LEED EN WILLE.

Aene Wypk dy sei de bakkerinne goedei en noch mei de neigalm fen in

healhûndert rabberspraetsjes yn ’e holle, bleau se efkes stean, om de

wei út to sjen, ef hjar dochter der ek oankaem. Do draeide hja moi

rimpen ’t loântsje op, dat twisken twa rigen bjirkebeammen op ’t

Boskpleats oankrinkele.

Fluggernôch koe se noch út ’e foetten komme, dy Aene Wypk. In bonkich,

houten fromminsk wie ’t, stevich fen skouders, dêr ’t it swart thibéjen

jak sa spand omhinne siet as in bos, mar al danige forfallen fen

troanje. Der lûken djippe tearen om ’e mûlshoeken, de noas waerd’ skerp

en it fel ronfelich as in Febrewarisringenet, mar de wangen bleauwne

reafallich as de lêste neiskimer, dy-t gjin jierren en soargen útwiskje

koene, fen de moaije Wypk Sytses, dy-t ienkear bistien hie.

En sa’s hja ’t wol tûzen kear dien hie, roán hja nou ek wer fluch op de

everlasten skoen nei hûs ta—dizze let-Novimbersneintomiddei nei

tsjerkstiid, it ’salmboek mei sulverbislach yn ’e hân en in heap nijs

út ’e bûrren yn ’e holle.—

„Dêr komt jimm’ mem al oan,” sei Aen Claeses, wylt hy ta ’t finster

útseach en krekt op ’e fingers neitelde, op hofolle sek djûre hjouwer

him syn min hynstehea wol net komme scoe to stean.

„Jow hjar fjûr—en dû Ant, yit mem ris yn,” bitsjutte hy syn dochter. Do

stoppe hy syn birdbârnderke mei it Sneinse hearebaei en seach mei

lydsumheit, dat der wer in tongerbui opbroeide oan syn húslike himel,

hwer it—sei!—lang net altyd moai waer en foar de wyn wie. As Wypk it

mâl fel oan hie, spûke it der sims omraek—ja, der waerde selst op ’e

bûrren fen gnúte en dan moast it wol oer ’e hege skoen gean, hwent alle

praetsjes kinne oars net in healûre sûnder sykheljen—sûnder forgreate

to wirden ef stil to forsliten.

Mar ienkear—nou ja, it wie al lang lyn—do hie Aen Claeses om ’e moaije

Wypk stike, jierren en jierren der om frijd en by heech en by leech

sward, dat se syn wiif wirde scoe en dat oars it reap for him ek net om

’e nocht draeid wie en as hy der nou bikaeid mei útkaem, hwa koe’t

helpe? En Aen Claeses, dy smookte syn pypke, kroaske hwat om hûs en

hear hinne op in pear kramme klompen, dy-t rattelen fen âlderdom en as

syn wiif wer op bigoan te spinnen, dûkte hy mei syn fyn âldmantsjekopke

en wite kroltsjes yn it feal buffeltsje wei ef spile de wyk nei ’t

bûthús, der ’t hy yn ’e greatste frede en wolbihagen hwat op ’e bisten

om bigoan to rossen.

It wie in janefot, dy Aen Claeses, fen syn wite kroltsjes êf oan ’e

greate tean ta. Ho ’t sa’n núver span, oan-inoar keppele as in pear

stymske skiep, dochs in tweintich jier mei-inoar omploeije kind hie yn

’e swierste sin fen it wird, der stiene de measten forsteld fen, mar it

gyng sa: Aen Claeses sûzebroeke mar hwat foart en syn wiif, dy hie ’t

heft yn ’e hânnen en fegebeurte aloan en alwei. Sadwaende wierne

Maertske buien mar in lytse ôfspegeling fen ’e húslike ienriedigheit op

’e Boskpleats, dat moaije spul, djip biskûle yn ’t beamte as in lyts

keninkrykje op himsels.

Binammen as hja de skonken sa linich foarút smiet en it eptige thibé

fen ’t skoárt hjar efternei floddere as stoaters-bûntgoed: „dan

forsjitte de stjerren,” miende Aen Claeses bidachtsum en makke ornaris,

dat hy fen rúten kaem, mar it siet hjoed sa smûk yn ’e briedstoel en ’e

hearehoutsjes, dy knapten sa nochlik yn ’e klomkachel: „ik bliûw,”

tochte Aen Claeses foar ’t earst yn syn trouwen, „’k scil myn man

stean, sjeder!”—

Wypk kaem yn—de frisse kâlde Novimberloft noch yn ’e klean, de hânnen

klûmsk yn ’e tippe fen ’e omslagdoek.

„Hwer ’s Luts?” frege hja gysten en seach it omsittend laech ris roun.

Luts wie der noch net—oars wierne se allegear presint, de boer, de

feinten, de faem, Ant, de jongste dochter en Jan, it lytse Benjamintsje

fen ’t hûs, bidoarn al foar ’t hy rinne koe troch pake en nou as in

boike fen acht jier de greatste húspleach fen ’e Boskpleats.

„’t Is my hwat moaijs, dat folk, dat skooiersfolk!” bigoan Wypk

breinroer. „Deis stikken en ûngedien en Sneins—de dames! Hearstû dat,

Aen?”

„Ik bin net dôf!” andere hy binijd, hwer dit hinne moast en dûkte him,

mar it sneins jaske, dat hie de snider to krap bimetten, der koe hy net

yn weiwirde. Geduldich wachtte hy derom nou, dat lytse, goelike mantsje

der yn ’e hirdsherne.

„Ik koe se forgrieme mei hjar botsense pronk!” rôp Wypk nou sa lûd, dat

âlde Karo, dy stiek syn earen op en harke ek al mei. „En nou hat me dat

fanke ek noch dy rike Haeije oen ’t hântsje! Grif om ’e fjirtjin dagen,

sei bakkerinne en sok iens spul....

„As jy nou ris sizze woene, Wypkje, hwa?” miende Aen Claeses bidêsd.

„Hwa? Bigrypstû dat net? Sije Hinke fen ’e mounle ommers! Dat folk

slacht me in swé, wy binne der neat by, kin ’k dy sizze. Mar yn dy, der

sit ek for gjin koarel kriich yn.”

De feinten, dy-t it paed rûm seagen, knypten stil út, de faem joech

hjar ek ringen ôf, mar harke earst noch efkes foar ’t slots-gat, de

bern wierne allang foart en Aen Claeses bleau der allinne foar sitten,

om mei syn wiif en hjar lilkens oan to pielen. „Mar hwat scoe dat nou

allegearre?” suchte Aen Claeses, dy-t der gjin bigryp fen krije koe,

ho-t syn wiif hwat mei mounlers Hinke út ha koe to stean.

„Is ús Luts sims minder? Us fanke? En Haeije sjocht hjar net iens! Né,

dat forhinget him mar oan sa ’n Hinke mei hjar geisige wangen en bleek

hier.”

„Ik kin him derom net foar ’t rjucht bringe, wol?” frege Aen Claeses en

geat bidachtsum syn leste kopkefol thé yn it saksise pântsje oer.

„Hwat biëamelst nou wer mei dyn kinnen?” frege hja wer. „Wy ha jild en

kinne alles en ik wol it sa ha, ik wol it! Dû siste Freed mei ús Luts

nei stêd ta om in holoasje en in earmbân en nije mûtsspjelden en....”

„Goed,” sei Aen mar gau, hwent krekt waerde de doar iepen dien en Luts

kaem yn.

Sounens en frisse loft hiene roazen op hjar wangen lei; it wie in frysk

fanke út it rjuchte laech, fiks út ’e klúten sketten, fearich en great

as hjar mem mei de kreazens fen hjar achttjin jier derby. Fen hjar heit

hie hja it moaije en ’t sêfte yn ’t antlit—syn stomp, fyn noaske, syn

blauwe eagen mei de greate, swart-omrânne eachsappeltsjes, mar de reade

mûle mei dat berneftige tipke oan ’e ûnderlippe, it dobke yn ’t blanke

kin en it wolbirette yn ’e hiele útdrukking fen ’t gesicht—dat hie hja

fen hjar mem.

Hja loek it manteltsje út, sette it earizer ôf en de wite mûtse op en

forwiksele de Sneinse klean for it ienfâldige jakje, om de beide bêste

kij op ’e heechste stâl efkes to meltsjen, dat Aen Claeses oars oan

nimmen tabitroude.

Stil sa ’s hja yn ’e keamer kaem wie, gyng hja der ek wer út. Heit en

mem seagen hjar beide efternei; ho min ’t hja ’t oars ek mei-inoar fine

koene, dochs wierne hja ien yn ljeafde for hjar bern.

„It giet hjar neijer ast’ tochtste, net?” sa hifke Wypk him. „It is ek

alles net, mei de hjeldagen gjin foarrider to hawwen en dat sa ’n

frouminsk—as in lôge, al siz ik it sels.

„It is in moai bern, ús Lukke, mar mei ’t trouwen is ’t allinne ek net

goed....”

„Omt it mei ús min útpakt is, n’t boskboer,” gnyske Wypk.

„Ik bin hjir oer en tofolle,” sei Aen, dy-t spûk bigoan to sjen, Wypk

koe ris wer bigjinne en derom him ljeaver ôfjaen woe. Hy kuijere

stadichwei nei de doar, mar ek gjin stap hirder as gewoanwei en syn

wiif, dy bigoan it fen nijs oan wer op to sizzen, hy hearde it noch, do

’t de bûthûsdoar al efter him tichtflapt wie.

In amerijke bleau hy der stean en seach it bûthús ris lâns en do nei

Luts, dy-t op in skammeltsje ûnder it iene bist siet to melken. De kij

stiene beide sa stil as mûskes en by it twiljocht fen ’e lantearne

skitteren Luts hjar wytblanke earms as ljochtplakjes yn it healtsjuster

fen ’e lege balken en ’e hege sketten.

Aen Claeses brimde ris, fage kwânskwiis yn ’e stúdsje wei de lêste

raeikes foar de miellingsdoar wei en tipele do hwat mei it koekebakje

om, sûnder ien inkele to brekken. It bleau in skoftsje stil yn ’t

bûthús; de feinten plôken mei de heaplôke de jounsjeften bêst finhea út

it ieslok—min hearde se potsjemeitsjen en oangean yn ’e skûrre. Alle

bisten stiene oerein, hja langhalzen nei it swietrûkende foer. d’ Ald

mûskop kaerdse syn rûchhierrige kop oan ’t kouwesket en harke nei ’t

tichtslaen fen ’e doarren, ef de boskboersdochter der ek oankaem om him

syn timke brea to bringen. De jonge hynsders sloegen boartlik tsjin de

sketten en gnobben nei-inoar en yn it skaed fen ’e lege jernamers siet

de âlde sifertse boarre to spinnen mei al de wirdichheit fen syn

fewielen eptigheit.

„Luts fanke,” sei Aen Claeses.

„Hwat wie der oan, heit?” frege hja binijd, wylt hja efkes ophâlde mei

melken.

Aen Claeses brimde ris en noch ris en do sei hy: „Mem is alhiel út ’e

liken om—nou dû wist wol. Mar it kin dy neat skille, wol bern?”

„Né heit,” andere hja bidaerd wei en bigoan wer to melken, dat de

speten môlke opbrûsden yn d’amer en hjar kreftige hânnen trillen.

Lokkich, heit gyng nou by hjar wei, hy koe it rea fen spyt net mear

sjen, dat hjar nei de wangen fleach en it halske bipoarpere. Nou, ef ’t

hjar ek hwat skille koe! Haeije hotus en totus by mounlersfolk en Hinke

hjar in reed foarút! Hwa hie dat tinke kind fen Haeije? En hjar seach

hy net ienris! dat wie in koel goemoarn ef joun en dermei ôfroan en it

paste oars sa krekt, jimm’ beiden, hie mem al ris sei, do ’t Haeije en

Luts faek út ’e jounskoalle inoar’s bywêzen sochten: jimm’ binn, for

inoar yn ’e widze lei, sjedêr.

Ruth(#73898) · 第 41 / 53 题