hie dy
winterjoune, do-t hy it forteld hie fen Hinke en hja einliks sei, do hy
der dochs noch tsjinoan hinge, om ’t jild oan to nimmen: „Mar Sjoerd,
dû moast gjin rûzje siikje mei mounlersfolk!” en dat wie der sa
snibbich útkaem—ien amerij koe by syn Doet net mear. Oars lei hja ’t
ljeave kopke dan wol tsjin syn skouder oan, mei dy greate blauwe eagen
sa tichte by him, dat hy se patsjende slúte en dan sei hja hiel....
hiel sêft, ho ljeaf ’t hja him wol hie, mar dy joune wie hja steurd en
hiene se for ’t earst yn hjar trouwen forskil.
Nou scoe hy better oppasse. Doet scoe dochs noait fen Hinke hwat leauwe
wolle, al hie ’t hiele doarp ’t der ek oer en foartoan fortelde hy hjar
mar net mear, as ’t nedich wie.
Hja hoechde it net to witten, ho-t hy aloan noch it heaze lûd fen dy
jongfeint efter him hearde: „Scoestû mounlers Hinke, myn faem,
bilasterje, siz?” en do in bons tsjin ’e holle oan—in gefoel, eft de
wrâld yn nacht forsonk en do stiltme—wrede stiltme s’ as fen ’e dea.
En dat om dy Hinke, yn hwaens memme kloeren hy forfallen wie! Hwerom
stie Doet der him do ek sa op oan? Och, dy lytse ljeafling! hja wie
ommers like súnich as hy!
O ho wist hy it noch, dat hja it allinne dien hiene, om hwat jild út to
súnigjen! Sa ’n goune ef hwat, der koe Doet mei hjar flitige hântsjes
bergen mei forsette en as der dan ris in lyts widzke oer ’e flier kaem,
koe ’t in hartstérkingkje lije!
Tojoune hie hy ek wer jild barre kind fen syn braekjen, moai jild, der
neat ôfgyng en do hearde hy de fioele en de langstme krige fat op him,
om noch ris efkes nei it dânsjen to sjen. En do t hy der sa stien hie,
moast hy om in oare winterjoun tinke, ek mei blommen op ’e glêzen en
wytglinsterjende snie op ’e paden, de joune, dat ek him de ieûwenâlde
fraech op ’e lippen barnde, dy-t mar ien andert ken: ik ha dy ljeaf! En
dat andert mocht hy heare fen hjar! Fol swiete wémoed fielde hy nóch de
sillichheit, dy-t him trochtrille, do-t hy hjar oan syn herte triûwe en
hjar sines—sines for in hiel lang libben neame mocht....
En syn hert gyng sa op yn al dy hearlike bylden fen forline dagen, dat
hy him mar ringen wer ôfjaen woe nei hûs ta. Doet siet allinne thús;
hja scoe wol nei him útsjen.
Der kaem dy feint fen Hinke oan en joech him in opstapper. Hwat scoe
der wer oer rabbe wirde en dat wie’t krekt, hwat Hinke sa graech woe!
As Doet it mar net hearde, dat it hjar forkeard oandroegen waerde, ho
dan?
En mei al de taeijens fen in âld forgeslacht forbiit hy syn pine en
lake de goefrjeon hwat út, dy-t him nei hûs ta bringe woe, „Gien jo
gong,” sei hy luftich wei, „’t is al wer oer—hwat yn ’e sûs west fen ’e
ûnforwachte slach, moatt’ jy tinke.”
Dat woe de goefrjeon ek wol oan en hy gyng werom.
Allinne kuiere Sjoerd Meinses nou nei hûs, noch húvrich fen pine en mei
in near forgefoel yn syn hert. It wierne diselde âlde, ljeave
paedtsjes, der ’t Doet en hy ek sa faek togearre lâns gien wierne. De
kamperfoelje stringele him noch om ’e strúwellen hinne, hy seach, ho-t
inkele toarre bledsjes hjar noch forweegden op ’e seftrûzjende
easterwyn, nou forskronfele en dea, mar strakjes—dan scoe de
maitiidssudewyn oer ’e lânnen waeije en ’e keale tokken, der ’t nou de
moanne trochhinne glinstere, siere mei bled en blomt, dat hy wekker
rop. Scil hy ús noch lokkich weromfine? suchte Sjoerd Meinses.
En efter de beammen wei, der kipe noch in lyts húske ta’n út as in
wente fen ’t lok, dat by minskebern toevet.