II.

Ut it tsjuster fen ’e winterjoun glimken yen de ljochte finsterkes fen

’e bûrsterhúzen sa frjeonlik en nûgjend tomiette, dat min selst

bûtedoar in strielke fen it húslike lok en ’e wille fielde, dy-t

derbinnen as in sinne keald en tsjuster fordreau. Wol sa kipich seagen

dy finsterkes ûnder ’e wite kape fen Decimbersnie út en efter dy

stevige mûrren en spitsige reidtekjes wie it frysk binnehûs biskûle mei

syn houtfjûrke en syn lege solder, hiel de poëzij fen in lytse wrâld op

himsels yn ’e greate....

Deis sûgen de berntsjes op ’e oezen, mar jouns.... as it sa

stil—deastil waerde en min wech-en-der-wear gjin lûd hearde as it

oanslaen fen in hiemdogge—de sinne hjar dodzjende bijoech, in klear

gouden each allyk, dat fen slomme bilûkt,.... dan frear it wer, dat it

ongle. De snie, dy krêke ûnder ’e sêftglidende foet en de froast, dy

sjidde tûzenen diamantene stjerkes oer it wyt-wâljende habyt, dat

bjirken en iken yn stille majesteit fen winterdreamen droegen....

Oeral glûrren dy lytse ljochte finsterkes, efter leechknipte

hulstehaegjes wei, oer ’e gledde iisflier fen hoarnlegersgreften hinne,

mar by ien húske, mei in ôffreding fen beamstamkes, sa ’s de dyk se

opjowt erfoar, hiel âld, hiel bryk as in kezyn, dat út ’t lead hinget

en hiel smûk efter syn mantel fen strúwellegoed, der wie ’t ljochter as

by d’ oaren. Ien fen ’e lûkjes, dat stie waechwiid iepen en it grille

ljocht fen in lampke foel op it skienfage paedtsje en ’e bisnijde wei.

Efter dy finsterkes wie it ryk fen Doetsje Japiks, dat hja en hjar man

de Maeijes groune hiene op syn spaerbankboekje en hjar oerfortsjinne

lean. Trou hie hy fjouwer jier by hjar kaem, grif om ’e fjirtsjin dagen

mei ’t boatsje oer ’t kanael, der ’t hja by de boer tsjinne. Mar dat

panderjen aloan en alwei hinge him einliks de kiel út en derom hiene se

nou Maeije de lapen mar by-inoar smiten en skripten nou mei de jonge

kreften for hjar eigen bisit. Eigen hiette it âlde húske mei ’t túntsje

en ’t kampke lân derefter, mar hja hiene it einliks op skea.... Pijjes

Jans syn heit, dy wie mei in resje hjar jildforsjitter, sels koene hja

de kosten bitelje en noch in bytsje mear—en sa koe it skipke sile en ek

mar ris omraek foar ’e wyn.

Derom seach Doetsje ek sa moedich ris ta de doar út en dan wer ris yn

’e keamer om. Der siet hjar man, kreas forklaeid, hwat to nifeljen mei

in stoveblêd, der-t hy mei it fynste ridskip de úttakke bledden fen ’e

ikebeam op útsnie. For hwat byfortsjinst pielde hy de lange

winterjounen ornaris mei sok spul: tsjerkestoven for ’e

boerinnen—naeikisjes en tabaksfetsjes for ’t jongfolk—mar ’t moaijste,

dat syn hânnen ea mei eineleas gedild út it hirde hout tsjoend hiene,

dat hie in hoekspyntsje for Doet west. Under wie ’t in kasje, mar

fjouwer pylderkes, dy droegen it boppestik, twa bûrdsjes alhielendal

mei lofwirk sierd en mei iepene lisjes ôfmakke. Och it wie it ienichste

presintsje, dat hy syn breid yn syn earmoed jaen koe, mar der hat noait

inniger ljeafde de hân stjûrd as dy-t hjir ienkear de blomkes en

bledsjes op lei. Troch dy ljeafde waerd’ Sjoerd Meinses in kinstner,

sûnder dat hy it sels wiste.

„Net biklûmje litte, Doet!” rôp hy en draeide him efkes om. „Hja komme

wol, as hja der oan ta binne, fanke!”

„Ei ju, hwat wistû derfen”, andere hja, wylt hja de doar tichtlûk. Hy

hearde it glimkjen yn hjar lûd.

En hy snie fierder—mei de foetten op ’e waerme plaet foar ’e hird, der

’t yn it rossigge ljocht in pear ingeltsjes krânskes frisselen op ’e

izeren stander en it wetter sa ienlûdich song yn ’e koperen tsjettel

oan ’t hael. Sims gliden syn eagen in amerijke fen ’t wirk ôf—dan

stoáreage hy oer ’e wiide rûmte fen ’e âlderwetske keamer en—harke. Mar

Doet fornaem hy net mear.

„’t Is krekt, ef ’t Snein is,” tocht Sjoerd Meinses, do ’t hy ris om

him hinne seach. It húsrie blonk als in spegel, mei in pear tingeltsjes

hie hy hjoed in skien skoarstienskleed for Doet om ’e skoarstienmantel

hinge en de flier wie sa ticht mei matten bilei, dat min de reade

stiennen net iens mear sjen koe. Seis knopkestoellen stiene as stive

soldaten om ’e tafel hinne en derop pronke: foarst yn in lakt blikje in

heal dosyn thégoed, in troupresintsje fen boerinne, der ’t se wei troud

wie, oard in presentearstrompke mei koeke en in oar derneist mei

soeskrakelingen en tredd’ in glêzen bakje mei klontsjes, alles noch

neat by de moaije lampe, de gearjefte fen ’e jonge fammen, by hwaens

folk Doet jierren tsjinne hie en dy-t nou joun ris komme scoene te

pizeljen en to húsbisjen. Derom wie alles sa yn d’es, fen ’t âld

kammenet ôf, dat glimde troch ’t heal fleske waeks, dat der op

forstrutsen wie, oan ’t koperen tsjetteltsje ta, dat hjoed nochris

ekstra readkrite wie en der ’t nou de kofje al nochlik yn prottele fen

forwille.

„Hwer scoe Doet nou dochs wer sá láng bliûwe?”; dat kaem him ynienen yn

’t sin en hy gyng moi gysten oerein. „Sa’n heal bern noch mei hjar

earste bisite—en dochs—in wyfke út tûzen!” liet hy der út it djipst fen

syn hert op folgje.

It like hast, as dy greate keamer noch to lyts wie for dy foarse

gestalte. As hy Sneins út tsjerke kaem, stike hy mei syn brede skouders

boppe alles út en yn ’t foarige hiene der ek wol oaren as boerefammen

eagen op him smiten. Nou, der koe min ynkomme. Mar syn herte hinge oan

Doetsje, dat teare, fine famke mei hjar golvich hier, dat as in bern

wie neist him. En hja hie dy man mei syn reuzekreften ljeaf, sa

ljeaf.... as it gêrsraeike de wyn hat, de machtige, dy-t komt oer séën

en bergen en dochs him, it ienlike raeike fynt en—pattet.

Sjoerd Meinses folk hie al lange jierren yn it doarpke forkeard, sont

se ûnder it twangjok fen in strang regear, dat hjar frijdom fen

godstsjinst to nei kaem, weiflucht wierne en nimmen hie ea spyn oan

hjar bifoun. Hjar lân en tael forgeaten hja sa njonkenlytsen wei en nou

wie for de bern fen dy âlden it frjemde lân fen hjar stamme as in

teltsje út in mearkeboek. Mar de swarte eagen, dy-t mei in stil fjûr

ûnder ’e tichte wynbrauen weiglûrren en it kastanjebrúne hier, dát

forerfde altyd noch fen d’âlden op de bern as d’oantins oan dy lang

forfleine dagen en dy lang forgetten kriten. Mennich soan fen âlde

Willem Meinses folk hie oars al sa for en nei syn niget foun oan in

blondhierrich famke fen Fryslân—mar doch, ek yn de bleke sinne fen it

hege Noarden skitteren hjar swarte eagen en by Sjoerd Meinses nóch

folle moaijer, mei dy inerlike hearlike glâns, dy-t it lok der mar

allinne oan jaen kin.

Hy seach ris tomûk yn ’t foarhús—der wie Doet net—hoázfoetling efkes

mei in flecht om ’e hússide, ja, der stie se al mei hjar donker jakje

oan, de bûntskelk om ’e holle en digere yn ’e fierte, in swarte stip

allyk yn it reine wyt fen ’e winterjoun.

„So?” sei hy en gyng efter hjar stean, „so? stiet de frou hjir as in

waerûltsje yn ’e wyn?” en hy naem hjar as in bern yn syn sterke earms

en droech se yn ’e hûs. Hja spartele en lake en kibbe, mar Sjoerd

Meinses hie se en hâldde se....

„Skammest dy neat? As dat de fammen ris seagen!” sei hja in krom

brûkel, wylt hy syn swiete lêst kreas op in stoel by ’t

kofjetsjetteltsje delsette. „Sa ’n pear bern!” en hja lûk in prúl

lipke.

„Better in pear lokkige bern as in pear ûngelokkige greaten,” sei hy

goelikwei, mar hy hâldde him ek ynienen stil, hwent der klonken

frouljuestimmen bûtedoar en ien rôp oer ’e ûnderdoar hinne: „Is hjir

folk?”

„Ja, ja, ik kom al,” rôp Doet werom en roan gau nei de doar ta. Sjoerd

Meinses gyng hjar stadich efternei.

Hwat wie dy Doet nou lyts neist de greate Luts Aens, dy-t bidaerdwei as

de lêste ynkaem, krekt sa ’n famke fen in jier ef fjirtsjin, mar dochs

mei al de eptigens fen ’e frou, dy-t tojoune for ’t earst bisite ha

scil yn hjar eigen hûs, greatsk op dat hûs en noch folle greatsker op

hjar man is.

„Dit ’s hjir wol sa ’n kreaze keamer, Doet,” sei mounlers Hinke mei ’n

fyn gnyske en seach der ris yn om en do nei Sjoerd Meinses, eigenlik

hwat al to lang for in jongfaem.

Hja wie de lytse kant neist, moi omtlein en opsierd mei alles, hwat

memmeëach mar opstrewearje kind hie yn ’e goudsmidswinkels to Ljouwert.

De blaue driûwkjende eachsappeltsjes stiene nea stil—hja wierne oeral

en nearne en hja hie wol hwat tofolle wyt yn d’ eagen, dy-t glandich

lokken en gloeiden efter reablonde eachshierkes. As hja lake en ’e

krytwite tosken efter de reade lippen wei blonken, wie ’t in aerdich

fanke, der ’t alle feinten for in kear wol ris nei omsjen woene. En

prate koe se! in abbekaet wie der neat by!

De beide oare jongefammen harken nei de namme fen Pier Sijes dochters.

Hja heit hâldde for fordiwedaesje de moalkerij noch oan, mar

rintenierjen scoe him oars skoan barre meije. It wierne in pear aerdige

bern, allebeide mei in slach yn ’e rêch en sa ’n fyn, spitsich noaske,

mar oars roánen hja út-inoar as de nacht en ’e dei. Afke, d’ âldste,

lang en spjuchtich as in jong beamke, dat min in steunderke tawinske

scoe, blierhertich fen wezen en frjeonlik fen útkyk—dy scoe nimmen for

de sister oansjen fen dy lytse, tsjokke fodse fen in Auck, mei hjar

dobkes yn ’e hânnen, waerm en sêft fen mûtelens—yn it kintsje en yn ’e

stevige wangen, read en roun as moaije bellefleuren. De foetsjes wierne

hast to lyts for it ûnfoech tsjokke omskot; hja wraggele oer ’e wei as

in ropeintsje, mar o it hertke wie goed! en efter hjar stil wezen skûle

skranderens en in goed trochsicht.

Auck suchte hwat ôf oer dy heal-jellen, dy-t hjar to min tametten wie

en in hopen, mei hjar smeulen op lytsen en tsjokken, makken it ek noch

net better. Mounlers Hinke smiet hjar stûrke der ek o sa graech by en

as hja it mâl fel oan hie, joech se Auck der spytbokkings oer, dy-t

hjar de triennen yn d’eagen dreauwen en dy hjar sister Afke biändere

mei wirden, sa skerp as nuddelprippen en hwer se Hinke omraek mei op ’t

sear kaem.

Tojoune scoe de bûter wer jild jilde. Hinke hie de pikbol yn, omt de

postloaper hjar fen ’e moarn by-t bjinstap in lyts briefke oerjown hie

fen Haeije Hindriks en dy skreau, koart en bondich, dat de reis him to

fier waerde en hja him net wer hoechde to forwachtsjen.

Hja hie it pompier as in kleone yn-inoar treauwn—mar hja hâldde hjar

stil, skriemde net en fûtere likemin, mar flûstere allinne: „’k scil dy

wol fine, jonkje!” en gyng do bidaerd wei yn ’e hûs. Narjend wierne do

al dy hearlike ûren hjar nochris foarbykrûpt, eft se net wer skiede

koene—dy ûren, as hja sa grien mei-inoar wierne en hja tochte, dat hy

hjar wol freegje scoe to trouwen.

En der ynienen: út, út!!

Scoene der ek altomets guont ûnder sitten ha to stôkeljen en to rabjen?

Hie der miskien gignút fen west, dat se mei in oaren ien Sneintojoun

hâlden hie, do-t se by hjar nichten útfenhûze?

Dat scoe ’t wêze kinne, tocht hja optslach en dan hat moalkers Sije it

forkrante, dy slûche sokses mei syn lytse eachjes, dy-t oars sa aerdich

plúre koene. Mounlers Hinke wist alle lek en brek fen ’e feinten út ’e

omkrite en mei ’e measten hie se sont hjar sechtsjinde jier wol ris

merkehâlden ef reedriden.

„Ho giet it mei de jongefammen? Binne der al oaremans bern om ’e doar?”

pleage Sjoerd Meinses, do ’t it blikje oan kant skoud waerde en ’e

bramboazebrandewyn op ’e tafel kaem.

Luts Aens krige in kleurke. „Dat ’s al ien tawird,” miende hy—„en Afke

en Hinke en Auck, ho stiet it mei jimme?”

„Ik bin op skien pompier,” sei Hinke noartsk. Hjar priemmen, dy fleagen

as wylden yn ’e streekhoas om, krekt ef moast se der in libben mei

fortsjinje.

„Kom, Hinke, flau nou net,” sei Doet. „Wy wite ommers allegear wol, ho

’n sib frijer jy ha. Dat ’s al twa jier út en oan en as jy mar wolle,

dan is ’t klear en trouwe jimm’ Maeije,” en Doet seach Hinke gútich

oan.

„’t Is út en foargoed ek! Nou wite jimm’ it!” andere Hinke nitelich en

do ynienen tsjin Auck: „Dû witst der mear fen, Auck! ”

„Ik?” frege Auck tige binijd, mar bidaerd. „Sa wier as ’k hjir sit,

neat.... Hwat miene jy wol?”

Afke seach foardel, wylt se in bytke om ’t fine noaske bilûk. Doet hie

’t yn ’e gaten: Afke scoe wol wite, ho-t de foarke yn ’e stôk siet, mar

hâldde hjar noch efterút, tocht hja.

„Hwat ik mien?” nydse Hinke, alhiel op iene ein. „Hwat ik mien? dat ’s

twaris, dastû de greatste rabbersskûtel biste yn Sânhúzen en teutest,

dat dyn earen der fen sûzje. Moast noadich tsjin Haeije sizze, dat ik

mei in oaren ien west ha by myn nichten en rabbe hast!.... Sjut

bolrinder is der neat by!”

Nou gyng ’t Afke to bot. „Jy komme ús Auck net to nei mei jo skerpe

tonge, bigrepen?” moanne hja.

„Masters kerdoes en Ruerd syn wynhoun, dat ’s in pear en ’e meagere en

fette jierren yn Egypte folgen ek op inoar, hen!” spotgnyske Hinke mei

in lange úthael.... „Mar ik siz jimm’ dit mar: ik ha ’t útmakke mei

Haeije en hwa ’t myn ôftanke gûd ha wol—seine ermei!”

„Jy forsinne jo der in lyts bytsje,” kaem Afke nou o sa koel út ’e

hoeke, „jy hienne folle mear smucht op Haeije Hindriks as hy op jo en

hy hat it útmakke, Hinke.”

Dat wie oalje yn ’t fjûr. Hinke waerde sa wyt as it kraechje om hjar

hals en hja meat Afke fen ’e holle ôf oan ’e foetten ta mei eagen, dy-t

sizze woene: „Hwer bistû wol wei krûpt, Pier Sijes dochter?”

„Hwat docht my dat in wird!” sei hja en smiet de holle yn ’e nekke.

„Haeije sjocht jimm’ en gelikens net iens!”

„Dat kin ’k jo oars biwize,” sei Afke en helle in briefke út ’e bûs,

dat hja yn ’e hichte hâldde mei in fyn: „Kinne jy dizze hân, Hinke?”

Nou, ef Hinke dy koe! Hja stoareage en seach en it húnjende andert

bistoar hjar yn ’e mûle. Dat wie ommers Haeije syn hân mei dy lange

halen en sok pompier mei blaue streekjes—ho faek hie hja wol net mei sa

’n brief fen him yn ’e bûs roan, om dy to lêzen en wer to lêzen!

„To, to, nou ophâlde,” miende Doetsje goelikwei. „Dy frijerij wit hwat,

n’t Sjoerd?”

It jongfolk scoe nou ris efkes yn ’t simmerkeamerke sjen; der hie

Sjoerd Meinses in pear moaije tsjerkestoven klear stean en d’ iene

derfen hie Aene Wypk bitinge. Hinke stúme, min hearde hjar net mear en

eart immen der om tochte, gyng de bûtedoar en joech hja hjar ôf nei

hûs.

Doet merkbite ’t alderearst, dat hja de wyk spile hie en seach rare

sneu. „’t Moit my danich, sei hja bidrukt, „’k ha jierren by

mounlersfolk forkeard en hwat moatt’ hja nou wol tinke, as ’t hjir sa

op rûzje en spul útdraeit.”

„Kom, ik scil ’t wol efkes for dy yn-oarder bringe,” treaste Sjoerd

Meinses, en gyng oerein. For dy sêfte eagen fen syn wyfke woe hy wol

troch wetter en fjûr fleane en mei in pear stappen wie hy al by de

doar.

—Hinke stiet grif yn ’e srnoute fen ’e krimpe to stúmjen, tocht hy. Mar

dan koe hy hjar net. Hja fleach al lang mei steande earen nei hûs ta en

do-t hy einliks ek bigriep, út hwat hoeke de wyn waeije scoe by in

frouminsk mei sa ’n bluisterich aerd as Hinke, do stapte hy de

strietwei út, hjar efternei.

Ring kaem hy hjar op ’e side, mar mei mounlers Hinke wie joun gjin lân

to bisilen. „Is me dat der faksearjen!” bigoan hja út to farren.—Né,

Sjoerd, ik gien net werom!” sa waerde hy ôfsnûrre en do-t hy-t oer in

oare bûch smite woe en sei, ho-t it syn wiif moide en dat hjar der gjin

wille om hie, andere hja gnyskjend: „Hwat ha’k mei jo wiif to

meitsjen?”

Dat stiek him. „Jy litte myn wiif ek mar alhielendal bûten ’t spul,

bigrepen?” sei hy en syn lûd, dat trille fen ynhâldene lilkens. Hy

tochte om Doet, ho-t se útsjen scoe, ef hy ek mei Hinke weromkaem en

ho-t dan de ûnderdoar op ’e knieren draeide en der him allinne ynlitte

scoe. En dat syn wyfke hjar earste bisitejoun! der ’t se al wiken for

sparre en al moannen nei útsjoen hie!

En neist him lâns flodderen de eptige stroken en riûwsels fen Hinke

hjar stêdske „japon” en op in hiele oare toan waerde der ynienen hast

smeekjend sein: „To Sjoerd, bring my efkes it mounleloantsje lâns. Der

strúnt ornaris jongfolk om en in jongfaem wirdt sa gau bipraet, nou?”

suchte hja dimmen.

„Dat ’s goed,” sei hy koart. Dochs hwat woán, tocht hy moediger, ’t

fanke scil der ús nou gjin kwea hert om tadrage.

Sjoerd Meinses hâldde mounlerinne graech for eagen—hja skikte syn wiif

fen alles ta, naeijen en breidsjen út ’e bûrren en yn ’e haeijinch

moast Doet hânlange en gyng jouns mei nei de jister. As Slachtmoanne it

akkefytsje fen ’t bargeslachtsjen brochte, dan wie Doet ek mei oer ’e

flier en siet by mounlerinne yn ’e keamer to woarstmeitsjen en dan kaem

se jouns ek net mei lege hânnen thús. It sied waerde for hjar ek altyd

in pear sinten goedkeaper meald en yn ’e lêste wike ef hwat hie min op

’e mounle mei it drokkere gemael sims wol in pear flinke hânnen brek en

dan fregen hja Sjoerd Meinses. „Scoe hy hjar noch net in pear ûre

gerieve kinne as goefrjeon?” Hwent sjoch, as arbeider, der liet Sjoerd

Meinses him net for brûke! Hy wie frij man, op syn eigen groun en yn

syn eigen hûs! It bleau in ginst for mounlerinne, de tank for hjar

woldwaen!

En al de greatskens fen it âlde súdlânske bloed wâlle yn him op: lyts

mocht syn hûs wêze, mar hy wie der de kening! En hy seach der twa

strieljende eagen, der ’t hy alles yn lies, hwat syn libben ta ’n

parradys makke, dat noch net troch d’ingel der wrake foun is. Hja

sprieken fen hoop, dy reine blaue stjerren, fen lok en fen in takomst,

in hearlike takomst.... trijersum....

It moed waerde him fol, dertwisken dy âlde elzebeammen fen it

mounleloantsje en de triennen kamen him, de sterke man yn d’eagen by de

gedachte oan dy ûnútsprekkelike wille fen kommende dagen. Hy roan neist

Hinke lâns, sûnder der hast bilul fen to hawwen, dat hja al sa ticht by

honk wierne en as de moanne nou en dan ris mei hjar sêfte loaits troch

in wolkengloppe glimke en ’e dreamjende wrâld yn syn djipste

winternacht oersulvere, dan foun hja ek in pear eagen, dy-t nei ’t

fiere blau kúrden en in herte, dat syn God tanke for syn lok.

„Ho is ’t, gien de saken net fordélich?” bigoan Hinke, sa frjeonlik as

hja sims wêze koe. „Jo suchte sa.”

„Die ’k dat?” andere hy earnstich.—„Mar saken, seine jy—nou der bimoije

de jongefammen hjar oars net safolle mei, wol?” en ien amerijke rêstten

syn swarte eagen op hjar. Krekt skoude der in swiere wolken de moanne

foarby—Sjoerd Meinses hie ’t net sjoen, ho-t Hinke ta de hals út read

waerde en hjar eagen bigoanen to fonkeljen.

Efkes wierne hja allebeide stil en do andere hja greatsk: „Nou, ik

bimoi my dan dochs wol mei ús memme saken, kin ’k jo sizze. Soks komt

yen altyd to pas.” Ynienen kaem hja hwat tichter by him. „En as ’k jo

nou ris fortel, dat ús mem sa’n foege fiifhûndert goune hat to

lizzen.... dy koene jimm’ miskien wol brûke, tochten wy en dan hoeche

jimm’ fensels it measte ek net to jaen. Mem en ik praetten der lêsten

al ris oer en do sei mem, as ’t pas joech, koe ik it wol ris tsjin jo

sizze.”

„Jimm’ mem wit ommers ek wol, dat Pijjes Jans syn heit it jild oer myn

spul hat”, andere Sjoerd Meinses, net wakkere oansjitsk.

„Ja wis”, leugene Hinke, sûnder dat hja der oars fen waerde, „en mem dy

sei, hja woe net lije, dat jimm’ sa jong al yn ’t lijen rekken, hwent

dy Pijjes Jans syn heit helle alle hiersljue it fel oer ’e nekke en hy

scoe jimm’ ek net sparje. Fanke, sei se, fjouwer en in kwart for Sjoerd

Meinses. Dan is ’t foardiel for him en dan kin hy for ’t jild, dat der

oersjit, syn wyfke ris bliid meitsje.”

Dat die de doar ticht. Doet bliid meitsje! Earst harke hy hast net iens

nei Hinke hjar praet, mar nou waerde it bledsje omkeard en bigoan it

him goed ta to lykjen. Wier wie ’t, Pijjes syn heit frege in hege

rinte, hja wennen der einliks mar djûr en de húshâlding naem ek mear,

as der ris in lytsen ien kaem—Sjoerd Meinses sloech al ta yn syn

hert—mar hy útere it noch net, hy woe der earst noch ris mei Doet oer

prate.

„Kom mar ris efkes oanrinnen yn in ledich skoftsje, Sjoerd”, bigoan

Hinke wer. „Jimm’ binne sikersonk to goed for Pijjes syn heite

útsûgerijen, seit ús mem en ik siz ’t ek,” en hja flaeide op hjar

allermoaijst.

Sjoerd Meinses waerde der súver stil ûnder, dat dit fortúntsje him sa

mar yn hânnen falle scoe. Hwat scoe Doet nuver opharkje! In gelok, dat

hy nou mar efkes mei gien wie mei Hinke, nou wist hy de blide tatynge

namsto gauwer.

„Moatt’ wy yntkoart ris komme, om der oer to praten?” bigoan hy wer. Hy

koé ’t hast net leauwe.... hy woe ’t noch sa graech ris wer hearre. It

klonk him suver as mesyk yn de earen, do-t hja fluensk andere:

„Ja wis.... kom mar gau ris, dan kin ’t ynoarder makke wirde. By ’t

winter komm’ jimm’ dochs ommers altyd to sûkela-drinken.... dan scil

mem it jo wol better útlizze. En dan ha ik ek gjin argewaesje fen

moalkersbern, dy sniggels!” en hja lake mei wrede spot. It wie sa

tsjuster dat op ’t mounleloantsje, oars hie hy grif it nuvere

flikkerjen yn hjar eagen wol sjoen en dat wie net allinne fen haet

tsjin moalkersbern.

„Ea hwat!” sei hy der luftich oerhinne, „hja binne jeloersk op jo. Dat

is ’t.” Hy hearde de spyt yn hjar lûd en woe ’t nou hwat torjuchte

prate. Dy frijerij by de frouljue, dat wie sok tear spul en it moide

him danich, dat se nou krekt by hjarres der rûzje om krige hiene.

„Op my?” frege hja, krekt as hie hja him net bigrepen.

„Ja fensels. Tink’ jo, dat it hjar de eagen net útstekt, dat jy sokke

feinten krije kinne? Nou wirde se lilk en jo krije der spytbokkings

oer.”

„Ja.... mar....” sei Hinke spitich, „hja hat him nou ommers, Sjoerd.”

Der knypte de skoech, dat mirk hy wol. As ’t sa gyng, dan bigoanen de

frouljue op ’t lêst noch om Haeije to fjuchtsjen.

„Nou! hy hat jo dan dochs mar de eare oandien, om earst by jo to kommen

en ik for mysels doar der wol by sizze, eart de winter om is, is ’t út

mei Haeije en Afke.”

Dat wie sêfte oalje yn Hinke hjar hertewoune; hjar lilkens bigoan

stadichoan aerdich to saksearjen en do-t hja ’t steksdoarke

iependraeide, wie se for ’t each wer de âlde.

Sjoerd Meinses brocht hjar oan ’e doar ta en gyng do werom en tocht der

noch ris oer nei. It skilde al wer gâns, as hja dat jild nou ris hwat

goedkeaper krije koene en eltse sint wie der ien. Fiifhûndert goune! it

wie gjin kleinigheid! Sims, hiel djip yn syn hert, tocht hy wol ris, as

’t noch mar net better west hie, om in jier ef trije mei trouwen to

wachtsjen. Dan hie hy noch hwet mear oergearje kind en ’t nou gjin

skrabjen om ’e kant west. Mar och, hwat binn’ trije jier lang for ien,

dy-t wachtet op syn lok! Licht wierne der wol guont, dy-t dat koene....

mar ’t gyng him oer ’e fûst. Hy hie ’t trouwen mar weage.—

Hy wie sa yn ’e prakkesaesje wei, dat hy mirk it net iens, dat it wer

bigoan to snijen, wiskjende wei mei nou en dan fen dy tinne wite

snieflokjes, droech fen felle froast. Hja glinsteren op syn jas, hingen

him yn ’t hier en einliks toraenden der him in pear op ’t wang. Do mirk

hy ’t earst en sette de kraech fen ’e buffel op en stapte steviger oan.

It waerde in skouwer yn ’e wyn op, dy-t súver yn ’t Easten wenne, nou

al in dei ef tsjien lang en de loft wie rein en fris, fol keald fen in

echte winterske nacht.

Yn ’t nei hûs ta rinnen draiden al syn tinzen mar om dy iene saek: fen

dat jild. Hwet waerde dat nou allegear moai skikt, it koe suver net

moaijer! En dochs wie ’t krekt, as in heimsinnich eat him warskôge....

sêft en seamelich aloan.... doch ’t net.... net. En hy prakkeseare him

hast stikken deroer, der siet nou dochs suver gjin koarel kwea yn, hja

hiene der ommers selst net iens om frege: mounlerinne bea it sa mar

oan. By Pijjes syn heit wie ’t fiif procent, dy wie deun, tige op ’e

sint en nou fjouwer en in kwart, dat skilde gâns.—

Fen fierrens hearde hy se al laitsjen en oangean by hjarres. Der waerde

hast net iens nei harke, do ’t hy sei dat Hinke net mei weromwold hie,

hja hiene sûnder hjar ek like folle plesier, hwent as hja op ’e bisiten

net nûmmer ien wêze koe, dan wie ’t hoarntsje kniesd.

Hy skikte mei oan en seach it omsittend laech ris roun.

Yn ’e hirdsherne, der troane nou moalkers Sije in ’t winterhabyt fen in

swiere buffel en in greate fellemûtse, der-t de lytse eagjes hast ûnder

weiwaerden en dy kaem nou en dan twisken it smoken fen ’t pypke en ’t

preauwen fen ’t sûpke ris út ’e hoeke mei in grapke, dat de frouljue it

hast fen wille útsnokten. Twadd’, him op ’e side, smûk neist Aene Luts,

syn faem, der siet Pijjes Jans op in krebintige knopkestoel om to

riden. Hy biseach syn faem noch ris tomûk en do ’t hy ’t mei himsels

iens wie, dat der nin moaijer en ljeaver yn ’e omkrite to finen wêze

scoe, dronk hy op dizze lokkige wytnis yn ien swolch syn romer leech en

bigoan der for ’t earst yn syn libben oer to rekkenjen, hofolle ’t in

brilloft koste. Ris oan ’e siden pet lûke, hwat mei de hânnen

omtipelje, syn faem ris hiel tomûk in ljeaf loddrich triûwke to jaen

ûnder de tafel troch yn ’t mûtele pinkje, hwat wie dat trewis for

Pijjes Jans! Wol in kuierke fen in lyts ûre wirdich! en dan efkes syn

faem nei hûs ta bringe en der by de trije bjirken, ho hieten se ek

wer.... it klaverblêd.... hjar in patsje ûntstelle, krekt sa ’n swieten

ien as dat for twa jier, it earste op dy Novimberjoun!

De tredde man, dy skoude syn skipke yn ’t farwetter fen Auck Sijes, mei

oare wirden, hy siet tichternôch by hjar, om in frjeon to hietten en

pleage hjar krekt genôch, om hjar feint to wêzen. De lêste binaming

ware him ek ’t bêste yn ’e kaert, hwent hy stike om Auck Sijes mei de

fûle foarsje fen immen, dy-t nei eigen húslikheit útsjocht. Dat hy in

gewiksten prater wie en in goede „dosis” soun forstân ûnder syn moi

greate plasse hie, der ’t it swarte hier mei brede stringen oerhinne

plakt siet, koe him as in eare tarekkene wirde. Hy wie mei licht sied

en koeken bigoan to hânneljen en hie ’t nou al brocht ta in dwershúzing

yn ’e bûrren en twa feinten en ’e ljue kamen sims al oan ’e pet, as hja

him seagen, mar der waerde him neijoen, dat hy mei de kweade kûzzemûzze

en him better mei syn biheinde foet folgje koe as de tsjoensters op

hjar biezems en derom hiene de ljue in kwea each op him. Der wie sa

troch-den-dei gjin praet fen, mar as der jouns immen syn hûs foarbygyng

en noch let ljocht yn ’e skûrre seach, dan tocht hy riboskjend: Hessel

en ’e kweade binn’ oan ’t hjouwersek-tellen.

By Pier Sijes, der laken hja hwat om dy âlde segjes, hy waerde der let

en set as in ienichste soan by syn mem en d’âlden frijden mei, eft neat

wie. Sa kaem de eptige Hessel mei ’t wyt foar en in blinkjende Lochemse

diamant yn syn blauwe das yn dit omsittend laech tolânne, der ’t hy

oars al to âld en to permantich for wie, mar hwat docht in fiskers-man

al net, as hy byt hat! Bij eltse snedige set fen ien fen ’t jonkfolk

lake hy mei, dat der djippe tearen om syn tritichjierrige mûle kamen en

syn noas bigoan to gloeijen as de healripe kêrsen yn syn naentsjetún,

der de protters de frjeonlike ploaitsers wol fen wêze woene.

„Kom, Afke en Auck, moatte wy ek ris om hûs tinke?” frege Luts Aens.

Hjar tochte, de rjuchte wille wie der út, sont Sjoerd Meinses weromkaem

wie sûnder Hinke, Doet lake net mear fen herten mei en sims stûke it

petear by de aerdichste setten.

Doet hjar lûd klonk ek sa dof en bidrukt, do-t hja foartgyngen en hja

sei: „Gau ris wer komme en thús joun sizze,” en Luts hearde, ho-t hja

suchte.—

„Nou mar op hûs ta, n’t Lutske,” sei Pijjes Jans en skoude syn earm

troch hjarres. „Dat ’s for ’t fallen, hear!”

Sije en Afke kamen hjar op ’e side en yn ’e fierte seagen hja as twa

Sinése skimmen Hessel en Auck omdwelmjen, dan bleau der mar ien en dan

kamen se allebeide wer foar ’t ljocht, en moalkers Sije, dy sei derfen

sa ûnskildich wei, dat Hessel ek ljeaver blomkes as strûken seach, al

wie ’t yn ’e winter.

Einliks—der makken hja it heal desyn fol, Auck mei it forlegene sizzen,

dat hja hjar fingermof weislipt hie en der sa lang om siikje moatten

hie, hwat Luts mei in glimke en in wetich: „Op elts slot past in

kaei”,—wol leauwe woe.—

„Witt’ jimm”, hwat wy moasten?” bigoan Hessel, dy-t ljeaver noch in

grapke yn ’e útsetting hie as mei de kweade hjouwersek-telle: „strúne

fammen, strúne by Jan Watses folk op ’e hoek! For âlde Foeck is ’t

hjeldei—Gjalt kûper is der hinne mei de nije fiterskoen oan en in

Dimter koeke yn ’e bûs.”

„Fij né, strúne.... dat jowt gjin pas”, lei Luts Aens der tsjin yn.

„Hwerom net?” lake Hessel. „Sneintojouns strúne se by jo en dan ris wer

by in oar, sa de hiele streek lâns—hwerom meije wij ek net ris?”

„Jonge ja”, mienden de oaren en hja bleauwen al foar it hekje fen Jan

Watses folke hûs stean. In âld nêst yn hege beammen wie ’t, lytse

rúten, heale lûken, de hiele foarhúzing mei reid en suggen dutsen, in

bihoeftich skûrke, mar Jan Watses folk wie rûch op ’e side, dat hie

Gjalt kûper ek yn ’e gaten—hy frijde lang, hy frijde sleau, mar hy

hâldde oan.

Hja teanten efter inoar oan it sânpaedtsje lâns nei it keammerke ta,

Hessel foarop en Luts noch in bytsje fen fjirrens as de alderlêste.

„Hark!” lústere Hessel en lei syn ear by de skreef fen in lûk. „Gjalt

kûper riddenearet, eft hy d’âld master is”, en hy bisochte, om it

watteltsje to finen, der ’t de houten finsters mei fêst sieten.

By Jan Watses folk hellen hja in bântsje troch de strûp fen ’e

âldmoadrige blaue gerdynen, dat sparre latsjes en trije sinten út en

hja hingen der like kreas om, sei Foeck dan wolfoldien.

Mar mei de dampens kaem it waer deryn en oan ’e iene kant hingen hja sa

wynsk as hwat. Nou trof it sa, der wie ek krekt in oastgat en by it

gerdyn troch koe min dan krekt yn ’e keamer en it boppestik fen in

âlderwetske pomplampe en ’e hollen fen twa minsken sjen, d’iene mei in

opmakke mûtse op en ’e oare mei in prûkje wyt hier, dy’t elk oan in ein

fen ’e tafel sieten, sa fier fen in-oar ôf, as jongeljue it noch noait

bitocht ha.

„Myn ljeave Foeckje”, sei de kûper sa grien, as in krom swiete kofje en

in pyp-fol bêste tabak in slûch âld mantsje mar meitsje kinne, „sjoch,

wy koene it oars sa skoan ha, n’t ljea?”

Foeck dy nikte as tastimming, dat de plooikes fen hjar opmakke mûtse

risselen as de toarre bledden yn Novimber.

Gjalt brimde ris—it hege wird moast der dan dochs ek ris út en mei nije

moed bigoan hy: „Deis hwat skrippe, witt’ jy, in bûterfet meitsje, in

moai ammerke for jo to skiepmelken, witt’ jy, dan op ’e joun hwat yn ’e

beantsjes skoffelje en ’e blomparkjes wjudde en dan jy klearsitte mei

hwat kofje en in brogje, nou Foekje, ho liket it? Wy koene in aerdige

âlde dei ha, mien ik to sizzen.”

„Alde dei?” en Foeck seach wol sa raer. „Ik bin noch mar yn ’t seis en

fyftichst”, lei hja nidich út as andert op dizze lange riddenaesje fen

baes kûper, dy-t hy yn trije jounskoften twisken skiepmelken en

beantsjeskoffeljen fen bûten leard hie.

Mar baes kûper dy wie net ring út it fjild slein. „Dat woe ’k net

sizze, witt’ jy”, sei hy, „jy binne noch in wûnder kreas frouminsk for

jo jierren, mien ik to sizzen en derom wol’k jo ha en sa is ’t mar

gesteld mei my. Woll’ jy, dan is ’t goed en woll’ jy net, dan....” en

baes lûk hiele djippe tearen yn syn lege foarholle, der ’t it hier as

kedsjemoanjes oerhinne hinge.

Foeck gyng de grize oer ’e grouwe. Hja seach baes kûper al mei in

pûdtsje fol rattekrûd yn ’e bûs troch ’e kûperij kuierjen.

„Hwat dan?” frege hja húverich, mei hjar fiif en fyftich jier noch in

bern in sokke saken, hwent dit wie Foeck hjar earste feint en ’t scoe

hjar lêste ek wol wêze. Fen aeklikens riboske se op ’e waerme stove.

„Jy freegje fen hwat dan?” rôp d’ âlde kûper, dy-t sa yn ’t frijen

keard wie. „Ja dan—ik trou in oaren ien, kin ’k jo sizze!”

Foeck liet de holle sinke. „As ’t perfoarst dan sa wêze moat, lit ús ’t

dan mar bisiikje,” suchte hja en sa boasken dizze beiden. Allegear

hiene se troch ’t oastgat loerd, d’ iene nei d’ oare, mar do-t de kûper

syn lêste pile ôfskeat, der ’t Foeck sa fen suchte moast, bigoanen hja

to laitsjen, dat hja skodden. Sa hird as syn rimmetikige skonken it mar

lije woene, fleach hy nei de doar en do derút, mar der wie gjin minske

mear to bikinnen. It jongfolk hie al lang de wyk spile en fol lilkens

hearde hy se lûd yn ’e fierte sjongen: „To Bolsert yn ’e merke, seach

ik in famke stean!” Nou waerde baes pûr; min moat wite, dat syn earste

blauwke him taparte waerde fen in wolkammersdochter út dy âlde stêd.

Elkmis, dy-t baes syn lijensskiednis koe, der ’t nou al fjirtich jier

it gêrs oer woeksen wie en der ’t baes him al lang oer treaste hie mei

in houn en in kat mei in byneffens in heal pounsmiet beantsjes, kin

bigripe, dat as it jongfolk mei bes dit skoandere liet ynsette, it mei

baes net mear yn ’e es wie.

Sa eindige dizze joun mei in liet fen ’e jongerein, dy-t yette fol

oanslaggen siet en mei ’e forsuchting fen baes kûper, dy-t wol woe, dat

de hiele smite goed en wol yn smûk bitimmere bûterfetten yn ’e feart

rôlle.

Ruth(#73898) · 第 43 / 53 题