Luts lake ynienen fen spyt en gyng oerein. Hja hie ’t dien.—

Nou waerde it libben yn ’t bûthús. Gongen wetter waerden oandroegen, de

faem kaem der ek oan mei it spantou en ’e skammel yn ’e hân, om hjar

stikmennich kij to melken en ûnderwilens mei de feinten to maljeijen,

ho mâlder, ho moaijer. Benjamintsje tyske mei in fyn wylgenryske yn ’e

keallen om op ’e lytse stâllen, dat se oangyngen as wylden, krekt sa

lang, dat it de greatfeint forfeelde en hy him, mei in: „dû ondôgense

jonge!” in lawibes joech, dat Benjamintsje as in oprôlle igelbaerchje

oer ’e mielling tûmmele, syn bikomst krige en mei sân en raeijen

bihinge, by memme skirte syn need klage.

Aen Claeses joech him del, nei-t hy sa twa-trijeris it bûthûs lâns

trape wie, op in foech bankje by de heafeksdoar en rekkene stil for him

hinne oer ’t gemaek en biskot. Foarút gyng syn spul, sei de hiele wrâld

en syn pong sei it ek, „mar de frede kin ’k net keapje,” suchte d’âld

man en tochte om in ienlik boerespul yn it lege lân, der ’t hy lyts

west hie....

Hy hearde it net, dat Luts fen ’e stâl ôfkaem en ’e amers delsette, net

de droktme fen sa’n fjouwer beuzige minsken om him hinne, dy-t skripten

om it Sneinswirk dien to krijen—hy tochte aloan om dat ienlike

boerespul yn it lege lân en dy âlde grize klapperbeam oan ’e kant fen

’e sleat, dy-t sa húverje koe yn ’e jounswyn. En derboppe yn ’e krún

lei in âld weintsjel en alle jieren alweroan kamen de earrebarren en

nesselen erop. „Hja bringe ús lok,” sei syn heit dan ornaris as in âld

folkssegje fen ieûwen, ieûwen lyn en do-t der ris in jonge earrebarre

delkaem, noch yn ’e plûm en bloeddrich kniesd, waerde hy as in

saeijerke opfokke en kuiere letter Sneintomiddeis mei al de

permantigens fen syn súddlânske komôf om hûs en hear. Mar do-t de

hjerst de earste bledden mei syn goud oerstruide, lokke ek him de rop

fen ’e earrebarrekloften nei it fiere, fiere strân en ’e ivige simmer

ta. En in lytse boi stoareage him mei triennen yn ’e eagen nei, de wite

stip, dy-t weiwaerde, fier, hiel fier yn it reine blau fen ’e

lofteinder...., krekt sa’s letter de frede weiwaen wie út syn libben.

„Ynkomme!” rôp syn wiif mei hjar skel lûd troch de miellingsdoar en

seach it bûthûs ris lâns.

„Hwer’s Luts nou wer?” frege se Aen koart oanboun.

„Yn ’t simmerkeamerke oan ’t forklaeijen”, andere de faem, dy-t krekt

nei de keamer ta scoe.

„Dû soest dy mar stilhâlde, ik freegje dy ommers neat, wol?” sa snûrre

Wypk hjar ôf.

„As Haeije Luts mar ris frege, sok freegjen noaske de frou”, gniisde de

faem.

„Hâldst op, flarde! Oars derút!” sa spatte Wypk ynienen op. „Sa’n faem!

dy-t hjar brea iit, dy-t se út in heideklintsje opswile hie! dy doarst

me hjir prate oer hjar greate tobekset mei in fyn gnyske fen wille!”

En hastich fen nidigens snjitte hja nei de keamer.

Der siet Benjamintsje al op in stove mei in great boltsje mei giele

sûker, om ’e triennen wei to iten en ’e jongste dochter fen Aen

Claeses, in spjuchtich fanke fen sa’n jier ef fjirtsjin, dy siet neist

him en bledde slûch fen ’t omflitterjen bûtendoar yn in âld almenakje.

Op ’e fjouwerkantige tafel stiene de broggen ré en min rûk de kofjegeur

út it koperen tsjetteltsje al fen fjirrens. Njonkenlytsen kamen hja

allegear wer yn, mar it bleau núvere stil yn ’e keamer en ’e kopkes

waerden ridlike gau omkeard, sa graech woene hja der wer út. De feinten

gyngen nei de bûrren to strúnjeijen ef nei in aerdich fanke to

jounpraten en de faem stiek skeanoer op ’e neiste bûrljue fen Aen

Claeses oan, der ’t hjar kammeraetske wenne.

Luts krige it earizer fen ’t kasje ôf en sette it wer op foar ’e

spegel, dy-t twisken it kammenet en ’e sikkertaire hinge. Do joech Aen

Claeses hjar de Ljouwter krante oer en gyng hja yn in hoekje sitten to

lêzen, ticht ûnder ’e hanglampe. It koe ’t wol lije, dat it skerpe

ljocht op hjar antlit foel, der wie noch gjin fâldsje yn to finen—it

wie sa fris en rein as de earste roazen in Juny.

„Hark, der is hwa!” en Aene Wypk, dy-t hwat slûch waen wie mei in

gleone stove ûnder, stiek de holle op. Hiel tomûk seach hja ris nei de

klok—hearink, krekt acht ûre! As der ris immen wie om Luts!

Der waerde de doar al iependien en in prústich feintsje kaem yn, in

dûkhoedsje op, yn ’t swart mei ’t wyt foar, in gouden haloazjeket mei

in bingeljend singenet op ’t fesje en in hert fol moed derefter.

„Joun,” sei hy.

„Joun,” anderen trije mûlen, d’ iene bliid, dat wie Aene Wypk, d’ oare

ûnforskillich, dat wie Aen Claeses en ’e tredde skrúten, dat wie Luts

Aens. Hja gyng oerein en joech him in stoel foar ’e klomkachel, der Aen

Claeses ek siet, dy-t de lea oars al hwat bifoel, mar nou ynienen de

slom alhielendal forgetten hie.

Hwat wierne dy âldeljue op ’t snjit! Aen Claeses lei segaren en in

lange pipe mei in trochstekker foar him del—hy hie de kar, syn wiif

sette in kopke en pantsje op, hwer in slipe klontsje yn glinstere—Luts

allinne, dy bleau stil sitten en sloech de eagen bidêsd foardel, hwent,

as woe de jongfeint hjar útteikenje, sa lyk seach hy hjar oan.

Min koe ’t him oansjen, dat hy sokke akkefytsjes fen

Sneintojounskuierkes wol faker yn ’e útsetting hawn hie; prate koe der

as in alk, mei de boer oer ’e jonge hynsders en ’e minne tiiden, mei de

frou oer ’e skandaeltsjes, dy-t de bûrren oplevere en mei Luts—nou dy

woe noch net rjucht bite. Miskien de earste kear in feint, tochte de

biis—nou, der wie hy net sa rouwich om—strakjes scoe it wol better

flotsje ûnder fjouwer eagen—en mei in linige swaei skoude hy Aene Wypk

syn kopke yetteris ta.

Luts socht in útwiinsel en makke, dat se fen rúten kaem, mar de biis

krige it yn ’e gaten en wie hjar op hakken en teannen nei. „Ho ris,”

sei hy, do ’t se him yn ’t foarhús net mear ûntkomme koe, „moat dat sa,

Lutske? In âld boartersfeint en kin der dan noch net iens in frjeonlik

glimke ôf?”

Luts dy lake; hja bigoan aerdigheit oan hjar selskip to krijen. „Hwat

kinne jy dochs narje,” andere hja flotwei. „Diselde noch fen altyd en

foaral net forbettere!” pleage hja, nou neat net forlegen mear. Stiek

hja mounlers Hinke nou joun net de eagen út?

„Ik hie boadskip oan jo,” bigoan hy wer. „Dat scil jo ek wol tocht ha,

net, nou ’t ik jimm’ joun opsochte.” Hy wie in slachje greater as Luts

en seach nou op it moaije kopke del en socht hjar kleare eagen, krekt

as hy der in andert út lêze woe.

„Jy koene ek wol kaem wêze, om ús jonge hynsders ris to bisjen ef sa,

nou?” sei hja gútich.

„Ik kom om jo,” andere hy reslút wei, „en ast jo joun past, scoe ik wol

hwat langer bliûwe wolle as to kofjedrinken.

„In âld boartersfeint is min né sizzen....”

„Dan ja?” miende hy bliid en syn moaije blaue eagen, dy skitteren fen

wille.

„Allinne út âlde frjeonskip, dat moatt’ jy net forjitte, Pijjes,” sei

hja en snjitte do nei it keamerke ta, om der hwat fen ’e skrik to

bikommen. Fij, dy Pijjes, hwa hie dat tinke kind! Dat wie noch hwat

oars as Hinke en dy ’s Haeije! dy koe der net by neamd wirde! En hwat

is hy foroare, tocht hja en gyng der efkes by sitten, en great en gnap

waen! En hja seach him wer as jong baeske op ’e jounskoalle mei syn

brede skouders, dy-t net mear yn in jongesbuiske pasten, sa meager as

brânhout en mei de earste slappe pipe yn ’e mûle. Do wierne it noch

bern mei inoar, fol oanslaggen en fiten, nou socht de feint de faem yn

’e hearlike maitiid fen ’t libben.

Luts bigoan sêft for hjar hinne to sjongen en stiek de wytpesleinen

stânlampe op, sette twa reaukes yn it lakte théblikje ré en skoude twa

stoellen by de tafel, krekt fierdernôch fen eltsjoar ôf, om inoar net

to forfélen.

Efkes mei in wip yn ’e spegel sjen—hwat Eva’s dochter scoe ea hjar aerd

forjitte!—hjir in hierke weistrutsen en der in fâldsje gledlutsen—mei

in flecht yn ’e molkenkeamer, om hwat tsjokke reamme op to

strewearjen—en do mei gloeijende wangen en in bliid sin wer nei de

keamer ta.

Der sieten Aen Claeses en de bisite al wer wiidweidich to riddenearjen

oer de lege prizen, dy-t dit jier for ’t flaeks bitinge wirde koene.

„En ’t is oars sok boppest bêst—lang en ticht, komselden sa,” miende

Aen Claeses.

„Jonge ja,” liet hy der op folgje, „wolle jy der ris in proefke fen

sjen?”

„’k Scoe ’t lije meije”, andere Pijjes, dy-t alhiel op ’t stoeltsje set

waerde en him mar smûk yn ’t hoekje by de kachel deljoech. Der hie hy

Luts ek krekt yn ’t fesier—en alles, hwat jong en moai is, dat ’s

formeits for d’eagen, dy-t noch mar tweintich simmers sjoen ha.

„As der hwat moaijs to sjen fâlt, der wol ’k myn botsen ek wol om

forsnobje!” sei hy en seach Luts sa loddrich oan, dat se in kleurke

krige as de moankopsblommen yn hjar heite roggefjild en mar al to goed

bigriep, hwat for him „it moaijs” bitsjutte.

Aen Claeses, dy gyng oerein en helle hwat fen dat boppest bêste flaeks

efter wei en Wypk, dy-t nou ketsjerûmte hie, hâldde de gast oan ’e

praet en hjar mûle, dy gyng as in lazarusklap. Pijjes en hja koene it

skoan fine—hja hie in bêst sin, it sette ommers ek sa wûndere moai yn

mei Luts. Aen kaem werom mei hwat flaeks en Pijjes, dy prize dat—nou,

sa ’s in hynsteman syn jonge hirddraver prizet. Ef hy altomets tocht om

’e wysheit út ’e âlde tiiden: „sitst yn ’t skaed fen ’e roazebeam, dan

binne de roazen dines,” en woe hy nou de heit nei ’t sin prate, om ’e

dochter better bilêze to kinnen? Pijjes Jans wie der bitûfternôch ta,

al seagen syn eagen ornaris ljeaver loddrich as fûl.

„Wy moasten einliks ek noch efkes to ôffûrjen,” tochte Aen Claeses in

skoftsje letter. „It fé ek ris bisjen?” frege hy oan ’e jongfeint, dy-t

folle ljeaver Luts hjar blank antlit ris biseach as dy rûchhierrige

dieren, mar dochs frjeonlik tasloech.

Aen Claeses slofte foarút, de toffels heal oan, de eagen mar heal mear

iepen fen slûchens—en nou en dan seach hy tomûk ris efkes efterom nei

de jongkearel, dy-t hy yn syn gedachten al: „ús Luts hjar feint,”

neamde. Dy stapte him efternei mei de hân yn ’e bûs en dy hie d’eagen

wiidernôch op for de taksaesje fen Aen Claeses syn fé, dat yn ’e

omkrite forneamd wie, hwent bûten en bihalve de moaije Luts wierne der

ek noch oare moaije dingen op ’e Boskpleats te finen, in reau en

bislach, dat klonk as in klok, by de twahûndert pounsmiet lân om ’e

doar, der ’t oer roppen waerde, in slompe jild yn ’t kammenet en Aen

Claeses syn namme yn ’t testamint fen in rike âld-omke.

Hwa scoe tinke kinne, dat d’ âld toffeltsjes en it to krap bimetten

jaske mei Aen Claeses deryn safolle wirdich wierne?

Mei ’t lantearntsje yn ’e iene en ’e biezem yn ’e oare hân, sa pandere

Aen Claeses it bûthús lâns en Pijjes Jans moast it fé taksearje, om ris

to sjen, ef der wol in goede boer yn him skûle. Hwent dat nijmoadrige

jaske en dat dûkhoedsje, it griisde Aen Claeses oan en doch hie hy ek

hiel wol smucht op Pijjes syn kaptael, syn erfskip as ienichst bern! It

wie in riken skevel, dy Pijjes Jans, ryk fen heite en memme kant en

boppedien—alles stoar him noch ta. En yn Aen Claeses syn slûche holle

fleagen allerhânne núvere gedachten ôf en oan—as in greate twirre

reagen se yn him om, dat hy der kop noch stirt mear oan fine koe.

Jonge, jonge, en dy kaem om syn Luts! Sa’n berneboarterij efter de hage

koe wrachtsjes noch wol ris útrinne op de greate boarterij yn ’t

grietenijhûs, alhiel yn de es: in nije tilbury, de jonge swarte erfoar,

in bult sibben, in bult jild en syn Luts in lokkich wiif! Jonge, jonge,

hwat in hael!

Noch efkes nei de efterdoar ta, ef dy goed skoatele wie, sjen, ef de

jonge hynsders hjar ek forhingje koene, de beide boppeste kij gau efkes

tomûk over de brede rêchen streakje en do sochten hja de keamer wer op.

„Nou scill’ jy wol ljeaver ris hwat mei myn dochter prate wolle, tink

ik”, sei Aen Claeses, do-t hja troch ’t gongkje gyngen. „Dan scill’ jy

wol yn ’t keamerke wêze moatte.”

Der woe Pijjes Jans de earen wol nei hingje litte—dat wie trewis for

him en mei in pear flugge stappen stie hy foar Luts, dy-t him ek al

forwachte hie en ring wierne hja al yn drok petear oer hjar bernetiid.

„Hwa scoe tinke kind ha, do-t wy noch lyts wierne, dat it sá ek noch

ris komme koe!” sei Pijjes en syn stoel bigoan hiel tomûk in biweging

nei in tichtby doel.

„Ik kin der noch om laitsje”, en Luts liet alle geve, wite toskjes

sjen,—„wite jy noch wol, ho-t wy do alles dielden, de grifkes, de

sinten, de sûkerslakken en ’e klappen mei ’t lineael, selst it

sinterklaezegoed, ik de kop en jy de romp fen it soeteliefspear!” en

Luts seach sa gútich, dat it Pijjes hiet en kâld fenbinnen waerde.

„—Mar ’t moaijste forjitte jij”, miende hy.

„Hosa dan?”

„Sjoch”, sei hy, „wij boarten togearre yn ’e needstâl by smidsfolk—jo

soeiden op it hynsteket en ik hingele der hwat by om. Sa’n aerdich lyts

ding wierne jy do—in hiele bulte blonde kroltsjes om ’e holle, der ’t

ik jerne ris oan lûke mocht en do ynienen sei ’k: „Luts, jow my ris in

tútsje.”

„Hwat’s dat for in ding?” fregen jy do nijsgjirrich en ik sei drystwei:

„’k Scil ’t dy leare.” Mar sa fier is ’t noait kaem, hwent wy hiene al

folle earder rûzje om in glêzen bakkert en rôllen oer ’e smitte om, dat

it in lust wie. Siz Lutske, nou moast ik dy iene einliks noch ha—ik

hâld in oaribelen bulte fen sokke âlde rekkentsjes.”

„Rekkentsjes? Hofolle ha jy der dan wol?” frege Luts fol bizigens. Syn

stoel bigoan al mear en mear to libjen en do-t hy lústere: „Mar ien,

sa’s ’k ek mar ien boartersfamke hawn ha”, foun hy in sêft wangkje, dat

him as in ûnfoldien rekkentsje talake. Dat hy der mei in patsje jerne

it stimpel fen „foldien” op sette, is licht to bigripen for immen, dy-t

ek wol ris op in Sneintojoun mei in ljeaf famke hwat allinne-sitten

hat, smûk yn in herntsje mei ’t ljocht fen in skimerich bârnende lampe

boppe en in kopke fol kofje foar him.

....Do-t de datumwizer fen ’e lange klok yn ’e foarkeamer al lang fen

’e 18e Novimber yn ’e 19e foroare wie en hja stymsk en loai fen it

hingjen tsjin in dampe bûtemûrre twaris sloech, snúfde Pijjes Jans de

frisse nachtloft yn en hie ûnder in healhûndert patsjes wer in nij

oanknottepunt for ’e âlde bernefrjeonskip foun, dy-t oars njonkenlytsen

al hwat forkoelle wie.

Ho neijer as hy op hûs ta kaem, ho flugger it der oer gyng. Hwat scoe

it heit en mem noaskje, dy-t gjin wiif oars hast goedernôch for hjar

Pijjes wie! Wiif, wiif! reaunte it troch syn holle, ’t is dyn faem

ommers noch mar fen ien Sneintojoun. Mar ik kin doch werkomme, tocht hy

woltomoet—„’t skynt net sa min foldien to hawwen, en mei de swiete

gedachte, ho aerdich it oer fjirtsjin dagen wol wer wirde scoe, rekke

hy yn ’e sliep.

En op ’e Boskpleats, der stie in gnap jongfaem by in walmich lampke en

seach yn in spegeltsje en lake hjar selme oan. „Dat ha ’k dy doch noch

ôfwoan, Hinke!” lústere hja sêft. „De rykste út it gea, dy fynt it paed

nei úzes en hwat is hy aerdich,” en hja moast efkes suchte. Do draeide

se ynienen sa foarheftich om ’e tafel hinne yn ’e foarkeamer, dat Aene

Wypk wekker waerde en hjar bonkich antlit twisken de reasitsene

bêdsgerdynen trochstiek mei in:

„Sist op bêd gean fanke, né ef ja?”

Sa eindige for Luts Aens hjar earste frijerijjoun.

Ruth(#73898) · 第 42 / 53 题