Ho faek ha d’ ieren oer ’e roggefjilden rûsd sont dy Snein nei Pinkster
en ho faek hat Ate Jans de sichte slein yn ’e middeissinneglâns, hwêr
nin lytse bernefoetsjes him nou mear folgen? De jierren binn’ net teld,
mar hja fleagen derhinne as dagen.
De âld kastanjebeam is wer wyt en in twirre rint troch it hôf oer ’e
stânnen, dy’t wer wachtsje op ’e seine. Der is neat foroare op dit
plakje fen ’e wrâld al dy simmers en winters, dy ’t kamen en
foarbygingen als âlde frjeonen, dy’t in fêst plak by de hird ha. En
dochs—Ate Jans scil net sizze, dat der neat foroare is. Syn gong is
noch like steatlik en syn each noch like strang, mar syn herte, dat ’s
him net allyk bleaun. Yn ’t foarige achtte en eare min him allinne, nou
wolle de ljue him wol op hânnen drage en hat syn woldwaen ienkear
plicht wêst, nou is ’t út ljeafde.
En dat allegear ha dy eagen fen Ruth dien. Hja ha him it bitrouwen yn
’e minsken weromjown. Hy kin dat bern net wer forjitte mei hjar hertke
fol ljeafde en hjar eagen fol langst en hy scil noait dat paed by ’t
poelke lâns gean ef hy tinkt om hjar mei hjar flugge foetsjes, hwaens
skranderens him sa haget en dan sjocht hy se altyd noch foar him mei
dat reade jurkje oan en dy figematte op as bynsterke op dat greate lân.
En dan kin hy der oars fen wirde om dy bernejeugd, dy’t gjin inkeld
blomke joech en dat oerdrôvich siikjen fen dy geest nei de welle fen ’e
wytnis, sa ’s in pilgrim siket nei de oäse yn ’e woestyn. En dat is in
hearlike tinktme for him: dy woestyn is trochreisge en it lân fen
bilofte foun.
Sont oardeljier sjocht Ruth oer ’e brune en blonde holtsjes hinne yn ’e
skoalle en leart hjar hwat goed is for de bern en dan sjonge hja as
klysters, dat Ate Jans it hearre kin yn ’t lytshús. Sims, as hy it lân
útgiet, rint hja him mei hjar flugge foetsjes efterop en dan geane hja
togearre de reed by de beide kampkes lâns nei de sânwei ta. Sont dy
syktme hat hja in plak yn syn hert krige en eltsenien hat it der al
oer, ho ’t hy him oan it bern fen dy Sets gelegen leit.
As hy net sa âld wie, hwa wit!
Ate Jans is in eigenerfde en in greatsk man. Der is gjin wiif yn syn
famylje kaem, ef hja brochte like folle oan as de man, dy ’t hjar frege
en wie syn gelikens yn alles. Sa koe de sjidzjende Bouwer ieûwenlang yn
ien famylje bliûwe, dy-t net yn ’t neigean rekke, mar aloan de earste
wie fen ’t gea en as Ate Jans ea noch tinkt om to trouwen, scil hy de
lear fen syn âlden tagedien wêze.—
It kin ienlike stil op in great boerespul wêze, as de simmerrein tsjin
’e glêzen oan klettert en ye wyn op ’e skoarstien gûlt. Dan stouwe de
lêste blossoms fen ’e parrebeam as boartlike berntsjes, dy-t gjin thús
mear ha en stiet Ate Jans yn ’e syddoar, dêr de drip fen it tek sa
ientoanich delfâlt en sjocht út nei master. Dy scil tojoune komme to
pizeljen mei domenij en syn wiif en Ruth.
Hy forbyldt him sahwet fâld oer dat bern to wêzen en as Ate Jans de
leardens forsiket, stiet der ek in stoeltsje by for Ruth. Hy bigrypt it
wol, hja hat nou net genôch mear oan it petear fen ’e spylfammen op ’e
bûrren, master komt der nou by to pas en domenij mei syn folianten. En
as hja dan sa wetich en op ’t stik ôf prate kin, is Ate Jans op ’t
snjit. Dan sjocht hy op dat pittige kopke del mei greatskens.
„Joun”, seit master.
„Joun”, andert Ate Jans, „Kom yn.” In frjemde scoe dat wol hwat in kâld
wolkom talykje, mar de ljue fen dizze krite ha de hertlikheit ornaris
net op ’e tonge, mar yn ’t hert. Hja geane nei de foarkeamer ta mei syn
âlderwetsk húsrie, dêr min noch de âlde geuren mient to rûken út ’e
sulveren snúfdoaskes, dy-t oerbeppen mei nei tsjerke ta namen.
Master heart yn dit âldmoadrich binn’hûs as in figuer op in skildery.
d’Ald keamer telt fen it Forline; master syn snikwyt hier, syn tearige
foarholle wite der ek fen ôf.
Mar Ate Jans past hjir net. Dy foarse man heart yn it frije fjild, dy
bihierre hânnen moatte de jageline hâlde fen in pear hynders, dat
kenings binne yn hjar soarte, dy steatlike gong is fen in frij man,
dy-t oer syn eigen frije fjilden kuijert. Hy heart noch by alles, hwat
jong is. Dat merkbite master en dy ek, as hy mei Ruth praet.
Hwa hat him ek ea sa praten heard? Dat bern yn ’e folle jonkheitsfleur
lêst him de wirden hast fen ’e lippen en ’e brune wangkjes wirde al
reader en reader fen nocht. Alles is noch like brún as alear en der is
nog safolle fen it bern yn ’e jongfaem biwarre bleaun, dat hjar eagen
noch de ûnskild fen ’e douwe bisitte, lyk as it Heechliet Salomo’s
sjongt. Der leit sa ’n frissens oer hjar antlit en hjar hiele wezen as
fen ’e kântsjeroaskes by hjar memmehûs op ’e dyk, dy-t de moarnssinne
noch net iens talake hat. Master kin syn âlde eagen der hast net
ôfhâlde, domenij wirdt der stil ûnder en sjocht ris nei syn wiif oer.
Hja tinke om de tiid fen hjar achttjin jier, de simmerbloei fen hjar
libben en ljeafde en hja kinne it dat bern hast forgunne, dat dy nou
dat alles geniet, hwat for hjar foarby is—for jimmer....
It reint net mear; de hearlike geur fen it jonge krûd komt yn ’e hûs
op. Tûzen drippen trilje oan ’e âld kastanjebeam, tûzen blomkes oan ’e
blomkroanen stekke de kopkes op as ljochtsjes yn in feestseal.
Troch it sydfinster sjocht min de boppelânnen út, de wrâld fen it sân,
de diken en ’e poelkes. Dêr klearet de loft op en djip yn it Westen
gloeit alles fen goud, dat troch it frisse grien fen ’e elzenwâllen
hinnesparket en selst dizze âlde keamer yn gloed set. Alles libbet der
nou; oer ’e brune knopkestoelen leit in glim fen nijens en ’e pasleinen
hynsderkes op it kammenet dounsje noch wylderiger yn in goudene
sinnestriel.
Ate Jans wit net, ho ’t it is, mar hy fielt him ynienen noch sa jong
mei syn fjouwer en-fjirtich jier, hast to jong for dizze âlde keamer
mei syn skiednis, dy ’t oer ieuwen rint. Net om ’e nocht formakket
alles derbûten him yn ’e fornijende jonkheit—as der itjinge jong is en
in grisselke hoop libbet yn in forgetten herntsje fen it minskehert,
sa’n joun scil ’t him úterje.—
En as Ate Jans syn bisite wer oan ’e útdoar tabrocht hat en it nou stil
is yn ’e hûs, sa neare stil, omt it frisse lûd swijt, dat strakjes noch
oer ’e keamer klonk, dan bigjint dy greate man to tinken om dingen, dy
’t noch noait by him opkaem binne.
As dy lytse foetsjes hjir ris altyd troch it hûs trippelen en it
jounljocht ris altyd dy brune wangkjes foun yn ’e foarkeamer, om dêr
syn rozerea op to tsjoenen, ho scoe dat wêze?
Ja, ho scoe dat dan dochs wol wêze! Ate Jans giet de reed út mei de
hege iperen beammen oan ’e kanten en bliûwt foar de hamei stean mei de
earmtakken op ’e peal. De greatfaem en ’e lytsfaem binne mei de feint
oan ’t grapjeijen by ’t bjinstap en ’e heldere laeits is as muzyk in ’e
jounstiltme fen ’e natuer. Hja heare sa by-inoar—allegear jong—allegear
noch sa fol forwachting hwat it libben bringe scil, as berntsjes ta
Sinterklaes wêze kinne.
En allinne de boer mei al syn rykdommen, dy wit hwat ienlikheit is.
It waret troch de greate skûrre en ’e keamers, it is yn ’e tún, dêr de
earste roazen bloeije, it is yn syn hert.
En for ’t earst yn syn libben fielt Ate Jans it, dat hy mids al de
tûzenen om him hinne sa allinne is as in ienlike rots yn ’e woelige sé
en dat der noch in lok bistiet, dat for gjin skatten op ’e wrâld koft
wirde kin en dy man mei ’t helder forstân, de skerpe blik, de bulte
ûnderfining, syn herte bigjint to prykjen fen langst.—
En dêrjinsen yn in húske by de sânwei leit Ruth it brune kopke tsjin
Sets hjar earm oan en hja snokt it út: Mem! Mem!
Hwat hat hja him ljeaf! Wit it bern, dat hja nou de hearlikste skat fen
it libben ûntditsen hat, om ljeaf to hawwen mei hert en siel, op to
gean yn it oare ik fen yensels?
Hja wit allinne, dat hja him ljeaf hat en dat der nea in hopeleazer
ljeafde op ’e hiele wrâld wêst hat.
It is in dream.... Ruth it is in dream!